Oktroai

Ut Wikipedy
Octroaibewiis
Octroaibewiis

In oktroai of patint is in eksklusyf (utslutend) rjocht ta it yndustrieel meitsjen of ferkeapjen fan in produkt of it op oare wize eksploitearjen fan in utfining of libbensdoer [1] . In oktroai kin troch de rjochthawwende brukt wurde as in monopoalje op in beskaat stik technyk .

In oktroai jout de oktroaihalder it rjocht om oaren te ferbieden de utfining bedriuwsmjittich ta te passen (bygelyks te meitsjen, yn te fieren, op foarried te hawwen, ensfh.). In oktroaihalder hat net automatysk op basis fan it ferliende oktroai it rjocht om de utfining ta te passen. Yn in soad gefallen binne derfoar fierdere fergunnings needsaaklik, bygelyks op grun fan de warewet of op grun fan de miljeuwetjouwing . It kin ek weze dat oktroairjochten fan oaren it tapassen fan de utfining opkeare.

Wat is in oktroai? [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oktroaien binne utfun as oplossing foar in maatskiplik dilemma . Oan de iene kant binne de wittenskip en technology der mei holpen dat elk wit hoe't besteande technology wurket. Dan kin elk derop trochbouwe en de technyk kin fierder gean. Oan de oare kant sil de utfiner syn utfining geheim halde wolle, om in foarsprong op de konkurrinten te halden, en sa syn ynvestearring yn de utfining yn jild werom te sjen. As komprimis is it oktroai utfun. De utfiner krijt dermei foar in beheinde tiid (yn de measte lannen op syn meast tweintich jier, rekkene fan de yntsjinningsdatum fan de oktroai-oanfraach of) it eksklusive rjocht op it utbaten fan syn utfining. Foar it jildich bliuwen fan it oktroai moat yn de measte lannen alle jierren in taks betelle wurde. Wurdt dat net (mear) dien of binne de tweintich jier om, dan kin elk de utfining tapasse of kapitalisearje.

In oktroai jildt, lykas sein, foar in lan. Om yn mear lannen oktroai te krijen, moat de utfiner yn prinsipe yn elk lan apart yn de taal fan dat lan oktroai oanfreegje. Yn Jeropa is lykwols in groep lannen ta it oprjochtsjen fan it Jeropeesk Oktroaiburo kommen, dat in sintrale ferlieningsynstansje is foar de steaten dy't der lid fan binne. Der kin men yn ien fan de trije talen (Fransk, Dutsk, Ingelsk) oktroai oanfreegje foar alle of foar in part fan de lidsteaten. Nei ferliening falt it oktroai utinoar yn nasjonale oktroaien, dy't earst nei de ferliening, foardat se yn it oanbelangjende lan jildich wurde, yn de taal fan it lan oerset wurde moatte. Ek is nei de oersetting in ratifikaasje troch it parlemint yn de measte gefallen needsaaklik.

Betingsten oan it oktroai [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hieltyd mear is te oktroaien, mar net op alles kin oktroai krigen wurde. In resinte utwreiding fan dat wat te oktroaien is, is it libben sels: benammen op de genen derfan meitsje grutte bedriuwen gans jacht, der binne al in soad oktroaien op ferliend.

De basiseasken foar in utfining binne lykas folget:

  • De utfining moat in te oktroaien utfining weze.
  • De utfining moat nij weze.
  • De utfining moat utfiningshichte ha.
  • De utfining moat yndustrieel ta te passen weze.

In utfining [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oktroaien wurde allinnich ferliend op te oktroaien utfinings. Dy eask is der foar it underskied mei oare foarmen fan yntellektueel eigendom . Mei de earste bepaling wurdt benammen underskied makke tusken oktroai en auteursrjocht (mar ek merkerjocht en sa).

De fraach is wat in te oktroaien utfining is. Der is gjin dudlike definysje, al fine de measte saakkundigen yn Jeropa dat in utfining in stik technyk yn him hawwe moat. Yn de Ryksoktroaiwet 1995 blykt dy technyk -eask bygelyks ut de bepaling oer nijens, dy't is: In utfining wurdt as nij beskoge, as dy gjin diel fan de stan fan de technyk utmakket.' Eat suver abstraks, lykas in foto of in stik tekst, is gjin technyk en kin dus net mei in oktroai beskerme wurde.

De oktroaiwet befettet in negative definysje: in tal saken wurde eksplisyt neamd as net te oktroaien utfining. Sa binne wiskundige metoades en untdekkings (bygelyks op natuerkundich med) utsletten. In untdekking is op himsels noch gjin utfining, mar kin de basis wol fan in utfining weze. De untdekking dat metaal stroom trochjout, kin brukt wurde om in nije elektisiteitstried ut te finen.

Ek slut de oktroaiwet suver geastlike aktiviteiten, wurkwizen foar it sakedwaan kompjuterprogramma 's ut fan oktroai. Neffens de oktroaiwet binne dy utslutingen lykwols beheind ta de neamde saken as sadanich . In utfining dy't mear is as in kompjuterprogramma as sadanich mei wol oktroaid wurde. Hoe't dat krekt utlein wurde moat, wie de ofrune jierren underwerp fan fuleinich petear oer seftguodpatinten.

Derneist is it ferbean oktroai oan te freegjen op beskate kategoryen utfinings. Minsken, planten en bistesoarten kinne net oktroaid wurde. Mikrobiologske prosessen en produkten derfoaroer wer wol, dus gentechnology is wol te oktroaien en medisinen ek. En ek utfinings dy't gefaar opsmite foar de iepenbiere oarder of feiligens of unseedlik binne, binne net te oktroaien. Op in nije bombrief of martelark sil dus gjin oktroai ferliend wurde.

Nij [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste eask is dat in utfining nij weze moat. In oktroai mei net ferliend wurde op eat dat al bestie. Dat klinkt logysk, mar it is meast de grutstel angel by it oktroai.

In utfining is nij as dy noch net publyk makke is. De wize der't dat op bard, is net fan belang. In publikaasje yn in wittenskiplik tydskrift telt like swier as in artikel yn in doarpskrantsje. En ek munlinge publikaasjes (foardrachten, lezings, diskusjes yn it iepenbier) telle.

Nijens is in enoarme hobbel yn it oktroaiwezen, om't it in oersjoch freget fan de hiele wraldliteratuer. De ferskate oktroaiburo's hawwe manske bibleteken fan fan alles en noch wat en yndeksen derby om op underwerpen sykje te kinnen. En noch wurde oktroaien nei ferlienen geregeld oanfochten by de rjochter omdat se net nij binne.

Wol gauris wurdt sa'n oanfjochting wun, want de stan fan de technyk (de samling fan alles dat bekend is yn de wrald) is unbidich en nimmen hat it oersjoch. Der moat wol by oanjun wurde dat der fansels allinnich rjochtsaken oer de jildigens fan in oktroai oanspand wurde as it net evidint is oft in oktroai jildich is of net.

Der binne oars wol twa utsunderings foar iepenbiermeitsjen dy't plak hawwe koart foardat de oanfraach yntsjinne wurdt. As in utfining sunder tastimming publisearre wurdt en mei it doel de oktroai-oanfraach te sabotearjen, of as de sprake is fan in eksposysje by in Wraldutstalling (dus net in gewoane fakbeurs), jildt de publikaasje net as de oanfraach op 'e tiid yntsjinne is.

Utfinerswurksumens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De wichtichste eask by in oktroai is lykwols net nijens, mar utfinerswurksumens. Dat wurdt ek wol utfiningshichte neamd, hoewol't dat eins in germanisme is. In oktroai mei gjin triviale fariaasje fan in al besteand apparaat, produkt of wurkwize weze. Mar hoe moat soks ynskat wurde?

As jo in papierklammer ha, dan kinne jo stikken papier byinoar halde. Laskje twa papierklammers oaninoar en jo kinne twa steapeltsjes papier byinoar halde. Mar is sa'n dubelde papierklammer no wier in utfining of net? Is it in ynnovaasje, of leit it gewoan foar de han fan twa papierklammers ien te meitsjen?

Yndustryiele tapasberens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De leste eask is dat in utfinings yndustrieel ta te passen weze moat. Dat betsjut min ofte mear dat in utfining der't oktroai op oanfrege wurdt, boud wurde kinne moat, tapast wurde kinne moat en wurkje moat.

Yndustrieel ta te passen wol net sizze dat allinnich high-tech of allinnich masines te oktroaien binne. Mar de utfining moat wol geskikt weze om yn de yndustry makke wurde te kinnen.

H. G. Wells skreau ea in ferhaal oer in fleanmasine dy't wurke mei in metaal dat de swiertekreft ophefte. Der is gjin oktroai op mooglik, want sa'n metaal bestiet net en dus kin de utfiner net utlizze hoe't sa'n utfining boud wurde moat. In perpetuum mobile is yn striid mei de natuerwetten en kin derom ek net oktroaid wurde (al besykje de utfiners it geregeld). En it leste punt sil ek dudlik weze: in utfining dy't gewoan net wurket, is net te oktroaien.

It rjocht op it oktroai [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn prinsipe kin elkenien oktroai oanfreegje - in gewoan persoan of in rjochtspersoan . Yn prinsipe komt it oktroai de utfiner ta, of oan alle utfiners meiinoar as it in groep wie. Oktroai op utfinings dy't dien binne troch persoanen yn tsjinst fan in oar, komme ta oan de wurkjouwer (bedriuwen as Philips en IBM ha in soad oktroaien). Wa't it oktroai ek yn besit hat, de echte utfiner moat op it oktroai neamd wurde ( eare dy't eare takomt ).

In aparte situaasje docht him foar yn gefal fan botsing : as twa persoanen of ynstansjes op itselde stuit itselde utfine. Yn dat gefal jildt de regel wa't earst yn de roef komt, hat kans fan plak . Dat wol sizze: de earste persoan dy't oktroai oanfreget en der't de oktroai-oanfraach fan publisearre wurdt, hat it rjocht op oktroai. Dyjinge dy't as earste de utfining docht, hat dus net needsaaklikerwize rjocht op oktroai - it rjocht op oktroai giet nei dyjinge dy't der it earst om freget (fansels wol nei in echte utfiner; jo kinne immen syn oktroai net stelle troch hurd nei it oktroaiburo te draven om syn utfining te claimen).

Maatskiplik plak fan it oktroai [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oktroaien kinne op spande foet stean mei frije merkwurking , de oktroaihalder kin ommers syn konkurrinten ferbiede soartgelikense produkten op 'e merk te bringen. Oktroaien binne te rjochtfeardigjen as de optelsom fan de mooglik negative effekten op konkurrinsjewurking en de positive effekten op ynnovaasje utkomt op in netto foardiel foar de maatskippij. Boppedat giet it by oktroaien utsoarte om nije produkten en tapassings, dy't gauris it paad nei in merk noch fine moatte dy't foar de utfining noch net bestie. Yn sa'n nije merk kin dochs al gjin merkwurking weze.

It utsjoch op it krijen fan in beleanning yn de foarm fan in oktroai is bedoeld om bedriuwen te prikkeljen ynvestearrings te ferheegjen der't de mienskip uteinlik baat by hat. Yn tsjinstelling ta it bedriuwsgeheim is in oktroai publyk te besjen mei it doel oaren te ynspirearjen.

De oktroaihalder kin in lisinsje oan oaren jaan en dermei ynkomsten generearje. Oktroaien kinne ek strategysk ynset wurde mei it doel de konkurrint dwers te sitten en te ferswakjen.

Yn Nederlan rapportearre de kommisje Giskes yn 2005 oan steatssiktaris Karien van Gennip : It hat de Advyskommisje yn har omgong bliken dien dat der grutte maatskiplike unfrede is oer de kwaliteit fan oktroaien yn it algemien en op it med fan seftguod yn it bysunder, yn dy sin dat de minsken fan miening binne dat oktroaien ferliend wurde op triviale of marzjinale utfinings. De Advyskommisje befellet oan dat Nederlan syn ynfloed brukt yn de Administrative Council fan de Jeropeeske Oktroai-organisaasje om dat kwaliteitsprobleem te adressearjen en har der foar ynset dat de kwaliteit fan ferliende oktroaien, yn it bysunder yn it gefal fan seftguod, ferhege wurdt. Dat soe kinne troch de noarm foar ynventiviteit oan te skerpjen. It Jeropeesk Oktroaiburo is in ynternasjonale organisaasje en falt net under de Jeropa-wetjouwing; wol kin de Jeropeeske Oktroai-organisaasje Jeropeeske wetjouwing oernimme, wat bygelyks yn 1999 dien is as it giet om biotechnologyske utfinings: Rigels 26 o/m 34 EPC2000 binne basearre op de Jeropeeske rjochtline 98/44/EG. De Administrative Council bestiet ut troch de lidsteaten oanwiisde leden.

Yn de praktyk blike Multynationals underinoar gauris in juridyske wapenstilstan te hawwen werby't op grutte skaal kruslisinsjes ofjun en krigen wurde sunder jildstreamen. Foar grutte bedriuwen binne oktroaien in middel om lytse meidoggers op 'e merk under druk te setten mar de praktyk fan de ofrune jierren hat leard dat lytse meidoggers ek grutte bedriuwen mei sukses oankleie kinne fanwege oktroai-ynbrek, bygelyks Eolas fersus Microsoft .

Nederlan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De beneaming oktroai wurdt yn de Nederlanske wetjouwing brukt; it wurd patint wurdt lykwols ek algemien brukt yn in net-offisjele kontekst foar itselde begryp.

Yn Nederlan is yn 1912 in hifke oktroai ynfierd. Dat barde trochdat de Ryksoktroaiwet 1910 yn wurking gong. Alle fan 1912 of yntsjinne oktroai-oanfragen waarden fan dat stuit of foar de werklike oktroaiferliening hifke op de wetlike fereasken lykas nijens, ynventiviteit en yndustriele tapasberens.

Yn Nederlan jildt op dit stuit (2007) de Ryksoktroaiwet 1995.

Dat hifkjen wurdt dien troch de Oktroairied . De kwaliteit fan it hifkjen yn Nederlan troch de oktroairied stie ynternasjonaal heech oanskreaun.

Troch it oprjochtsjen fan it Jeropeesk Oktroaiburo yn de tachtiger jierren naam it tal by de oktroairied yntsjinne oktroai-oanfragen stadich of. As gefolch derfan wie it net mear mooglik om foar alle meden fan de technyk saakkundige foarundersikers yn tsjinst te hawwen en oan it wurk te halden. Yn 1995 waard derom de Ryksoktroaiwet 1995 ynfierd, dy't der yn foarseach dat tenei Nederlanske oktroai-oanfragen net mear hifke waarden. Op elke oanfraach waard neffens dat registraasjesysteem sunder ynhaldlike hifking, in oktroai ferliend. Der binne twa foarmen: in oktroai dat 20 jier jildich is, en in oktroai dat mar 6 jier jildt. Om in 20-jierrich oktroai te krijen moat in fersyk om in nijensundersyk yntsjinne wurde. De utslach fan sa'n nijensundersyk jout ornaris in goede yndikaasje, oft de claimde utfining nij en ynventyf genoch is as sjoen wurdt nei de stan fan saken fan de technyk om in sinfolle oktroaibeskerming jaan te kinnen. De utslach is lykwyls net fan belang foar de oktroaiferliening. It hifkjen fan de nijens wurdt earst nei oktroaiferliening dien troch de rjochter. It (tweintichjierrich)oktroai wurdt dus ferliend unofhinklik fan de ynhald fan it nijensrapport. By ferliening fan oktroaien foar ynfiering fan de ROW 1995 waard yn 't foar ynhaldlik hifke.

Dútsk patint foar in Nederlânske útfining
Dutsk patint foar in Nederlanske utfining

In ferliend Nederlansk oktroai kin yn syn hiele rintiid bygelyks troch in tredden foar de rjochter 'oanfallen' wurde yn in neatigensproseduere. De wearde c.q. kreft fan in Nederlansk registraasje-oktroai wurdt dus earst nei ferliening, yn rjochte, beskaat, teminsten as it oktroai underwerp wurdt fan in juridysk skeel. Foardiel fan it registraasjesysteem is it gemak en fluggens der't in oktroai mei krigen wurde kin, en ek de legere kosten foar de oktroaihalder.

Guon fine dat in registraasje-oktroai de rjochswissens ferleget, omdat de jildigens fan in registraasje-oktroai yn syn hiele rintiid by de rjochter oanfochten wurde kin. Dat is mar foar in part wier. Sa jout de utslach fan in nijensundersyk (yn gefal fan in 20-jierrich oktroai oanwezich en foar in 6-jierrich oktroai allinnich ferplichte as it oktroai troch in tredden yn 'e kiif steld wurdt) al in goede yndikaasje, oft it oktroai op in te oktroaien (nije en ynventive) utfining basearre is. Boppedat wurdt meast in oktroai-ekspert, de oktroaimachtige , ynset om de oktroai-oanfraach op te stellen. As leste, ek in foarundersocht oktroai (bygelyks in Nederlansk part fan in Jeropeesk oktroai, sjoch under) is fetber foar ferneatiging.

De yn 1995 noch net ofhannele oanfragen waarden noch under de Ryksoktroaiwet 1910 hifke troch de oktroairied. Sjoen it systeem fan de Ryksoktroaiwet 1910 hat it ofhanneljen fan de oanfragen dy't under de Ryksoktroaiwet 1910 yntsjinne wiene troch de oktroairied duorre oant begjin 2004. Op 1 septimber 2004 is de Ryksoktroaiwet 1910 ynlutsen en dermei de oktroairied opheft. Ta gelegenheid derfan is allinnich in parseberjocht ferspraat dat de algemiene parse net helle hat.

Yn Nederlan kin no op trije wizen in oktroai oanfrege wurde:

  • De nasjonale wize, troch yn Nederlan oktroai oan te freegjen, dy oanfraach liedt ta in registraasje-oktroai dat allinnich foar Nederlan jildt;
  • De Jeropeeske wize, troch fia it Jeropeesk Oktroaiburo in oktroai oan te freegjen foar in tal lannen tagelyk, wat nei hifkjen liedt ta in Jeropeesk oktroai, dat nei ferlienen yn in bondel nasjonale oktroaien utinoar falt, werunder it Nederlansk part en
  • de ynternasjonale wize, troch fia in troch WIPO (World Intellectual Property Organization) erkende nasjonale ynstansje in ynternasjonale oktroai-oanfraach (fia it Patent Cooperation Treaty of PCT) yn te tsjinjen. Op dy wize kin in Jeropeesk oktroai (sjoch boppe) krigen wurde dat jildich is yn Nederlan. It is lykwols net mooglik op dy wize daliks in Nederlansk (net-hifke) oktroai te krijen, likemin as dat op de Jeropeeske wize mooglik is

In yn Nederlan ferliend oktroai jout gjin beskerming tsjin neimeitsjen yn Dutslan of yn de Feriene Steaten , yn tsjinstelling ta it auteursrjocht , der't ynternasjonale ferdraggen automatysk wraldwide beskerming jouwe. De utfiner moat yn elk lan apart in oktroai-oanfraach yntsjinje om der beskerming te krijen. Wol kin by it Jeropeesk Oktroaiburo (festige yn Rijswijk-Sud-Hollan) patint foar Jeropeeske lannen oanfrege wurde. It Jeropeeske Oktroaiburo beoardielet de oanfraach op ynhaldlike grunen en nei ferlienen wurdt de Jeropeeske oktroai-oanfraach omset yn in bondel nasjonale oktroaien. Der is dus gjin Jeropeesk Oktroai dat automatysk yn hiel Jeropa jidlich is. Der wurdt wurke oan in Jeropeeske feroardering om in systeem foar in Mienskipsoktroai op te setten.

De measte oktroaiwetten jouwe in op himsels relatyf ienfaldige regel oangeande de fraach, wat te oktroaien is, sjoch bygelyks it Jeropeesk Oktroaiferdrach: Oktroaien wurde ferliend foar utfinings dy't nij binne, op utfinerswurksumens (in ynventive stap) bereste en fetber binne foar tapassen op it med fan yndustry . In te oktroaien utfining is bygelyks in idee of utfining dy't net fanselssprekkend simpel is (mar wol ynventyf), en dy't wraldwiid nij is. De utfining mei dus nearne earder publisearre of beskreaun weze. Oer wat 'fanselssprekkend simpel' ynhaldt binne wolris mieningsferskillen; in rjochter moat dan bygelyks de knoop trochhakje. It Jeropeesk Oktroaiburo brukt ornaris de 'problem-solution approach' om nei te gean oft in utfining ynventyf genoch is. De leste jierren is der in kontroverse geande oer de fraach oft genen te oktroaien binne.

Skiednis yn Nederlan oant 1910 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste wet op oktroaien waard yn Nederlan ynfierd op 25 jannewaris 1817 . Der waard lykwols troch Nederlanske bedriuwen in bytsje gebruk fan makke. Wol besochten butenlanske bedriuwen troch de wei fan in ynfier-oktroai hat konkurrinsjeposysje yn Nederlan feilich te stellen. Op 25 july 1867 waard dy wet lykwols hielendal ynlutsen. Yn 1870 soe Nederlan de Konfinsje fan Parys tekenje, wat ynhold dat Nederlan har wetjouwing op yndustrieel eigendom oanpasse moatte soe, lykwols allinnich foar fabryks- en hannelsmerken. Nederlan koe, krekt as Switserlan , noch hieltyd in eigen koerts oangeande de oktroaien folgje. Neidat Switserlan yn 1888 dochs besleat ta ynfieren fan oktroaiwetjouwing wie Nederlan yn wezen it iennichste Jeropeeske lan der't soks noch net festlein wie. Polityk sjoen wie dy posysje fan Nederlan net langer fol te halden (ynternasjonaal waard Nederlan bestimpele as in folk fan Frijbutsers ). Dus, yn 1893 waard troch it Nederlanske regear op in kongres yn Madrid tasein om in utstel nei de Twadde Keamer te stjoeren. De diskusje dy't dat utstel los makke soarge der foar dat it earst yn 1905 slagge om werklik in wetsutstel yn te tsjinjen (Nederlan soe oars ut de Uny fan Parys set wurde, en de fabryks- en hannelsmerken fan de Nederlanske yndustry ferlieze) . Dy wet soe uteinlik yn 1910 troch de Earste- en Twadde Keamer oannommen wurde.

Besibbe underwerp [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Octrooi op leven en de geschiedenis van de Europese Octrooirichtlijn (EU 98/44)(Nederlansktalich)