한국   대만   중국   일본 
Minderjierrige - Wikipedy Springe nei ynhald

Minderjierrige

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Minderjierrigens )

In minderjierrige is in persoan ( wetlik betitele as in bern ) dy't jonger is as in beskate aldens, en derom (noch) net deselde rjochten en plichten under de wet hat as in folwoeksene (of mearderjierrige ). Sokke bern wurde wetlik as wilsunbekwaam beskoge en kinne derom net frij oer har eigen persoan en eigendommen beskikke. Hja steane under it alderlik gesach (dat utoefene wurdt troch harren alden ) of under in oare foarm fan fadij oant se mearderjierich wurde. De bedoeling hjirfan is om bern te beskermjen tsjin harren eigen brekme oan underfining en dryst halden en dragen, en teffens tsjin utrupeling troch kweawollende folwoeksenen. De steat fan it minderjierrich wezen wurdt oantsjut as minderjierrigens of minderjierrichheid . Oant hokker aldens oft bern minderjierrich bliuwe, kin fan lan oant lan ferskille, mar is yn 'e Westerske wrald oer it algemien 18 jier .

Finansjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De alden of fersoargers regelje foar minderjierrigen (hoewol mooglik wol mei ynspraak fan dyselde minderjierrigen) u.m. it wetlike wen- of ferbliuwplak , de sunenssoarch (oant 14 jier) en finansjele saken . Op dat leste med hawwe de alden of fersoargers it behear oer goed en guod as minderjierrigen bgl. in hus, grunbesit of jild fan harsels hawwe, hoewol't se dy besittings net ferkeapje kinne sunder tastimming fan 'e rjochtbank . Minderjierrigen kinne fierders gjin beerf oanfurdzje (dat dogge de alden of fersoargers foar harren) of skinkings dwaan. Wol kinne se (yn Nederlan ) fan 16 jier of yn in testamint oer de helte fan harren goed en guod beskikke. Om't minderjierrigen wilsunbekwaam achte wurde te wezen, binne de alden of fersoargers oanspraaklik foar de skea dy't se oanrjochtsje by ungemakken (bygelyks as se by it fuotbaljen earne in bal troch it rut traapje).

Wichtige kontrakten kinne minderjierrigen net ofslute; dogge se dat dochs, dan kinne de alden of fersoargers sa'n kontrakt neatich ferklearje litte. By oankeapen yn winkels hinget it fan 'e priis of oft in minderjierrige soks dwaan mei: in blikje frisdrinken of in pude snobbersguod kin sunder beswier kocht wurde, mar bgl. djoere merkklean of in auto kin net oanskaft wurde sunder dudlike tastimming fan 'e alden of fersoargers. Wol kinne minderjierrigen by in bank op eigen namme in sparrekken iepenje, en kinne se der fan harren sechstjinde jier of eltse moanne maksimaal 125 fan opnimme, salang't harren alden of fersoargers har der net tsjin oankantsje.

Utnaaien [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Minderjierrigen dy't fan hus fuortrinne , kinne op fersyk fan 'e alden of fersoargers troch de plysje opspoard wurde. As der it fermoeden bestiet dat der in earnstige reden is foar it utnaaien (lykas bernemishanneling , bernemisbruk of ynsest ), wurde se lykwols net twongen om by de alden of fersoargers werom te kearen. Ynstee derfan sille se (yn Nederlan) yn sokke gefallen oerdroegen wurde oan 'e jongereinsoarch , dy't mei de alden of fersoargers bemiddelje sil of de rjochter freegje sil om maatregels te nimmen. De rjochter kin de alden dan ut 'e alderlike macht sette of de fersoargers de fadij untnimme. De minderjierrigen sille yn sokke gefallen yn in opfangtehus of in pleechgesin telane komme. As lykwols bliken docht dat minderjierrigen sunder earnstige problemen yn 'e thussitewaasje fan hus fuortlokke binne troch butensteanders, kinne dy lesten, lykfol hokker reden oft se ek foar harren dieden hiene, ferfolge wurde foar untluking oan it alderlik gesach , wat yn Nederlan in strafber misdriuw is.

Oare rjochten en plichten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Minderjierrigen binne yn 'e measte (Westerske) lannen fan likernoch 6 oant 18 jier learplichtich , en moatte derta underwiis folgje troch nei skoalle te gean. It rjocht fan minderjierrigen op in eigen priveelibben is foar harren alden of fersoargers oer tige beheind, en hinget of fan 'e romte dy't de alden of fersoargers harren datoangeande biede. Dy kinne nammentlik, as se dat wolle, it near lizze op beskate aktiviteiten, lektuer of de omgong mei freonen. Teffens kinne se relaasjes en korrespondinsje fan minderjierrigen under harren fadij kontrolearje en regulearje. It iennichste wat de alden op dat med wetlik net dwaan meie, is de omgong mei de pakes en beppes ferbiede. Op it med fan it strafrjocht binne der spesjale regels foar minderjierrigen, dy't datoangeande yn West-Jeropa under it jeugdstrafrjocht falle ynstee fan under it reguliere strafrjocht.

As minderjierrigen (yn Nederlan) in houlik slute wolle foar't se 18 jier binne, hawwe se derfoar ferlet fan 'e ynstimming fan harren alden of fersoargers. Boppedat moat der sprake weze fan swierwezen of fan in eigen bern dat al berne is. (Dit is in wetlik oerbliuwsel fan 'e tiid dat it in grutte skande wie as in bern buten it houlik berne waard.) As de alden of fersoargers yn sa'n sitewaasje gjin tastimming jouwe, kin de rjochter harren yn it ungelyk stelle en it houlik dochs noch trochgean litte. As minderjierrigen trouwe, wurde se foar de wet automatysk mearderjierrich , ek al binne se dan noch gjin 18 jier. Ek in allinnichsteande mem fan tusken de 16 en 18 jier kin yn Nederlan mearderjierrich ferklearre wurde, om't foar dat foar de opfieding fan har bern foar guon saken nedich is of fan pas komt.

Minimumleeftydsgrinzen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foar in protte aktiviteiten dy't runom as skealik beskoge wurde ( drinken fan alkohol , smoken ) of werfoar't in beskate mjitte fan folwoeksen ynsjoch nedich is ( autoriden , stimmen ) besteane yn 'e measte lannen minimumleeftydsgrinzen . Faak falle dy gear mei de oergong fan minderjierrigens nei folwoeksenens, mar soms ek net.

Yn Nederlan leit de grins tusken minder- en mearderjierrigens op 18 jier, al wie dat oant 1986 noch 21 jier. Yn 'e measte oare lannen leit dy grins ek by 18 jier, lykas yn Belgje , Dutslan , Itaalje , Kroaasje , Ingelan , Wales , Noard-Ierlan , de Feriene Steaten , Austraalje , Brazylje , Kolombia , Meksiko , Yndia , de Filipinen en de Kanadeeske provinsjes Alberta , Kebek , Manitoba , Ontario , Prins Edwardeilan en Saskatchewan . Yn Skotlan is men mei 16 jier al mearderjierrich, yn 'e Kanadeeske provinsjes en territoaria Britsk-Kolumbia , Yukon , Nijfunlan en Labrador , Nij-Breunswyk , Nij-Skotlan , Nunavut en de Noardwestlike Territoaria mei 19 jier, en yn Japan , Nij-Seelan , Tailan en Taiwan pas mei 20 jier.

Yn 'e measte lannen (werunder Nederlan) is 18 jier de minimumleeftyd om te stimmen , en kriget men dan it stimrjocht , wernei't men dielnimme kin oan ferkiezings . Der wurdt al jierrenlang oer diskusjearre om dy leeftydsgrins omleech te bringen nei 16 jier, mar dat is oant no (2017) ta noch net bard. Yn 'e measte lannen (werunder Nederlan) is 18 jier ek de minimumleeftyd om te autoriden , en mei men dan pas selsstannich in auto bestjoere op 'e iepenbiere wei (as men teminsten yn it besit is fan in rydbewiis ). Yn 'e Feriene Steaten mei dat lykwols al mei 16 jier. De minimumleeftyd om te trouwen is yn Nederlan feststeld op 18 jier, mar leit yn guon untwikkelingslannen in stik leger en is der faak ferskillend per geslacht (yn sokke gefallen foar famkes leger as foar jonges , en net selden mar 15 jier).

Ek is yn Nederlan 18 jier de minimumleeftyd om alkohol te drinken en de minimumleeftyd om te smoken , en mei men dan dus pas alkoholyske dranken keapje en drinke en smokersguod keapje en opsmoke . Dy leeftydsgrins is per 1 jannewaris 2014 omheechhelle fan 16 jier om komasupen tsjin te gean, mei desastreuze gefolgen, om't minderjierrigen no temuk en sunder lykfol hokker tafersjoch drinke (en smoke). Yn 'e Feriene Steaten leit de leeftydsgrins foar it drinken fan alkohol frjemd genoch op 21 jier (eat der't trouwens nimmen him der oan haldt).

Fierders kenne in protte lannen in minimumleeftyd foar seksueel kontakt . Yn Nederlan leit dy leeftydsgrins op 16 jier. In folwoeksene dy't seksueel kontakt hat mei in minderjierrige fan under de sechstjin hat, is strafber om't in bern fan dy aldens noch net achte wurdt der op eigen manneboet tastimming foar jaan te kinnen. As de seksuele partner lykwols fan deselde aldens is (bgl. de iene 14 jier en de oare 15 jier), dan lit men soks wol faak gewurde. Yn 'e Feriene Steaten sprekt men fan statutory rape (in foarm fan ferkrefting ) by seksueel kontakt tusken in folwoeksene en in minderjierrige, ek al giet it derby om in jonge fan achttjin en in famke fan santjin dy't ferkearing hawwe. Yn Angoala en in grut tal dielsteaten fan Meksiko is minimumleeftyd foar seksueel kontakt 12 jier. Yn Jeropa is it sa regele:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .