In
ynternet
is in samling fan
kompjuternetwurken
. Wylst in kompjuternetwurk ornaris bestiet ut fysyke komponinten (kabels, skeakelingen ensfh.), bestiet in ynternet allinne ut in samling protokollen, yn it gefal fan 'it' ynternet, it saneamde IP (
internet protocol
).
Kompjuters
yn ferskillende netwurken en mei ferskillende
bestjoeringssystemen
kinne troch it tapassen fan dy protokollen meiinoar kommunisearje.
In fysyk kompjuternetwurk is meast beheind ta in gebiet of organisaasje. It systeem fan underlinge kommunikaasje tusken
rekkenreauwen
yn sa'n beheind netwurk wurdt ek wol
yntranet
neamd. Fanut geandewei mear yntranetwurken is der ek tagong ta it ynternet mooglik, wylst der ek in tendins is dat guon siden op it wrald-wiid-web (
www
) allinne foar persoanen of organisaasjes tagonklik binne dy't der spesjaal foar machtige binne.
Wat yn it spraakgebruk as "it ynternet" oantsjutten wurdt is in grut iepenbier kompjuternetwurk, in netwurk fan netwurken, der't by de ofspraken besteane ut
Requests For Comments
(
Fersiken om oanmerkings
), beheard troch de
Internet Engineering Task Force
. Der is feitlik gjin eigner fan it ynternet.
De foarskriften fan it ynternet binne opset om it mooglik te meitsjen dat ferskate netwurken ferbun wurde. Derby is de opset dat sels it ferlies fan ferbinings it netwurk net ferbrekt. Allinnich as parten fan in ynternet hielendal gjin ferbinings mear hawwe rekket it netwurk opdield yn, op harrensels noch funksjonearjende, parten.
Wylst it ynternet op himsels yn 1983 untstean is, is it pas in de rin fan jierren beskikber kaam foar it grutte publyk. In grutte stipe wie derby dat yn augustus 1991
HTML
yntrodusearre waard, dertroch kin it ynternet brukt wurde as in wrald-wiid-web fan siden ferbun troch klikbere keppelings. De measte dokuminten dy't fia it ynternet op te freegjen binne, binne no opmakke yn HTML.
Ien fan de nijere foarskriften is it WAP-foarskrift. Dat stiet foar Wireless Access Protocol en it leit fest hoe't jo bustillefoan of hankompjuter triedleas mei it ynternet kommunisearje kin. Jo kinne in soad bustillefoans yn de WAP-stan sette om te ynternetten. WAP-programmatuer, bygelyks fan Google en
Wapedia
, jout somtiden de mooglikheid om streekrjocht yn de triemnammen - net de underskriften - fan de ofbyldings te sykjen.
It ynternet hat laat ta it bruken fan de Computer Cloud of de
Kompjuterkloft
. It oer it ynternet ynhieren of bruken op ofstan fan programmatuer en apparatuer.