Cocktail (film ut 1988)

Ut Wikipedy
Cocktail
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Roger Donaldson
produsint Ted Field
Robert W. Cort
senario Heywood Gould
basearre op Cocktail fan Heywood Gould
kamerarezjy Dean Semler
muzyk J. Peter Robinson
filmstudio Touchstone Pictures
Silver Screen Partners III
Interscope Communications
distribusje Buena Vista Pictures
spilers
haadrollen Tom Cruise
Bryan Brown
Elisabeth Shue
byrollen Lisa Banes
Gina Gershon
Kelly Lynch
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 29 july 1988
foarm langspylfilm
sjenre romantyske film
taal Ingelsk
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $171,5 miljoen

Cocktail is in Amerikaanske romantyske film ut 1988 under rezjy fan Roger Donaldson , mei yn 'e haadrollen Tom Cruise , Bryan Brown en Elisabeth Shue . De titel ferwiist nei alkohoalyske miksdrankjes . It ferhaal folget Brian Flanagan, in jonge Amerikaanske studint dy't in bybaantsje as barkeeper fynt, mar uteinlik syn studzje deroan jout en foltiids yn in bar oan it wurk giet. Hy hat dreamen om syn eigen saak te iepenjen, mar as er yn Jamaika Jordan Mooney moetet, feroaret dat syn libben . Cocktail krige fan 'e filmkritisy tige negative resinsjes , mar groeide yn 'e bioskopen ut ta in grut kommersjeel sukses.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Brian Flanagan is in jonge ut in arbeidersfermidden yn 'e New Yorkske borough Queens , dy't weromkomt ut militere tsjinst . Hy is derfan oertsjuge dat er de feardichheden hat om syn fortun te meitsjen, mei't New York de sted fan 'e dreamen is. Hy begjint te sollisitearjen by bedriuwen yn 'e finansjele sektor op Wall Street , mar der nimme se inkeld lju oan dy't in studzje foltoge en op syn minst in bachelorgraad behelle hawwe. Hy kriget it advys om it mei syn flotte babbel ris yn 'e reklamebrans te prebearjen, mar der wurdt er oeral ofwiisd omreden fan syn gebrek oan wurkunderfining . Hy komt ta de untdekking dat nimmen belangstelling hat foar wat er eins yn syn mars hat.

Ferbuke giet er op hus oan, en sjocht dan by in kafee in bryfke oan it rut hingjen dat der ferlet is fan in nije barkeeper . Mei't er neat te ferliezen hat, besiket er it der ris. De haadbarkeeper, Doug Coughlin, sjocht wol wat yn him, dat hy wurdt oannommen, ek al hat er ek op dit fakmed frijwol gjin wurkunderfining. Nei in dreech begjin untjout Brian him under it mentorskip fan Doug ta ien fan 'e beste barkeepers fan New York en in master fan it flerbarkeepen (werby't u.m. mei flessen drank jonglearre wurdt). De mannen reitsje ek befreone en bringe buten it wurk om in protte tiid mei-inoar troch.

Brian wurket juns en brukt syn baan as barkeeper om him fan te underhalden wylst er oerdeis in stuzje ekonomy folget. Hy hat syn plannen om ryk te wurden nammentlik noch net opjun. Meitiid wurde lykwols de junen almar langer en de dagen koarter. Nei in oanfarring mei in arrogante universiter dosint , dy't der aardichheid oan hat om syn studinten leech te lizzen, beslut Brian syn studzje deroan te jaan en him foltiids op it barkeepen ta te lizzen. Hy makket plannen om yn gearwurking mei Doug in eigen bar te iepenjen, dy't Cocktails & Dreams komme moat te hjitten. Hy rekkenet foar dat soks utkinne moat as se in pear jier de simmers op Jamaika wurkje, der't barkeepers yn toeristyske resorts poerbest jild fertsjinje kinne, wylst der amper belesting oer ofdroegen hoecht te wurden. Doug hat niget oan Brian syn jeugdige entusjasme , mar besiket syn plannen te bedimjen om't er dy finansjeel te riskant fynt.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Nei ferrin fan tiid wurde de twamans optredens as jonglearjende barkeepers dy't Brian en Doug fertoane, sa populer , dat harren in baan oanbean wurdt yn in trendy nachtklub . Ek der steane se folop yn 'e belangstelling fan it bewunderjende publyk . Brian lukt de oandacht fan 'e tsjeppe en rike fotografe Coral, mei wa't er deselde juns noch op bed rekket. Hja krije in relaajse . Brian is alhiel yn 'e wolkens, mar Doug warskoget him dat er foar Coral mar in fersetsje is en seit dat se foar de ein fan 'e wike mei in oare man op bed west hawwe sil. Brian wol der neat fan witte, en de beide freonen slute der in weddenskip oer of. De oare juns docht bliken dat Doug Coral manipulearre hat om mei himsels op bed te gean. Dat bringe se oan Brian ut troch yn syn bywezen in lange, yntime tongtut ut te wikseljen. Brian is poer . Hy slacht Doug del, seit dat er neat mear mei him te krijen hawwe wol, nimt untslach en jout him of.

Twa jier letter wurket Brian as barkeeper yn in resort op Jamaika, mei't er noch altyd dreamt fan in eigen bar. Der komt er yn 'e kunde mei Jordan Mooney, in servearster en aspirearjend keunstneresse ut New York, dy't der mei har freondinnen op fakansje is. Se fiele har ta-inoar oanlutsen en krije ferkearing . De serieuzens fan 'e relaasje komt ta utering yn it feit dat se pas nei in wike of deromtrint foar it earst seks hawwe, wat foar Brian syn dwaan in utsunderlik stadich tempo is. Underwilens komt Doug yn Jamaika opdaagjen. Brian hat him twa jier net sjoen, en de tiid hat it spul tusken harren saksearje litten, dat hy is bliid om syn alde maat wer te moetsjen. Doug blykt no troud te wezen mei in Kerry, dy't iepentlik mei oare manlju flirt . Sy komt ut in smoarrike New Yorkske famylje , en it liket derop dat Doug benammen mei har troud is om har jild, wylst it houlik mei in sljochtwei barkeeper foar har fral in manear is om in middelfinger op te stekken nei har aldelju .

As de relaasje mei Jordan Brian eins wat al te serieus wurdt, en Doug him utdaget om sjen te litten dat er in nije toeriste, in rike aldere frou dy't Bonnie hjit, fersiere kin, lit Brian him utlokje om deroan ta te jaan. Hy flirt mei Bonnie en wit har te fersieren, mar as er mei har nei har hotelkeamer giet, wurde se sjoen troch Jordan. Dy is untsteld troch Brian syn untrou , en stapt op it earste fleantuch werom nei New York. De oare moarns hat Brian spyt dat er mei Bonnie sliept hat. Hy siket Jordan, mar kriget fan ien fan har freondinnen te hearren dat hja nei hus is en dat dat syn skuld is. Doug pleaget Brian mei de sitewaasje, mar drukt him op it hert dat er folle better of is mei de rike Bonnie as mei de earmoedige Jordan.

Nei't er yn New York weromkeard is, nimt Brian wat unwennich de rol oan fan Bonnie har boytoy . Hy besiket har safier te krijen dat se syn karriere op gong helpt, mar se komt mei ferlechjes en hy fielt him oan it lyntsje holden. Der komt noch by dat er hielendal neat op hat mei de snobistyske sosjale fermiddens fan 'e New Yorkske high society der't sy har yn beweecht. By in cocktailparty yn in keunstgalery drinkt er tefolle en kriget er slaanderij mei de arrogante keunstner waans wurk der tentoansteld wurdt. Der krije hy en Bonnie butendoar in ruzje oer dy't dermei einiget dat Brian har oan 'e dyk set. Hy beseft dat er in rare misslach makke hat troch syn ferstan boppe syn hert prefalearje te litten en Bonnie oer Jordan te kiezen.

Dat, sadwaande giet er nei it kafetaria der't Jordan as servearster wurket. Dat misbeteart raar as sy him in board iten yn 'e skurte smyt en in board sop oer de holle jit. Mei't er beseft dat se it rjocht hat om nidich te wezen, akseptearret er dat as syn fertsjinne straf . Dy juns wachtet er har buten op en besiket er it nochris. Jordan stegeret him noch hieltyd of, mar diskear praat se teminsten mei him. Derby fertelt se him dat se fan him yn ferwachting rekke is. Der wurdt Brian al rare kjel fan. Mar nei't er wat fan 'e skrik bekommen is, beslut er de oare deis om ferantwurdlikheid foar syn dieden te nimmen en Jordan te bewizen dat er weardige heit foar harren bern weze sil.

As er Jordan thus opsiket, fertelt in buorfrou him dat se in pear dagen by har aldelju utfanhuzet . Dan komt Brian derefter dat Jordan har alden guon fan 'e rykste lju fan New York binne, eat dat se op Jamaika foar him stilholden hie om't se bang wie dat er oars inkeld om it jild in relaasje mei har oangean soe. Brian set nei Jordan har alden ta, dy't yn in penthouse op in wolkekliuwer yn Manhattan wenje mei utsjoch op Central Park . As er der arrivearret, is Jordan net thus, mar har heit untfangt him en biedt him $10.000 oan as er opsokkeballet en Jordan net mear lestich falt. Brian fertelt ynstee oan Jordan, dy't op dat stuit thuskomt, dat er fan har haldt en in gesin mei har stiftsje wol. As se him op 'e nij ofstegeret, ferskuort er lykwols, foar't er fuortgiet, de sjek dy't har heit him jun hat.

Brian siket Doug op, dy't no, mei it jild fan syn frou Kerry, in eigen bar iepene hat. As se nei Doug syn nije boat yn 'e jachthaven geane, deunby de bar, bychtet Doug lykwols op dat er djip yn 'e swierrichheden sit. Hy hat op 'e oandielemerk oan it belizzen west, en troch in stikmannich ferkearde ynvestearrings is it jild no frijwol op. Hy stiet sadwaande op it punt om syn bar wer te ferliezen. En syn frou nei alle gedachten ek, as se untdekt wat er dien hat. Kerry komt harren ut 'e bar efternei om't se nei hus wol, mar Doug, dy't him bedronken hat, is net by steat om har thus te bringen. Dat ynstee riidt Brian har nei hus ta. Hja nuget him by har appartemint deryn en besiket him dan te ferlieden . Dat giet Brian te fier, dat hy triuwt har by him wei en giet fuort, ta lulkens fan Kerry. Hy keart werom nei de jachthaven, mar as er der op Doug syn boat komt, fynt er syn maat dea, mei't Doug yn it tuskenskoft selsmoard dien hat troch himsels troch de holle te sjitten.

Brian rouwet om syn freon, mar hy leart ek fan Doug syn flaters. Hy beseft dat Doug te grutsk wie om help te sykjen oant it mei him al te fier hinne wie, en hy nimt him foar om soks sels net te dwaan. Derom bejout er him op 'e nij nei it penthouse fan Jordan har aldelju, der't er no inkeld noch mei de grutste muoite nei binnen glupe kin, om noch in leste kear te besykjen en bepraat har om by him werom te kommen. Hy fertelt Jordan oer de dea fan Doug en wat er derfan leard hat, en unthjit in goede man foar har en in goede heit foar har bern te wezen. Jordan har heit set de portier en de butler yn om him fuort te krijen, en alle luk- en triuwwurk helpt Jordan om ta in beslut te kommen. Se kiest foar Brian, ta argewaasje fan har heit, dy't driget har te untervjen . As dat har net op oare gedachten bringt, ferbrekt har heit alle bannen mei har. Jordan giet mei Brian fuort.

Tom Cruise .
Bryan Brown (yn 2009 ).
Elisabeth Shue (yn 2007 ).

Neitiid trouwe Brian en Jordan yn it bywezen fan syn famylje en de freonen fan syn en fan har wurk. De brulloft wurdt holden yn 'e kroech fan syn omke Pat yn Queens. Fan omke Pat lient Brian it bedrach der't er ferlet fan hat om mei syn sparjild by steat te wezen en keapje syn eigen bar, dy't er Flanagan's Cocktails & Dreams neamt. By de feestlike iepening derfan fertoant Brian ien fan syn alde trukjes troch op 'e bar te klimmen en foar de han wei in gedicht te betinken en foar te dragen. Diskear giet it oer syn noch net berne poppe en oft dat in jonkje of in famke weze sil. As er klear is, seit Jordan dat se in ferrassing foar him hat: se is swier fan in twilling .

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

haadrollen
personaazje              akteur/aktrise
Brian Flanagan Tom Cruise
Doug Coughlin Bryan Brown
Jordan Mooney Elisabeth Shue


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bonnie Lisa Banes
Coral Gina Gershon
Kerry Coughlin Kelly Lynch
Mooney (Jordan har heit ) Laurence Luckinbill
omke Pat Ron Dean
Eleanor Ellen Foley
ekonomydosint Paul Benedict

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Preproduksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Cocktail waard basearre op 'e semy- autobiografyske roman Cocktail fan Heywood Gould , dy't yn 1984 ferskynde. Dat boek wie basearre op Gould syn eigen underfinings en dy fan syn kollega's ut 'e perioade dat er tusken 1969 en 1981 yn New York wurke as barkeeper om yn syn libbensunderhald te foarsjen wylst er in karriere as skriuwer fan 'e grun besocht te krijen. Yn 'e roman is de haadpersoan in aldere man dy't it idee begjint te krijen dat er mei syn libben de boat mist hat.

Doe't filmstudio Universal Pictures de filmrjochten op it boek oankocht, wurke Gould sels de roman om ta in ferfilmber senario . De studio seach uteinlik fan it projekt of om't Gould, nei eigen sizzen, de haadpersoan net sympatyk genoch meitsje woe. De filmrjochten waarden doe oerkocht troch The Walt Disney Company , der't Gould itselde op 'e nij belibbe: de studio woe dingen oan it senario feroare hawwe dy't hy net feroarje woe. Om't er besefte dat de film nea makke wurde soe as er foet by stik hold, besocht er de gouden middenwei te finen tusken wat it ferhaal neffens him weze moast en wat Disney derfan meitsje woe. By in fraachpetear mei de Chicago Tribune yn 2013 joech Gould lykwols ta dat de studiobazen by Disney gelyk han hiene. Hy sei: "Se woene filmpersonaazjes hawwe. Personaazjes dy't fleurich wiene en in happy end krije soene en takomst hiene yn harren libbens. Dat is wat je hawwe wolle yn in grutte Hollywood -film."

Doe't topakteur Tom Cruise oanjoech dat er belangstelling hie foar de haadrol , kaam dertroch de finansiering fan Cocktail flugger ree. Neffens akteur Bryan Brown , dy't de rol fan Doug Coughlin spile, wie it oarspronklike skript "ien fan 'e alderbeste senario's dy't ik ea lezen hie. Hiel dunker […]. Tom Cruise is in hiele leave man, dat wied er doe en is er noch. Mar doe't Tom by it projekt belutsen rekke, moast de film wol feroarje. De studio fierde oanpassings troch om 'e stjer te beskermjen, en dertroch waard it in folle oerflakkiger film."

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Cocktail waard regissearre troch Roger Donaldson . As produsinten wiene Ted Field en Robert W. Cort by it projekt belutsen foar de filmstudio's Touchstone Pictures (in dochterundernimming fan Disney ), Silver Screen Partners III en Interscope Communications . Foar de film wie in budget beskikber fan $ 20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler . De filmmuzyk soe oarspronklik fersoarge wurde troch Maurice Jarre , mar dy waard op it leste momint ferfongen troch J. Peter Robinson .

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen fan Cocktail setten utein op 26 oktober 1987 en funen plak op lokaasje yn New York , it Kanadeeske Toronto en Port Antonio op Jamaika . Neffens senarioskriuwer Heywood Gould kaam it jonglearjen mei flessen drank net yn it boek of it oarspronklike skript foar, mar it wie wat dat er Tom Cruise en Bryan Brown sjen liet, dy't it harsels oanlearden en der in wichtich underdiel fan 'e film fan makken.

Yn in fraachpetear mei The A.V. Club , in Amerikaanske online - krante , sei aktrise Kelly Lynch (dy't yn 'e film de rol fan Kerry Coughlin spile), dat de film "eins in tige yngewikkeld ferhaal oer de 1980-er jierren en macht en jild " wie. Der heakke se oan ta: "[De film] waard op sa'n manear wermontearre dat it eftergrunferhaal fan myn personaazje folslein ferlern gie ? har gebrek oan selsrespekt , wa't har heit wie, werom't se de persoan wie dy't se wie ? mar it wie dudlik in tige suksesfolle film, al wied er net sa goed as er weze kinnen hie." Lynch hold ut dat yn opdracht fan Disney " reshoots dien waarden fan likernoch in tredepart fan 'e film", werby't in protte djipdollender stikken feroare waarden "yn it opgoaien fan flessen en sokssawat […]. Mar wy hiene in geweldige tiid. En mei Tom hiene we sa'n soad wille , it wie geweldich om mei him te wurkjen, sawol foar de kamera as efter de skermen."

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Cocktail waard fersoarge troch Buena Vista Pictures , in dochterundernimming fan The Walt Disney Company . De film gie op 29 july 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiere .

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 2 augustus 1988 by platemaatskippij Elektra Records . It album waard diamant yn Kanada , fjouwer kear platina yn Austraalje en de Feriene Steaten , platina yn Nij-Seelan en goud yn it Feriene Keninkryk , Frankryk , Hongkong , Spanje , Sweden en Switserlan . It liet Kokomo , fan The Beach Boys , dat foar de soundtrack fan 'e film skreaun wie, waard in reuseftige hit .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Cocktail oer it algemien tige negative resinsjes . Sa omskreau Vincent Canby de film yn The New York Times as "in grutskaliger makke, folslein harsensdeade fariaasje op dy effisjinte alde B-films ut 'e 1930-er en 1940-er jierren oer de libbens , leafdes en feardichheden fan u.o. mynwurkers , boufakkers en tillefoanelektrisiens ." Yn 'e Chicago Sun-Times hie Roger Ebert ek krityk op Cocktail . Hy skreau: "Wat mear oft je neitinke oer wat der eins echt bart yn [de film], wat mear oft je beseffe hoe leech-by-de-grunsk en forsearre oft it allegear is."

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat Cocktail in tige leech goedkarringspersintaazje fan 7%, basearre op 44 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "Der sitte gjin ferrassings yn Cocktail , in oerflakkige romantyske film dy't net folle berikt op it med fan dramatyk, en [boppedat] de talinten fan Tom Cruise fergriemt oan wat delkomt op 'e banale fantasij oer in naive barkeeper ." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Cocktail in goedkarringspersintaazje fan 12%, basearre op 14 resinsjes. Tsjintwurdich hat Cocktail lykwols in beskate cultstatus berikt.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Cocktail brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 78,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $93,3 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $171,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat in winst fan $151,5 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte. Dermei wie Cocktail , nettsjinsteande de strieminne resinsjes , de op san nei meast opbringende film fan 1988 .

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It liet Kokomo , fan The Beach Boys , waard nominearre foar in Grammy Award en foar de Golden Globe foar beste orizjinele liet. Cocktail 'wun' fierders twa Golden Raspberry Awards (de prizen foar de minste prestaasjes op filmgebiet) foar minste film en minste senario. Fierders waard Roger Donaldson nominearre foar de Golden Raspberry Award yn 'e kategory minste regisseur en Tom Cruise yn 'e kategory minste akteur .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .