한국   대만   중국   일본 
Skiednis fan de Feriene Steaten - Wikipedy Springe nei ynhald

Skiednis fan de Feriene Steaten

Ut Wikipedy

De Skiednis fan de Feriene Steaten as lan begjint mei de trettjin koloanjes dy't harsels yn 1776 unofhinklik ferklearren.

Yndianen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Archeologen miene dat it gebiet fan de hjoeddeistige Feriene Steaten bewenne waard troch minsken dy't oer de Beringlanbrege ut Aazje wei yn it gebiet kamen. Dy migraasje begun sa'n 30.000 jier lyn. Sa likernoch 10.000 jier lyn wie de lanferhuzing dien. It wetter kaam heger, sadat de Berinlanbrege under it wetter weiwaard. De earste bewenners wennen yn stamferban en waarden troch de Europeanen Yndianen neamd. De Yndianen wienen yn earstoan nomaden en jagers. Sa jagen de Yndianen fan de Great Plains bygelyks op bisons. Sa'n 5.000 jier lyn begunen de Yndianen yn it sudwesten fan de Feriene Steaten mei lytsskalige lanbou. It tiidrek fan de Yndianen foar de komst fan Kristoffel Kolumbus yn it jier 1492 wurdt de foar-Kolumbiaanske tiid neamd.

Kolonisaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mei de untdekking fan Amearika troch Kolumbus setten ferskillende untdekkingsreizen fan de Spanjerts ut ein. Pas yn de twadde helte fan de 16e iuw begjinne ek de Britten mei it untdekken fan de hjoeddeiske Feriene Steaten. De earste Europeeske delsettings wienen fan de Spanjerts en de Fransen yn de 16e iuw. Nederlanske en Britske kolonisten hienen har earste delsettings oan it begjin fan de 17e iuw. Om it jier 1750 hinne wie it suden fan de Feriene Steaten bewenne fan Spanjerts, it sintrale gebiet troch Fransen en de eastkust benammen troch Britten. Nei de Sanjierrige Kriich komme de Franske gebieten eastlik fan de rivier Mississipy under it bewald fan de Britten (1763). De gebieten westlik derfan binne dan fan de Spanjerts.

Unofhinklikens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Unofhinklikensferklearring fan de Feriene Steaten.

Tusken 1607 en 1733 kamen de trettjin koloanjes ta stan. It wienen Ingelske koloanjes dy’t letter Britsk waarden. De Britten leinen ferskate belestingen op lykas de Sugar Act (1764), de Stamp Act (1765) en de Townshend Duties (1767). De kolonisten fersetten har ful tsjin de belestings. Yn 1775 kamen de trettjin koloanjes tsjin it Britske bewald yn opstan. Yn de Amerikaanske unofhinklikenskriich (1775-1783) ferklearren sy har unofhinklik fan Ingelan. Op 4 july 1776 waard de unofhinklikensferklearring fan de Feriene Steaten goedkard troch it Continental Congress. Skriuwers fan de ferklearring wienen Benjamin Franklin , John Adams en Thomas Jefferson . De earste formele erkenning fan dy unofhinklikens kaam fan de Steaten fan Fryslan op 26 febrewaris 1782. [1]

Utwreiding yn it westen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Utwreiding fan de Feriene Steaten.

Yn 1789 waard George Washington de earste presidint fan de Feriene Steaten . De haadsted fan de nije naasje, Washington , waard nei him neamd.

Yn 1803 kocht de Feriene Steaten foar 15 miljoen dollar sa likernoch 2,1 miljoen km² grun fan Frankryk. It gebiet leit westlik fan de rivier de Mississippy en wurdt de Louisiana Purchase neamd. Mei de Louisiana Purchase ferdubele de Feriene Steaten sawat syn grungebiet. It gebiet tusken de Rocky Mountains yn it westen en de Mississipy yn it easten beslacht de hjoeddeiske dielsteaten Louisiana, Arkansas, Missouri, Iowa, Minnesota, North Dakota, South Dakota, Nebraska, Kansas, Oklahoma, Texas, New Mexico, Colorado, Wyoming en Montana.

Yn 1810 kamen Britske kolonisten yn opstan tsjin it Spaanske bewald oer Florida . Op 23 septimber 1810 ferklearren de Britten har unofhinklik fan Spanje. Nei de Britsk-Amerikaanske oarloch (1812-1815) kaam it easten fan Florida under it bewald fan de Feriene Steaten. Yn 1819 die Spanje formeel ofstan fan Florida, under it betingst dat Teksas Spaansk gebiet bliuwe soe. Yn 1836 fochten de saneamde Anglo-Teksanen har los fan de Spanjets en ferklearren Teksas ta in unofhinklike republyk. Yn 1845 waard Teksas anneksearre troch de Feriene Steaten.

Nei de Meksikaansk-Amerikaanske Kriich (1846-1848) krige de Feriene Steaten it noardlike diel fan it Meksikaanske grungebiet, der't de letter de dielsteaten Kalifornie, New Mexico, Arizona en Nevada ut untstean soenen. Fuort nei de kriich waard yn Kalifornie goud fun. Doe't dat nijs bekend waard teagen tsientuzenen minsken yn de wiken dernei nei it noarden fan Kalifornie. Dat ferskynsel soe de skiednis yngean as de California Gold Rush (goudkoarts).

Amerikaanske Boargeroarloch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Healwei de 19e iuw wie der unienichheid tusken de blanken ut it suden fan de F.S. en de blanken ut it noarden fan de F.S. oer de oerheid, ekonomy, mienskip en de slavernij. Om 1860 hinne wienen der sa'n fjouwer miljoen slaven yn de Feriene Steaten, allegear fan Afrikaanske komof. De slaven wurken benammen op de katoenplantaazjes yn it suden fan it nije lan. Yn 1860 waard Abraham Lincoln keazen as de 16e presidint fan de Feriene Steaten. De sudlike steaten dy't poer tsjin him wienen skieden har of yn 1861 en ferienigen har yn de Confederate States of America mei Richmond yn Virginia as haadsted. Mei in oanfal fan de sudlike steaten op it Fort Sumter yn 1861 begun kriich. De striid einige yn 1865 mei de oerwinning troch it noarden. De slavernij waard yn 1865 mei in grunwetsferoaring ofskaft.

Opkommende wraldmacht [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de boargeroarloch waarden de sudlike dielsteaten wer underdiel fan de Uny en de yndustrialisaasje sette troch. Ut Europa kamen grutte kloften lanferhuzers. Op it lest fan de 19e iuw krige de FS grunbesit yn de Filipinen, Kuba, Guam as ek ferskate eilannen yn de Grutte Oseaan . Yn 1917 waard de FS yn de Earste Wraldkriich behelle. Yn de saneamde roaring twenties wie de FS sawol kultureel as ekonomysk yn opkomst. De beurscrash fan 1929 wie fuort de ein fan dat sukses. De Grutte Depresje dy't derop folge krige syn hichtepunt yn 1933 en yn de jierren dernei kaam der amper ferbettering. Nei de Earste Wraldkriich keas it Amerikaanske folk foar it isolasionisme; mear op ynlanske saken rjochte as op ynternasjonale. Troch it politike isolasionisme hold de FS him frij lang buten de Twadde Wraldkriich . Nei de Japanske oanfal op Pearl Harbor beslute it Amerikaanske regear om dochs mei de alliearden te striden tsjin Japan en Dutslan.

Kalde Kriich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de Twadde Wraldkriich is de Feriene Steaten ien fan de beide supermachten fan de wrald. De oare supermacht is de Sowjetuny . Politike strideraasjes en erchtinken wienen oanlieding foar it opsetten fan ynternasjonale organisaasjes dy’t elkoar militer holpen. Oan de kant fan de Feriene Steaten en de westlike Europeeske lannen waard de NAFO oprjochte, de kommunistyske Sowjets hienen derfoar harren eigen alliansje, it Warsjaupakt . In direkte kriich tusken beide supermachten hat der noait west. De militeren fan de beide machtsblokken waarden wol ynset yn de Korea Kriich fan 1950-53.

Yn 1960 waard John F. Kennedy keazen as presidint. Under Kennedy besocht de Feriene Steaten om as earste yn de romte en letter as earste op de moanne te kommen. De Sowjets makken yn 1961 de earste bemande romtereis, de Amerikanen hienen yn 1969 as earste in man op de moanne krigen. Oare wichtige foarfallen yn de amtstiid fan Kennedy wienen de ynvaazje yn de Bargebaai op Kuba en de Kubakrisis dy’t derop folge. De Kubakrisis wie yn 1962 in atoomoarloch dy't drige, doe't de Amerikanen it foarnimmen fan de Sowjets untdutsen, om nuklere wapens op Kuba del te setten. Kuba wie yn 1959 kommunistysk wurden under Fidel Castro , en hie him nei de mislearre ynvaazje yn de Bargebaai op de Sowjetuny rjochte, dy't har militer bystean woe as dat nedich wie.

Ronald Reagan sprekt yn Berlyn (1987).

Yn de sechtiger jierren groeide de minskerjochtebeweging under Martin Luther King . De Civil Rights Act (1964) en de Voting Rights Act (1965) waarden under presidint Lyndon B. Johnson ratifisearre.

Tusken 1959-75 fochten Amerikaanske troepen tsjin de kommunistyske Fietkong yn Fietnamkriich . Yn juny 1969 makke de nije presidint Nixon bekend dat der gau in begjin makke wurde soe mei it weromluken fan de Amerikaanske troepen ut Sud-Fietnam . It weromluken fan de leste Amerikaanske troepen einige yn maart 1973.

Troch it Watergateskandaal fan 1974 waard Richard Nixon de earste Amerikaanske presidint dy't oftrede moast foar de ein fan syn presidintstermyn. Op it stuit dat Nixon presidint fan de Feriene Steaten waard, wie Spiro Agnew syn fise-presidint. Troch Watergateskandaal stapte earst Spiro Agnew op. Gerald Ford folge Agnew op as fise-presidint. Doe’t koart dernei Richard Nixon opstapte wie Gerald Ford ynienen presidint fan de Feriene Steaten. Ford wie de earste presidint fan de Feriene Steaten dy’t noait troch it folk keazen is.

Jimmy Carter wie de opfolger fan Gerald Ford en wie fan 1977 oant en mei 1981 presidint fan de Feriene Steaten. Syn opfolger Ronald Reagan hie twa amtsterminen (1981-1989). De saneamde ‘’Malta Summit’’ mei Mikhail Gorbatsjov en George H. W. Bush yn 1989 wie de definitive ein fan de Kalde Kriich. [2]

Nei 1989 [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oanslach op it World Trade Center yn New York City .

Yn 1989 waard George H. W. Bush de 41e presidint fan de Feriene Steaten. Yn syn amtstiid hie de FS in liedende rol yn de Golfkriich en de kriich yn it eardere Joegoslaavje . Bill Clinton wie presidint fan 1993 oant en mei 2001. Clinton waard fan ferskillende seksskandalen beskuldige, lykas it seksskandaal mei Monica Lewinsky yn 1998. Clinton hat letter tajun dat er sawol mei Monica Lewinsky as mei Gennifer Flowers seksuele hannelingen dien hat.

By de presidintsferkiezings fan 2000 waard George W. Bush presidint. Op 11 septimber 2001 fleane Al Kaida terroristen mei fleantugen yn beide tuorren fan it World Trade Center yn New York City en it Pentagon yn Washington, D.C. . Sa likernoch trijetuzen minsken rekken by dy oanslaggen dea. In direkt gefolch fan dy oanslaggen wie de "War on Terrorism" dy't ein fan 2001 begun mei de Amerikaanske ynvaasje yn Afganistan .

De "Coalition of the Willing" (koalysje fan reewilligen) foel Irak oan yn 2003 . De koalysje under lieding fan de Feriene Steaten wun de Irakkriich nei ien moanne fjochtsjen tsjin it leger fan diktator Saddam Hoessein. Minskerjochtenorganisaasjes beskuldigen de Feriene Steaten fan it net neikommen fan ynternasjonale ofspraken op it med fan minskerjochten. [3] Op 4 novimber 2008 , yn de kredytkrisis , waard Barack Obama keazen as presidint. Hy is de earste swarte presidint fan de Feriene Steaten .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frisians first to recognize USA
  2. [ http://news.bbc.co.uk/onthisday/hi/dates/stories/december/3/newsid_4119000/4119950.stm BBC] ‘’1989: Malta summit ends Cold War’’
  3. Ferslach fan Amnesty International