한국   대만   중국   일본 
Noarsk - Wikipedy Springe nei ynhald

Noarsk

Ut Wikipedy
Noarsk
algemien
eigen namme norsk
lanseigen yn Noarwegen , Sweden , Denemark , Yslan , Feriene Steaten
tal sprekkers 5.000.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Noardgermaansk - Westskandinavysk - Noarsk
taalstatus
offisjele status Offisjeel yn Noarwegen
taalkoades
ISO 639-1 no (Noarsk), nb (Bokmal), nn (Nynorsk)
ISO 639-2 nor (Noarsk) nob (Bokmal), nno (Nynorsk)
ISO 639-3 nor (Noarsk) nob (Bokmal), nno (Nynorsk)


It Noarsk is in Noardgermaanske taal dy’t underdiel utmakket fan de Yndo-Jeropeeske taalfamylje dy’t troch likernoch 4,5 miljoen sprutsen wurdt. It is in offisjele taal yn Noarwegen .

It Noarsk is nau besibbe oan de oare twa talen oan de Skandinavyske feste wal, it Deensk en it Sweedsk . Dizze trije talen binne under elkoar reedlik te ferstean. Twa oare Skandinavyske talen, it Iislansk en it Faeroersk , binne net mear fersteanber mei it Noarsk, Sweedsk en Deensk.

Der binne twa offisjele skriuwtalen fan it Noarsk, it Bokmal en it Nynorsk . Ek binne der in soad dialekten. Alhoewol’t de measte dialekten it measte wei hawwe fan it Nynorsk as fan Bokmal, wurdt it Nynorsk troch mar 10-15 % fan de Noaren as skriuwtaal brukt, it oare part brukt it Bokmal.

Oars as yn de measte oare lannen is it yn Noarwegen sosjaal akseptearre om yn it dialekt te sprekken. Der is gjin “algemien beskaafd Noarsk” of soks sawat. Wol is der it Standard Østnorsk (Standert Eastnoarsk), mar dat wurdt mar troch in tige lyts part fan de befolking brukt. Op telefyzje en op de radio wurdt faak gebruk makke fan in foarm fan ien fan de skriuwtalen.

It Noarsk wurdt skreaun yn it Latynske alfabet , weryn nei de z noch trije tekens komme, de æ , ø en a . Dizze letters wurde sjoen as aparte letters. De c , q , w , x en z wurde kwealik brukt.

Skaaimerk fan it Noarsk is de prosody , it is in ludtaal . Der besteane twa ferskate luden, dizze kinne betsjuttingsunderskiedend weze. De selsstannige namwurden bønder en bønner (de utspraak is itselde, op it lud of it aksint nei) betsjutte boeren en beanen (it twadde wurd kin ek gebed betsjut, ofhinklik fan de kontekst).

Skiednis fan it Noarsk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De fersprieding fan it Aldnoarsk om 900 hinne. Yn de reade gebieten waard it westlik dialekt sprutsen dat him letter feroare ta it Noarsk, Yslansk en Faroeersk.

Oarspronklik waard der yn heul Skandinaavje deselde taal sprutsen, it Oernoarsk en letter, fan likernoch 700 of, it Aldnoarsk . Om 1350 hinne, nei dat in grut part fan de Noarske befolking oan in pestepidemy omkaam wie, untwikkele him in oar Noarske taal, it Middelnoarsk . Dizze taal gie om 1525 hinne oer yn it modernge Noarsk.

It runeskrift waard brukt as skriuwtaal oant yn de Midsiuwen , doe’t it stadich oan ferfongen waard troch it Latynske alfabet.

Yn 1397 rekke Noarwegen syn status as selsstannich keninkryk kwyt, en yn 1536 waard Noarwegen in provinsje fan Denemark . It Deensk waard de skriuwtaal, de taal fan de middenklasse, de amtners, skoalle en tsjerke. De Noarske taal bleaun bestean yn de dialekten fan it plattelan. Benammen yn West-Noarwegen halde it Noarsk syn eigen skaaimerken.

Nei dat Noarwegen yn 1814 unofhinklik waard, untwikkelen de twa ferskate skriuwtalen har yn de rin fan de 19e iuw . It Riksmal ( rykstaal ), letter Bokmal ( boeketaal ) neamd, wie basearre op de beskaafde, ferdeenske utspraak fan de elite. It Landsmal ( lantaal ), letter Nynorsk ( Nijnoarsk ) neamd, wie basearre op de dialekten fan West-Noarwegen.

Der untstie in beweging dy’t ien Noarske taal, it Samnorsk , neistribbe, mar dy beweging hat nea in soad oanhing han. Wol undergienen beide skriuwtalen in soad staveringswizigingen om sa tichter byelkoar te kommen. De Noaren hawwe harren der op it stuit mar by dellein dat der twa Noarske standerttalen neist elkoar bestean.

Dialekten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ferdieling fan it Bokmal en it Nynorsk yn Noarwegen.

It Noarsk hat in grut ferskaat oan dialekten. It is dan ek hast net te dwaan in ruzing te meitsjen fan it tal dialekten dy’t yn Noarwegen sprutsen wurde. Ferskillen yn grammatika , sinsbou, wurdskat en utspraak geane oer geografyske grinzen en kinne dialekten meitsje op it nivo fan in buorskip . Dialekten binne yn guon gefallen sa ferskillend dat se net te ferstean binne foar oare Noarske sprekkers. Guon taalkundigen merke op dat der op it stuit in soad dialekten ferdwine yn in lokale fariant. Wol moat sein wurde dat der in hieltyd gruttere ynteresse is foar it behald fan bedrige dialekten.

Wurdskat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It meastepart fan de moderne wurdskat fan it Noarsk komt ut it Aldnoarsk. De grutste boarne fan lienwurden is it Middelleechdutsk , wat in grutte ynfloed op de Noarske wurdskat hie sunt de lette Midsiuwen, oan sels de grammatika struktueren ta. Hjoed de dei komme de measte lienwurden, kreklyk as by de measte oare talen, fan it Ingelsk . Alhoewol’t it Noarsk sjoen wurdt as in taal dy’t minder ynfloeden hat fan it Ingelsk as bygelyks it Sweedsk en Deensk

Fan guon lienwurden is de stavering feroare om de Noarske utspraak sjen te litten, mar dizze wurden hawwe in lange tiid nedich foar’t se goed ynboargere sitte. Foarbylden fan wurden dy’t de Noaren in soad bruke en dy’t Fernoarske binne bygelyks sjafør (fan it Franske chauffeur) en revansj (fan it Franske revanche). Mar oare wurde, bygelyks jus (fan it Ingelske juice) keitering (fan it Ingelske catering) en sørvis (fan it Ingelske catering) wurde noch net folle brukt.

Foarbylden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Taal Sin
Ik kom fan Noarwegen Hoe hiet hy? Dit is in hynder De reinboge hat in soad kleuren Myn loftkessenfartuch sit fol iel
Bokmal Jeg kommer fra Norge Hva heter han? Dette er en hest Regnbuen har mange farger Luftputebaten min er full av al
Min luftputebat er full av al
Riksmal Regnbuen har mange farver
Deensk Hvad hedder han? Min luftpudebad er fuld af al
Nynorsk Eg kjem fra Noreg Kva heiter han? Dette er ein hest Regnbogen har mange fargar
Regnbogen er mangleta
Luftputebaten min er full av al
Svevebaten min er full av al
Høgnorsk Regnbogen hev mange fargar
Regnbogen er manglita
Donsk tunga Eg kem fra Noregi Hvað heitir hann? Þetta er hross/hestur Regnboginn er marglitur Skyschiff minn er fullur af alum
Yslansk Eg kem fra Noregi Hvað heitir hann? Þetta er hross/hestur Regnboginn er marglitur Svifnokkvinn minn er fullur af alum
Sweedsk Jag kommer fran Norge Vad heter han? Detta ar en hast Regnbagen har manga farger Min svavare ar full med alar
Faeroersk Eg komi fra Noreg/Norra Hvussu eitur hann? Hetta er eitt ross/ein hestur Ælabogin hevur nogvar litir Luftputufar mitt er fult i alli!
Dutsk Ich komme aus Norwegen Wie heißt er? Dies ist ein Hengst/Roß/Pferd Der Regenbogen hat viele Farben Mein Luftkissenfahrzeug ist voller Aale
Nederlansk Ik kom uit Noorwegen Hoe heet hij? Dit is een paard De regenboog heeft veel kleuren Mijn hovercraft zit vol paling
Afrikaansk Ek kom van Noorwee Hoe heet hy? Dit is 'n perd Die reenboog het baie kleure My skeertuig is vol palings


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy . Sjoch de Noarske ferzje .
Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy . Sjoch de Noarske ferzje .