- Dizze side giet oer
de foarstlike titel kening
. Foar oare betsjuttings, sjoch:
kening (betsjuttingsside)
.
Kening
is nei
keizer
de heechste
foarstlike
titel
. Mei dizze titel wurdt it (manlike) steatshaad fan in keninkryk oantsjutten. It
froulike
ekwifalint fan de titel is
keninginne
, mar dat is ek oantsjutting foar de
oarehelte
fan in kening. De
soan
fan in kening is in
prins
en syn
dochter
is in
prinsesse
. De opfolger fan in kening is de
kroanprins
. Ofhinklik fan de definysje fan
eallju
kin de kening de heechste ealman yn in lan weze, of dejinge dy't sizzenskip oer alle eallju hat.
Histoarysk hienen de
Germaanske
keningen de kombinearre funksje fan foarsitter by folksgearkomsten, hegepryster by offers en militer lieder by kriich. Nei alle gedachten hat dit ea in net-erflike funksje west, mar yn histoaryske tiden wie de titel erflik, al moast it folk de opfolging al goedkarre. De heechste hearskers yn oare kultueren hienen net krekt deselde funksjes, mar hja wurde oan de keningen lyksteld.
Yn Nederlan untwikkele harren yn de
6e iuw
yn it Frysk-Grinslanner terpegebiet stadich oan in keningskip by de it folk fan de
Friezen
. Krekt as yn de
Angelsaksyske
wrald bestie it Fryske gebiet ut meardere lytse politike ienheden mei elts in eigen politike lieder as kening. De earste keningen moatte derom foaral beskoge wurden as kriichshearen, waans kant tydlik keazen waard troch lokale machthawwers (eallju) om wjerstan biede te kinnen oan driging fan oare folken.
It Fryske keninkryk krige yn de rin fan de
7e iuw
hieltyd mear stal. De keningen wienen suksesfol yn de kriich en wreide harren gebiet fierder ut nei it suden. Sy wienen machtich en ryk en under kening
Redbad
soe it
Fryske ryk
har grutste utwreiding krije. Nei dizze kening soe it stadich oan oermastere wurde troch de
Franken
.
Karel de Grutte
makke der yn
772
in ein oan, doe't er it gebiet fan de Friezen eastlik fan de
Lauwers
by it
Frankyske ryk
foege.
De titel fan kening bestie yn
Nederlan
op 'e nij sunt
1815
. Yn
1813
waard de
soevereiniteit
opdroegen oan Willem Frederik,
Prins
fan
Oranje-Nassau
. Hy wie doe Soeverein Foarst Willem VI, mar nei de feriening mei
Belgje
op it
Kongres fan Wenen
waard er yn
1815
nei in muoisume lobby oerhelle de titel 'Kening' oan te nimmen. Hjirmei waard er Kening
Willem I fan Nederlan
.
Nederlan wurdt al sunt mear as 100 jier regeard troch in keninginne, omdat de aldsten yn de direkte line al trije kear froulju wiene. Yn de Nederlanske grunwet komt de term
Keninginne
foar in regearjende foarst lykwols net foar, dat formeel binne hja kening. Om dizze reden is de man fan de keninginne de
prins-gemaal
; hy kin gjin
kening
weze want dat is de titel fan syn frou. Oarsom wurdt de frou fan in manlike kening al
keninginne
neamd.
De Nederlanske
Keningskroan
waard yn
1816
feststeld by Keninklik Beslut of kabinetsoarder (24.6.1816 nr. 77). Oars as by it ynstallearjen fan de measte oare foarsten, wurdt de Nederlanske kening net kroane mei de kroan. Ommers, yn it
Plakkaat fan Ferlating
hawwe de Nederlannen steld dat de kening it folk tsjinnet; derby past net in ynhuldiging werby de kening troch de kroaning boppe it folk pleatst wurdt.
Troch de tiid hinne hat Jeropa ferskate keninkriken kend; guon binne ferdwun troch ferovering, oare troch fuzje en wer oaren troch revolusje.
Hjoed de dei hat Jeropa de neikommende keninkriken:
Hjoed de dei hat Jeropa de neikommende lannen dit earder keninkriken wienen:
Yn it ferline wienen der yn Jeropa de neikommende keninkriken dy't no net mear as lannen besteane. Guon derfan binne: