Turkske namme

Ut Wikipedy

De Turkske namme is de namme fan persoanen yn Turkije , leden fan etnysk Turkske minderheden buten Turkije en fan lju fan etnysk Turksk komof yn 'e diaspora yn oare lannen. De Turkske namme bestiet ut ien of mear foarnammen (selden mear as twa) en ien efternamme . Allinnich troude froulju kinne twa efternammen hawwe, as se derfoar kieze om op 'e efternamme fan harren man ta ek de eigen famkesnamme te behalden. Yn sokke gefallen wurdt de famkesnamme foar de efternamme fan 'e man pleatst. Yn it Turksk geane sunt de ynstelling fan efternammen yn 1934 foarnammen altyd foarof oan 'e efternamme, utsein yn offisjele dokuminten , der't de folchoarder "Efternamme, Foarnamme" (mei in komma dertusken) faak oanholden wurdt, krekt as yn in protte oare talen it gefal is.

Osmaanske nammen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oant de yntroduksje fan 'e Wet op 'e Efternammen, yn 1934 , dy't underdiel utmakke fan 'e Herfoarmings fan Ataturk , hiene Turken gjin efternamme. Foar dy tiid brukten se inkeld de foarnamme , of oars foegen se in patronym ta, troch harren foarnamme foarof gean te litten troch de foarnamme fan harren heit , oanfolle mei it efterheaksel -o?lu ("soan fan"), bgl.: Mustafa-o?lu Mehmet , "Mehmet, soan fan Mustafa". Ek kaam it foar dat der ynstee fan in patronym in bynamme fan 'e famylje tafoege waard, lykas: Koselerin Hasan , "Hasan Koselerin". Sokke famyljebynammen binne ferlykber mei de famyljenammen dy't yn Nederlan bestiene foar't efternammen yn 1811 ferplichte waarden.

Yn 'e tiid fan it Osmaanske Ryk ( 1299 - 1923 ) brukten Turken fan adel , ynstee fan it patronym, foarmen einigjend op -o?lu foarmen dy't einigen op -zade , wat letterlik betsjutte: "ofstammeling yn 'e manlike line fan". Mei aadlike titulatuer koe in namme der dan bgl. sa utsjen: Sami Pa?azade Mehmet Bey , "Mehmet Bey , ofstammeling/soan fan Sami Pasja ". Nei it utroppen fan 'e Republyk Turkije , yn 1923 , waarden alle ideeen oer adel en aadlik komof troch it nije rezjym fan Mustafa Kemal Ataturk nei de foddekoer ferwiisd. Sadwaande besteane der tsjintwurdich gjin aadlike efternammen yn Turkije.

Turkske efternammen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De efternamme of famyljenamme hjit yn it Turksk de soyadı ( meartal : soyadlar ) of soyisim (mt.: soyisimler ). De Wet op 'e Efternammen, ut 1934 , twong alle ynwenners fan Turkije foar it earst om in efternamme oan te nimmen. Dat wie in underdiel fan 'e Herfoarmings fan Ataturk , dy't trochfierd waarden om 'e Turkske maatskippij mear yn oerienstimming mei de Westerske kultuer te bringen. Moderne Turkske efternammen binne in op patriargale ofstamming (d.w.s. ofstamming fia de heit) basearre nammesysteem, dat brukt wurdt foar it ferwizen nei of oansprekken fan persoanen of hiele famyljes . Neffens de Turkske wet is de efternamme ien inkeld wurd , dat gjin underskie makket nei sekse en gjin sekse-spesifike oanpassings hat, sa't bgl. mei de Russyske namme it gefal is (bgl. nammen einigjend op -ov feroarje der yn -ova as in frou de drager is). De Turkske efternamme is ek gjin patronym of matronym , mar giet sunder feroaring oer fan 'e heit op syn wettige bern .

Alle Turken hawwe yn prinsipe mar ien efternamme. As in man en in frou trouwe , kriget de frou neffens de Turkske wet de efternamme fan 'e man. Mar as se dat wol, mei de frou har eigen efternamme ( famkesnamme ) oanhalde, dy't dan yn 'e nammefolchoarder tusken har foarnamme(n) en de efternamme fan har man yn komt te stean. De efternamme fan har man bliuwt ek yn sokke gefallen lykwols har offisjele efternamme. Yn it gefal fan in skieding wurdt de famkesnamme fan 'e frou wer har offisjele efternamme. De rjochter kin in frou lykwols it rjocht jaan om troch te gean mei it bruken fan 'e efternamme fan har eks-man as har offisjele efternamme; derfoar moat de rjochter sawol de persoanlike sitewaasje fan 'e man as dy fan 'e frou yn omtinken nimme. In frou kin under de Turkske wet mar twa efternammen hawwe: har eigen famkesnamme en de efternamme fan har man of eks-man. As se nei in skieding mei goedkarring fan 'e rjochter trochgiet mei it bruken fan sa'n dubele efternamme, kin se der net noch in trede efternamme oan taheakje as se wertrout. Yn sa'n gefal sil se de namme fan har earste man opjaan moatte.

In bern kriget under de Turkske wet yn begjinsel de 'famyljenamme', d.w.s.: de efternamme fan 'e heit. As de mem net troud is, of as de heit unbekend is, kriget in bern de efternamme fan 'e mem. Ynwenners fan Turkije kinne harren efternamme feroarje troch der by de rjochtbank in fersyk ta yn te tsjinjen.

Turkske foarnammen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De foarnamme hjit yn it Turksk de ad (mt.: adlar ) of de isim (mt.: isimler ). Alle Turken hawwe teminsten ien foarnamme en gauris twa, en mar komselden mear as twa. Guon Turken dy't twa foarnammen hawwe, bruke derfan mar ien, lykas de skriuwer Ferit Orhan Pamuk, dy't bekenstiet as Orhan Pamuk . Oaren bruke beide foarhammen, lykas Ahmet Hamdi Tanpınar , in oare bekende skriuwer. Foarnammen wurde oan nijberne poppen jun, en opnommen yn it Sintraal Boargerlik Registraasjesysteem (MERNIS) as der koart nei de berte in identiteitsdokumint foar de poppe oanmakke wurdt. Derfoar moat ien fan 'e alden (almeast de heit ) nei it berteregistraasjekantoar fan it distriktguverneurskip ta.

De measte Turkske foarnammen binne seksespesifyk , en kinne dus inkeld oan jonges of oan famkes jun wurde. Sa is O?uz in echte jongesnamme , wylst Tu?ce in famkesnamme is. In oansjenlik tal moderne Turkske foarnammen kin lykwols sawol oan jonges as famkes jun wurde. Foarbylden fan datsoarte nammen binne Aytac, Deniz, Derya, Evren, Evrim, Ozgur en Yucel. Oars as it gefal is mei populere Ingelske foarnammen dy't tsjintwurdich oan sawol jonges as famkes jun wurde (lykas Lesley of Morgan), binne de measte Turkske nammen fan dizze kategory altyd al brukt foar beide seksen. Derby moat wol oantekene wurde dat guon fan soksoarte nammen wol mear foar de iene sekse brukt wurde as foar de oare. Sa is Derya yn it foarste plak in famkesnamme dy't lykwols ek oan jonges jun wurde kin, wylst Ozgur faker oan jonges as oan famkes jun wurdt.

Turkske foarnammen binne gauris wurden mei spesifike betsjuttings yn 'e Turkske taal . Sa betsjut Deniz: "see", en Ulku: "ideaal". In besibbe kategory foarnammen is untliend oan personaazjes ut 'e alde Turkske mytology . Sokke 'lanseigen' Turkske nammen binne oer it generaal (foar Turken) maklik te underskieden fan foarnammen dy't untliend binne oan utlanske talen, utsein as it giet om nammen dy't ek yn oare Turkske talen foarkomme, lykas it nau besibbe Azerbeidzjaansk . By Turkske foarnammen dy't untliend binne oan in oare taal, giet it gauris om fan oarsprong Arabyske nammen, dy't oernommen binne yn it ramt fan 'e islaam . Derfan besteane twa foarmen: aldere untlienings, dy't hielendal oan it klanksysteem fan it Turksk oanpast binne, en nijere untlienings, dy't mear op it Arabyske orizjineel lykje. In goed foarbyld fan dat ferskil wurdt foarme troch Mehmet en Muhammed, dy't beide fan it Arabyske Muhammad komme. It is frij gongber yn Turkije om in twadde foarnamme te jaan der't de (islamityske) godstsjinst mei oantsjut wurdt, lykas Muhammed of Ali.

Yn 'e Wet op it Oannimmen en Ynfieren fan it Turkske Alfabet ut 1928 , werfan't de oanhaldende jildigens festlein is yn 'e Turkske grunwet , stiet dat op bertesertifikaten inkeld 'Turkske letters ' brukt wurde meie. Om't yn 'e Turkske fariant fan it Latynske alfabet de letters q , w en x net foarkomme, wurde dermei in soad hiel gewoane Koerdyske foarnammen utsletten fan offisjeel gebruk, of der moat foar keazen wurde om sokke nammen op Turkske wize te transliterearjen .

Meast foarkommende nammen yn Turkije [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

top 10 foarnammen,
manlike poppen (2013)
top 10 foarnammen,
alle manlju (2013)
top 10 foarnammen,
froulike poppen (2013)
top 10 foarnammen,
alle froulju (2013)
top 10 efternammen
(2013)
Yusuf Mehmet Zeynep Fatma Yılmaz
Berat Mustafa Elif Ay?e Kaya
Mustafa Ahmet Ecrin Emine Demir
Emir Ali Ya?mur Hatice ?ahin
Ahmet Huseyin Azra Zeynep Celik
Omer Hasan Zehra Elif Yıldız
Mehmet ?brahim Nisanur Meryem Yıldırım
Muhammed ?smail Ela ?erife Ozturk
Emirhan Osman Belinay Zehra Aydın
Eymen Yusuf Nehir Sultan Ozdemir

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .