Haadstjoertiid

Ut Wikipedy
In hushalding dy't tillefyzje sjocht yn de 1950er jierren

De haadstjoertiid , yn it Ingelsk (en yn it Frysk ek wol) prime time neamd, is in begryp dy't benammen yn de wrald fan de tillefyzje , en ek wol op de radio , de tiid fan de dei oantsjut dy't it meast geunstich is foar it beheljen fan de measte sjoggers. Yn Nederlan lei dy tiid fanalds tusken healwei achten en tsien oere juns, werfan't de tiid tusken acht oere en njoggen oere foar it algemien publyk it beste wie.

In programma dat daliks nei de wichtichste nijssjoernaal, dy om acht oere juns, utstjoerd wurdt, hat in folle gruttere kans besjoen te wurden as in program dat bygelyks om seis oere juns utstjoerd wurdt. Om dy tiid hawwe de measte hushaldings harren junsmiel en hawwe se yn dy tiid oare warberens.

Foar oare groepen sjoggers jildt lykwols in oare haadstjoertiid. Sa binne tiden fan fiif oere oant seis oere middeis en fan healwei sanen oant san oere juns foar jongere bern in gaadlike tiid. Foar skoalbern en de jongerein leit dat justjes oars, om't der ek rekken mei de skoaltiid holden wurde moat.

Yn de Feriene Steaten , der't it begryp prime time weikomt, is de haadstjoertiid almeast tusken acht oere en alve oere juns op de pleatslike tiid.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .