Adolesinsje

Ut Wikipedy
Adolesinten harkjend nei popmuzyk .

Adolesinsje (ek adolessinsje ) [1] is de oergong yn de untwikkeling tusken de bernetiid en folwoeksenens , dat in perioade represintearret weryn't in persoan biologysk , mar net noch net emosjoneel folgroeid is. Immen dy't adolesinsje trochmeitsje, is in adolesint of yn 'e folksmule in teener of teenager .

De leeftiden dy't beskoge wurde as underdiel fan de adolesinsje ferskille per kultuer. Yn de Feriene Steaten wurdt adolesinsje beskoge as begjnnend om 13 jier hinne en duorjend oant sawat 24 jier. Mar de Wraldsunensorganisaasje definearret adolesinsje as in perioade tusken de 10 en 20 jier. De Dikke Van Dale neamt de periode fan 16 oant 20 jier en makket derby underskie mei pubers , dy't de leeftydskategory fan 12 oant 16 jier beslaan soene. De term adolesint hat net de sterke betsjutting fan "dwerslizzer" dy't it wurd puber hat.

Adolesinsje is in kultureel en sosjaal fenomeen en derom binne grinzen net maklik te binen oan fysike mylpeallen. It wurdt komt fan it Latynske tiidwurd adolescere dat "opgroeie" betsjut. De perioade kin werkend wurde oan drastyske feroarings yn it lichem, kombinearre mei untwikkelingen yn de psychology en akademyske karriere fan in persoan. By it begjin fan de adolesinsje komme bern faak fan de basisskoalle en begjinne oan de middelbere skoalle .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Taalweb Frysk

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .