Syrje

Ut Wikipedy
?????????? ???????? ?????????
Al Jumhuriyah al Arabiyah al Suriyah
Flagge fan Syrje Wapen fan Syrje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Syrje
Offisjele taal Arabysk
Haadsted Damaskus
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
185.180 km²
0,06­%
Ynwenners ( 2005 ) 17,5 miljoen
Munt Syriske pu (SYP)
Tiidsone UTC +2
Nasjonale feestdei 17 april
Lankoade SYR
Ynternet .sy
Tillefoan 963

Syrje , sunt 1961 offisjeel de Syryske Arabyske Republyk , is in lan yn West-Aazje. De haadsted is Damaskus en de presidint fan de republyk is sunt july 2000 Bashar al-Assad .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Syrje wurdt begrinzge troch:

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Burjeslam, in bekend stran krekt noardlik fan Latakia .

It lanskip fan Syrje bestiet foar goed 90% ut woaste grun. Yn it noarden en noardeasten lizze steppegebieten en nei it sudeasten strekt him de Syryske woastyn ut. De kuststripe yn it noardwesten is lykwols Mediteraansk grien. It oare part fan it lan, it westen bestiet gruttendiels ut berchgebieten.

Fanut Turkije streamt troch it noardeasten de 675 km lange Eufraat mei alderlei sydrivieren.

Wat it klimaat oanbelanget leit Syrje yn it oergongsgebiet tusken mediteraansk- en lanklimaat. Yn de simmer is't der skrok, wylst de winters fral fochtich binne. Yn de bergen is it hiel gewoan as yn de winter snie falt.

De grutste steden fan it lan binne Damaskus , Aleppo Homs , Latakia en Hama .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It gebiet der't Syrje diel fan utmakket leit yn de saneamde Fruchtbere Healmoanne en waard al yn de Aldheid bewenne troch ferskate alde beskavings lykas Mary , Ebla , Ugarit , Amoriten , Hettiten , Babyloanjers en oaren.

Om-ende-by 550 f.Kr. kaam it oan de Perzen ta en yn 332 f.Kr. oan Aleksander de Grutte en syn opfolgers, de Seleusiden . Dernei in provinsje fan de Romeinen en harren opfolgers de Byzantinen .

Yn de 7e iuw ( 635 ) ferovere de Arabieren it lan en waard it efterinoar bestjoerd troch de islamityske dynastyen fan de Omajaden , de Abbasiden , de Turkske Seltsjoeken , de ta de islam bekearde Mongoalen , de Egyptyske Mammelukken en lang om let de Ottomanen . Allinnich yn it tiidrek fan de krustochten wienen der in skoftsje kristlike foarstedommen festige.

Nei de Earste Wraldkriich waard oer gebiet in Fransk protektoraat festige, dat oant-en-mei 1946 yn stan bleau. [1] Sunt dy tiid krige it selsstannigens. Yn 1956 untstie de FAR der't Syrje har tegearre mei Egypte by oanslute. Dizze gearwurking soe lykwols net lang stan halde. In militere kup yn 1961 makke in ein oan de FAR en Syrje gong op har sels.

Yn 1963 kaam de links-nasjonalistyske Ba'ath -partij, fia in nije steatsgreep oan de macht dy't ferskate nasjonalisearrings trochfierden. Tidens de Juny-Oarloch fan 1967 beset Israel de Golan Heechflakte . De lieder fan de Ba'ath-partij Hafiz al-Assas luts yn 1970 alle macht nei him ta. Hy waard presidint foar it libben. Nei syn dea yn 2000 waard by opfolge troch syn soan Bashar al-Assad .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De befolking fan Syrje is ferskillend en bestiet nei skatting tusken de 65% en 85% ut Arabieren , tusken 5% en 15% ut Bedoeinen , dy't harren sels meastentiids as Arabieren beskogje, tusken 5% en 15% ut Koerden , tusken 1% en 5% ut Turken , om-ende-by 1% ut Armeenjers , minder as 1% ut Turkmenen en minder as 1% ut Assyrjers [2] .

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Goed 74% fan de befolking heart ta de soennityske moslims , 16% heart ta in oare foarm fan de islam under mear ta de alawiten en de ismaeliten . De binne ek Druzen en 10% fan de befolking is 10% kristen .

Fuotnoat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  1. http://www.wdl.org/en/item/400/
  2. LookLex/Encyclopaedia of the Orient: Syria: Peoples. Languages. Religions