Untploffing fan de Deepwater Horizon

Ut Wikipedy
untploffing fan 'e Deepwater Horizon
bysunderheden
type ramp untploffing
oarsaak untsnappen fan in bul metaan ,
liedend ta in blow-out
datum 20 april 2010
tiid 21.56 oere ( UTC ?6)
lan Feriene Steaten
plak noardlike Golf fan Meksiko ,
foar de kust fan Louisiana
28°44′12,01″ N 88°23′13,78″ W
statistiken
deaden 11
ferwunen 17
net-ferwunen 98
skea ● ferwoastging fan it boareilan
   de Deepwater Horizon
oaljeboarnebran
grutte oaljeramp
lokaasje
Untploffing fan de Deepwater Horizon (Feriene Steaten)
Untploffing fan de Deepwater Horizon
Lokaasje foar de sudkust fan 'e Feriene Steaten .

De untploffing fan 'e Deepwater Horizon wie in ramp dy't op 20 april 2010 foarfoel op it boarplatfoarm de Deepwater Horizon yn 'e Golf fan Meksiko , foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana . By de untploffing funen 11 opfarrenden de dea , wylst 17 oaren ferwune rekken. Undersyk wiisde neitiid ut dat de eksploazje feroarsake wie troch in bul metaangas dy't yn 'e oaljeboarlieding opsucht wie en foar in blow-out soarge. Dat wie mooglik makke troch minsklik falen. Troch de ramp rekke it boarplatfoarm ferwoastge, wylst de oaljeboarne koarte tiid yn 'e bran kaam te stean. De untploffing late ek ta de grutste oaljeramp yn 'e Amerikaanske skiednis .

Ramp [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 20 april 2010 boarre it healofsinkber boarplatfoarm de Deepwater Horizon yn 'e noardlike Golf fan Meksiko nei in nije ierdoaljeboarne , op in lokaasje 64  km ut 'e kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana . It platfoarm wie eigendom fan Transocean , in bedriuw dat yn dizzen yn opdracht wurke fan 'e Amerikaansk - Britske oaljemaatskippij BP . Dy deis wiene der 126 opfarrenden oan board, under wa 79 wurknimmers fan Transocean, 7 wurknimmers fan BP en 40 wurknimmers fan oare bedriuwen, werunder Anadarko Petroleum , Halliburton en M-I Swaco .

De juns om 21.56  oere flikkeren de lampen oan board fan it platfoarm, folge troch twa sterke trillings dy't troch it hiele platfoarm te fernimmen wiene. Fan gefolgen gie it alaarm of. Dernei hiene de opfarrenden minder as 5  minuten de tiid om te sjen dat se fan board kamen foar't de Deepwater Horizon eksplodearre. Fan 'e opfarrenden kamen derby 11 minsken om, wylst 17 oaren earnstige ferwunings oprunen. Yn totaal waarden der 115 opfarrenden evakuearre . De eigentlike untploffing waard folge troch in bran dy't it hiele platfoarm yn ljochte loge sette. Nei't it mear as oardel etmiel lang yn 'e bran stien hie, sonk it platfoarm op 22 april , moarns om likernoch 10.21 oere.

In traumahelikopter fan 'e Amerikaanske Kustwacht komt op it festelan oan mei slachtoffers fan 'e untploffing fan 'e Deepwater Horizon .

Undersyk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neitiid kaam ut undersyk nei foarren dat koart foar de untploffing abnormale en fluch oprinnende druk yn 'e boarlieding feststeld wie. Men kaam ta de konkluzje dat it derby gie om in bul licht untflamber metaangas dy't opboarre wie, en dy't by it omheech kommen, neigeraden dat de wetterdruk minder waard, fluch begun ut te setten. Dertroch barste it gas troch ferskate fersegelings en oare barrieres foar't it ta untploffing kaam. It gefolch wie in blow-out , werby't oalje op unbehearske wize ut in oaljeboarne opspuitet om't de boarne sels under sterke druk stiet. In rapport fan BP dat op 8 septimber 2010 publisearre waard, stelde dat it metaangas nei alle gedachten untstutsen wie doe't it de luchtroasters fan 'e diselgenerators ynsugd waard.

Ut undersyk kaam ek oan it ljocht dat de uteinlike oarsaak fan 'e untploffing fan 'e Deepwater Horizon minsklik falen wie. Yn 'e 32 oeren foarofgeande oan 'e ramp gie der seis kear wat mis op it boarplatfoarm. Sa waarden operaasjes en testen ferkeard utfierd, wat ta oanboazjende swierrichheden late, wylst ferplichte feilichheidsmaatregels mei de Franske slach ofhannele waarden. Dingen dy't yn 'e gaten holden wurde moatten hiene, waarden net yn 'e gaten holden en de utslaggen fan testen waarden ferkeard ynterpretearre om't men graach sjen woe wat men ferwachte ynstee fan wat der echt oan 'e han wie. Uteinlik wie alles werom te fieren op kostebesparrings: alles moast sa goedkeap mooglik en der waarden korrekte prosedueres oan opoffere.

Neisleep [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Troch de untploffing untstie in oaljeboarnebran , dy't lykwols utdove doe't de Deepwater Horizon goed 36 oeren letter under de weagen ferdwun . Minder wie de reuseftige oaljeramp dy't troch de ferwoastging fan it boarplatfoarm feroarsake waard. Derby streamde 780.000  rouwe oalje de see yn, wat it ta de grutste oaljeramp yn 'e Amerikaanske skiednis makke. BP waard oanklage foar u.o. 11 kear deaslach en ligen tsjin it Amerikaanske Kongres . It bedriuw pleite skuldich en krige (yn 2015 ) in boete fan $ 18,7 miljard oplein. It bedriuw waard ek fjouwer jier lang under ferskerpe tafersjoch pleatst en moast de kosten fan 'e opromming fan 'e oaljeramp betelje, dy't tsjin 2018 mear as $ 65 miljard bedroegen.

Blusboaten besykje de bran op 'e Deepwater Horizon te dwestgjen.

Deaden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De deadlike slachtoffers fan 'e untploffing fan 'e Deepwater Horizon wiene:

  • Jason C. Anderson (35)
  • Aaron Dale Burkeen (37)
  • Donald Clark (49)
  • Stephen Ray Curtis (39)
  • Gordon L. Jones (28)
  • Roy Wyatt Kemp (27)
  • Karl D. Kleppinger jr. (38)
  • Keith Blair Manuel (56)
  • Dewey A. Revette (48)
  • Shane M. Roshto (22)
  • Adam Weise (24)

Yn 'e popkultuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn desimber 2012 wijde de dokuminteresearje Seconds from Disaster , fan it National Geographic Channel , in oflevering oan 'e ramp mei de Deepwater Horizon . Yn 2016 kaam de film Deepwater Horizon , fan regisseur Peter Berg , yn 'e bioskopen . Dy is basearre op 'e untploffing en hat akteur Mark Wahlberg yn 'e haadrol . De troch de untploffing feroarsake oaljeramp foarme de ynspiraasje foar it liet Gulf of Mexico , fan sjonger Steve Earle .

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .