Yndo-Jeropeeske talen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yndo-Jeropeesk )
Yndo-Jeropeeske talen
algemien
oare namme(n) Yndogermaanske talen
lokaasje fan oarsprong Jeropa ,
Lyts-Aazje , Perzje , sudlik
Sintraal-Aazje en it
Yndiaaske subkontinint
tal talen >400
tal sprekkers >3 miljard (2009)
taalbesibskip
taalfamylje gjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepen Anatoalysk
Armeensk
Balto-Slavysk
Germaansk
Helleensk
Illyrysk
Yndo-Iraansk
Italo-Keltysk
Tochaarsk
Trasysk
taalkoades
ISO 639-5 ine
ISO 639-6 ineu

De Yndo-Jeropeeske talen , foarhinne ek wol bekend as de Yndogermaanske talen , foarmje in tige grutte, saneamde supertaalfamylje , werfan't de talen sunt 'e Aldheid sprutsen wurde yn hast hiele Jeropa en grutte parten fan Sud-Aazje en it Heine Easten . It Hettitysk , dat oerlevere is ut 'e sechstjinde iuw f.Kr. , is de ierst dokumintearre Yndo-Jeropeeske taal. Histoarysk wiene fierders it Aldgryksk en it Latyn fan tige grutte betsjutting foar de untjouwing fan 'e Westerske kultuer , wylst oangeande it Sanskryt itselde sein wurde kin foar de kultuer fan it Yndysk subkontinint en oangeande it Avestaansk en it Perzysk foar de kultuer fan Iraan , Afganistan en Tadzjikistan . Troch migraasje en kolonisaasje hawwe guon Yndo-Jeropeeske talen , benammen it Ingelsk , Spaansk , Portegeesk , Fransk en Russysk , har yn 'e leste fiifhundert jier ferspraat nei Sibearje , Noard- en Sud-Amearika , Sudlik Afrika , Austraalje en Nij-Seelan .

Algemiene beskriuwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Guon fan 'e bekendste en histoarysk sjoen ynfloedrykste Yndo-Jeropeeske talen (bgl. it Latyn , it Aldtsjerkeslavysk en it Avestysk ) binne no utstoarn . Lykwols wurde der hjoed de dei noch mear as 400 Yndo-Jeropeeske talen sprutsen, werfan't mear as de helte ta de Yndo-Aryske tuke heart. De skreaune oerlevering fan 'e Yndo-Jeropeeske talen giet foar de utstoarne Anatoalyske talen en it Myseensk Gryksk werom nei de Brunstiid , om 1500 f.Kr. hinne, en dermei hawwe de Yndo-Jeropeeske talen de langste dokumintearre skiednis nei de Afro-Aziatyske taalfamylje .

De lokaasje fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje yn 'e wrald.

Neffens sifers ut 2009 wurde de Yndo-Jeropeeske talen mei-inoar troch mear 3 miljard minsken sprutsen, wat it neffens sprekkerstal ta de grutste taalfamylje fan 'e wrald makket, op ofstan folge troch de Sino-Tibetaanske talen , mei hast 1,5 miljard sprekkers. Fan 'e 20 talen mei it grutste tal memmetaalsprekkers hearre der 12 ta de Yndo-Jeropeeske famylje: Spaansk , Ingelsk , Hindy , Portegeesk , Bingaleesk (de nasjonale taal fan Banglades ), Russysk , Dutsk , Sindysk , Pundjaabsk , Maratysk , Fransk , Urdu en Italjaansk . Dy tolve talen mei-inoar hawwe allinnich al mear as 1,7 miljard sprekkers.

Studzje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Untdekking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De mooglikheid dat guon fan 'e Yndo-Jeropeeske talen in mienskiplike ofstamming hiene, waard foar it earst yn 1647 oppenearre troch de Nederlanske wittenskipper Marcus Zuerius van Boxhorn . Dy stelde foar dat se harren ut it Skytysk untjun hiene, in taal dy't yn 'e Aldheid sprutsen waard troch nomaden , op 'e steppen fan wat no de Oekraine is. Hy hie ynsafier gelyk, dat it Skytysk in Iraanske taal wie, dy't ek ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje hearde. Syn teory waard yn syn tiid lykwols sa goed as gjin omtinken oan jun.

Franz Bopp , waans systematysk taalundersyk oft it bestean fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje bewiisde.

Yn 1786 waard troch sir William Jones , in Britsk koloniaal amtner yn Britsk-Ynje dy't yn syn frije tiid mei taalkunde ompielde, in soartgelikense teory foarsteld. Hy murk oerienkomsten op tusken trije fan 'e aldste en best oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, it Latyn , it Gryksk en it Sanskryt , en stelde fierders in ban tusken dy trije talen en it Goatysk , it Keltysk en it Perzysk foar, al wied er der sels twifelich oer. It systematyske taalundersyk dat de Dutske taalkundige Franz Bopp nei oanlieding fan Jones syn teory die, befestige lykwols dat dy seis en oare talen in mienskiplik komof hiene. Bopp syn Vergleichende Grammatik ("'Ferlykjende Grammatika"), dy't tusken 1833 en 1852 ferskynde, wurdt beskoge as it begjin fan 'e wittenskiplike studzje nei de Yndo-Jeropeeske talen.

In skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje.

Nammejouwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lange tiid stiene de Yndo-Jeropeeske talen bekend under de namme "Yndogermaanske talen", neamd nei de beide fierst utinoar lizzende taalkloften dy't derta hearden, de Yndyske of Yndo-Aryske talen yn it sudeasten en de Germaanske talen yn it noardwesten. Mar dy beneaming rekke lykwols besmodzge trochdat de nazys der yn 'e jierren tritich en fjirtich fan 'e tweintichste iuw mei oan 'e haal giene foar harren rasse - ideology . Nei de Twadde Wraldoarloch waard derom de term "Yndo-Jeropeesk" ynfierd, dy't no yn 'e taalwittenskip algemien brukt wurdt.

Oarsprong [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oer de oarsprong fan 'e Yndo-Jeropeeske talen binne taalkundigen en archeologen it noch net iens. De teory dy't de measte oanhingers hat, is dat it Proto-Yndo-Jeropeesk , de taal der't alle Yndo-Jeropeeske talen op weromgeane, oarspronklik sprutsen waard yn 'e Koeban , it gebiet benoarden de Kaukasus , en yn 'e Kaspyske Leechflakte , en dat de Yndo-Jeropeeske folken har fan it fjirde milennium f.Kr. of derwei ferspraat hawwe oer Jeropa , it Heine Easten en it Yndiaaske subkontinint . Dit wurdt de Koerganhypoteze neamd, en waard foar it earst foarsteld troch de Litousk - Amerikaanske archeologe Marija Gimbutas , yn 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw .

Party saakkundigen hingje lykwols de saneamde Anatoalyske teory oan, dy't de Britske archeolooch Colin Renfrew yn 1987 formulearre. Deryn wurdt steld dat de Urheimat (it oarspronklike wengebiet) fan 'e Yndo-Jeropeanen Anatoalje (oftewol Lyts-Aazje ) wie. Fierders foel neffens dizze teory de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gear mei de fersprieding fan 'e lanbou yn it Neolitikum (it leste stadium fan 'e Stientiid ), en begun dy dus om 7000 f.Kr. hinne, ferskate milennia earder as dat de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn 2003 al understipe troch de biotaalkundige resultaten ut it undersyk fan Russell Gray , dy't foar de tiid fan 'e fersprieding op earne tusken 7800 en 5800 f.Kr. utkamen.

De migraasjeweagen fan Yndo-Jeropeeske folken tusken 4000 en 1000 f.Kr. , neffens de Koerganhypoteze .

In oar grut en fierrikkend ferskil tusken de Koerganhypoteze en de Anatoalyske teory is de posysje fan 'e Anatoalyske talen , in utstoarne taalkloft mei as wichtichste en bekendste taal it Hettitysk . Neffens de Kurgan-hypoteze foarmet dy groep gewoan in underdiel fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Mar de (noch altyd kontroversjele) teory fan Renfrew wol hawwe dat it Hettitysk en it Proto-Yndo-Jeropeesk op ien hichte stiene ? sustertalen wiene ? en fuortkamen ut in mienskiplike oarsprong, in taal dy't it Proto-Yndo-Hettitysk neamd wurdt (tink derom, dit is mar in teory; it is net wis oft dy taal wol ea bestien hat).

Der besteane noch mear teoryen, mar dy binne minder ynfloedryk. Sa wolle guon hawwe dat de Urheimat fan 'e Yndo-Jeropeanen it noardwesten fan it tsjintwurdige Iraan wie, it gebiet om 'e Urmiamar hinne. Oaren leauwe dat se ut it gebiet kamen dat no de See fan Azov foarmet, beeasten it Oekraynske skiereilan de Krim , en dat de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske folken in drekt gefolch wie fan it derunderstrupen fan dat lan om 5600 f.Kr. hinne. Wer oaren hawwe yn it ferline teoryen foarsteld dy't harren eigen nasjonale of nasjonalistyske belangen it beste tsjinnen.

Underferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje is opboud ut in stikmannich lytsere taalfamyljes:

Dizze taalfamylje omfettet de ierst oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, dy't no allegearre utstoarn binne. De measte taalkundigen pleatse dizze taalgroep yn 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, mar in minderheid haldt ut dat it in sustertaalfamylje west hawwe moat, dy't mei de Yndo-Jeropeeske talen op ien hichte stie. De wichtichste taal fan dizze kloft is it Hettitysk , dat oerlevere is ut 'e achttjinde iuw f.Kr. Oare Anatoalyske talen binne it Luwysk , Lydysk , Lysysk , Pisidysk en Palaysk . Mooglik hearde ek it breklik oerlevere Karysk ta dizze taalgroep.
Fan dizze lytse taalkloft wurdt faak inkeld it Armeensk neamd, mar ek it Lomavren en it Hemsjinly hearre derta. It Aldarmeensk , dat ek wol Grabar neamd wurdt, is oerlevere fan 'e fyfde iuw of.
De measte taalkundigen nimme oan dat de Baltyske en de Slavyske talen oarspronklik in ienheid foarme hawwe; lykwols is dat in tear punt yn 'e Baltyske steaten .
Dizze talen binne fan 'e fjirtjinde iuw of oerlevere en hawwe in ungewoan soad argayske skaaimerken fan it Proto-Yndo-Jeropeesk beholden. It Litousk , Letsk , Samogitysk en Latgaalsk wurde hjoed de dei noch sprutsen, wylst it Koerlansk op it rantsje fan it utstjerren balansearret. Utstoarne talen binne u.m. it Aldprusysk , Sudovysk , Seloansk en Semigallysk .
It Aldtsjerkeslavysk , no in deade tsjerketaal , is oerlevere fan 'e njoggende iuw of. Oare utstoarne talen binne u.m. it Aldnovgorodsk , de taal fan Midsiuwsk noardlik Ruslan , dy't letter ferkrongen is troch it Russysk, en it Polabysk , dat foarhinne yn noardeastlik Dutslan sprutsen waard. De wichtichste libbene talen binne: it Russysk , Oekraynsk , Poalsk , Tsjechysk , Servysk , Bulgaarsk , Wytrussysk , Slowaaksk , Kroatysk , Sloveensk , Masedoanysk , Bosnysk , Montenegrynsk , Roeteensk , Silezysk , Sorbysk en Kasjubysk .
De ierst oerlevere ynskripsje datearret ut 'e twadde iuw f.Kr. , wylst de earste oerlevere tekst de Goatyske Bibeloersetting ut 'e fjirde iuw is. Njonken it no utstoarne Goatysk binne de wichtichste talen: it Ingelsk , Dutsk , Nederlansk , Sweedsk , Afrikaansk , Deensk , Noarsk , Luksemboarchsk , Yslansk en Fereusk . Oare talen binne u.m.: it Nederdutsk / Nedersaksysk , Jiddysk , Skotsk , Frysk , Limboarchsk , Noardfrysk , Sealterfrysk , Skansk en Elfdelstersk .
Fan dizze lytse taalkloft wurdt ornaris allinne it Gryksk neamd, der't de ierste fragminten fan oerlevere binne ut 'e fjirtjinde iuw f.Kr. (yn 'e foarm fan it Myseensk Gryksk ). Ek utstoarne talen ut 'e Aldheid as it Doarysk , Eoalysk en Arkado-Syprioatysk hearden derta. Hjoed de dei wurde njonken it Gryksk noch sprutsen: it Pontysk , Kappadoasysk en Tsakoanysk .
De iennichste noch libbene taal ut dizze kloft is it Albaneesk , dat oerlevere is fan 'e fyftjinde iuw of. Foar party taalkundigen stiet no fest dat it Albaneesk in Illyryske taal wie en net in Trasysken-ien , al liket der gewoan te min fan 'e alde Illyryske talen oerlevere te wezen om datoangeande slutend bewiis te foarmjen. Dy alde, no utstoarne Illyryske talen wiene u.m. it Illyrysk , Pannoanysk en Alddalmatysk . Oft it Messapysk , dat yn 'e Aldheid yn 'e "hakke" fan 'e Lears fan Itaalje sprutsen waard, ek ta de Illyryske talen rekkene wurde moat, is noch altyd net folslein bewiisd, mar liket wol wierskynlik.
De fersprieding fan 'e underskate Yndo-Jeropeeske taalfamyljes oer de wrald.
Der bestiet gjin twifel oer dat de Iraanske en de Yndo-Aryske talen, oanfolle mei in pear lytsere taalgroepkes, ofstamje fan in mienskiplike oertaal, it Proto-Yndo-Iraansk .
In lytse taalkloft dy't ek wol as underdiel fan 'e Iraanske talen beskoge wurdt. De wichtichste talen binne: it Kasjmiersk , Kalasja , Sjina en Chowar .
De wichtichste utstoarne talen ut dizze famylje binne it Avestysk (oerlevere fan 'e sande iuw f.Kr. of), Aldperzysk (oerlevere fan 'e sechsde iuw f.Kr. of), Medysk , Partysk , Baktrysk , Skytysk , Sarmatysk en Sogdysk . Libbene talen binne u.m.: it Perzysk (Iraansk), Koerdysk , Tadzjyksk , Pataansk (de grutste taal fan Afganistan ), Dary (de twadde taal fan Afganistan), Hazaragy , Balutsysk en it Ossetysk (ut 'e Kaukasus ).
De wichtichste taal dy't ta dizze famylje heart, is it Sanskryt , oerlevere fan it iere twadde milennium f.Kr. of, dat om it jier 600 hinne utstoarn wie, mar dat yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw nij libben ynblaasd is (yn 2001 wiene der wer 14.000 memmetaalsprekkers). In oare wichtige, noch wol utstoarne taal is it Paly , der't de ierste boedistyske hillige teksten yn skreaun binne. De wichtichste libbene Yndo-Aryske talen binne it Hindy (de nasjonale taal fan Yndia ), it Bingaleesk (de nasjonale taal fan Banglades ), it Urdu (de nasjonale taal fan Pakistan ), it Nepaleesk (de nasjonale taal fan Nepal ), it Singaleesk (de nasjonale taal fan Sry Lanka ) en it Maldivysk (de nasjonale taal fan 'e Malediven ). Grutte Yndo-Aryske talen mei in offisjele regionale status yn Yndia binne fierders it Pundjaabsk , Maratysk , Gudjaratysk , Konkaansk , Assameesk , Orissaansk en Tsjattisgaarsk . Ek it Sindysk , Bihareesk , Radjastaansk en Surinaamsk-Hindoestaansk hearre ta dizze taalfamylje.
In lytse taalkloft dy't ek wol as underdiel fan 'e Iraanske talen beskoge wurdt. De wichtichste talen binne: it Kamkata-viry , Waigaly en Askunu .
Net alle taalkundigen binne it deroer iens dat de Italyske en Keltyske talen weromgeane op deselde oertaal, mar der besteane wol sterke oanwizings foar.
Ta dizze groep hearre it Latyn en in stikmannich oare utstoarne talen dy't yn 'e Aldheid op it Italjaansk Skiereilan sprutsen waarden, lykas it Oskysk en Umbrysk en wierskynlik ek it Fenetysk . It Latyn is oerlevere fan 'e sechsde iuw f.Kr. of.
De ut it Latyn fuortkommen Romaanske talen hearre ek ta de Italyske talen, en foarmje feitliken de iennichste noch libbene tuke fan dy famylje. De wichtichste Romaanske talen binne: it Fransk , Spaansk , Portegeesk , Italjaansk , Roemeensk , Moldavysk , Katalaansk en, histoarysk sjoen, it Oksitaansk . Oare talen binne: it Galisysk , Franko-Provinsaalsk , Astuerysk , Fenesiaansk , Lombardysk , Piemonteesk , Liguerysk , Emyljaansk , Romanjoalsk , Sardysk , Leoneesk , Aragoneesk , Waalsk , Sisyljaansk , Napolitaansk , Korsikaansk , Aroemeensk , Retoromaansk , Ladynsk , Friulysk , Mirandeesk en Sefardysk . Deade talen binne u.m. it Mozarabysk , dat yn Midsiuwsk Spanje sprutsen waard, en it Dalmatysk fan 'e eilannen yn 'e Adriatyske See , dat yn 1898 utstoar.
Dizze taalgroep omfettet in utstoarne tuke fan talen as it Gallysk , Lepontysk , Keltibearysk , Galatysk en Noarysk , dy't yn 'e Aldheid op it festelan fan Jeropa sprutsen waarden, en in noch libbene tuke dy't yn syn fersprieding beheind is ta de Britske Eilannen en it Franske skiereilan Bretanje . Derfan binne ek ferskate talen utstoarn, lykas it Kumbrysk , ut noardlik Ingelan . It Welsk , Iersk , Bretonsk en Skotsk-Gaelysk wurde noch altyd sprutsen, en de earder utstoarne talen Manksk (fan it eilan Man ) en Kornysk (fan Kornwall ) is nij libben ynblaasd. It Gallysk is yn ynskripsjes oerlevere fan 'e sechsde iuw f.Kr. of en it Aldiersk fan 'e fjirde iuw (nei Kristus) of yn ynskripsjes en fanof 'e sechsde iuw yn teksten.
De utstoarne Tochaarske talen waarden sprutsen troch de Tocharen , dy't yn it earste milennium nei Kristus yn Sintraal-Aazje wennen en der letter nei alle gedachten opgien binne yn 'e Turkske folken . Der wiene, ynsafier bekend twa Tochaarske talen (of dialekten ), dy't troch taalkundigen Tochaarsk A (of Easttochaarsk of Toerfaansk) en Tochaarsk B (of Westtochaarsk of Kutsjeaansk) neamd wurde. In kloft lienwurden yn Yndyske talen wurdt wol klassifisearre as Tochaarsk C . De Tochaarske talen binne oerlevere fan 'e sande iuw of en binne nei alle gedachten yn 'e tsiende iuw utstoarn.
De tafoeging fan 'e utstoarne Trasyske talen oan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje binne de taalkundigen it net rjocht oer iens. Ek de underlinge relaasjes fan 'e talen dy't yn dizze kloft pleatst binne, is it leste wurd noch net oer sein. Wol is dudlik dat dizze talen besibbe wiene oan 'e Yndo-Jeropeeske talen, mar hoe krekt, dat is noch net utiten. Ta dizze taalgroep hearre it Trasysk (yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no Bulgarije , noardwestlik Grikelan en it Jeropeeske part fan Turkije is) en it Dasysk (yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no Roemeenje is), twa talen dy't tige nau oaninoar besibbe wiene. Mooglik hearden it Paioanysk (yn 'e Aldheid sprutsen yn it noarden fan it tsjintwurdige Masedoanje ) en it Aldmasedoanysk (yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no noardlik Grikelan en sudlik Masedoanje is) der ek ta. Noch twifeleftiger is oft it Frygysk , yn 'e Aldheid sprutsen yn noardwestlik Lyts-Aazje , der ek ta hearde. It Frygysk wurdt ek wol as in aparte tuke fan it Yndo-Jeropeesk beskoge.

Satem - en centum -talen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De taalkloften dy't ta de Yndo-Jeropeeske talen hearre, wurde faak klassifisearre as satem -of centum -talen. Dy klassifisearring hat net sasear mei taalbesibskip te krijen, mar mear mei tsjinstelde untwikkelings fan taalgroepen dy't in mienskiplike oarsprong hawwe. Satem -talen hawwe it ferskil ferlern tusken labiofelere en echt felere byluden , en fierders wurde yn dy talen de palataal felere byluden as sysklank utsprutsen. De centum -talen, oan 'e oare kant, hawwe it ferskil ferlern tusken de palataal felere en de echt felere byluden. In foarbyld fan dit ferskil is (de earste letter fan) it wurd foar "hundert", yn it Latyn centum (de c wurdt utsprutsen as in k) en yn it Avestysk satem .

In ferienfaldige skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, mei inkeld de wichtichste talen en subgroepen werjun.

Neffens dizze ferdieling hearre de Germaanske , Keltyske , Italyske (en Romaanske ) en Grykske taalkloften ta de centum -talen en de Baltyske , Slavyske , Armeenske en Yndo-Iraanske taalkloften ta de satem -talen. De Illyryske , Trasyske , Anatoalyske en Tochaarske talen nimme in wat aparte posysje yn: guon taalkundigen rekkenje harren ta de centum -groep, wylst oaren hawwe wolle dat se ta net ien fan beide groepen hearre.

Kontroversjele supertaalfamyljes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Guon taalkundigen hawwe utsteld dat de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje sels ek wer in tuke is fan in noch gruttere taalfamylje . De bekendste fan dizze hypotetyske taalfamyljes is de saneamde Nostratyske taalfamylje , dy't yn 1903 foarsteld waard troch de Deenske taalkundige Holger Pedersen . Behalven de Yndo-Jeropeeske talen soene derta ek hearre moatte: de Afro-Aziatyske talen ( Arabysk , Hebriuwsk , ensfh.); de Dravidyske talen ( Tamyl , Telugu , ensfh.); de Oeralyske talen talen ( Finsk , Hongaarsk , ensfh.); de Altayske talen ( Turksk , Mongoalsk , ensfh.); en de Sudkaukazyske talen ( Georgysk , ensfh.).

De Nostratyske teory is lykwols tige kontroversjeel, krekt as de soartgelikense Jeraziatyske teory fan Joseph Greenberg en de Proto-Pontyske fan John Colarusso . Dat wol net sizze dat dy teoryen net op wierheid bereste kinne. Krektoarsom, gjin taal untstiet ut it neat, dus ek Proto-Yndo-Jeropeesk net. Dy oertaal der't alle Yndo-Jeropeeske talen fan ofstamje, moat sels ek wer earne fan ofstamme weze. It probleem is allinne dat men derfoar safier werom yn 'e tiid moat, dat der gewoan gjin brukbere bewizen te finen binne ? itsij taalkundige, itsij archeologyske ? om in teory te understypjen.

Taalferliking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

taalkloft taal "(ik) draach" "heit"
Anatoalysk Hettitysk atta
Armeensk Armeensk berem hayr
Iraansk Avestysk bar? pitar
Yndo-Arysk Sanskryt bhar?mi pita
Illyrysk Albaneesk mbart atdhe
Helleensk Aldgryksk pher? p?t?r
Italysk Latyn fer? p?ter
Keltysk Aldiersk berim athir
Germaansk Goatysk baira fadar
Ingelsk bear father
Frysk bern ["wat droegen is"] faar , heit
Slavysk Aldtsjerkeslavysk ber? ot??
Tochaarsk Tochaarsk A p?cer

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David , The Penguin Dictionary of Language (Second Edition) , Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163 .
  • ――, Grote Winkler-Prins Encyclopedie , Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • Hofstra, T. , Oudnoors I , Grins, 1996.
  • Nieuwenhuijsen, P.M. , Het Verschijnsel Taal , Bussum, 1995 (Coutinho), ISBN 9 06 28 39 894 .
  • Nooteboom, S.G., en Cohen, A. , Spreken en Verstaan: Een Nieuwe Inleiding tot de Experimentele Fonetiek , Assen, 1995 (Van Gorcum), ISBN 9 02 32 29 835 .

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch under: References , Sources en Further reading , op dizze side .