한국   대만   중국   일본 
47 Ronin (film ut 2013) - Wikipedy Springe nei ynhald

47 Ronin (film ut 2013)

Ut Wikipedy
47 Ronin
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Carl Rinsch
produsint Chris Morgan
Hossein Amini
senario Chris Morgan
Walter Hamada
basearre op de Sanenfjirtich Ronin
kamerarezjy John Mathieson
muzyk Ilan Eshkeri
filmstudio H2F Entertainment
Mid Atlantic Films
Moving Picture Company
Stuber Productions
Relativity Media
3 Arts Entertainment
distribusje Universal Pictures
spilers
haadrollen Keanu Reeves
Hiroyuki Sanada
voice-over Ron Bottitta
byrollen Tadanobu Asano
Ko Shabasaki
Rinko Kikuchi
Min Tanaka
Jin Akanishi
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 6 desimber 2013
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $175 miljoen (of mear)
opbringst $151,8 miljoen

47 Ronin ( utspr. : Forty-seven Ronin ) is in Amerikaanske histoaryske fantasyfilm en samoeraifilm ut 2013 under rezjy fan Carl Rinsch , mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Hiroyuki Sanada . De titel ferwiist nei it histoaryske foarfal fan de Sanenfjirtich Ronin der't de film (loskes) op ynspirearre is, al fermingt it senario boppenatuerlike eleminten yn 'e plot , sadat 47 Ronin ta it sjenre fan sword and sorcery rekkene wurde kin. It ferhaal giet oer in groep r?nin (masterleaze samoerai ) yn it achttjinde-iuwske Japan , dy't beslute de dea fan harren hear te wreekjen , ek al witte se dat se derfoar neitiid de deastraf krije sille. 47 Ronin krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen . Nettsjinsteande dat kaam yn oktober 2022 in ferfolchfilm ut under de titel Blade of the 47 Ronin .

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it achttjinde-iuwske Japan , dat suver hielendal isolearre is fan 'e butenwrald, wurdt yn it domein Ak? de healbloedjonge Kai oantroffen, in heal- Japanske , heal- Ingelske ferstjitling fan wa't sein wurdt dat er grutbrocht is troch demoanen . De goede en rjochtfeardige hear Naganori Asano , dy't oer Ak? hearsket, wjerhaldt syn samoerai der lykwols fan om 'e jonge te deadzjen , en nimt him ynstee oan as in tsjinstfeint . De wunen fan Kai wurde fersoarge troch de jonge ienlingsdochter fan hear Asano, de frouwe Mika. Mei't de jierren foarby geane, en Kai en Mika folwoeksen wurde, reitsje se fereale opinoar, ek al wurdt Kai omreden fan syn mingd komof ferachte troch de samoerai fan hear Asano.

As Ak? oandien wurde sil troch Tsunayoshi Tokugawa , de sh?gun dy't oer Japan hearsket, stjoert dyselde syn seremoanjemaster foarut om it besyk ta te rieden. Dy seremoanjemaster is hear Yoshinaka Kira , dy't it woltierige Ak? foar himsels begearet . Om it te bemachtigjen slut er in ferbun mei in stalferwikseljende kitsune (in soarte fan heks ), Mizuki, dy't unthjit om Kira hearsker oer hiele Japan te meitsjen.

Mizuki stjoert in meunster , in kirin , om hear Asano te deadzjen as dy yn it wald fan Ak? op jacht giet. De moardoanslach mislearret lykwols as Asano de konfrontaasje troch tuskenkomst fan syn samoerai oerlibbet. Neitiid hawwe de samoerai der lykwols klauwen oan om it meunster te oerwinnen. Uteinlik komt ien fan harren, Yasuno, allinne en sunder wapens foar de kirin oer te stean. Syn libben wurdt reden troch Kai, dy't no as spoarsiker foar hear Asano wurket, en dy't mei de ferlerne katana , it samoerai swurd , fan Yasuno it meunster deadet. Neitiid is Yasuno net tankber , mar yn ferlegenheid brocht en lulk dat er troch in healbloed reden is. Kai wurdt underwilens in wite foks gewaar mei ien brun en ien blau each , dy't ut it strewelleguod wei tasjocht.

As hear Yasuno en de oare samoerai sjogge dat de kirin deade is mei it swurd fan Yasuno, nimme se oan dat hy dejinge is dy't it meunster ombrocht hat, dat hy wurdt as held ynhelle. Inkeld frouwe Mika sjocht de skamte yn 'e eagen fan Yasuno en beseft dat it meunster oerwun is troch Kai. As de sh?gun en syn entoeraazje arrivearje, merkt Kai in hofdame op, de konkubine fan hear Kira, dy't deselde ferskillend kleure eagen hat as de foks yn it wald. Hy giet nei Yoshio Oishi ta, de foaroanman fan 'e samoerai fan hear Asano, om him te warskogjen dat der in heks mank de entoeraazje fan 'e sh?gun is, mar Oishi, dy't net folle fan Kai hawwe moat, seit dat inkeld demoanen in heks weromkenne kinne, en wol dan witte oft Kai in demon is.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Letter bewurkmasteret Kira dat der foar it fermaak fan 'e sh?gun in duel holden wurde sil tusken syn beste samoerai en dy fan Asano, dy't yn folslein harnas fjochtsje sille, gesichtsbedekkende maskers ynbegrepen. De beste samoerai fan Kira is, sunder dat de oaren it witte, eins in reuseftige golem dy't troch Mizuki ta libben brocht is. Hear Asano set Yasuno yn. Om Asano foar de sh?gun oer yn ferlegenheid te bringen, betsjoent Mizuki Yasuno lykwols foar it begjin fan it gefjocht, sadat er neat mear kin en it wol liket as is er smoardronken . Kai en Chikara, de teenagesoan fan Oishi, binne dejingen dy't Yasuno yn dy steat oantreffe. Kai beseft dat er betsjoend is, en om 'e ear fan syn hear te reden, klaait er himsels yn it harnas fan Yasuno, ek al meie inkeld samoerai dat drage.

Kai wart him duchtich tsjin 'e golem, mar ferliest under it duel syn masker, sadat syn identiteit untbleate wurdt. De sh?gun wiist derop dat de deastraf stiet op it jin unrjochtlik foardwaan as in samoerai, mar as Kai op hannen en knibbels syn holle bugd om unthalze te wurden, smyt frouwe Mika har njonken him del, sadat syn unthalzing ek har dea betsjutte soe. Hear Asano freget de sh?gun dan om genede en nimt alle skuld op him. De sh?gun jout opdracht om Kai in flink wan bruien te jaan, wernei't de samoerai fan hear Asano him mei houtene stokken slane oant er it bewustwezen ferliest.

Dy nachts betsjoent Mizuki hear Asano, sadat de aldman wekker skrikt en mient dat er syn dochter Mika om help roppen heart om't se ferkrefte wurdt troch hear Kira. Dwyljendewei falt Asano dan Kira oan en besiket him te fermoardzjen . As er wer ta himsels komt, docht lykwols bliken dat hear Kira restich lei te sliepen doe't Asano him, skynber sunder reden, tenei kaam. Inkeld it yngripen fan 'e samoerai hat foarkomd dat er Kira deadie. Foar dizze unutlokke moardoanslach op in hofdignitaris ut it gefolch fan 'e sh?gun wurdt hear Asano troch de sh?gun ta de deastraf feroardiele. Ut respekt foar syn reputaasje wurdt it de aldman lykwols tastien om earfol seppuku (rituele selsmoard ) te dwaan, ynstee dat er as krimineel ophongen wurde soe.

Nei de dea fan Asano jout de sh?gun sawol Ak? as frouwe Mika oan hear Kira, it lan om te bestjoeren en de ealfrouwe om mei te trouwen . Dat houlik kin lykwols pas plakfine nei't Mika in jier han hat om om har heit te roujen . De samoerai fan hear Asano, dy't no r?nin (masterleas) binne, ferbiedt de sh?gun op straffe fan 'e dea om wraak te sykjen foar wat hear Asano oerkomd is. Om't Asano him foar syn dea frege hat en tink om syn dochter en syn domein, oarderet Oishi de oare samoerai om harren wapens del te lizzen. Want as se har no tsjin it gebod fan 'e sh?gun oankantsje soene, dan soe hiele Ak? derunder lije. Hear Kira hat der lykwols net folle fidusje yn dat Oishi wurdhalde sil, en om't er no gjin samoerai mear is en dus net mear beskerme wurdt troch de foarrjochten fan dy maatskiplike klasse , lit er Oishi finzen nimme en yn in djippe put smite om him geastlik te brekken.

In jier letter, as se miene dat se him brutsen hawwe, wurdt Oishi ut 'e put helle en frijlitten troch de mannen fan hear Kira. Hy jout him wer by syn frou Riku en soan Chikara, dy't him fertelle dat de r?nin underwilens fersille rekke binne en dat Kai op befel fan Kira as slaaf ferkocht is oan 'e VOC op Dejima . Oishi stjoert Chikara derop ut om safolle mooglik fan 'e r?nin gear te bringen, wylst er sels nei Dejima reizget, der't er Kai befrijt. Mei in grutte groep r?nin reizgje se nei it doarp Uetsu, der't de beste wapensmidden fan Japan wenje, om oan swurden te kommen (dy't se ommers dellein hiene nei de dea fan hear Asano). Der oankommen, blykt it doarp lykwols untfolke te wezen en beset troch de samoerai fan hear Kira. Derop liedt Kai harren nei it wald fan 'e tengu , in mystyk plak dat er as bern untflechte is.

De tengu binne in soarte fan demoanen dy't har net mei de minsklike wrald bemuoie. Unwinske bern wurde op harren gerjochtichheid te funling lein, lykas Kai troch syn mem , in fanke dat swier rekke wie nei seksuele omgong mei in Ingelske seeman . De tengu brochten him grut en learden him witwat dingen oer tsjoenderij en fjochterij foar't er utnaaide. Wylst Oishi troch de tengu op 'e proef steld wurdt om syn weardichheid te bepalen, bepraat Kai de lieder fan 'e tengu om 'e r?nin swurden te jaan. Oishi trochstiet de beproeving en hy en Kai keare by de oare r?nin werom mei in lading swurden.

It plan fan 'e r?nin is om hear Kira yn in muklaach rinne te litten as er underweis is nei it hillichdom fan syn foaralden om harren seine oer syn oankommend houlik mei frouwe Mika te freegjen. Isogai, de r?nin dy't Oishi derop utstjoerd hie om oan 'e weet te kommen wannear't Kira nei it hillichdom reizgje soe, is underweis lykwols betsjoend troch Mizuki, dat ynstee dat Oishi-en-dy Kira yn in muklaach rinne litte, wurde se sels yn ien lokke. Tsientallen r?nin komme om as harren flechtrute ofsnien wurdt troch in hommels oplogjend fjoer . Under harren is ien oan wa't Oishi syn katana te lien jun hie foar't hy en Kai swurden by de tengu hellen. As Mizuki neitiid de katana fan Oishi by it ferkoalde lyk fan 'e man oantreft, nimt se oan dat Oishi dea is, in misferstan dat se ek oan Kira trochjout. Dyselde hat har unthjitte litten dat se Mika neat oandwaan sil, mar om't Mizuki likegoed wol fan 'e ealfrouwe of wol om't se de iennnichste minneresse fan Kira bliuwe wol, jout se Mika in dagge en fertelt se har oer de dea fan 'e r?nin om har ta selsmoard te manipulearjen .

Underwilens wurdt Kai einlings akseptearre troch de r?nin . Oishi jout ta dat er mis wie doe't er wegere nei Kai syn warskoging oer de heks te harkjen, en Yasuno untskuldiget him foar syn halden en dragen yn it algemien en om't er mei de ear striek doe't Kai de kirin deade hie. As der in troep artysten foarby tsjocht, dy't underweis binne nei it kastiel fan Kira om in optreden te fersoargjen by it houlik fan hear Kira en frouwe Mika, komt Kai op it idee om 'e r?nin harren foardwaan te litten as leden fan 'e troep om sa it kastiel binnen te glupen. Oishi bepraat de artysten om harren te helpen. Ear't se ofsette foar dizze leste wraam om wraak te nimmen op Kira, dy't sels as se winne mei harren dea einigje sil, skriuwt Oishi harren doel en motiven op, om it fuortbestean fan in betrouber tsjugenis te bewissigjen. It dokumint wurdt undertekene troch Oishi en de oare oerlibjende fjouwerenfjirtich eardere samoerai fan hear Asano, syn soan Chikara en, as sanenfjirtichste, troch Kai.

Oishi en Kai ynfiltrearje mei in stikmannich oare r?nin as leden fan 'e artystetroep op ljochtskyndei it kastiel fan Kira. Nei't it tsjuster wurden is, en de artysten in foarstelling fersoargje der't alle eagen op rjochte binne, kringe de oare r?nin it kastiel binnen en romje ien foar ien de skyldwachten fan Kira ut 'e wei. Ien oplettende skyldwacht slacht lykwols alaarm, wernei't in iepentlike striid untbrant. Mika wit te untsnappen oan Kira troch him mei de dagge tenei te kommen dy't Mizuki har jun hat. De golem fan Kira wurdt troch de r?nin opblaasd mei buskrud . Oishi efterfolget Kira, dy't yn it kastiel keamer yn, keamer ut flechtet om oan him te untkommen. As it uteinlik tusken harren ta in gefjocht komt, wurdt Oishi Kira oermansk en stekt him in dagge yn it weak fan 't liif , wernei't er him unthalzet, dermei de rituele selsmoard fan hear Asano wjerspegeljend. Underwilens hat Kai Mika weromfun. Mizuki, dy't de foarm fan in draak oannimt, falt harren oan, mar as se Mika deadzje wol, brukt Kai de mystike kreften dy't er leard hat fan 'e tengu (en dy't er sward hie nea wer bruke te sillen) om har te reden en de draak te deadzjen. Nei't Oishi mei de ofsleine holle fan hear Kira ut it kastiel nei buten komt, jouwe de mannen fan Kira de striid oer.

Neitiid keare de r?nin mei frouwe Mika werom nei Ak?, der't se harsels oerjouwe oan 'e autoriteiten. De sh?gun nimt de saak heech op en komt persoanlik del. Hy feroardielet de r?nin ta de deastraf om't se rjocht yngien binne tsjin syn eksplisite gebod om gjin wraak te sykjen foar de dea fan hear Asano. Om't se lykwols de begjinsels fan 'e bushido , de koade fan ear, oant op 'e letter folge hawwe, jout er harren de status fan samoerai werom. En ynstee dat se eksekutearre wurde, meie se sels op earfolle wize seppuku dwaan. In fierder earbewiis dat er harren tastiet, is dat se yn itselde gref as hear Asano begroeven wurde meie. Foarofgeande oan 'e seppuku - seremoanje nimme Kai en Mika yn triennen ofskie en unthjitte se inoar dat se inoar yn harren takomstige libbens wer sykje sille. As de seremoanje begjint, grypt de sh?gun jitris yn om 'e jonge Chikara amnesty te jaan, sadat de bloedline fan sa'n foarbyldige samoerai as Oishi foar it lan beholden bliuwe sil. Ak? jout de sh?gun werom oan frouwe Mika, dy't tenei troch Chikara tsjinne wurde sil. Dernei wurdt de seremoanje ferfette en dogge de fiifenfjirtich r?nin en Kai rituele selsmoard.

In ofslutende tekst fertelt dat de 47 r?nin yn 'e Japanske kultuer noch altyd yn heech oansjen steane, en dat elts jier op 14 desimber tuzenen minsken harren gref besykje om fan harren respekt blyk te jaan.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keanu Reeves .
Hiroyuki Sanada .
Ko Shibasaki .
haadrollen
personaazje              akteur/aktrise
Kai Keanu Reeves
Yoshio Oishi Hiroyuki Sanada


byrollen
personaazje akteur/aktrise
hear Yoshinaka Kira Tadanobu Asano
frouwe Mika Asano Ko Shabasaki
Mizuki de kitsune Rinko Kikuchi
hear Naganori Asano Min Tanaka
Chikara Jin Akanishi
Yasuno Masayoshi Haneda
sh?gun Tsunayoshi Tokagawa Cary-Hiroyuki Tagawa
Basho Takot Yonemoto
Hazama Hiroshi Sogabe
Hara Hiroshi Yamada
Isogai Masayuki Deai
Horibe Shu Nakajima
lieder fan 'e tengu Togo Igawa
Riku Natsuki Kunimoto
foaroanman fan 'e artysten Gedde Watanabe
kapitan fan 'e VOC Yorick van Wageningen
ferteller Ron Bottitta

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

47 Ronin waard regissearre troch Carl Rinsch nei in senario fan Chris Morgan en Walter Hamada , dat ynspirearre wie troch it wiere foarfal fan de Sanenfjirtich R?nin ut 'e jierren 1702 - 1703 . It histoaryske ynsidint op himsels wurdt yn 'e film frij sekuer folge, mar de senarioskriuwers foegen der fantasy -eleminten oan ta, lykas de heks , it meunster , de demoanen en alderhanne tsjoenderij . Dernjonken waard it personaazje Kai spesifyk kreearre sadat der in Westerske akteur , Keanu Reeves , yn 'e film spylje koe.

As produsinten wiene senarioskriuwer Morgan en Hossein Amini by it projekt belutsen foar de filmstudio's H2F Entertainment , Mid Atlantic Films , Moving Picture Company , Stuber Productions , Relativity Media en 3 Arts Entertainment . Foar 47 Ronin wie in budget beskikber fan $ 175 miljoen (of, neffens oare boarnen, fan wol $225 miljoen). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Mathieson , en de filmmuzyk waard fersoarge troch Ilan Eshkeri .

Opnamen en postproduksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen foar 47 Ronin setten op 14 maart 2011 utein yn 'e Hongaarske haadsted Boedapest . Der waard ek filme yn 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey , de Pinewood Studios yn it greefskip Buckinghamshire en op lokaasje yn Japan . Mei't op Keanu Reeves nei de hiele cast ut Japanske akteurs bestie, waarden de senes hieltyd earst yn it Japansk rippetearre om 'e akteurs der bekend mei te meitsjen, om dernei yn it Ingelsk opnommen te wurden. Reshoots waarden ein augustus 2012 yn Londen filme, der't se fertrage waarden troch de Olympyske Simmerspullen fan dat jier en Reeves syn debut as regisseur mei de film Man of Tai Chi .

Healwei it filmmontaazjeproses yn 'e postproduksjefaze helle finansier Universal Pictures ut unfrede oer de gong fan saken regisseur Carl Rinsch by de film wei. It tafersjoch oer de filmmontaazje waard dernei oernommen troch Universal- direkteur Donna Langley persoanlik. Sy besleat om it oandiel fan Reeves yn 'e film te fergrutsjen troch in leafdessene en ekstra close-ups en dialooch foar him ta te foegjen.

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan 47 Ronin waard fersoarge troch Universal Pictures . De film gie op 6 desimber 2013 yn Tokio yn premiere en iepene dernei op 25 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen . It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 17 desimber by platemaatskippij Varese Sarabande . Op 1 april 2014 waard 47 Ronin utbrocht op dvd en blu-ray .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige 47 Ronin oer it algemien negative resinsjes . Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hie 47 Ronin in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 87 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in ferrassend saai fantasy -aventoer, dat syn talintearre ynternasjonale cast stranje lit yn iendiminsjonale rollen." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle 47 Ronin in goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 21 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

47 Ronin brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 38,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $113,4 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $151,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 miljoen of miskien wol $225 miljoen betsjut dat in ferlies fan $23,2 oant 73,2 miljoen, der't dan de marketingkosten noch ris boppe-op komme.

It floppen fan 'e film hie ferskate oarsaken. Yn Japan tsjutte de krante Nikkan Gendai op 'e ofkear fan 'e Japanners foar in Hollywoodprodukt dat alhiel net liek op it dierbere histoaryske ferhaal fan de Sanenfjirtich R?nin . Kristen Acuna fan it Amerikaanske bled Business Insider wiisde noch trije oare redens oan: yn it foarste plak iepene de film yn desimber yn in fersede filmmerk fuort foar de kryst ; oard hie it nei de oankundiging te lang duorre foar't de film utbrocht waard, sadat it entusjasme fan bioskoopbesikers wilens belune wie; en tred waarden, benammen yn 'e Feriene Steaten, yn 2013 net folle filmfans oanlutsen troch Keanu Reeves , dy't doe, tusken The Matrix en John Wick yn, yn in dip yn syn karriere siet.

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

47 Ronin waard yn 2014 nominearre foar twa Saturn Awards , yn 'e kategoryen beste kostumuntwerp ( Penny Rose ) en beste produksje-untwerp ( Jan Roelfs ).

Ferfolchfilm [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nettsjinsteande it minne kommersjele en krityske resultaat fan 47 Ronin , waard yn augustus 2020 oankundige dat der in ferfolchfilm yn produksje nommen wurde soe. Dat barde yn febrewaris 2021 . De nije film soe 300 jier de takomst yn springe nei de hjoeddeistige tiid en fuortborduerje op it unthjit fan Kai en Mika om inoar yn harren folgjende libbens te sykjen. It ferfolch soe de sjenres horror , aksje en cyberpunk mei-inoar ferminge. Under de titel Blade of the 47 Ronin gie de film yn oktober 2022 op Netflix yn premiere , mei yn 'e haadrollen Ana Akana en Marc Dacascos .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .