Kayla Mueller

Ut Wikipedy
Kayla Mueller
persoanlike bysunderheden
echte namme Kayla Jean Mueller
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 14 augustus 1988
berteplak Prescott ( Arizona )
stoarn ± 6 febrewaris 2015
stjerplak Rakka ? ( Syrje )
etnisiteit Dutsk
wurkpaad
berop/amt meiwurker helporganisaasje
jierren aktyf 2011 ? 2015
reden
  bekendheid
untfierd en fermoarde troch IS

Kayla Mueller (folut: Kayla Jean Mueller ; Prescott ( Arizona ), 14 augustus 1988 ? Rakka ? ( Syrje ), ± 6 febrewaris 2015 ) wie in Amerikaansk untwikkelingswurkster en meiwurkster fan in humanitere helporganisaasje , dy't yn augustus 2013 yn Aleppo untfierd waard troch terroristen fan 'e saneamde Islamityske Steat (IS). Se waard dernei oardel jier finzen holden en underwurpen oan ferkrefting en marteling , u.m. troch de selsutroppen " kalyf " fan IS, Abu Bakr al-Bagdadi , persoanlik. Se waard begjin febrewaris 2015 troch har untfierders ombrocht .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mueller waard yn 1988 berne yn Prescott , yn 'e Amerikaanske steat Arizona , as de dochter fan Carl en Marsha Mueller. Se wie fan etnysk Dutsk komof , en waard grutbrocht as in from kristen . Nei't se yn 2007 slagge wie foar har eineksamens foar it fuortset underwiis oan 'e Tri-City College Prep High School, learde se fierder oan 'e Universiteit fan Noardlik Arizona yn Flagstaff , der't se sosjale en gedrachswittenskippen studearre .

As studinte wie Mueller belutsen by in oekumenyske kristlike groep op 'e kampus fan 'e universiteit , de United Christian Ministries. Yn deselde tiid sette se har yn foar ferskate goede doelen , werunder humanitere help oan flechtlingen en minskerjochten yn ferskate diktatueren . Teffens wie se aktyf as miljeu-aktiviste .

Wurkpaad help- en untwikkelingswurkster [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't se har studzje ofrune hie, reizge Mueller nei ferskate dielen fan 'e wrald ta om har aktivisme yn 'e praktyk te bringen op plakken der't dat nedich wie. Sa wurke se yn Yndia mei flechtlingen ut Tibet , joech se har yn Israel by it African Refugees Development Center , dat him ynset foar Afrikaanske asylsikers en flechtlingen, en wie se ek behelle yn 'e pro- Palestynske International Solidarity Movement . Yn desimber 2012 arrivearre Mueller foar it earst yn sudeastlik Turkije , der't se holp by de opfang en fersoarging fan lju dy't op 'e flecht slein wiene foar de Syryske Boargeroarloch .

Untfiering [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 3 augustus 2013 beselskippe Mueller har Syryske feint nei de sted Aleppo , yn noardlik Syrje , der't er ynhierd wie om kommunikaasje - apparatuer te ynstallearjen yn in sikehus fan Dokters sunder Grinzen . Hoewol't se yn Turkije wurke foar in ynternasjonaal erkende helporganisaasje, Support to Life , wie der gjin inkele wurkrelatearre reden foar Mueller om mei te gean nei Syrje. De stef fan Dokters sunder Grinzen wie "ferbjustere" (sa't se letter oan 'e media fertelden) oer de skynbere nonsjalanse wermei't Mueller yn Syrje op stap gien wie, om't it der tige gefaarlik wie foar Westerlingen .

Der waarden sadwaande fuortendaliks prikken yn it wurk steld om Mueller wer yn Turkije te krijen. Doe't sy en har freon nei in bushalte brocht waarden, ried harren auto lykwols yn in muklaach fan striders fan 'e islamistyske terroristyske organisaasje Islamityske Steat (IS), dy't sawol Mueller as har freon untfierden . Har freon waard letter frijlitten om't er as Syrjer fan nul en gjinderlei wearde foar IS wie as gizelder .

Finzenskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Amerikaanske Striidkreften , it Amerikaanske Ministearje fan Butenlanske Saken en Mueller har alden besochten ferskate kearen om har te reden. Neffens in ferslach fan Catherine Herridge fan Fox News , dat basearre wie op anonime boarnen, soe it Wite Hus yn maaie 2014 ynformaasje han hawwe oer de lokaasje der't Mueller en ferskate oare Westerske gizelders troch IS festholden waarden. Der soe lykwols kostbere tiid fergriemd weze troch te wachtsjen op fierdere befestiging, foar't der ta aksje oergien waard. San wiken letter, yn july , fierden kommando's fan 'e Delta Force fan it Amerikaanske Leger en SEALs fan 'e Amerikaanske Marine in ynfal ut by in ferlitten oaljeraffinaderij by Rakka , dat utroppen wie ta de haadsted fan it ' kalifaat ' fan IS. Derby waarden oanwizings untdutsen dat der oant koartby gizelders festholden wiene, mar doe't de ynfal plakfun, wie der yn it gebouwekompleks nimmen mear te bekennen.

Neffens in wurdfierder fan 'e famylje Mueller wie der gauris direkt kontakt mei it Wite Hus oer de saak. Yn 'e simmer fan 2014 fregen de Muellers de Amerikaanske presidint Barack Obama yn in brief om 'e ta 86 jier finzenisstraf feroardiele terrorist Aafia Siddiki tsjin harren dochter ut te ruiljen, mar it regear-Obama wie net ree om dat te dwaan.

Yn augustus 2015 skreau The New York Times dat Mueller under har finzenskip twongen wie te trouwen mei Abu Bakr al-Bagdadi , de saneamde ' kalyf ' fan IS, dy't har dernei ferskate kearen ferkrefte hie. Ek wie se martele . Fierders waard yn maaie 2015 bekend dat Mueller ek in skoft in "persoanlike finzene" fan Abu Sajaf west hie, in oare liedingjaand figuer binnen IS. Yn augustus fan dat jier berjochte ABC News dat Sajaf syn widdo Umm Sajaf befestige hie dat Al-Bagdadi de wichtichste kwelgeast fan Mueller west hie.

Mei-finzenen dy't letter untsnapten of befrijd waarden, tsjugen fan Mueller har unbrekbere kriich en begrutsjen mei oaren. Se soe sels mei opsetsin in kans rinne litten hawwe om sels te untkommen sadat oare froulju letter in bettere kans hawwe soene om ut te naaien. Nei moannen fan martelings en ferkreftings besochten inkele IS-leden om har under twang te bekearen ta de islaam , sadat se it nijs deroer foar propagandadoelen bruke koene. De Deenske fotograaf Daniel Rue Ottosen, dy't op dat stuit ien fan har mei-finzenen wie, tsjuge letter hoe't Mueller wegere hie deroan mei te wurkjen.

Ferstjerren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 6 febrewaris 2015 makke IS bekend dat "in froulike Amerikaanske gizelster" omkommen wie by in bombardemint op Rakka dat utfierd wie troch de loftmacht fan Jordaanje as ferjilding foar it libben ferbranen troch IS fan 'e Jordaanske piloat Muat al-Kasasbeh . De SITE Intelligence Group identifisearre de gizelster der't it om gie letter as Mueller. Op 10 febrewaris 2014 makke de famylje Mueller bekend dat IS de dea fan Kayla Mueller befestige hie yn in e-mail , der't ferskate foto's fan har stoflik omskot oan taheakke wiene. De Amerikaanske ynljochtingetsjinsten undersochten de foto's en stelden fest dat se echt wiene.

Op it stuit fan har dea ferkearde Mueller persiis oardel jier yn 'e hannen fan IS. It ferhaal fan IS oer de gong fan saken by har ferstjerren wie gjin oertsjugjend relaas, om't se op it stuit fan it bombardemint sunder bewekkers allinnich litten west hawwe soe yn it gebou dat bombardearre waard. It Pentagon makke bekend dat it oangeande gebou yndie bombardearre wie, mar twifele deroan oft Mueller der oanwezich west hie. Letter tsjuge in eardere Jezidyske seksslavinne fan IS dat Mueller net by in bombardemint omkommen wie, mar fermoarde wie troch IS-striders.

Neisleep [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 8 febrewaris waard Umm Sajaf , de widdo fan Mueller har eardere 'eigner', troch it federale Amerikaanske Iepenbier Ministearje yn 'e Amerikaanske steat Firginia oanklage foar it ferskaffen fan fysike stipe oan in utlanske terroristyske organisaasje dat resultearre yn immens dea. Derop stiet maksimaal libbenslange finzenisstraf . Umm Sajaf sit anno 2020 noch yn in Iraakske finzenis foar terrorisme. De Amerikaanske militere operaasje werby't op 26 oktober 2019 IS-lieder Abu Bakr al-Bagdadi omkaam, wie neffens ferskate boarnen ferneamd nei Kayla Mueller.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .