Netflix

Ut Wikipedy
Netflix
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor streamingtsjinst foar
    video-on-demand
haadkertier Los Gatos ( Kalifornje )
oprjochte 1997
oprjochter Reed Hastings en
    Marc Randolph
sifers
omset $25 miljard ( 2020 )
winst $2,8 miljard ( 2020 )
wearde $39,3 miljard ( 2020 )
aktyf yn hast hiele wrald
wurknimmers 12.135 ( 2021 )
offisjele webside
netflix.com

Netflix (offisjeel: Netflix, Inc. ) is in Amerikaanske streamingtsjinst foar video-on-demand , dy't ek aktyf is as film - en tillefyzjestudio en as distributeur . It bedriuw , dat yn 1997 oprjochte waard, jout abonnees fia it ynternet tagong ta in digitale bibleteek fan films en tillefyzjesearjes dy't wannear't en wer't men mar wol besjoen wurde kinne. Ek is der ynteraktive ynhald, lykas fideospultsjes , al is wol ferlet fan 'e ynstallaasje fan spesjale software om derfan gebruk te meitsjen. Sunt 2010 , doe't Netflix him foar it earst utwreide buten de grinzen fan 'e Feriene Steaten, is it bedriuw utwoeksen ta de bekendste, ynfloedrykske en meast universeel beskikbere streamingtsjinst fan 'e wrald.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Netflix waard yn 1997 yn Scotts Valley , yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje , oprjochte troch Reed Hastings en Marc Randolph . Yn 't earstoan lei it bedriuw him ta op 'e ferkeap fan dvd's , mar it ferlei de saken al rillegau nei de ferhier fan dvd's oer de post . Yn 2007 wreide Netflix him foar it earst ut nei streaming media oer it ynternet , hoewol't ek doe de postferhier fan dvd's en blu-ray's earst noch it wichtichste wurkmed bleau.

De stand fan Netflix op 'e San Diego Comic-Con fan 2017 .

Yn 2010 wreide Netflix syn wurkgebiet foar it earst ut oant buten de Feriene Steaten, troch ek yn Kanada as streamingtsjinst los te gean. Yn 2011 folge in utwreiding dy't Latynsk-Amearika en it Karibysk Gebiet derby skuorde, en yn 2012 kaam it bedriuw foar it earst oer nei Jeropa , der't uteinset waard mei it Feriene Keninkryk en Ierlan , letter datselde jier folge troch de Skandinavyske lannen . Yn 2013 kaam Netflix beskikber yn Nederlan , en yn 2014 yn Belgje , Luksemboarch , Dutslan , Frankryk , Switserlan en Eastenryk . Yn 2015 wreide it bedriuw him ut nei Sud-Jeropa , it Ibearysk Skiereilan , Australaazje en Japan .

Op 'e Consumer Electronics Show yn Las Vegas kundige Netflix yn jannewaris 2016 oan dat de streamingtsjinst fan it bedriuw no sa goed as wraldwiid beskikber wie. De wichtichste utsundering derop wie de Folksrepublyk Sina . Yn april 2017 berikte Netflix in oerienkomst mei IQiyi , in Sineeske streamingtsjinst dy't eigendom is fan Baidu , om under lisinsje orizjinele Netflix-ynhald yn Sina beskikber te meitsjen.

Sunt 2012 hat Netflix himsels in aktivere rol oanmetten op it med fan 'e produksje fan 'e eigen ynhald. Foartiid fungearre de streamingtsjinst by wize fan sprekken inkeld as in trochjouluk, mar yn 2013 ferskynde mei de dramasearje House of Cards foar it earst in produksje dy't troch Netflix besteld en finansierd wie. Teffens is it bedriuw sunt dy tiid aktyf op it med fan distribusje fan 'e eigen produksjes. Netflix is lid fan 'e Amerikaanske Motion Picture Association (MPA), in koepelorganisaasje fan filmstudio's .

It haadkantoar fan Netflix yn Los Gatos .

Netflix foarme yn 'e 2010-er jierren it best prestearjende oandiel yn 'e wichtige Amerikaanske effektebeursyndeks S&P 500 , mei in opbringst fan 3.693%. Yn 2020 hie Netflix in omset fan $ 25 miljard; datselde jiers wie it bedriuw $ 39,3 miljard wurdich.

Bedriuwsstruktuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It haadkertier fan Netflix stiet yn Los Gatos , yn Kalifornje . Der binne ek kantoaren op oare plakken yn 'e Feriene Steaten en fierders yn Kanada , Brazylje , it Feriene Keninkryk , Frankryk , Yndia , Japan , Nederlan en Sud-Korea . De iepening fan nije kantoaren yn Sweden , Itaalje ( Rome ) en Turkije ( Istanbul ) waard yn april 2021 oankundige.

Foar de produksje fan films en tillefyzjesearjes hat Netflix fasiliteiten yn Los Angeles , Albuquerque (Nij-Meksiko) , Vancouver , Toronto , Londen en Madrid . Der is ek in postproduksjefasiliteit yn Bombay . Yn 2021 hie Netflix wraldwiid 12.135 wurknimmers . It bedriuw hat trije difyzjes : Streaming yn 'e Feriene Steaten, Ynternasjonale Streaming en Dvd's yn 'e Feriene Steaten. Yn dy leste poat is de ferhier fan dvd's en blu-ray's oer de post underbrocht, it oarspronklike wurkmed fan Netflix, dat it bedriuw noch altyd fuortset.

Netflix hat ferskate dochterundernimmings , dy't foar it meastepart de aktiviteiten yn in beskaat lan beheare, lykas Netflix Streaming Services International B.V., de dochterundernimming dy't yn Nederlan festige is. Dernjonken is Netflix ek eigner fan:

Beskikberens fan Netflix ( jannewaris 2016 ).
     beskikber
     net beskikber

Beskikberens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

As streamingtsjinst is Netflix yn hast de hiele wrald beskikber, utsein:

Yn april 2021 hie Netflix wraldwiid 208 miljoen abonnees, werfan 74 miljoen yn 'e Feriene Steaten en Kanada .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .