Konsulaat (diplomasy)

Ut Wikipedy
It Nederlanske konsulaat yn Sint-Petersburch ( Ruslan ).

In konsulaat is in diplomatike fertsjintwurdiging fan ien lan yn in oar lan (mei minder foech as in ambassade ), dy't laat wurdt troch in konsul . Mei de oantsjutting 'konsulaat' kin it eigentlike gesantskip (besteande ut diplomatyk personeel) bedoeld weze, mar der wurdt ek wol inkeld it gebou mei bedoeld der't dat gesantskip yn husfeste is. Meastal wurdt lykwols sawol it gesantskip as it gebou bedoeld. Konsulaten falle bestjoerlik under it Ministearje fan Butenlanske Saken fan it thuslan. Konsuler personeel genietet, krekt as ambassadepersoneel, diplomatike ymmuniteit .

Soarten konsulaten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It komt foar dat lannen in problematyske relaasje hawwe en dat in konsulaat de heechste diplomatike fertsjintwurdiging is dy't yn 'e wjersidige haadsteden underholden wurdt, mei't der gjin ambassadeurs utwiksele binne. Meastal binne konsulaten lykwols 'njonkenfestigings' fan ambassades . Yn in grut gastlan stiet de ambassade fan in oare steat almeast yn 'e haadsted (of de regearingsresidinsje, as it regear net syn sit hat yn 'e haadsted), wylst yn oare wichtige steden , ferspraat oer it lan, ferskillende konsulaten festige binne. Derby wurde grutte konsulaten as 'konsulaat-generaal' oantsjut, en binne lytsere konsulaatsjes gauris bestjoerlik underhearrich oan sa'n konsulaat-generaal.

Nederlan hat bygelyks yn 'e Feriene Steaten in ambassade yn Washington, D.C. , en konsulaten-generaal yn New York , Chicago , Miami en San Fransisko , mei dernjonken noch lytsere konsulaatsjes dy't under it konsulaat-generaal fan San Fransisko falle yn Los Angeles , Portland , Seattle , Phoenix , Salt Lake City , Denver en Honolulu . Yn Dutslan underhaldt Nederlan njonken in ambassade yn Berlyn ek ferskate konsulaten-generaal, werfan't de wichtichsten festige binne yn Hamburch (mei underhearrige konsulaatsjes yn Emden , Bremen en Hannover ) en yn Dusseldorf (mei underhearrichheden yn Aken , Kleef , Keulen en Meunster .

It Nederlanske konsulaat yn Kaapsted ( Sud-Afrika ).

Doelen en tsjinsten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Konsulaten konsintrearje har mear as ambassades op it leverjen fan tsjinsten oan steatsboargers fan it thuslan dy't yn it gastlan ferbliuwe, bgl. foar fakansje , studzje of saken. Sa bestiet in grut part fan 'e wurksumheden op in konsulaat ut 'e ofjefte fan reisdokuminten ( paspoarten foar boargers fan it thuslan en fisa foar boargers ut it gastlan), werunder needdokuminten yn gefallen werby't it paspoart untfrjemde, ferlern of op in oare manear kwytrekke is.

Fierders kin men op in konsulaat telane foar formaliteiten op it med fan 'e boargerlike stan ( houliken , skiedings , berten , stjergefallen ), de ofjefte fan rydbewizen , identiteitsbewizen en ferskate konsulere ferklearrings en sertifikaten, it ferfier fan 'e stoflike omskotten fan minsken dy't op fakansje of op reis ferstoarn binne ( laissez-passer ), ynformaasje foar bedriuwen, foarljochting oer wetjouwing , ensfh.

Earekonsulaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In aparte fariant fan konsulaten binne earekonsulaten, dy't laat wurde troch in konsul-honorer ("earekonsul") en yn 'e regel mar in tige beheinde stef hawwe (net selden in stef fan ien persoan, de konsul-honorer sels). Faak is sa'n konsul-honorer in steatsboarger fan it gastlan dy't de iene of oare ban mei it lan hat der't er diplomaat foar is. Konsuls-honorer ferliene diplomatike tsjinsten, mar binne ek adviseur fan bedriuwen en boargers dy't saken dwaan wolle yn it lan dat hy of sy fertsjintwurdiget. Faak wurdt in konsul-honorer frege foar syn post om't er in grut sosjaal netwurk hat, der't it lan dat er fertsjintwurdiget gebruk fan meitsje wol om bgl. nije ynvestearrings binnen te heljen. Krekt as normaal konsuler personeel genietet ek in konsul-honorer diplomatike ymmuniteit .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bronnen, noten en referenties , op dizze side .