Pennsylvania

Ut Wikipedy
Mienebest Pennsylvania
Commonwealth of Pennsylvania
flagge wapen
Virtue, Liberty and Independence
( Ingelsk , "Deugdsumens, Frijheid en Unofhinklikheid")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ofkoarting PA
lan Feriene Steaten
status (jier) steat ( 1787 )
haadsted Harrisburg
grutste sted Philadelphia
offisjele taal Ingelsk ( de facto )
sifers
ynwennertal 12.787.209 (2014)
befolkingstichtens 107,2 / km²
oerflak 119.283 km²  (2,7% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Keystone State
tiidsone UTC ?5
simmertiid UTC ?4
webside www.pa.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Pennsylvania . Foar oare betsjuttings, sjoch: Pennsylvania (betsjuttingsside) .

Pennsylvania (utspr.: [p?ns?l've:??], likernoch "Pen-s'l- vee -njuh"), offisjeel it Mienebest Pennsylvania (Ingelsk: Commonwealth of Pennsylvania ), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Pennsylvania, byneamd de Keystone State , leit yn it noardeasten fan it lan , tusken de Grutte Marren en de Atlantyske Oseaan yn. De haadsted is Harrisburg , mar de grutste sted is Philadelphia , wylst ek it grutte Pittsburgh binnen de grinzen fan Pennsylvania leit. Neffens in skatting ut 2014 hie de steat doe krapoan 12,8 miljoen ynwenners, wermei't it kwa befolkingsgrutte de 6e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Pennsylvania mei justjes minder as 120.000 km² de 33e steat. Pennsylvania stiet u.m. bekend om syn feraldere koaleminen en stielyndustry , om 'e Amish yn Lancaster County en om it slachfjild fan Gettysburg .

Etymology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pennsylvania is ferneamd nei de stifter fan 'e oarspronklike Ingelske koloanje der't de Amerikaanske steat ut fuortkomt, William Penn . De rest fan 'e namme ferwiist nei it grutte tal walden yn 'e steat ( silva is Latyn foar "wald"), en de folsleine namme betsjut dan ek safolle as "Penns Waldlan". Yn 'e mande mei trije oare Amerikaanske steaten ( Firginia , Kentucky en Massachusetts ) hjit it offisjeel in " mienebest " ( commonwealth ) te wezen ynstee fan in "steat" ( state ), mar dat hat inkeld juridyske betsjutting, en komt allinnich fuort ut in histoaryske untwikkeling.

Utsjoch oer it Steatspart World's End .

De offisjele bynamme fan Pennsylvania is de Keystone State , untliend oan it begryp keystone (letterlik: "kaaistien"), de stien dy't de boppeste en derom sintrale en wichtichste posysje ynnimt yn in stienboge boppe in doar of in finster . Mei dy namme wurdt ferwiisd nei de sintrale geografyske posysje dy't Pennsylvania ynnaam mank de oarspronklike Trettjin Koloanjes , en teffens om't safolle wichtige Amerikaanske dokuminten yn 'e Pennsylvania undertekene binne, lykas de Amerikaanske Unofhinklikheidsferklearring .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pennsylvania hat in oerflak fan 119.283 km², werfan't 2,7% ut wetter bestiet. It hat in rjochthoekige foarm, en mjit 274 km fan noard nei sud en 455 km fan east nei west . Fan it wetteroerflak heart 1.940 km² ta de Earymar , ien fan 'e Grutte Marren , wylst 1.269 km² bestiet ut binnenwetters . Pennsylvania leit yn 'e Eastlike Tiidsone ( UTC ?6, simmertiid ?5). De steat grinzget yn it noarden oan 'e steat New York , yn it westen oan Ohio , yn it sudwesten oan West-Firginia , yn it suden oan Marylan , yn it sudeasten oan Delaware en yn it easten oan Nij-Jersey . De sudgrins fan Pennsylvania leit op 39°43' noarderbreedte , en falt gear mei de Mason-Dixonline . Yn it sudeasten wurdt de grins foarme troch Tolvemylssirkel en de rivier de Delaware . De noardgrins leit op 42° noarderbreedte en de westgrins op 80°31' westerlingte .

Hjerst yn Wyoming County .

Yn it noardwesten hat Pennsylvania in 82 km lange kustline oan 'e Earymar , wat in ynternasjonale grins is mei't oan 'e oare kant fan it wetter de Kanadeeske provinsje Ontario leit. Yn it sudeasten hat Pennsylvania fierders in 92 km lange igge oan 'e rivier de Delaware , net fier fan it plak der't dy utmunet yn 'e Atlantyske Oseaan . Pennsylvania is de iennichste fan 'e oarspronklike Trettjin Koloanjes dy't gjin diel fan 'e Atlantyske kust omfettet. It heechste punt yn 'e steat is de Mount Davis , yn 'e Appalachen , op 979 m boppe seenivo , en it leechste punt is it oerflak fan 'e rivier de Delaware, oan 'e sudeastgrins, dat op seenivo leit.

De midden fan Pennsylvania wurdt dominearre troch de Appalachen , it grutste berchtme fan Noard-Amearika eastlik fan 'e Rocky Mountains . De steat falt utinoar yn fiif regio's. Fan sudeast oan noardwest binne dat: de Atlantyske Kustflakte , it heuvelige foarlan fan 'e Appalachen , de binnenste Appalachen , it Allegheny-plato en de Earyflakte . De wichtichste rivieren fan 'e steat binne de Delaware , de Ohio , de Susquehanna , de Allegheny en de Monongahela . Der binne yn Pennsylvania gjin Yndianereservaten .

Allentown .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foarofgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken waard Pennsylvania bewenne troch Yndiaanske folken , lykas de Delawer ( Delaware ), Suskehannok ( Susquehannock ), Eary ( Erie ), Irokezen en Sjany ( Shawnee ). Fan 'e iere santjinde iuw of makken ferskate Jeropeeske lannen oanspraak op wat letter sudeastlik Pennsylvania wurde soe. Yn 1631 krongen Steatske kolonisten fanut Zwaanendael , yn it hjoeddeistige Delaware , it gebiet binnen om it by harren WIC - koloanje Nij-Nederlan te foegjen. Yn 1638 festigen Sweedske kolonisten yn deselde krite de koloanje Nij-Sweden (dy't lykwols yn 1655 troch de Nederlanners ferovere en by Nij-Nederlan foege waard). En yn 1664 joech kening Karel II fan Ingelan tastimming en wreidzje de Ingelske koloanje Firginia yn noardlike rjochting ut nei itselde gebiet.

Datselde jiers feroveren de Ingelsen yn it ramt fan 'e Twadde Ingelske Oarloch Nij-Nederlan op 'e Republyk fan de San Feriene Nederlannen , en yn 1667 waard by de Frede fan Breda befestige dat it gebiet yn Ingelske hannen bliuwe soe. Under de Tredde Ingelske Oarloch werovere de WIC lykwols Nij-Nederlan, en fierde der in yndieling yn distrikten yn der't Upland County , de aldste county fan Pennsylvania, syn untstean oan tanket. Twa jier letter, doe't tusken Ingelan en de Republyk de Frede fan Westminster sletten waard, krige Ingelan lykwols Nij-Nederlan wer werom, yn ruil foar it folle lukrativere Suriname .

William Penn slut in ferdrach mei de Yndianen op in skilderij fan Edward Hicks .

Op 28 febrewaris 1681 skonk kening Karel II fan Ingelan in oarkunde oan 'e quaker William Penn , weryn't dy de rjochten krige op in unbidich grut gebiet yn Noard-Amearika . Dizze transaksje wie bedoeld om 'e skuld fan 'e kening oan Penn syn heit , admiraal William Penn , werom te beteljen, dy't 16.000 bedroech (omrekkene yn jild fan 2008 wie dat £2,1 miljoen). Penn wie fan doel om yn it gebiet in nije koloanje te stiftsjen, dy't in taflechtsoard wurde moast fan 'e oan godstsjinstferfolgings bleatsteande quakers . De kening neamde it gebiet nei him 'Pennsylvania', eat der't er Penn tige mei yn ferlegenheid brocht, mei't dy bang wie dat de lju tinke soene dat er it gebiet nei himsels ferneamd hie. Letter yn 1681 underhannele Penn mei it Delawer - opperhaad Tamanend (under de Ingelsen fan dy tiid better bekend as Tammany). Derby wist er sawol it lan te keapjen der't er ferlet fan hie, as in duorjende frede te sluten. It wie it begjin fan in lange perioade fan freonskiplike relaasjes tusken de quakers en de Yndianen . It Ferdrach fan Penn wie ien fan 'e seldsume ferdraggen tusken blanken en Yndianen dat nea troch de blanken brutsen waard.

Oarspronklik hearde ta Pennsylvania ek de lettere steat Delaware , in gebiet dat yn dy tiid oantsjut waard as de 'Nedergreefskippen' ( Lower Counties ). Tsjin 1704 wie Pennsylvania lykwols sa grut wurden, dat de koloniale assimblee fun dat it gebiet wol sunder de lestige Nedergreefskippen koe. Sadwaande untstiene der doe twa folksfertsjintwurdigings , hoewol't de erven Penn oant de Amerikaanske Revolusje beide gebieten yn pacht holden en der altyd ien en deselde guverneur foar beneamden.

De autodyk U.S. Route 220 yn it foarlan fan 'e Appalachen .

Yn 'e achttjinde iuw rekke Pennsylvania yn in slepend konflikt behelle mei de koloanje Konettikut , ien fan 'e oare Britske koloanjes yn Noard-Amearika. De oarspronklike oarkunde fan Konettikut omfieme nammentlik alle lan dat nei it westen ta yn it ferlingde fan 'e koloanje lei, oan 'e Stille Oseaan ta. Doe't Konettikut nei oanlieding derfan yn 1753 in njoggende county stifte, Westmoreland , dat tusken de rivieren de Susquehanna en de Delaware yn komme moast te lizzen (no foarby de westgrins fan 'e steat), late dat ta de Pennamityske Oarloggen mei Pennsylvania, dat oanspraak makke op itselde gebiet. Dat (net botte bloedige) konflikt duorre fuort oant Konettikut it gebiet yn 1784 ofstie oan Pennsylvania. Yn 1763 hie Pennsylvania folle mear te lijen under de Oarloch fan Pontiac , werby't delsettings en boerespultsjes oan 'e foargrins fan 'e kolonisaasje oanfallen waarden troch in koalysje fan Yndiaanske stammen under lieding fan it opperhaad Pontiac .

Fan likernoch 1765 of woeks yn Pennsylvania de untefredenens oan oer it Britske bestjoer fan 'e koloanje. Ien fan 'e lieders fan 'e protesten wie de politikus John Dickinson , dy't de auteur wie fan u.m. de Declaration of Rights and Grievances ("Ferklearring fan Rjochten en Griven") en fan 'e Letters from a Farmer in Pennsylvania, to the Inhabitants of the British Colonies ("Brieven fan in Boer ut Pennsylvania, oan de Ynwenners fan 'e Britske Koloanjes"). Under de Amerikaanske Unofhinklikheidsoarloch , dy't yn 1774 utbriek, waard Philadelphia de yn 't earstoan ynformele haadsted fan 'e nije Feriene Steaten . It wie der dat it Kontinintaal Kongres gearkaam, mei fertsjintwurdigers fan alle opstannige koloanjes, en der waard ek, yn maaie 1775 , de Amerikaanske Unofhinklikheidsferklearring opsteld en undertekene. Letter, doe't de Amerikaanske Grunwet skreaun waard, fun dat op 'e nij plak yn Philadelphia. Nei't de Feriene Steaten yn 1783 harren unofhinklikheid wun hiene, wie Pennsylvania op 12 desimber 1787 de twadde steat dy't de Grunwet ratifisearre , fiif dagen nei Delaware .

De Presidintswente yn Philadelphia , der't George Washington en John Adams residearren yn 'e tiid dat it Wite Hus noch boud wurde moast.

Yn 1790 waard Philadelphia formeel oanwiisd as de federale haadsted fan 'e Feriene Steaten, wylst fan 1791 of wurke waard oan 'e oanlis fan 'e nije haadsted Washington, D.C. Dy wie lykwols pas yn 1800 safierhinne klear dat it nasjonale regear derhinne ferhuzje koe. Philadelphia wie oant 1799 ek de haadsted fan Pennsylvania. Dernei hie it regear fan 'e steat syn sit yn Lancaster , oant yn 1812 foargoed Harrisburg de haadsted waard. It alde steatskapitoal, it saneamde Hills Capitol , waard der yn 1821 yn gebruk nommen, mar brande op 2 febrewaris 1897 under in sniestoarm of. It hjoeddeistige Steatskapitoal fan Pennsylvania kaam yn 1907 ree.

Yn 1859 begun yn Pennsylvania de earste kommersjele eksploitaasje fan ierdoalje yn 'e wrald, doe't Edwin Drake yn Titusville mei sukses in ierdoaljeboarne oanboarde. Dat foarfal late ta de earste grutte oalje- boom fan 'e Amerikaanske skiednis. De Demokraat James Buchanan , dy't fan 1857 oant 1861 presidint fan 'e Feriene Steaten wie, wie de iennichste presidint ea dy't ut Pennsylvania ofkomstich wie. Hy regearre yn in drege tiid, doe't sawol yn it Noarden (der't Pennsylvania ta hearde) as yn it Suden de hollen almar hjitter waarden.

De Slach by Gettysburg , under de Amerikaanske Boargeroarloch ( 1 - 3 july 1863 ).

Uteinlik late dat, in pear moannen nei de ofrin fan Buchanan syn presidintskip, ta it utbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch ( 1861 - 1865 ). Under dat konflikt focht Pennsylvania foar de Feriene Steaten tsjin 'e Sudlike Konfederearre Steaten fan Amearika , dy't har besochten of te skieden . Nei skatting tsjinnen der sa'n 350.000 Pennsylvanen yn it Noardlike Leger , ynkl. 8.600 Afro-Amerikaanske frijwilligers . It hichtepunt fan 'e striid foel foar Pennsylvania yn 1863 , doe't it Konfederearre Leger fan Noardlik Firginia , under generaal Robert E. Lee , djip yn 'e steat trochkrong, mar yn 'e ferneamde Slach by Gettysburg weromslein waard troch de Noardliken under generaal George G. Meade . Hoewol't de oarloch neitiid noch twa jier oanhold, kin der in goede saak makke wurde om 'e bewearing te underbouwen dat it Suden de striid by Gettysburg foargoed ferlear.

Yn 1923 stifte presidint Calvin Coolidge yn Pennsylvania, dat 9% fan alle bosken fan 'e Feriene Steaten beslacht, it manske Nasjonaal Wald Allegheny . Om dyselde snuorje hinne kaam under de Afro-Amerikaanske Folksferhuzing in grutte kloft swarten ut it Suden wei, der't se te lijen hiene under earmoede en diskriminaasje . Hja setten har u.m. yn Philadelphia en Pittsburgh nei wenjen, om as fabryksarbeiders yn benammen de stielyndustry in better bestean op te bouwen. De stielfabriken rekken lykwols fan 'e 1970 -er jierren of yn 'e nederklits, en in protte moasten slute. Ek de koaleminen diene it sunt dy tiid min, mei as gefolch dat benammen yn westlik Pennsylvania, dat ta de saneamde Roastgurdle ( Rust Belt ) rekkene wurdt, grutte wurkleasheid untstie.

It saneamde Hills Capitol, it steatskapitoal fan Pennsylvania fan 1821 oant it ofbaarnde yn 1897 .

Bestjoer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pennsylvania bestiet bestjoerlik ut 67 countys . De steatshaadsted , Harrisburg , leit yn Dauphin County , yn it sintrale suden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Pennsylvania bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de guverneur . De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Algemiene Assimblee fan Pennsylvania , dy't bestiet ut 'e Steatssenaat mei 50 sitten en it Steatshus fan Offurdigen mei 203 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Pennsylvania, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators . Yn it Amerikaanske Hus fan Offurdigen hat Pennsylvania 18 sitten.

It politike lanskip fan Pennsylvania wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen , de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij . Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Sa is mar 0,6% fan 'e registrearre kiezers lid fan 'e Libertaryske Partij fan Pennsylvania , tsjin 49,6% foar de Demokraten en 36,7% foar de Republikeinen.

It hjoeddeistige Steatskapitoal fan Pennsylvania.

Pennsylvania is in swingsteat , dy't by ferkiezings soms de Demokratyske Partij stipet, en soms de Republikeinske Partij. Sa fersloech de Demokratyske presidintskandidaat John Kerry by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2004 yn Pennsylvania de sittende Republikeinske presidint George W. Bush , en wun de Demokraat Barack Obama it der by de presidintsferkiezings fan 2008 fan Republikein John McCain . Mar by de presidintsferkiezings fan 2016 keas de steat yn mearderheid foar de Republikein Donald Trump ynstee fan foar de Demokratyske kandidate Hillary Clinton .

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It bruto steatsprodukt fan Pennsylvania wie yn 2013 $ 644 miljard. It BSP per lid fan 'e befolking bedroech $47.274. As de steat in unofhinklik lan west hie, soe de Pennsylvaanske ekonomy dermei de op santjin nei grutste fan 'e wrald weze. De measte yndustry yn 'e steat is festige yn it eastlik sintrale diel (om Allentown - Bethlehem - Easton hinne), en yn 'e fjouwer hoeken fan 'e Pennsylvania: yn Philadelphia , yn 'e sudeasthoeke; Pittsburgh , yn 'e sudwesthoeke; Erie , yn 'e noardwesthoeke; en Scranton-Wilkes-Barre yn 'e noardeasthoeke. De yndustry bestiet foar it grutste part ut feraldere stielfabriken dy't ta de saneamde Roastgurdle ( Rust Belt ) rekkene wurde. Fierders is der in protte mynbou fan stienkoal .

In fuortroastkjend stielfabryk yn Bethlehem .

It plattelan fan Pennsylvania is noch altyd benammen it domein fan 'e lanbou . De wichtichste agraryske utfierprodukten fan 'e steat binne poddestuollen , apels , plomfee , krystbeammen , suvel , mais , druven en wyn . Op it med fan 'e tsjinstesektor moat Pennsylvania it benammen hawwe fan it bank - en fersekeringswezen . Bedriuwen ut dy brans binne benammen festige yn Philadelphia en de foarsted King of Prussia . Sunt yn 2004 gokken yn Pennsylvania legalisearre is, hawwe ek in protte kasino's har doarren der iepene.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens in offisjele ruzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grun fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 ) hie Pennsylvania yn 2014 12.787.209 ynwenners, wat in groei fan 0,67% is yn ferhalding ta de stan fan saken yn 2010 . De befolkingstichtens wie yn 2014 107,2 minsken de km². Fan 'e befolking fan Pennsylvania wie yn 2010 74,5% berne yn 'e steat sels, wylst 18,4% berne wie yn in oare Amerikaanske steat , 1,5% yn Porto Riko of oare Amerikaanske territoaria , en 5,6% yn it butenlan.

Befolkingstichtens yn Pennsylvania.

De grutste sted fan 'e steat is Philadelphia , mei mear as oardel miljoen ynwenners yn 2011 . Oare gruttere steden binne: Pittsburgh (305.000), Allentown (119.000), Erie (99.000), Reading (88.000), Scranton (75.000), Bethlehem (75.000), Lancaster (59.000), Levittown (53.000) en de steatshaadsted Harrisburg (49.000).

Etnisiteit [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e Pennsylvania befolking doe sa: 79,2% blanken ; 11,3% swarten ; 5,9% Latino's ; 2,9% Aziaten ; 0,3% Yndianen ; 0,4% oaren of fan mingd etnysk komof.

Blanke Pennsylvanen binne fierhinne fan Midden -, Noardwest - en Sudjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dutsers (28,5% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (18,2%), Italjanen (12,8%), Ingelsen (8,5%), Poalen (7,2%), Fransk-Kanadezen (4,2%), Nederlanners (2,2%), Slowaken (2,2%), Ulstersen (2,0%), Skotten (1,7%), Russen (1,6%), Welsen (1,5%), Hongaren (1,2%) en Oekrainers (1,0%).

De skyline fan Philadelphia .

It plattelan fan sudlik sintraal Pennsylvania, en benammen dat fan Lancaster County , stiet bekend om 'e Amish -mienskippen dy't der wenje. Dat binne funemintalistyske minnisten fan Dutske en Switserske oarsprong, dy't fierhinne festhalde oan njoggentjinde-iuwske technyk en derom mei hynder-en-wein reizgje en nijichheden as de trekker , elektrisiteit , tillefoan en tillefyzje ofwize.

It meastepart fan 'e Latino's yn 'e steat is fan Portorikaansk komof (2,9% fan 'e steatsbefolking) of fan Meksikaanske ofstamming (1,0%), wylst der ek in oansjenlike mienskip fan Dominikanen bestiet. De measte Latino's binne konsintrearre yn Philadelphia , de Lehigh-delling en it sudlik sintrale part fan 'e steat. Pennsylvania omfiemet gjin federaal erkende Yndianestammen , en likemin binne der yn Pennsylvania stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo .

De skyline fan Pittsburgh .

Taal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pennsylvania hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet festlein is, mar yn 'e praktyk ferfollet it Ingelsk dy funksje. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie dy taal doe foar 90,2% fan 'e befolking fan Pennsylvania de memmetaal . Op it twadde plak kaam it Spaansk , dat foar 4,1% fan 'e befolking de memmetaal wie, en dernei folgen it Dutsk (it Pennsylvaansk ynbegrepen) mei 0,9%, it Sineesk mei 0,5%, it Italjaansk mei 0,4% en it Fransk mei 0,3%.

It Pennsylvaansk is ien fan 'e Heechdutske talen , dy't fierhinne untstien is op basis fan dialekten ut it Rynlan , en dy't it naust besibbe is oan it hjoeddeiske Paltsysk . Yn it Ingelsk wurdt nei dizze taal almeast ferwiisd as Pennsylvania Dutch , wat in ferbastering is fan Pennsylvania Deitsch , oftewol 'Pennsylvaniadutsk'. Dit is de memmetaal fan 'e measte tradisjonele Amish en teffens fan 'e Old Order Mennonites , in oare behaldende minnistyske groep, dy't lykwols wol op 'e moderne wize libbet. Under minder behaldende minnistegroepen is de taal frijwol utstoarn .

Godstsjinst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op it med fan godstsjinst bestie yn 2011 82% fan 'e befolking fan Pennsylvania ut kristenen , werunder 52% protestanten , 29% roomsen en 1% eastersk-otterdoksen . De grutste protestantske denominaasjes wiene de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 592.000 leden, de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Amearika mei 502.000 leden, de Presbyteriaanske Tsjerke (FSA) mei 250.000 leden en de Feriene Tsjerke fan Kristus mei 180.000 leden.

It haadgebou fan 'e Universiteit fan Pennsylvania , yn Philadelphia .

Fierders is der yn Pennsylvania in grutte minnistyske mienskip, der't u.m. de Amish ta hearre. Hoewol't de steat oarspronklik as koloanje stifte waard om in feilich hinnekommen te bieden foar de oan godstsjinstferfolging bleatsteande quakers , foarmje dyselden hjoed oan 'e dei mar in tige lytse minderheid yn Pennsylvania. Ateisten en agnosten foarmen yn 2011 13% fan 'e befolking. Fierders bestie 2% fan 'e ynwenners fan Pennsylvania ut joaden , wylst 1% in oare godstsjinst as it kristendom of it joadendom oanhong.

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Pennsylvania hat foar it meastepart in fochtich lanklimaat , mei neare simmers en kalde winters . De uterste sudeasthoeke, der't de sted Philadelphia leit, hat lykwols in fochtich subtropysk klimaat . Troch it hichteferskil tusken de underskate dielen fan 'e steat binne ek de ferskillen oangeande trochsneed temperatueren oansjenlik. Rekortemperatueren wiene 44 °C, op 9 en 10 july 1936 yn Phoenixville , en ?41 °C op 5 jannewaris 1904 te Smethport . Delslachhoemannichten rinne utinoar, en de measte snie , oant mear as 250 sm, falt winterdeis yn 'e neite fan 'e Earymar , yn it noardwesten fan 'e steat. Pennsylvania hat elts jier ek te krijen mei tornado's , soms grutte oantallen, mar dy binne oer it algemien lang net sa kreftich as se har yn westliker dielen fan 'e Feriene Steaten foardogge.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama  ? Alaska  ? Arizona  ? Arkansas  ? Delaware  ? Fermont  ? Firginia  ? Floarida  ? Georgia  ? Hawai  ? Idaho  ? Illinois  ? Indiana  ? Iowa  ? Kalifornje  ? Kansas  ? Kentucky  ? Kolorado  ? Konettikut  ? Louisiana  ? Maine  ? Marylan  ? Massachusetts  ? Michigan  ? Minnesota  ? Mississippy  ? Missoery  ? Montana  ? Nebraska  ? Nevada  ? Nij-Hampshire  ? New York  ? Nij-Jersey  ? Nij-Meksiko  ? Noard-Dakota  ? Noard-Karolina  ? Ohio  ? Oklahoma  ? Oregon  ? Pennsylvania  ? Rhode Island  ? Sud-Dakota  ? Sud-Karolina  ? Teksas  ? Tennessee  ? Utah  ? Washington  ? West-Firginia  ? Wyoming  ? Wiskonsin
unynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen  ? Amerikaansk-Samoa  ? Guam  ? Noardlike Marianen  ? Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia