De
untploffing fan 'e
Deepwater Horizon
wie in
ramp
dy't op
20 april
2010
foarfoel op it
boarplatfoarm
de
Deepwater Horizon
yn 'e
Golf fan Meksiko
, foar de
kust
fan 'e
Amerikaanske steat
Louisiana
. By de
untploffing
funen 11 opfarrenden de
dea
, wylst 17 oaren
ferwune
rekken. Undersyk wiisde neitiid ut dat de eksploazje feroarsake wie troch in bul
metaangas
dy't yn 'e oaljeboarlieding opsucht wie en foar in
blow-out
soarge. Dat wie mooglik makke troch minsklik falen. Troch de ramp rekke it boarplatfoarm ferwoastge, wylst de
oaljeboarne
koarte tiid yn 'e
bran
kaam te stean. De untploffing late ek ta
de grutste oaljeramp
yn 'e
Amerikaanske skiednis
.
Op
20 april
2010
boarre it
healofsinkber boarplatfoarm
de
Deepwater Horizon
yn 'e noardlike
Golf fan Meksiko
nei in nije
ierdoaljeboarne
, op in
lokaasje
64
km
ut 'e
kust
fan 'e
Amerikaanske steat
Louisiana
. It platfoarm wie eigendom fan
Transocean
, in
bedriuw
dat yn dizzen yn opdracht wurke fan 'e
Amerikaansk
-
Britske
oaljemaatskippij
BP
. Dy deis wiene der 126 opfarrenden oan board, under wa 79
wurknimmers
fan Transocean, 7 wurknimmers fan BP en 40 wurknimmers fan oare bedriuwen, werunder
Anadarko Petroleum
,
Halliburton
en
M-I Swaco
.
De
juns
om 21.56
oere
flikkeren de
lampen
oan board fan it platfoarm, folge troch twa sterke trillings dy't troch it hiele platfoarm te fernimmen wiene. Fan gefolgen gie it
alaarm
of. Dernei hiene de opfarrenden minder as 5
minuten
de tiid om te sjen dat se fan board kamen foar't de
Deepwater Horizon
eksplodearre. Fan 'e opfarrenden kamen derby 11 minsken om, wylst 17 oaren earnstige
ferwunings
oprunen. Yn totaal waarden der 115 opfarrenden
evakuearre
. De eigentlike untploffing waard folge troch in
bran
dy't it hiele platfoarm yn ljochte loge sette. Nei't it mear as oardel
etmiel
lang yn 'e bran stien hie,
sonk
it platfoarm op
22 april
,
moarns
om likernoch 10.21 oere.
Neitiid kaam ut undersyk nei foarren dat koart foar de untploffing abnormale en fluch oprinnende
druk
yn 'e boarlieding feststeld wie. Men kaam ta de konkluzje dat it derby gie om in bul licht untflamber
metaangas
dy't opboarre wie, en dy't by it omheech kommen, neigeraden dat de
wetterdruk
minder waard, fluch begun ut te setten. Dertroch barste it
gas
troch ferskate fersegelings en oare barrieres foar't it ta untploffing kaam. It gefolch wie in
blow-out
, werby't oalje op unbehearske wize ut in
oaljeboarne
opspuitet om't de boarne sels under sterke druk stiet. In
rapport
fan BP dat op
8 septimber
2010
publisearre waard, stelde dat it metaangas nei alle gedachten untstutsen wie doe't it de luchtroasters fan 'e
diselgenerators
ynsugd waard.
Ut undersyk kaam ek oan it ljocht dat de uteinlike oarsaak fan 'e untploffing fan 'e
Deepwater Horizon
minsklik
falen wie. Yn 'e 32 oeren foarofgeande oan 'e ramp gie der seis kear wat mis op it boarplatfoarm. Sa waarden operaasjes en testen ferkeard utfierd, wat ta oanboazjende swierrichheden late, wylst ferplichte
feilichheidsmaatregels
mei de Franske slach ofhannele waarden. Dingen dy't yn 'e gaten holden wurde moatten hiene, waarden net yn 'e gaten holden en de utslaggen fan testen waarden ferkeard ynterpretearre om't men graach sjen woe wat men ferwachte ynstee fan wat der echt oan 'e han wie. Uteinlik wie alles werom te fieren op kostebesparrings: alles moast sa goedkeap mooglik en der waarden korrekte prosedueres oan opoffere.
Troch de untploffing untstie in
oaljeboarnebran
, dy't lykwols utdove doe't de
Deepwater Horizon
goed 36 oeren letter
under de weagen ferdwun
. Minder wie de reuseftige
oaljeramp
dy't troch de ferwoastging fan it boarplatfoarm feroarsake waard. Derby streamde 780.000
m³
rouwe oalje
de
see
yn, wat it ta
de grutste oaljeramp
yn 'e
Amerikaanske skiednis
makke. BP waard
oanklage
foar u.o. 11 kear
deaslach
en
ligen
tsjin it
Amerikaanske Kongres
. It bedriuw pleite skuldich en krige (yn
2015
) in
boete
fan
$
18,7 miljard oplein. It bedriuw waard ek fjouwer jier lang under ferskerpe tafersjoch pleatst en moast de kosten fan 'e opromming fan 'e oaljeramp betelje, dy't tsjin
2018
mear as
$
65 miljard bedroegen.
De deadlike slachtoffers fan 'e untploffing fan 'e
Deepwater Horizon
wiene:
- Jason C. Anderson (35)
- Aaron Dale Burkeen (37)
- Donald Clark (49)
- Stephen Ray Curtis (39)
- Gordon L. Jones (28)
- Roy Wyatt Kemp (27)
- Karl D. Kleppinger jr. (38)
- Keith Blair Manuel (56)
- Dewey A. Revette (48)
- Shane M. Roshto (22)
- Adam Weise (24)
Yn
desimber
2012
wijde de
dokuminteresearje
Seconds from Disaster
, fan it
National Geographic Channel
, in
oflevering
oan 'e ramp mei de
Deepwater Horizon
. Yn
2016
kaam de
film
Deepwater Horizon
, fan
regisseur
Peter Berg
, yn 'e
bioskopen
. Dy is basearre op 'e untploffing en hat
akteur
Mark Wahlberg
yn 'e
haadrol
. De troch de untploffing feroarsake
oaljeramp
foarme de
ynspiraasje
foar it
liet
Gulf of Mexico
, fan
sjonger
Steve Earle
.