한국   대만   중국   일본 
Amsterdamned - Wikipedy Springe nei ynhald

Amsterdamned

Ut Wikipedy
Amsterdamned
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Dick Maas
produsint Laurens Geels
Dick Maas
senario Dick Maas
kamerarezjy Marc Felperlaan
muzyk Dick Maas
filmstudio First Floor Features
distribusje First Floor Features (Nederlan)
Concorde Film (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Huub Stapel
Monique van de Ven
byrollen Serge-Henri Valcke
Tatum Dagelet
Wim Zomer
Tanneke Hartzuiker
Hidde Maas
Lou Landre
skaaimerken
lan/lannen Nederlan
premiere 11 febrewaris 1988
foarm langspylfilm
sjenre horror skriller en plysjefilm
taal Nederlansk
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget ?6 miljoen

Amsterdamned is in Nederlansk horror skriller , plysjefilm en slasherfilm ut 1988 under rezjy fan Dick Maas , mei yn 'e haadrollen Huub Stapel en Monique van de Ven . De titel is in gearluking fan 'e plaknamme Amsterdam en it Ingelske wurd damned , dat " ferflokt " betsjut. It ferhaal folget plysjeman Eric Visser as er efter in psychopatyske searjemoardner oangiet dy't Amsterdam unfeilich makket en ut 'e greften fan 'e sted wei liket te operearjen. Amsterdamned krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel suksesfol yn 'e bioskopen .

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op in juns let yn Amsterdam nimt in prostituee in taksy nei hus ut it bordeel wei der't se wurket. De taksysjauffeur set op in stuit de auto oan 'e kant fan 'e strjitte njonken in greft en besiket har mei geweld safier te krijen dat se him befrediget mei orale seks . As de unwillige prostituee him byt, smyt er har ut 'e auto en riidt fuort. Wylst de prostituee op 'e knibbels op 'e klinkerts leit om har ut har hantaske rugele eigendommen op te sykjen, wurdt se oerfallen troch in moardner , dy't ut 'e greft wei op 'e kade klimt. Hy stekt har dea mei in grut slachtersmes en sleept har dan mei werom de greft yn. De oare moarns wurdt it bluodderige lyk fan 'e prostituee understboppest oan in brege hingjend weromfun as in runfeartboat under dyselde brege trochfart, mei oan board in groep skoalbern en nonnen dy't troch de underfining foar it libben traumatisearre reitsje.

Resjersjeur Eric Visser, in allinnichsteande heit dy't tegearre mei syn tolvejierrige dochter Anneke wennet, wurdt op 'e saak set. Hy wurdt bystien troch syn plysjepartner , de eptige resjersjeur Vermeer, en kriget bykommende assistinsje fan 'e froulike resjersjeur Potter. Visser is ien dy't it net sa nau nimt mei de wurktiden en dy't ek as er yn funksje is, wolris in slokje nimt. Nettsjinsteande dat wurdt er troch syn sjef beskoge as ien fan 'e beste resjersjeurs fan 'e Amsterdamske Plysje . Nei't er underweis op trochtaastende wize mei in oerfal op in bakkerij ofweefd hat, arrivearret Visser op it plak delikt . Vermeer praat him by oer wat der oant no ta bekend is. Potter fynt de iennichste tsjuge , in alde swerfster , dy't hawwe wol dat de prostituee fermoarde is troch in wettermeunster dat opriisde ut 'e greft.

Dy nacht lizze in pear miljeu-aktivisten , Hendrik en Kees, yn in roeiboat yn in greft om meunsters fan 'e wetterkwaliteit te nimmen by in gemysk fabryk werfan't se fermoedzje dat dy nachts offalwetter yn 'e greft fuortspielt. Ynstee fan bewizen foar miljeufersmoarging treffe se lykwols de moardner oan, dy't Hendrik oerboard skuort as dy it anker ynhelje wol en him unthalzet . As Kees dat sjocht, falt er fan skrik oerboard. Hy wit nei de kant te swimmen , mar wurdt troch de moardner weromskuord it wetter yn ear't er help beroppe kin.

De oare deis, as de stoflike omskotten fan 'e beide miljeu-aktivisten fun wurde, komme Visser en Vermeer del om 'e dubele moard te undersykjen. Se ornearje dat se nei alle gedachten te krijen hawwe mei in searjemoardner , mei't de kans lyts is dat der twa moardners tagelyk yn 'e Amsterdamske greften aktyf binne. Harren team kriget fersterking fan John, in lid fan 'e wetterplysje en in eardere freon fan Visser. Harren freonskip is in jier as tolve lyn bekuolle nei't Visser wat krige mei de mem fan syn dochter Anneke, dy't op dat stuit in relaasje mei John hie. Mei't se Visser (en Anneke) letter ek sitte litten hat en no yn Frankryk gearwennet mei in keunstner , fynt John dat Visser al genoch straft is en dat er John sels boppedat foar gruttere ellinde behoede hat troch mei it frommes ut te naaien. Nettsjinsteande dat wurde de beide mannen gjin freonen mear.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Om't no wol dudlik is dat de moardner in duker is, giet de plysje alle Amsterdamske dukklubs of om neifraach te dwaan. Visser giet sels by de grutste dukklub del, der't er in oantreklike froulike dukster moetet dy't Laura hjit. Hy freget har om wat mei him te drinken yn 'e kantine fan 'e klub, mar ear't dat syn beslach krije kin, wurdt Laura ofhelle troch in Martin Ruysdael, in earder lid fan deselde dukklub. Dy juns wurdt in kollektante fan it Leger des Heils , dy't jild untfremdet ut 'e kollektebus , fan 'e kade of de greft yn skuord. De oare deis wurdt har lyk opfandele troch in boat fan 'e gemeentlike reinigingstsjinst dy't de greften himmelet.

It plysje-undersyk foarderet mar traach, ta argewaasje fan Visser, want salang't de plysje gjin idee hat wa't efter de moarden sit, kin de searjemoardner unbehindere syn gong gean. De boargemaster rekket ek frustrearre oer it gebrek oan foarutgong yn it undersyk, en begjint druk ut te oefenjen om Visser te ferfangen troch in resjersjeur dy't de saak wol oplosse kin. Visser syn sjef wegeret der lykwols oan mei te wurkjen en ferbynt syn eigen karrierekansen oan 'e utkomsten fan it undersyk fan Visser.

De middeis nimt Visser frij en siket er Laura op yn it Ryksmuseum , der't se runliedings fersoarget. Hy wol witte hoe't it sit tusken Ruysdael en har, mar sy bewissiget him derfan dat er inkeld in freon is, mear net. Dat kin ek net, want hy is har psychiater ; Laura hat nammentlik in goed jier lyn de man ferlern , en dat hat har geastlik in rare knoei jun. Visser freget har mei ut op in ofspraakje foar dy juns en sy giet derop yn.

Wylst Visser en Laura tegearre yn in restaurant sitte, besiket Anneke har heit te helpen troch op eigen manneboet op 'e siik te gean nei de searjemoardner. Har skoalfreon Willy, dy't beweart paranormaal bejeftige te wezen, giet yn trans en wiist op in plattegrun fan Amsterdam in plak oan der't neffens him de searjemoardner sit. Hy en Anneke geane derhinne, mar it blykt in flauwe grap fan Willy te wezen om Anneke bang te meitsjen. By wize fan ferjilding jout se him in set, sadat er efteroer yn 'e greft kneppelet. Pas as er unthjitten hat om tenei har huswurk foar wiskunde en Fransk te dwaan, helpt se him wer op it druge. Wylst se fuortkuierje, komt efter harren de searjemoardner boppe wetter.

De oare deis wurdt op ljochtskyndei in jonge frou fermoarde dy't yn bikiny yn in opblaasboatsje op 'e greft oan it sinnebaaien is. Visser-en-dy krije einlings en te'n lesten in tip der't se wat mei kinne, oer in duker dy't foarhinne op boareilannen wurke. Dyselde man stiet bekend as in opljeppende driftkikkert dy't him fan en ta oerjout oan gewelddiedige utbarstings. In bekende is him koartby yn Amsterdam tsjinkommen en fun dat er him apart hold en droech . Visser, Vermeer en Potter geane derop of, mar de ynfal yn it snusterige hoteltsje der't de man ferbliuwt, rint ut op in wylde efterfolging as de fertochte ut it finster springt en utpykt op in motorfyts . Visser giet der mei John yn in auto efteroan. Uteinlik riidt de fertochte himsels klem foar in iepensteande brege. De man wurdt arrestearre , en as dat buorkundich wurdt, lit de hiele sted in sucht fan ferromming slupe.

Wannear't de arrestant yn 't ferhear nommen wurdt, begjint Visser lykwols twifels te krijen oft er wol echt de dieder is. Deprimearre begjint er te drinken, en midden yn 'e nacht set er nei Laura ta. Hoewol't se al sliepte , lit se him deryn. Sels riedt er har oan om him fuort te stjoeren, mar ynstee nimt se him mei op bed , der't se seksuele omgong hawwe wylst it butendoar begjint te reinen dat it miicht. Yn 'e nacht snijt de moardner by needwaar de ofmartouwen fan in wenark los en sleept de boat nei de midden fan 'e greft, der't er him lek slacht. De bewenner, in dronken aldman, fermoardet er wylst it skipke te sink giet.

De oare moarns binne Vermeer en John al ier by de pinken, mar Visser is net te berikken om't nimmen wit dat er by Laura sliept hat. As se de lokaasje fan 'e sonken wenark feststeld hawwe, beslut John dat er net op Visser wachtsje wol. Derom lukt er in dukerspak oan en giet er allinne op 'e boaiem fan 'e greft op sneup nei wat er fine kin. Hy waant him feilich om't de searjemoardner ommers al efter slot en skoattel sit. Hy fynt de wenark, giet der nei binnen ta en untdekt de fermoarde bewenner. As er wer nei buten ta sil, wurdt er by de utgong fan 'e roef opwachte troch de moardner, dy't him mei in dukersmes tenei komt en deastekt. Vermeer en de unifoarmearre wetterplysjes helje John boppe wetter, mar it is al te let. In bultsjesspoar, as fan in duker mei in soerstofflesse , liedt by de wenark wei, en Vermeer-en-dy sette de efterfolging yn. As de duker in slus yn swimt , tinkt Vermeer dat er de dieder te pakken hat troch halje-trawalje de slusdoarren ticht te draaien. Dernei lit er de slus leechpompe. Visser arrivearret krekt op 'e tiid om te sjen dat de duker inkeld syn soerstofflesse op 'e boaiem fan 'e slus efterlitten hat, mar sels under wetter swimmend untkommen is.

In tip dat der in man yn dukerstaris ut 'e greft in loads op in jachtwerf binnenkrongen is, set Visser en Vermeer wer op it spoar fan 'e moardner. Dyselde wit lykwols fannijs te untkommen troch in speedboat te stellen. Visser nimt in oare speedboat derefteroan, mar Vermeer mist de boat. Der folget in spektakulere speedboatefterfolging troch de Amsterdamske greften, dy't einiget as de moardner net goed utsjocht en syn speedboat yn 'e side fan in folle gruttere frachtboat boarret, mei in grutte untploffing ta gefolch.

Visser fangt in glim op fan immen dy't in ein fierderop ut it wetter fan 'e greft wei in manselheech rioel binnen giet. Hy set derefteroan en untdekt de moardner uteinlik as dy fia in rioelputsje ut it rioel klimt. De moardner besjit him mei in harpoenpistoal , en Visser kriget de harpoen troch it skouder . Ear't de man syn gewear werlade kin, pakt Visser syn pistoal en sjit werom. Derby tebrizelet er de dukbril fan syn oanfaller en jeit de man de skrik op it liif, mar ferwunet him fierders net. De moardner spilet lykwols fan ruten, net wittend dat Visser fuort dernei bewusteleas rekket troch de pine fan syn wune. Letter wurdt er wekker yn it sikehus , der't Vermeer, dy't him uteinlik fun hat, him hinne brocht hat. Laura is der ek en heart hoe't Visser en Vermeer it oer de stikkene dukbril hawwe. De dokter wol Visser foarearst ter observaasje yn it sikehus halde en spuitet him plat om foar te kommen dat er utpike sil.

De oare deis giet Laura nei har wyklikse psychiatersofspraak mei Ruysdael. Hja is wat betiid en Ruysdael sels is der net. Syn hushaldster lit har deryn, mar stiet sels op it punt om fuort. Laura wachtet wat, mar as se lud heart, doarmet se yn it lege hus om en untdekt se yn it efterhus in kelder dy't tagong jout ta de greft. Der lizze ferskate foarwerpen dy't fan 'e slachtoffers fan 'e searjemoardner binne, lykas de kollektebus fan 'e heilssoldate, mar Laura hat dat net foar it ferstan. As se lykwols in dukbril mei in ferbrizele gles opmerkt en in dukerspak dat noch net goed druch is, begjint se erchtinkend te wurden. Se skillet it sikehus op om Visser te wurd, mar de ferpleechster wol har net trochferbine om't Visser ferlet hat fan rest. Ynstee lit se dan mar in boadskip efter der't de ferpleechster gjin tou oan festknoopje kin, foar't se de hoarn der gau opsmyt om't Ruysdael thus komt. Laura siket in sideplak op en haldt har sa stil mooglik.

Yn it sikehus komt Vermeer mei Anneke en Willy op sikebesite en makket Visser wekker. De ferpleechster fertelt dat der in Laura foar Visser belle hat mei in urgint boadskip oer dat se wit wa't it is. Visser, dy't wit dat Laura hjoed om dizze tiid nei Ruysdael soe, untslacht himsels fuortendaliks ut it sikehus en set mei Vermeer of nei de wente fan Ruysdael. Der is de psychiater underwilens begun mei pianospyljen , wat Laura de kans biedt om in feiliger hinnekommen te sykjen. Se giet wer nei de wetterkelder, mar stompt der by fersin wat om. Ruysdael giet op undersyk ut nei wat dat leven feroarsake hawwe kin, en wannear't er mei de rech nei Laura ta stiet, timmert se him del mei in peddel . As er bewusteleas is, sakket se yn ferromming op 'e knibbels del. Ynienen sjit der in duker ut it wetter omheech en grypt har by it ankel . Hy besiket Laura de greft yn te slepen, mar se haldt har fest oan 'e spile fan in trepke dat yn 'e kelder omleech liedt. Krekt foar't de spile los skuord wurdt, smyt Visser de keldersdoar iepen en sjit syn pistoal leech op 'e duker, dy't gau-gau under dukt en fuort swimt.

Neitiid bekent Ruysdael dat de searjemoardner in hiel goede freon fan sines is, dy't as profesjoneel duker foar in bergingsbedriuw wurke. By de berging fan in skip dat temuk laden wie mei uraniumheksafluoride rekke er slim fergiftige . Neitiid koed syn wurk net mear dwaan en krige er kanker swolms oer de hiele holle , en ek syn tinken rekke oantaast. Visser konkludearret dat de man trochdraaid is en wraak nimme wol op 'e hiele wrald. Ruysdael liedt Visser en Vermeer nei de wente fan syn freon, mar op it stuit dat de resjersjeurs der binnenfalle, makket de moarder himsels fan kant troch himsels mei syn harpoenpistoal in harpoen troch de holle te sjitten.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Huub Stapel yn 2015 .
Monique van de Ven yn 1988 .
haadrollen
personaazje                      akteur/aktrise
resjersjeur Eric Visser Huub Stapel
Laura Monique van de Ven


byrollen
personaazje akteur/aktrise
resjersjeur Vermeer Serge-Henri Valcke
Anneke Visser Tatum Dagelet
wetterplysjeman John Wim Zomer
resjersjeur Potter Tanneke Hartzuiker
Martin Ruysdael Hidde Maas
plysjesjef Lou Landre
Willy Edwin Bakker *
manager dukferiening Paul van Soest
boargemaster fan Amsterdam Jules Croiset
patolooch-anatoom Roelant Radier
haadkommissaris fan plysje Helmert Woudenberg
gleie taksysjauffeur Jaap Stobbe
prostituee Barbara Martijn
swerfster Lettie Oosthoek
meunsternimmer Hendrik Koos van der Knaap
meunsternimmer Kees Pieter Loef
heilssoldate Simone Ettekoven
jonge frou yn opblaasboatsje Leontine Ruiters
jongeman op wenboat Don Duyns
dronken wenarkbewenner Pieter Lutz
fertochte op motorfyts Hans Dagelet
gids op runfeartboat Inge Ipenburg
jiskeman op greftereinigingsboat Hans Beijer
searjemoardner Door van Boeckel
dokter yn sikehus Freark Smink
ferpleechster Mira de Vries
resjersjeur #4 Jeroen Bosma
frachtweinsjauffeur G.H. van Essen
byrider yn frachtwein Bert Luppes
dirigint op orkestboat Bert Haanstra ( cameo )
man op terraske Simon Carmiggelt (cameo)
man op wetterfyts Simon van Collem (cameo)
frou op wetterfyts Inge Beekman (cameo)

*) De dialooch fan Edwin Bakker waard yn 'e postproduksje neisyngronisearre mei de stim fan Horace Cohen .

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Amsterdamned waard regissearre troch Dick Maas nei in senario fan himsels. As produsinten wiene Maas en Laurens Geels by it projekt belutsen foar harren filmstudio First Floor Features . Foar de film wie in budget beskikber fan ? 6 miljoen, wat omrekkene likernoch 2,3 miljoen is. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Marc Felperlaan , en de filmmuzyk waard fersoarge troch Dick Maas.

Titelsong [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Golden Earring , in band der't Maas ferskate fideoklips foar makke hie, skreau foar Amsterdamned de titelsong My Killer, My Shadow . Ta teloarstelling fan 'e band keas Maas lykwols foar de titelsong Amsterdamned , fan it duo Lois Lane . My Killer, My Shadow waard doe as numer utbrocht op it Golden Earring- album Keeper of the Flame . Amsterdamned fan Lois Lane berikte it 33e plak yn 'e Nederlanske Top 40 , en My Killer, My Shadow it 24e plak.

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar Amsterdamned funen foar it meastepart plak yn Amsterdam . De binnendoarsenes op it plysjeburo waarden filme yn 'e Stopera , it nije stedhus oan 'e Amstel ; dat stie under de opnamen noch leech om't de gemeentlike organisaasje it pas yn septimber 1988 betrok. Filmjen op 'e Wallen , de roze buert fan Amsterdam, bliek fanwegen de drokte dere unmooglik. Derom waard de Groenburgwal foar inkele dagen behongen mei reade lampen , neonreklames en uthingbuorden . De Amsterdamske greften wiene likemin gaadlik foar opnamen; derom waarden de underwettersenes filme yn 'e Eastfoarnske Mar by Rotterdam .

De sene fan Visser syn besyk oan 'e dukklub waard opnommen by de Sloterplas yn Amsterdam. De sene weryn't Visser de beroving fan in bakkerij feridelet, waard filme yn Utert , wylst de wente fan psychiater Martin Ruysdael yn it echt yn Heemstede stie. De gearkomste yn 'e wurkkeamer fan 'e boargemaster waard filme yn it stedhus fan Leien . De efterfolging mei de fertochte op 'e motor waard foar in diel opnommen yn it gebiet by de Zeedijk en de Oudezijds Achterburgwal . De ferpaupering mei fertutearze pannen en tichtspikere doarren en finsters liket wol in oerdreaun effekt foar de film, mar wie ein 1980-er jierren de tryste realiteit yn dy buert . De slus der't de moardner resjersjeur Vermeer sa te fiter hat, wie de Amstelslus by it Keninklik Teater Carre . It bliek technysk net mooglik om dy echt leech te pompen. Derom waard foar it koarte byld fan 'e leechpompte slus in skildering foar de kamera pleatst.

By de opnamen fan 'e speedboatefterfolging troch de Amsterdamske greften ferlear ien fan 'e stuntlju op in stuit by it nimmen fan in bocht de behearsking oer it stjoer, mei as gefolch dat de speedboat mei in faasje fan 70  km / h tsjin 'e kademuorre oan klapte. Derby run akteur Huub Stapel , dy't ek oan board wie, in swiere hernia op dy't him trije wiken buten aksje hold. Om't der yn Amsterdam gjin werfkelders mei leechleine terraskes binne, waard it stik fan 'e speedboatefterfolging werby't de beide speedboaten har in paad klearje troch in mei toeristen befolke terraske, oan 'e Oudegracht yn Utert opnommen. Oan 'e tsien sekonden dy't dat stikje fan 'e efterfolging yn 'e film ynnimt, waarden twa draaidagen spandearre. Foar de sene werby't ien fan 'e speedboaten oer in brege yn 'e greft springt, waard de boat 'ofsketten' mei in stikstofkanon . Foar de sene yn it rioel waard yn 'e studio in riolearringsstelsel neiboud; yn it echt hat Amsterdam gjin rioelbuizen dy't sa grut binne dat in man der frijwol rjochtop yn rinne kin.

Yn 'e film binne ferskate cameo's fan bekende Nederlanners te sjen. De earste deis, koart foar't er de beroving fan 'e bakkerij feridelet, riidt Visser by in terraske lans der't kollumnist Simon Carmiggelt sit. By de speedboatefterfolging moatte de beide speedboaten utwike foar in boat mei in orkest dat dirigearre wurdt troch regisseur Bert Haanstra (in ferwizing nei dy syn bekende film Fanfare ). En by de speedboatefterfolging wurdt troch de moardner ek in alder troud pear op in wetterfyts wiet spat; dat binne filmkritikus Simon van Collem en Inge Beekman , de mem fan regisseur Dick Maas . Dyselden hiene ek in cameo as troud pear yn Maas syn eardere film Flodder ( 1986 ), werby't se ek al wiet spat waarden (doe't der in auto yn harren swimbad ried) .

Regisseur Dick Maas by de parsepremiere fan Amsterdamned op 8 febrewaris 1988 .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Amsterdamned waard yn Nederlan fersoarge troch First Floor Features en om utens troch Concorde Film . De film gie op 11 febrewaris 1988 yn 'e Nederlanske bioskopen yn premiere . Yn 2017 waard Amsterdamned under tafersjoch fan regisseur Dick Maas en filmeditor Hans van Dongen folslein restaurearre, om dernei yn 'e Feriene Steaten op blu-ray utbrocht te wurden.

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Amsterdamned oer it algemien positive resinsjes . Websiden dy't resinsjes sammelje, lykas Rotten Tomatoes en Metacritic hawwe anno 2023 (noch) gjin oardiel oer Amsterdamned .

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opbringst fan Amsterdamned yn 'e Nederlanske bioskopen is undudlik, hoewol't wol bekend is dat de film goed besocht waard en kommersjeel suksesfol wie. Op 'e Amerikaanske Filmmerk fan 1988 wie Amsterdamned de op twa nei heechst betelle film fan it jier. Vestron besette de filmdistribusjerjochten yn 'e Feriene Steaten en liet de film yn it Ingelsk neisyngronisearje. Huub Stapel , Monique van de Ven en Serge-Henri Valcke sprieken derby harren eigen dialooch yn it Ingelsk yn. Amsterdamned waard yn 'e Feriene Steaten yn in beheind tal bioskopen utbrocht en behelle in opbringst fan $ 98.000.

Skraste ferfolchfilm [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Begjin 1990-er jierren naam regisseur Dick Maas yn omtinken om in ferfolch op Amsterdamned te meitsjen. Dat moast dan net yn Amsterdam , mar yn Rotterdam spylje. Der wie de titel Rotterdoom foar betocht, in gearluking fan 'e plaknamme Rotterdam en it Ingelsk wurdt doom , dat " doem " betsjut. Uteinlik besleat er dat plan lykwols net troch te setten.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side en under Bronnen, noten en/of referenties , op dizze side