한국   대만   중국   일본 
VHS - Wikipedy Springe nei ynhald

VHS

Ut Wikipedy
Inkele VHS- fideokassettes .

VHS (in ofkoarting foar Video Home System ) is in standert foar it opnimmen en ofspyljen fan fideo's op fideokassettes yn in fideorecorder . It systeem, dat in horizontale byldresolusje fan 240  byldlinen hat, waard oan it begjin fan 'e 1970-er jierren yn Japan untwikkele troch JVC . It waard dere ynfierd op 9 septimber 1976 . Yn 'e Feriene Steaten fun de ynfiering yn 1977 plak, en yn 'e rest fan 'e wrald yn 'e jierren dernei.

Fan 'e 1950-er jierren of wiene fideobannen , dy't gebruk makken fan in magnetyske ban om fideobylden op fest te lizzen, in wichtich helpmiddel wurden yn 'e tillefyzjeyndustry . Om sokke fideobannen of te spyljen wie in fideobanrecorder nedich, dat yn dy tiid in rottekruddjoer apparaat wie dat inkeld under profesjonele omstannichheden betelber wie, lykas yn tillefyzjestudio's en yn sikehuzen (der't it brukt waard foar fluoroskopy ). Yn 'e 1970-er jierren soarge de yntroduksje fan 'e earste, betelbere fideorecorders , der't nije fideokassettes yn brukt wurde koene foar opnimmen en ofspyljen fan tillefyzjeprogramma's , lykwols foar in revolusje yn 'e tillefyzje - en filmyndustry . Derby seagen tillefyzje - en filmprodusinten de nije technology oer it algemien as in bedriging dy't harren sektor op 'e kop sette, wylst de sjoggers it beskogen as in middel om kontrole ut te oefenjen oer de sjochunderfining.

It VHS- logo .

Yn 't earstoan wiene der ferskate systemen foar fideokassettes. Njonken VHS bestiene ek Video 2000 , dat untwikkele wie troch Philips , en Betamax , in utfining fan Sony . Yn 'e 1970-er en iere 1980-er jierren late dat ta de saneamde fideobansysteemoarloch . Hoewol't it systeem fan Philips kwalitatyf better wie, moast it wike foar de beide Japanske systemen, dy't mear ynfloed hiene. Uteinlik treau VHS ek Betamax ut 'e merk en kaam it ut 'e striid as it dominante (en nei ferrin fan tiid iennichst oerbleaune) fideobansysteem. Yn 1987 kaam der in ferbettere ferzje op 'e merk under de namme Super-VHS of S-VHS . Foar kamera's waard in fariant mei lytsere kassettes brukt, VHS-C .

Hoewol't VHS-fideobannen oer de hiele wrald brukt waarden, koene Jeropeeske bannen troch ferskillen yn it tillefyzjesysteem ornaris net ofspile wurde yn Amerikaanske fideorecorders en oarsom. Dat kaam om't yn Jeropa, utsein Frankryk , it tillefyzjesinjaal PAL brukt waard, wylst yn 'e Feriene Steaten it NTSC -sinjaal yn gebruk wie, wylst boppedat it ljochtnet dere in oare frekwinsje hie. Der waarden lykwols beskate spesjalisearre fideorecorders makke dy't mei beide systemen en soms ek mei it Franske SECAM -systeem omgean koene.

Yn 'e 1990-er jierren kamen de earste optyske skiven yn gebruk, dy't in bettere (digitale) byldkwaliteit beaen as de (analoge) fideobannen. De ierste foarm fan dat nije formaat, de LaserDisc , liet men yn Jeropa oer it algemien links lizze, mar waard unbidige populer yn Japan en wie ek ridlik gongber yn 'e Feriene Steaten. Troch de yntroduksje fan 'e dvd , yn 1996 , dy't wol oer de hiele wrald yn gebruk kaam, rekke it neitiid mei VHS stadichoan yn it neigean. Tsjin 2008 hie de dvd VHS folsein ferfongen as it medium foar ofspyljen en opnimmen fan fideobylden. De leste produsint fan VHS-fideo-apparatuer, it Japanske Funai , hold der yn july 2016 mei op.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .