한국   대만   중국   일본 
Abu Bakr al-Bagdadi - Wikipedy Springe nei ynhald

Abu Bakr al-Bagdadi

Ut Wikipedy
Abu Bakr al-Bagdadi
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit Iraaksk
berne 28 july 1971
berteplak Samarra ( Irak )
stoarn 27 oktober 2019
stjerplak Barisja ( Syrje )
etnisiteit Arabysk
reg. identiteit Iraaksk-soennitysk
wurkpaad
berop/amt geastlike , teolooch
aktyf as terrorist
jierren aktyf 2003 ? 2019
reden
  bekendheid
selsbeneamde " kalyf " fan 'e
   saneamde " Islamityske Steat "

Abu Bakr al-Bagdadi ( Arabysk : ??? ??? ?????????, folut: Abu Bakr al-Bagdadi al-Koeraisji, sekuere transliteraasje : Ab? Bakr al-Ba?dadi al-Quray?i ), wiere namme : Ibrahim Awad Ibrahim Ali Mohammed al-Badri al-Samarrai (Arabysk: ??????? ???? ??????? ??? ???? ?????? ??????????, sekuere transliteraasje: Ibrah?m ‘Awad Ibrah?m ‘Al? Mu?ammad al-Badr? al-Samarra? ), ( Samarra , 28 july 1971 ? Barisja , 27 oktober 2019 ) wie in Iraaksk terrorist dy't de selsbeneamde " kalyf " wie fan 'e saneamde " Islamityske Steat yn Irak en Syrje " (ISIS). Hy kaam yn juny 2014 oan 'e macht en hie de lieding oer de ekspansje fan 'e oerhearsking fan syn terroristyske organisaasje oer grutte dielen fan noardwestlik Irak en noardeastlik Syrje . Derby wied er ek ferantwurdlik foar de Jezidyske Genoside tsjin 'e Jezidys , in etnysk - religieuze minderheid yn it noarden fan Irak, en de seksuele slavernij fan tuzenen Jezidy- froulju en - famkes . Nei de undergong fan ISIS as territoriale macht yn it neijier fan 2017 doek Al-Bagdadi under en liet er net folle mear fan him hearre. Ein oktober 2019 waard syn skulplak untdutsen en binnenfallen troch Amerikaanske kommando's , wernei't Al-Bagdadi himsels opblies om finzenskip te untrinnen.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Al-Bagdadi waard yn 1971 as Ibrahim Awad Ibrahim Ali Mohammed al-Badri al-Samarrai berne yn 'e sted Samarra yn sintraal Irak . 'Abu Bakr al-Bagdadi' wie in nom de guerre dy't er letter oannaam, en dy't ferwiisde nei Abu Bakr , de pleatsferfanger fan 'e profeet Mohammed en de earste kalyf fan it Islamityske Ryk yn 'e sande iuw . De efternamme "al-Bagdadi" betsjut inkeld "fan Bagdad ". Hy wie de trede fan fjouwer soannen yn 'e hushalding fan Awad al-Badri, in sjeik fan 'e Al-Bu Badri , in Arabyske stamme mei ferskate substammen werunder de Koeraisjiten , der't de profeet Mohammed ta heard hie. Al-Bagdadi hold letter ut dat er sels ek in Koeraisjyt wie en dat er derom fan 'e profeet ofstamme , hoewol't er der gjin inkeld bewiis foar oanfierde. Hy pleatste simpelwei de stamme-oantsjutting 'al-Koeraisji' efter syn oannommen efternamme 'al Bagdadi'.

Neffens in semy-autorisearre biografy dy't Abid Humam al-Atari oer Al-Bagdadi skreau, soe syn pake , sjeik Hadj Ibrahim Ali al-Badri, 94 jier wurden weze en it begjin fan 'e Amerikaanske besetting fan Irak noch meimakke hawwe. Syn heit , sjeik Awad, wie tige behelle yn it religieuze libben fan syn stamme en soe Al-Bagdadi syn ierste godstsjinstunderwiis jun hawwe. De namme fan syn mem is net bekend. Ien fan syn omkes wurke foar de feilichheidstsjinsten fan 'e Iraakske diktator Saddam Hoessein , en twa fan syn bruorren tsjinnen yn it Iraakske Leger . Ien fan harren sneuvele yn 'e Iraansk-Iraakske Oarloch , wylst de oare opklom ta in ofsiersrang .

Al-Bagdadi folge middelber underwiis oan in skoalle yn Samarra, der't er in kear sakke foar syn eineksamens en it leste jier oerdwaan moast. Inkele moannen nei't er slagge wie, waard er ofkeurd foar militere tsjinst omreden fan syn minne eagen . Om't syn eksamensifers te leech wiene om, sa't er woe, rjochten of underwiiskunde oan 'e Universiteit fan Bagdad te studearjen , skreau er him ynstee yn oan 'e Islamityske Universiteit fan Bagdad , der't er de islamityske wet en de Koraan bestudearre. Neffens in rapport fan Amerikaanske en Iraakske ynljochtingetsjinsten ut 2014 hie Al-Bagdadi ek in ( teologysk ) doktoraat foar islamityske studzjes dat er behelle hie oan 'e Saddam Universiteit yn Bagdad. Oare boarnen halde ut dat er it doktoraat behelle oan 'e Universiteit fan Bagdad of de Islamityske Universiteit fan Bagdad.

Iere jierren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens guon berjochten soe Al-Bagdadi al yn syn jonkheid , under it rezjym fan Saddam Hoessein, in islamistyske revolusjoner wurden weze trochdat er him by de Moslimbruorskip joech. Under de Amerikaanske ynfal yn Irak , yn 2003 , wied er foar 't neist as soennitysk geastlike ferbun oan in moskee . Doe't de Amerikaanske besetting fan Irak oanhold, wie Al-Bagdadi belutsen by de formaasje fan 'e militante fersetsgroep Djamaat Djaysj Ahl al-Sunnah wa-l-Djamaah. Hy hie yn dy organisaasje de funksje fan foarsitter fan it komitee oangeande de sjaria (islamityske wet).

Finzenskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 2 of 4 febrewaris 2004 waard Al-Bagdadi yn 'e neite fan Falludja troch de Amerikanen arrestearre , wernei't er finzenset waard yn 'e beruchte Abu Graib-finzenis en dernei yn Kamp Bucca . Neffens guon lezings fan syn biografy soe der under ynfloed fan mei-finzenen en de minne behanneling fan 'e sipiers syn radikalisearring ta gewelddiedige ekstremist plakfun hawwe. Neffens ynformaasje ut 'e argiven fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje waard Al-Bagdadi festholden as in "boargerlik finzene" under de namme "Ibrahim Awad Ibrahim al-Badry", mei as berop sekretarieel meiwurker .

Op 8 desimber 2004 waard er frijlitten as in finzene dy't de muoite fan it festhalden net wurdich achte waard. Berjochten yn beskate kranten en fan beskate tillefyzjestjoerders wolle ynstee hawwe dat Al-Bagdadi fan 2005 oant 2009 yn Kamp Bucca ynternearre wie. Dy berjochten binne basearre op in fraachpetear mei kolonel Kenneth King, in eardere kommandant fan Kamp Bucca, en wurde net understipe troch de gegevens fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje.

Nei syn frijlitting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei syn frijlitting sleat Al-Bagdadi him yn 2006 mei syn groep Djamaat Djaysj Ahl al-Sunnah wa-l-Djamaah oan by de Mudjahediin Sjoera Ried , dy't datselde jiers noch omneamd waard ta Islamityske Steat yn Irak (ISI). Al-Bagdadi krige yn 'e nije organisaasje op 'e nij it tafersjoch oer de sjaria. ISI wie ek wol bekend as Al-Qaida yn Irak, en wie in underdiel fan 'e wraldwide terroristyske organisaasje Al-Qaida . Nei de dea fan Abu Omar al Bagdadi , de lieder fan ISI, waard Al-Bagdadi op 16 maaie 2010 ta nije lieder utroppen. Yn dy hoedanichheid wied er einferantwurdlike foar, en belutsen by de planning en fasilitearring fan, in grut tal terroristyske oanslaggen . Yn maart en april 2011 allinnich al easke ISI de ferantwurdlikheid op foar 23 oanslaggen yn sudlik Irak.

Fierste utwreiding fan it grungebiet fan 'e saneamde " Islamityske Steat yn Irak en Syrje " (werjun yn lila-eftich griis) yn maaie 2015 . ( Koerdysk gebiet yn gielgrien, gebiet under behearsking fan it Iraakske regear yn pears, gebiet under behearsking fan it Syryske regear yn roze, gebiet yn 'e hannen fan Syryske opstannelingen yn ljochtgrien.)

Nei de dea fan Osama bin Laden , de lieder en oprjochter fan Al-Qaida, op 2 maaie 2011 by in oanfal troch Amerikaanske kommando's op syn gebouwekompleks yn it Pakistaanske Abbottabad , liet Al-Bagdadi in boadskip utgean weryn't er mei gewelddiedige ferjilding drige. Dat makke er wier mei in weach fan selsmoardoanslaggen op 15 augustus fan dat jier, der't mear as 70 deaden by foelen. Op 22 desimber 2011 waard Bagdad troffen troch in rige koordinearre bomoanslaggen werby't teminsten 63 minsken omkamen en nochris 180 ferwune rekken.

Islamityske Steat in Irak en Syrje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Al-Bagdadi bleau de lieder fan ISI oant dy organisaasje utwreide nei Syrje , dat op dat stuit ferskuord waard troch de Syryske Boargeroarloch . ISI neamde himsels sadwaande op 8 april 2013 om ta de Islamityske Steat yn Irak en Syrje (ISIS) (soms ek ut it Arabysk oerset as "Islamityske Steat yn Irak en de Levant ", ISIL). Tagelyk dermei makke Al-Bagdadi bekend dat ien fan 'e faksjes yn 'e Syryske Boargeroarloch, Djabhat al-Nusra , no yn ISIS opgean soe. De lieder fan Al-Nusra, Abu Mohammed al-Djulani , spriek dat daliks tsjin en frege stipe fan 'e nije lieder fan Al-Qaida, Ayman al-Zawahiri . Dyselde joech derop in ferklearring ut weryn't er stelde dat er ISIS opheft hie en dat ISI syn aktiviteiten ta Irak beheine moast.

Al-Bagdadi lei dat beslut yn april 2013 njonken him del en briek dermei mei Al-Qaida. Hy naam it befel oer 80% fan 'e butenlanske striders fan Al-Nusra oer en ferdreau dy organisaasje yn jannewaris 2014 ut 'e Syryske sted Rakka . Dyselde moanne funen der fuleindige gefjochten plak tusken ISIS en Al-Nusra yn it Syryske guvernemint Deir ez-Zor , werby't hunderten striders sneuvelen. Neffen ferskate Westerske boarnen waarden Al-Bagdadi en ISIS foar harren striid tsjin Al-Qaida en Al-Nusra finansierd troch Saudy-Araabje en Katar , en koe ISIS oan nije striders komme troch benammen yn Saudy-Araabje te rekrutearjen .

Begjin juny 2014 sette ISIS lykwols utein mei in offinsyf tsjin regearingstroepen yn noardlik Irak , mei as bedoeling om 'e haadsted Bagdad yn te nimmen en it troch sjiiten dominearre regear fan premier Noeri al-Maliki under fuotten te heljen . Ta untsetting fan alle waarnimmers sakke de wjerstan fan it Iraakske Leger frijwol fuortendaliks yn en koene de ISIS-striders hast sunder slach of stjit de grutte sted Mosul ynnimme. Fan gefolgen ynterveniearren de Feriene Steaten en in koalysje fan Westerske en Arabyske bunsgenoaten op 13 juny mei loftoanfallen yn 'e striid en setten utein mei de Oarloch tsjin ISIS .

Op 29 juny 2014 kundige ISIS de oprjochting fan in wraldwiid kalifaat of, werby't Al-Bagdadi ta kalyf utroppen waard. ISIS stie fan dy tiid of bekend as de Islamityske Steat (IS), mei't dy net mear ta Irak en Syrje beheind wie. Dy beslissing krige ut 'e hiele Arabyske wrald in protte krityk , mei't neffens islamityske rjochtslearden in kalyf inkeld troch de hiele islamityske leauwensmienskip ( umma ) oanwiisd wurde koe, en net troch in lyts groepke ekstremisten. Der loek Al-Bagdadi him neat fan oan; ynstee liet er in ferklearring utgean weryn't er oankundige dat er opmarsjearje soe nei " Rome " (ornaris ynterpretearre as pars pro toto -oantsjutting foar it Westen , mei't Rome as de sit fan 'e paus fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e belibbing fan in protte moslims it sintrum fan 'e Westerske wrald is). Op 5 novimber stjoerde er ek in boadskip oan Al-Zawahiri, fan wa't er easke dat dy trou swarre soe oan him as kalyf. Al-Zawahiri die dat net.

Begjin augustus late de opmars fan IS yn noardlik Irak ta de Jezidyske Genoside , werby't Al-Bagdadi ferantwurdlik wie en nei alle gedachten opdracht joech ta de utruging fan 'e etnysk - religieuze Jezidyske minderheid . Allinnich al by it Bloedbad fan Sindjar foelen fan 3 oant 13 augustus likernoch 3.500 deaden doe't IS de Jezidyske eklave by de sted Sindjar oanfoel. Dernjonken waarden 4.200 oant 10.800 Jezidyske froulju en famkes troch IS untfierd om as seksslavinnen brukt en ferhannele te wurden. Nochris 50.000 Jezidys sochten beskul yn it Sindjarberchtme , der't se sunder iten en drinken fest kammen te sitten doe't IS-striders harren dere belegeren . Amerikaanske bombardeminten en in offinsyf troch Koerdyske pesjmerga's fan 'e PKK en de YPG brieken lang om let troch de besingeling hinne en sadat it meastepart fan 'e flechtlingen fia in feilige korridor reden wurde koe.

Al-Bagdadi makke himsels neitiid neffens in oerweldigjend tal eachtsjugeferslaggen, sawol fan slachtoffers as fan oare IS-leden, skuldich oan 'e searje ferkrefting fan "in stikmannich persoanlike seksslavinnen". Derunder wiene ferskate Jezidyske famkes en ek de Amerikaanske untwikkelingswurkster Kayla Mueller . Dyselde soe letter, neffens IS-boarnen, omkommen weze by in bombardemint dat yn febrewaris 2015 utfierd waard troch de loftmacht fan Jordaanje , mar in Jezidyske eardere seksslavinne tsjuge dat Mueller troch IS-leden ombrocht wie. Njonken oarlochsmisdieden en misdieden tsjin 'e minsklikheid makke Al-Bagdadi him ek skuldich oan kulturele misdieden troch opdracht te jaan ta de fernieling fan ruinesteden ut 'e Aldheid dy't yn 'e hannen fan IS foelen, lykas Nimrod en Hatra yn Irak yn maart 2015 , en Palmyra yn Syrje yn maaie fan dat jier.

De Amerikaanske presidint Donald Trump makket ein oktober 2019 de dea fan Abu Bakr al-Bagdadi bekend.

De bomoanslach yn Suruc , yn Turkije , yn july 2015 , late ta Turkske bombardeminten fan IS-posysjes yn Syrje, en yn septimber fan dat jier ynterveniearre Ruslan oan 'e kant fan 'e diktatuer fan Basjir al-Assad yn 'e Syryske Boargeroarloch en sette utein mei bombardeminten fan u.o. IS. Tsjin 2017 wiene de kansen keard en moast IS almar mear terrein priisjaan tsjin in meunsterferbun fan Irak, Iraan , de Koerdyske pesjmerga's, it regear fan Syrje dat stipe waard troch de Russen, en de Westerske koalysje. Op 10 july fan dat jier waard Mosul befrijd, op 17 oktober Rakka , de haadsted fan it kalifaat, en op 3 novimber folgen Deir ez-Zor yn Syrje en Al-Kaim yn Irak. Dermei hie IS de striid op it slachfjild ferlern. Mar Al-Bagdadi wie al foar de fal fan Rakka underdukt en joech de folgjende beide jierren ut syn skulplak wei lieding oan IS-terroristen, dy't oanhaldend oanslaggen begiene yn sawol it Midden-Easten as yn Jeropa en Noard - en West-Afrika . Ferskate kearen brochten de media it nijs dat Al-Bagdadi deade wie, mar hiderkear bliek dat op falske berjochten of op in misferstan te beresten.

Dea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 2011 of stie der in preemje fan $ 10 miljoen op 'e holle fan Al-Bagdadi, utlove troch it Amerikaanske Mininstearje fan Butenlanske Saken foar in tip dy't ta syn oanhalding ( libben of dea ) liede soe. Yn 2017 waard dat bedrach ferhege ta $25 miljoen. Op 27 oktober 2019 fierden Amerikaanske kommando's fan it 75e Ranger Rezjimint de saneamde oanfal op Barisja ut, in geheime operaasje by Barisja , yn 'e Syryske provinsje Idlib , deunby de grins mei Turkije , dy't ta de oanhalding fan Al-Bagdadi liede moast. Derfoar waarden se assistearre troch de Syryske Koerden en krigen se tastimming fan Ruslan en Turkije om troch loftrom te fleanen dat troch dy beide lannen behearske waard.

By de oanfal flechte Al-Bagdadi, dy't yndie op dat plak oanwezich bliek te wezen, mei twa bern fan wa't er nei alle gedachten de heit wie, de tunnels under syn wente yn, der't yn it nau dreaun waard. Derop brocht er himsels en de bern om troch in bomfest ta untploffing te bringen. Oan syn stoflik omskot waard letter in seemansgref jun om foar te kommen dat syn gref in beafeartsoard wurde soe foar syn oanhingers. Op 31 oktober 2019 befestige IS dat Al-Bagdadi dea wie en makke tagelyk bekend dat syn opfolger Abu Ibrahim al-Hasjimi al-Koeraisji wie.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .