In
dokumint
is in samling
gegevens
festlein op in
gegevensdrager
[1]
. Dat kin yn
skriftlike
foarm weze op
papier
of
digitaal
, mar ek op bygelyks in mikrofiche.
Foarbylden fan dokuminten binne
berte-akte
’s, nota’s (bygelyks in
nota romtlike oardering
), sikehusdossiers,
beswierskriften
, politike programs, en sels
lochboeken
,
deiboeken
,
syllabus
en
reisferslaggen
. Yn de earste beskavings waarden ek
obelisken
fan politike boadskippen foarsjoen.
Yn wittenskiplik
undersyk
waard in dokumint faak as
ynformaasjeboarne
neamd. Skaaimerk foar dysoarte ynformaasjeboarne is dat der troch de bank nommen gjin publike bestimming oan dizze samling gegevens sit.
It wurd dokumint wurdt ek brukt om in
bestan
mei oan te tsjutten yn de
burometafoar
dy’t gebruklik is by de grafyske brukersynterface fan
kompjuters
. De grunlizzer foar in
klassifikaasjesysteem
foar dokuminten is
Paul Otlet
.
It produsearjen fan de ynhald fan in dokumint wurdt
skriuwen
neamd.
Yn oparbeidzjen mei de
oerheid
, it
bedriuwslibben
en opliedingsynstituten is troch it Nederlanske Normalisaasje-ynstitut, in
noarm
opsteld foar it yndielen en utwurkjen fan dokuminten, de NEN 3126. Yn dy noarm binne foarskriften jun oangeande
[2]
:
- De skaaimerken fan it dokumint
: dat giet oer it oanjaan fan identiteit fan it dokumint lykas de titel, skriuwer, datum en plak fan meitsjen, en spesifike oantsjuttings lykas
konsept
of
kopy
of
betroulik
of
geheim
.
- De redaksjonele yndieling
: dat giet oer it oanbringen fan underskied yn de
tekst
troch it bruken fan haden, yndielingstekens en fariaasjes yn de skriuwwize.
- De typografyske yndieling
: dat giet oer de
typografyske
saken fan setspegel of side-layout, marzjes, rigelnumering, rigelofstan en
lestekens
oant noaten, ferwizingstekens en tabellen en figueren.
- Grutheden en ienheden
: oer it bruken fan
symboalen
en
ienheden
yn benammen formules.
- Tallen en jildbedraggen
: oer de skriuwwize fan ferskate soarten
tallen
, lykas
jildbedraggen
,
telefoannumers
.
Fierder hat de noarm noch in haadstik wijd oan
underskrift
en oan
brieven
.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑
Meer, K. van der (2002).
Documentaire informatiesystemen
. 4e wersjoene pr., Den Haach: Biblion.
- ↑
NEN
(1986).
NEN 3162 : Indelen en typen van documenten. Layout and typing of documents
. Leste noarm ut 1986, en wylst efterhelle.
|