한국   대만   중국   일본 
Beskaving - Wikipedy Springe nei ynhald

Beskaving

Ut Wikipedy
De Sfinks en de Piramiden fan Giza steane by utstek symboal foar de beskaving fan it Alde Egypte .

Beskaving is in begryp mei ferskate betsjuttings dy't ferwize nei de minsklike untjouwing. Derby kin it gean om 'e persoanlike untwikkeling fan yndividuen , mar ek om 'e untwikkeling fan groepen. It meast komt it lykwols foar as oantsjutting foar in maatskippij mei in beskate mjitte fan kompleksiteit . Etymologysk ferwiist it wurd 'beskaving' nei it byskaven, oftewol it minder rou meitsjen troch it bruken fan in skaaf . In synonym is sivilisaasje , dat oflaat is fan it Latynske civis (" boarger ").

Yndividuele beskaving [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e kontekst fan it yndividu slacht 'beskaving' op it bybringen fan in noarm fan fatsoenlik halden en dragen . It ymplisearret dan de mjitte fan ferfining fan immen. Yn dy sin is it begryp besibbe oan etikette . Yn dizze betsjutting wurdt beskaafd halden en dragen as tsjinstelde beskoge fan barbaarsk halden en dragen.

Ynklusive beskaving [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e achttjinde iuw untstie under ynfloed fan 'e Ferljochting de betsjutting foar it byskaven fan it oanlearen fan kennis en noarmen en wearden . Yn it doedestiden hearskjende foarutgongsleauwe wie beskaving de heechste triemme fan in untjouwingsproses. De Westerske wrald waard understeld him dermei te underskieden fan eardere, barbaarske maatskippijen. Yn dizze kontekts waard 'beskaving' almar mear synonym mei ' kultuer '.

Foar maatskippijen yn oare dielen fan 'e wrald soe dizze foarm fan beskaving te berikken weze as se harren oanpasse soene oan 'e Jeropeeske untwikkelings, wermei't it ta in ynklusyf begryp waard. Yn 'e njoggentjinde iuw wun dat etnosintryske wraldbyld terrein. De komplekse eigen maatskippij waard troch de Westerlingen as superieur beskoge yn ferhalding mei oare, minder komplekse maatskippijen. Dermei waard fuortendaliks ek de oerhearsking fan oare folken troch it Westen legitimearre, lykas troch de ferovering fan Noard-Amearika op 'e Yndianen of it kolonialisme fan 'e Jeropeeske grutmachten yn Afrika en Aazje . It kontakt mei de saneamd 'ynferieure' maatskippijen dat derut fuortkaam, fitere it rasistyske byld fan 'e blanke superioriteit noch fierder oan.

Fanwegen de sterke beladenens waard it begryp 'beskaving' geandewei de tweintichste iuw hieltyd minder yn dizze betsjutting brukt. Derby spile ek mei dat men de konsepten beskaving en kultuer wer almar mear as ferskillende begripen begun te sjen.

Eksklusive beskaving [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Utlis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e njoggentjinde iuw krige it gebruk fan 'beskaving' in nije bestjutting yn 'e eksklusive (utslutende) sin: in beskaving werfan't net eltsenien diel utmakket. Yn dy sin ferwiist de term nei in komplekse maatskippij op basis fan sedintere bou (yn tsjinstelling ta nomadyske feehalderij ), en mei in regear yn 'e foarm fan in sintralisearre bestjoer mei in burokrasy dy't belestings inet. Sa'n beskaving wurdt karakterisearre troch de untwikkeling fan steden en maatskiplike stratifikaasje (d.w.s. it untstean fan underskate maatskiplike klassen ). Oare skaaimerken binne in symboalyske foarm fan kommunikaasje (lykas skriuwen ), de domestikaasje fan beskate bisten , en de spesjalisaasje fan 'e arbeidsferdieling , dy't it mooglik makket om oerskotten te produsearjen en te ferhanneljen . Sa untstiet der foldwaande rykdom foar de untjouwing fan religieuze , politike en kulturele elites .

Histoarysk wurdt de term 'beskaving' yn dizze sin almeast begrepen as in gruttere en 'heechsteandere' kultuer as foargeande, saneamd primitive kultueren . Oer it algemien kin steld wurde dat it tsjinstelde fan in eksklusive beskaving in tribale maatskippij sunder sintralisearre regear is, lykas in nomadyske feehoederskultuer of in kultuer fan jager-sammelders . De ierste beskavings ferskynden fuort nei de Neolityske Revolusje , dy't yn beskate dielen fan 'e wrald in fluch proses fan stedsfoarming en steatsformaasje yn gong sette. Dat barde benammen oan 'e Giele Rivier en de Jangtsekiang yn Sina , yn 'e Nyldelling fan Egypte , yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten en yn 'e Yndusdelling yn it noarden fan it Yndysk subkontinint .

Yndieling fan beskavings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Beskavings wurde yn 'e historiografy yn trije kategoryen yndield: iere beskavings, klassike beskavings en postklassike beskavings.

Iere beskavings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De grutte iere beskavings binne:

Ek de alderierste beskavings fan Meso-Amearika , Sud-Amearika , Afrika en Sudeast-Aazje wurde ta de iere beskavings rekkene.

Klassike beskavings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

As klassike beskavings wurde beskoge u.o.:

Postklassike beskavings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Postklassike beskavings binne u.m.:

Hjoeddeistige beskavings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In lankaart dy't (likernoch) de beskavings fan 'e hjoeddeistige wrald werjout neffens Clash of Civilazations fan Samuel P. Huntington .

De hjoeddeistige wrald bestiet neffens it ynfloedrike boek Clash of Civilizations , fan politikolooch Samuel P. Huntington , ut njoggen underskate beskavings, dy't lykwols troch de tanimmende ferwevenens fan 'e wraldekonomy hieltyd mear nei inoar ta groeie. Huntington underskate derby:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes , References en Bibliography , op dizze side .