In
skrikkeljier
of
stokkejier
is in metoade om it ferskil op te heinen tusken in kalinderjier en it sinnejier. Om't de ierde yn likernoch 365,2422 dagen om 'e sinne hinne rint, soe in kalinder fan 365 dagen in hieltyd gruttere ofwiking krije. Derom hawwe de
Gregoriaanske
en
Juliaanske
kalinders ien kear yn de fjouwer jier in skrikkeljier; in jier mei in
febrewarismoanne
fan 29 dagen, dy't it jier 366 dagen lang makket.
It probleem foar de Juliaanske kalinder wie dat dizze korreksje te grut is. Derom is der yn de Gregoriaanske kalinder gjin skrikkejier yn it jier dat in iuw ofslut, lykas 1800 of 1900, utsein it jiertal is dielber troch 400. It jier
2000
wie dus al in skrikkeljier.
Yn
sinnemoannekalinders
wurdt yn in skrikkeljier in hiele moanne tafoege, om't in jier der altyd op itselde stuit yn in moannesyklus begjine moat, meast
nijmoanne
.
Sa hat de
hebriuwske kalinder
san kear yn eltse njoggentjin jier in skrikkeljier, mei efter
Adar
de skrikkelmoanne
Adar Sheni
,
twadde Adar
.