Nij-Skotlan
(
Ingelsk
:
Nova Scotia
, utspr.: ['no:
u
v? 'sko:
u
??];
Fransk
:
Nouvelle-Ecosse
;
Skotsk-Gaelysk
:
Alba Nuadh
) is ien fan 'e tsien
provinsjes
fan
Kanada
. It leit yn it uterste sudeasten fan it lan, der't it mei
Nij-Breunswyk
en
Prins Edwardeilan
gauris beflapt wurdt under de namme fan de
Kustprovinsjes
(
the Maritimes
). Teffens heart it ta de regio
Atlantysk Kanada
. Wat oerflak oanbelanget is Nij-Skotlan ien fan 'e lytste provinsjes fan Kanada, mei mar 0,6% fan it nasjonaal grungebiet. De haadsted en teffens de grutste sted fan 'e provinsje is
Halifax
. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan
2011
hie Nij-Skotlan doe hast 922.000 ynwenners, wat delkomt op 2,8% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
De
Ingelske
namme foar de provinsje,
Nova Scotia
, is gewoan de
Latynske
oersetting fan wat oars
New Scotland
weze soe. De provinsje kaam oan dy latinisearre namme yn in keninklike
Ingelske
oarkunde
ut
1621
, weryn't oan
sir William Alexander, greve fan Stirling
it rjocht takend waard om it gebiet te
kolonisearjen
dat no de
Kustprovinsjes
beslacht. Yn 'e oare beide iere kolonistetalen fan 'e provinsje, it
Fransk
en it
Skotsk-Gaelysk
, is de namme
Nouvelle-Ecosse
, resp.
Alba Nuadh
, wat beide kearen gewoan "Nij-Skotlan" betsjut.
Nij-Skotlan hat in oerflak fan 55.283 km², werfan't 53.338 km² ut lan bestiet en 2.599 km² ut wetter. De provinsje leit op it
Nij-Skotlanskiereilan
, en wurdt frijwol hielendal omsletten troch dielen fan 'e
Atlantyske Oseaan
. It noardeastlikste fyfdepart fan Nij-Skotlan wurdt foarme troch it grutte
Kaap Bretoneilan
, dat fuort tsjin it Nij-Skotlanskiereilan oan leit en der tsjintwurdich mei ferbun wurdt troch in seedyk, de
Canso Causeway
, troch de
Cansostrjitte
.
Yn it noarden skiedt de
Strjitte fan Noardumberlan
Nij-Skotlan fan 'e provinsje
Prins Edwardeilan
, wylst it mear nei it easten oan 'e kust leit fan 'e
Saint Lawrencebaai
. Yn it noardeasten foarmet de
Cabotstrjitte
de skieding tusken Kaap Bretoneilan en
Nijfunlan
, yn 'e provinsje
Nijfunlan en Labrador
. De sudeast- en sudkusten fan 'e provinsje grinzgje oan 'e iepen
Atlantyske Oseaan
, weryn't op in ofstan fan sa'n 175 km it frijwol unbewenne eilan
Sable
leit, dat ferneamd is om 'e withoefolle
skipbrekken
dy't der yn it ferline foarkommen binne, en om 'e keppel ferwyldere
hynders
dy't der libbet.
Yn 'e
Fundybaai
, dy't Nij-Skotlan yn it westen skiedt fan Nij-Breunswyk, fynt twaris deis de
tijbeweging
mei it grutste hichteferskil fan 'e wrald plak: trochstrings 16 m. By
opkommend tij
rint eltse kear 100 miljard ton seewetter yn 'e 290 km lange see-earm. Oan 'e noardkant fan dat wetter, ynklamme tusken de Strjitte fan Noardumberlan yn it noarden en de Fundybaai yn it suden, soarget de
Laningte fan Chignecto
foar in smelle lanbrege mei de provinsje
Nij-Breunswyk
, op it Kanadeeske festelan.
De oarspronklike bewenners fan Nij-Skotlan binne de
Mikmak
-
Yndianen
, dy't der al taholden doe't yn
1604
de earste
Jeropeanen
arrivearren. Yn
1605
stiften
Franske
kolonisten yn Nij-Skotlan, te
Port Royal
, oan 'e kust fan 'e
Fundybaai
, de earste permaninte Jeropeeske delsetting yn Kanada (en teffens de earste yn
Noard-Amearika
benoarden
Sint-Augustinus
, yn
Floarida
). Dat wie it oanbegjin fan 'e Franske koloanje
Akadia
. De folgjende oardel iuw wiene de Franske kolonisten, de
Akadianen
, en de Mikmak, der't se in bunsgenoatskip mei underholden, de dominante befolkingsgroepen yn Nij-Skotlan, ek al waarden der al yn 'e earste trijefearns iuw net minder as njoggen grutte slaggen utfochten tusken de Fransen en de
Ingelsen
(letter de
Britten
) om it besit fan 'e koloanje.
De oarloggen om Nij-Skotlan foarmen ien fan 'e wichtichste underdielen fan 'e striid tusken de Fransen en Britten om 'e hegemony yn hiel
Noard-Amearika
. Yn 'e
Oarloch fan Kening Willem
(
1688
-
1697
) wisten de Fransen de fijan noch op ofstan te halden, mar under de
Oarloch fan Keninginne Anne
, dy't yn
1702
utbriek, feroveren de Britten yn
1710
it
Nij-Skotlanskiereilan
, wat yn dy tiid inkeld it eastlike part fan 'e koloanje omfieme. It wie lykwols al fierwei it tichtstbefolke diel, en sadwaande befun de mearderheid fan 'e Akadianen him doe ynienen oan 'e ferkearde kant fan 'e grins. By de
Frede fan Utert
, yn
1713
joech Frankryk formeel syn sizzenskip oer it Nij-Skotlanskiereilan op, mar it behold de oare dielen fan 'e koloanje Akadia, te witten:
Kaap Bretoneilan
(doedestiden
Ile Royale
)
Prins Edwardeilan
(doe
Ile Saint-Jean
) en it lettere
Nij-Breunswyk
.
Sa kaam yn
1713
offisjeel de koloanje Nij-Skotlan ta wezen. Under it Britske bestjoer waard de namme fan 'e haadsted feroare fan Port Royal yn
Annapolis Royal
. Yn
1749
waard de sit fan it koloniale regear ferpleatst nei it nij stifte
Halifax
. De oarloggen mei de Fransen giene troch oant Frankryk yn
1763
, oan 'e ein fan 'e
Franske en Yndiaanske Oarloch
(
1754
-
1763
), de
Noardamerikaanske
utsprantel fan 'e Jeropeeske
Sanjierrige Oarloch
, frijwol al syn Noardamerikaanske besittings oan Grut-Brittanje ofstean moast, mei derunder ek Kaap Bretoneilan, Prins Edwardeilan en Nij-Breunswyk. Doe't de Britten untdieken dat yn dy oarloch ungeregelde Akadiaanske boargermilysjes oan 'e Franske kant meifochten, brukten se dat as ferlechje om yn
1755
by de
Grutte Utwizing
de hiele Akadiaanske befolking ut Nij-Skotlan en Nij-Breunswyk te ferbaljen, werby't se de lju yn gammele boaten de see opstjoerden, wat hunderten deaden ta gefolch hie. Party Akadianen yn Nij-Breunswyk flechten de wyldernis yn, der't se noch jierrenlang in guerylja-oarloch wei fierden tsjin 'e Britske besetters. Tusken
1759
en
1768
loeken de Britten kolonisten ut 'e sudliker koloanjes fan
Nij-Ingelan
oan om it plak fan 'e Akadianen yn Nij-Skotlan yn te nimmen. De lange snuorje fan oarloch waard yn Nij-Skotlan yn
1761
beeinige by in formele seremoanje werby't letterlik de
striidbile
tusken de Britten en de Mikmak begroeven waard. Neitiid kearden guon Akadianen werom nei it gebiet dat se as harren heitelan beskogen.
Nei
1763
waarden it hjoeddeistige
Nij-Breunswyk
,
Prins Edwardeilan
en dielen fan
Maine
opnommen yn 'e koloanje Nij-Skotlan. Prins Edwardeilan waard yn
1769
in aparte koloanje. Nij-Breunswyk waard nei de
Amerikaanske Unofhinklikheidsoarloch
befolke troch Amerikaanske loyalistyske flechtlingen, dy't oan 'e kant fan 'e Britten meifochten hiene. Doe't der deilisskip untstie oer it bestjoer fan 'e koloanje tusken dy nijynkommelingen en de eardere Nijskotlanske kolonisten, makken de Britten yn
1784
Nij-Breunswyk ta in selsstannige koloanje. Datselde jiers waard ek
Kaap Bretoneilan
bestjoerlik losmakke fan Nij-Skotlan, mar dat soe der yn
1820
wer byfoege wurde. Under de Amerikaanske Unofhinklikheidsoarloch liek it trouwens in hoartsje as soe Nij-Skotlan, "de 14de Amerikaanske koloanje", him by de Amerikaanske opstannelingen oanslute. Der untstie grutte opskuor under de Britske kolonisten, dy't late ta de
Slach om Fort Cumberland
en it
Belis fan Saint John
. Uteinlik waard yn Nij-Skotlan de rebulje lykwols delslein en bleau it in Britske koloanje.
Yn 'e
njoggentjinde iuw
wie Nij-Skotlan de earste Britske koloanje yn Noard-Amearika dy't selsbestjoer krige, yn
1848
, fierhinne troch de ynspannings fan 'e
steatsman
Joseph Howe
. Yn
1867
wie Nij-Skotlan (mei
Ontario
,
Kebek
en
Nij-Breunswyk
) ien fan 'e oprjochtsjende provinsjes fan 'e
Kanadeeske Konfederaasje
. Dat waard bepankoekbakt troch de liedende figueren yn 'e Nijskotlanske polityk, mar it gewoane folk wie der hoegenamt net bliid mei, om't men bang wie dat it lytse Nij-Skotlan weiwurde soe yn sa'n grut steatsferban, en dat de belangen fan 'e provinsje negearre wurde soene. De anty-konfederaasjepartij waard oanfierd troch Joseph Howe, en wun datselde jiers by de ferkiezings 18 fan 'e 19 Nijskotlanske sitten yn it konfederale parlemint, en 36 fan 'e 28 yn 'e provinsjale assimblee. Mar tsjin dy tiid wie it al sa en koe it net mear weromdraaid wurde.
De tsjinstanners krigen gelyk doe't Kanada belied trochfierde en hannelsbarrieres opsmiet dy't de histoaryske bannen fan 'e
Kustprovinsjes
mei it Amerikaanske
Nij-Ingelan
trochsnie, wat yn Nij-Skotlan rampsillige gefolgen hie foar de
ekonomyske
sitewaasje. Mei de
tweintichste iuw
brieken bettere ekonomyske tiden oan foar de provinsje, al bleau de wurkleazens noch lange tiid heech, wylst de
Grutte Depresje
de Nijskotlanskse ekonomy in nije knau joech. Pas nei de
Twadde Wraldoarloch
libbe de sitewaasje fierhinne op, mar fan 'e jierren santich of rekke de ekonomy wer yn it unleech, mei massale migraasje nei Ontario as gefolch.
Nij-Skotlan hat in provinsjaal parlemint mei 51 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen
kiesdistrikt
(
riding
), der't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde kiessysteem as yn
Grut-Brittanje
). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in
minister-presidint
. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e underskate provinsjes oantsjut wurde as
premier
, wylst de federale minister-presidint de
prime minister
is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn
Ottawa
wurdt Nij-Skotlan yn 'e
Senaat
fertsjintwurdige troch 10 fan 105 sitten (9,5%), en yn it
Legerhus
troch 11 fan 308 sitten (3,6%).
It bruto provinsjaal produkt fan Nij-Skotlan wie yn
2010
K$38.475, wat in stik leger is as it Kanadeeske gemiddelde. Sunt it begjin fan 'e
ienentweintichste iuw
hat de
ekonomyske
groei yn 'e provinsje folle minder west as yn 'e rest fan it lan. De ekonomy fan Nij-Skotlan is fan alds fierhinne basearre op 'e eksploitaasje fan natuerlike helpboarnen. Sa is de
fiskerij
noch altyd tige wichtich, en waard de provinsje slim rekke troch it ynstoarten fan 'e
kabeljaufiskerij
troch
oerbefisking
yn 'e jierren njoggentich. Likegoed is Nij-Skotlan noch altyd wralds grutste eksporteur fan
kreeft
, en de totale wearde fan 'e eksport fan alle fiskerijprodukten wurdt rusd op mear as K$1 miljard jiers.
In oare wichtige sektor foar de provinsje is de
boskbou
; Nij-Skotlan is ek de grutste eksporteur yn 'e wrald fan
krystbeammen
. In oare oan 'e boskbou besibbe sektor is de
papieryndustry
. Fierders binne de
mynbou
en ek de
lanbou
fan belang. Sunt
1991
is de
offshore
oalje
- en
gasyndustry
grut wurden, al begjinne de opbringsten derfan de leste jierren tebek te rinnen. Ta einbeslut moat dan noch it
toerisme
neamd wurde, dat yn 'e provinsje foar hast 40.000 banen soarget. Elts jier wurdt Halifax oandien troch 200.000
cruiseskippassazjiers
ut 'e hiele wrald.
Neffens de Kanadeeske folkstelling fan
2011
hie Nij-Skotlan doe 921.727 ynwenners, wat 0,9% mear is as yn
2006
. De
befolkingstichtens
wie yn 2011 17,3 minsken de km². De mearderheid fan 'e Nijskotlanners is fan
Noardjeropeesk
etnysk
komof, mei as wichtichste groepen
Skotten
(28,3%),
Ingelsen
(28,1%),
Ieren
(19,9%),
Fransen
(17,7%),
Dutsers
(10,0%) en
Nederlanners
(3,9%). De lanseigen befolking, besteande ut
Mikmak
-
Yndianen
en
Metis
, makket 10,2% fan 'e ynwenners fan 'e provinsje ut, en de
Fransktalige
Akadianen
1,2%.
Afro-Kanadezen
, foar in part ofstammelingen fan loyalistyske
swarte
ynwenners fan 'e noardlike
Amerikaanske
koloanjes dy't har nei de ein fan 'e
Amerikaanske Unofhinklikheidsoarloch
yn Nij-Skotlan nei wenjen setten, foarmje 2,3% fan 'e befolking.
Op it med fan
godstsjinst
bestiet 85,9% fan 'e befolking fan Nij-Skotlan ut
kristenen
, werunder 49,1%
protestanten
, 36,5%
roomsen
en 0,3%
eastersk-otterdoksen
. De grutste protestantske denominaasjes binne: de feriene protestantske
United Church of Canada
(15,9%), de
anglikanen
(13,4%), de
baptisten
(10,6%), de
presbyterianen
(2,5%), de
luteranen
(1,2%) en de
pinsterkristenen
(1,0%).
Ateisten
en
agnosten
foarmje 11,6% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten binne, yn folchoarder fan grutte: de
islaam
(0,4%); it
joadendom
(0,2%); it
boedisme
(0,2%); it
hindoeisme
(0,1%); it
Westersk heidendom
(0,1%); en it
sikhisme
(<0,1%). Fierders wiene der yn
2010
270 (0,03%) oanhingers fan 'e
lanseigen religy
fan 'e Mikmak.
Nij-Skotlan hat eins gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet festlein is, mar it
Ingelsk
fungearret as de
de facto
offisjele taal. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan
2011
is dat ek de memmetaal fan in grutte mearderheid (92,5%) fan 'e befolking. De
Fransktalige
minderheid bestie yn 2011 ut rom 31.000 minsken (3,4%), werunder rom 11.000
Akadianen
. Nei it Ingelsk en it Fransk wie it
Arabysk
mei krapoan 6.000 sprekkers (0,7%) de trede taal fan 'e provinsje. It
Mikmak
, de taal fan 'e lanseigen Mikmak-Yndianen, kaam op it fjirde plak, mei 4.600 sprekkers (0,5%). It
Skotsk-Gaelysk
wurdt al fan 'e twadde helte fan 'e
achttjinde iuw
of op
Kaap Bretoneilan
sprutsen. Derby giet it neffens offisjele sifers fan it Nijskotlanske
Office of Gaelic Affairs
om sa'n 2.000 sprekkers (0,2%).
It
klimaat
wurdt yn Nij-Skotlan sterk beynfloede trochdat de provinsje frijwol hielendal troch de see omjun wurdt. Der hearsket sadwaande in
seeklimaat
, al skoarret dat tige deun tsjin in
lanklimaat
oan.