Sineeske karakters

Ut Wikipedy
Foarbyld fan Sineeske karakters yn tradisjonele (lofts) en ferienfaldige foarm (rjochts). Beide kearen stiet der, fan boppen nei underen lezend, " hanzi ", dat de lanseigen Sineeske namme is foar Sineeske karakters.

Sineeske karakters ( tradisjoneel Sineesk : 漢字; ferienfaldige Sineesk : ?字; pinyin - transliteraasje : hanzi ; utspr. : [xan???], likernoch: "chantsuh"; betsjutting: " Han - karakters ") binne in skrift besteande ut logogrammen , dat untwikkele is foar it festlizzen fan skreaun Sineesk . Dernjonken is it oanpast oan it skriuwen fan ferskate oare Aziatyske talen . Sa foarmje Sineeske karakters under de namme kanji noch altyd in krusjaal underdiel fan it skriuwsysteem fan it Japansk en de Rjukjuaanske talen , wylst se under de namme hanja ut en troch ek noch brukt wurde foar it skriuwen fan it Koreaansk . Ek wurde se (under de namme sawndip ) brukt foar it skriuwen fan it Sjuang , in grutte minderheidstaal ut sudlik Sina , en foarhinne wiene se under de namme ch? nom ek yn gebruk foar it skriuwen fan it Fjetnameesk .

Fan oarsprong wiene Sineeske karakters in byldskrift , ferlykber mei de Egyptyske hieroglifen , hoewol't dat foar de moderne Sineeske karakters net mear hielendal opgiet. Sineeske karakters foarmje it aldste, oan ien wei troch yn gebruk bleaune skrift fan 'e wrald. Der besteane tsjintwurdich twa foarmen fan: tradisjoneel Sineesk (yn gebruk yn Taiwan , Hongkong en Makau ) en ferienfaldige Sineesk (yn gebruk yn Sina , Singapoer en Maleizje ). Troch histoaryske fersprieding oer de hiele Sinosfear (it gebiet fan ynfloed fan Sina), dy't laat hat ta it wiidfersprate hjoeddeistige gebruk fan it skrift, binne Sineeske karakters op 't heden ien fan 'e meast brukte skriften fan 'e wrald.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Prehistoaryske oarsprong [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens de mytology soene Sineeske karakters utfun weze troch Cangjie , in amtner dy't tsjinne under de legindaryske Giele Keizer , dy't libbe hawwe soe yn 'e 27e iuw f.Kr. De ierste tekens dy't ynterpretearre wurde kinne as Sineeske karakters binne untdutsen op argeologyske fynplakken dy't datearje ut it Neolitikum . De aldsten binne Jiahu , ut likernoch 6500 f.Kr. , Dadiwan en Damaidi , ut it sechsde milennium f.Kr. en Banpo ut it fyfde milennium f.Kr. Dermei is it begjin fan 'e untwikkeling fan Sineeske karakters tuzenen jierren tebekskood. Om't de oangeande ynskripsjes lykwols elts mar ut ien teken besteane, gjin kontekst hawwe en ruch en ienfaldich makke binne, konkludearre saakkundige Qiu Xingui lykwols dat der (noch) gjin wittenskiplike grunslach bestiet om te konkludearjen dat ut dizze tekens de hjoeddeiske Sineeske karakters fuortkommen binne. Wol toane se undubelsinnich oan dat al yn it sande milennium f.Kr. yn it streamgebiet fan 'e Giele Rivier sprake wie fan it gebruk fan skreaune tekens.

It ierste runom akseptearre foarkommen fan it Sineeske skrift is in gearhingjende groep ynskripsjes ynkurven op orakelbonkjes dy't datearje ut 'e lette Shang-dynasty ( 1250 - 1050 f.Kr. ). Sokke bonkjes waarden yn 1899 ferkocht as " drakebonken ", doe't taalkundigen de symboalen identifisearren as foarrinners fan hjoeddeistige Sineeske karakters. Tsjin 1928 wie dudlik wurden dat de bonkjes ofkomstich wiene ut in doarp by Anyang , yn 'e provinsje Henan , der't de Academia Sinica tusken 1928 en 1937 argeologyske opgravings ferrjochte. Derby waarden mear as 150.000 soartgelikense bonkefragminten opdobbe.

De ynskripsjes op 'e orakelbonkjes binne it resultaat fan divinaasjes dy't utfierd waarden om yn kontakt te kommen mei de foaralderlike keizerlike geasten . De Shang-keizer befrege syn foaralden oer underwerpen dy't ferban holden mei u.m. it keizershus, militere suksessen, de foarsizzing fan it waar en rituele offers troch skapulimansje (it lezen fan 'e barsten dy't untstiene yn ferhjitte bistebonken), en de antwurden op dy fragen waarden op 'e bonken sels festlein. De koartsten fan dizze ynskripsjes besteane ut mar inkele karakters, wylst de langsten wol tritich oant fjirtich karakters telle. Dit saneamde orakelbonkjeskrift wie yn dy tiid al in goed untwikkele skriuwsysteem, wat suggerearret dat it teminsten oant it lette twadde milennium f.Kr. weromgiet. Hoewol't de teksten op 'e orakelbonkjes as iennichsten oerlevere binne, miene saakkundigen dat it skrift ek foar in grut tal oare skriuwdoelen brukt waard, mar dat sokke ynskripsjes ferlern gien binne om't se wierskynlik yn hout en bamboe ynkurven waarden.

Untwikkeling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It tradisjonele byld dat lange tiid bestie fan 'e skiednis fan 'e Sineeske karakters wie dat fan in hiele rige ferskillende skriften, werfan't elts hommels utfun waard om it foargeande daliks folslein te ferfangen. Argeologyske fynsten ut 'e ein fan 'e tweintichste en it begjin fan 'e ienentweintichste iuw hawwe lykwols utwiisd dat dat byld net woartele is yn 'e wurklikheid. Yn it echt wie der nammentlik in stadige untwikkeling fan 'e iene skriftfoarm ut 'e oare, werby't twa of mear skriftfoarmen soms langere tiid njonken inoar bestiene en brukt waarden. Sels al under de Shang-dynasty wie njonken it orakelbonkjeskrift in yngewikkelder skriftfoarm yn gebruk dy't oerlevere is yn ynskripsjes op bruns . Derut kin oflaat wurde dat de Sineeske karakters har sunder underbrekking stadichoan untjoegen fan 'e Shang-dynasty ( 1600 - 1046 f.Kr. ) oant de iere Eastlike Zhou-dynasty ( 770 - 256 f.Kr. ), doe't se de foarm berikten dy't no bekend stiet as it segelskrift . Underwilens untwikkelen har ek oare skriften, werunder regionale foarmen fan it segelskrift, lykas it g?wen ("alde foarm"), dat under it Tiidrek fan de Oarlogjende Steaten ( 476 - 221 f.Kr. ) untstie yn eastlik Sina, en dekorative foarmen lykas it fugel-wjirmsegelskrift .

Under de Qin-dynasty ( 221 - 207 f.Kr. ) waard it segelskrift standerdisearre en foar formele doelen ynfierd yn hiel Sina, wat letter late ta it misferstan dat it doe pas utfun weze soe. Yn 'e foarm fan it lytse segelskrift waard it noch altyd runom brukt foar it gravearjen fan segels yn 'e lette Han-dynasty , dy't yn 220 (n.Kr.) einige. Mar nettsjinsteande de standerdisaasje under de Qin bleaune ek doe ferskate oare skriftfoarmen yn omgong. Sa wie der in obskuer, rjochthoekich en ruch utfierd skrift foar fulger gebruk (d.w.s. troch it sljochtwei folk), dat teminsten al sunt de Zhou bestien hie. Tsjin it Tiidrek fan 'e Oarlogjende Steaten hie him derut, mei ynfloed fan it segelskrift, in healwoeksen foarm fan it klerikaal skrift untjun, dy't troch saakkundigen oantsjut wurdt as 'ier klerikaal' of 'proto-klerikaal'. It bestean fan dy trije skriften njonkeninoar: segelskrift, dat him untjoech ta it lytse segelskrift, fulger skrift en proto-klerikaal skrift dat him untwikkele ta klerikaal skrift, stiet heaks op 'e tradisjonele oanname dat der under de Qin-dynasty mar ien skrift bestie en dat it klerikaal skrift ynienen utfun waard yn 'e iere Han-dynasty.

It proto-klerikaal skrift berikte syn uteinlike foarm as klerikaal skrift under it regear fan keizer Wu fan Han , dy't op 'e troan siet fan 141 f.Kr. oant 87 f.Kr. . It untjoech him dernei ta de dominante skriftfoarm yn hiel Sina. Om 'e midden fan 'e Han-perioade hinne untstie ut it klerikaal skrift in ferienfaldige en makliker te lezen skriftfoarm dy't bekend stiet as neo-klerikaal skrift . Tsjin 'e ein fan 'e Han-dynasty, oan it begjin fan it earste milennium , wie dat de skriftfoarm wurden foar aldendeisk gebruk, hoewol't it formelere klerikaal skrift yn eare holden waard foar seremoniele doelen. It neo-klerikaal skrift kin sjoen wurde as in oergongsfoarm fan it klerikaal skrift nei it regulier skrift , en it behold syn dominante posysje oant yn 'e Jin-dynasty ( 265 - 420 ).

It regulier skrift , dat neitiid de posysje fan it neo-klerikale skrift oernaam, soe neffens de oerlevering utfun weze troch Zhong Yao , in amtner dy't libbe hawwe moat yn 'e Eastlike Han-perioade, yn 'e twadde helte fan 'e twadde iuw en de earste helte fan 'e trede iuw . Hoewol't hy gauris de "Heit fan it Regulier Skrift" neamd wurdt, hawwe guon moderne saakkundigen oppenearre dat ien persoan allinnich net in nije skriftfoarm betocht hawwe kin dy't oeral yn Sina oernommen waard. It liket dan ek wierskynliker dat Zhong in wichtige bydrage levere hat oan 'e stadige untjouwing oer in langere perioade fan it regulier skrift.

Regulier skrift is yn prinsipe de hjoeddeistige foarm fan 'e Sineeske karakters. De ierst oerlevere teksten yn dy skriftfoarm binne kopyen fan 'e wurken fan Zhong sels. It regulier skrift untwikkele him ut in kibich skreaune foarm fan ier semy-kursyf skrift , dat sels wer ut in kursive foarm fan neo-klerikaal skrift fuortkaam. Under de Eastlike Jin-dynasty waard regulier skrift fierder untwikkele troch de oanpassings yn skriuwwize fan 'e 'Wize Man fan 'e Kalligrafy ' Wang Xizhi en dy syn soan Wang Xianzhi . It waard yn dy snuorje lykwols noch net folle brukt, mei't de measte skriuwers noch altyd yn neo-klerikaal skrift skreaune. Pas yn it tiidrek fan 'e Noardlike en Sudlike Dynastyen ( 420 - 589 ) naam it regulier skrift de dominante posysje yn Sina oer. Stilistysk berikte it lykwols earst syn folle waaksdom under de iere Tang-dynasty ( 618 - 907 ), mei it wurk fan 'e kalligraaf Ouyang Xun ( 557 - 641 ).

Ferienfaldiging yn 'e moderne tiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e moderne tiid waard ferskate kearen besocht om 'e yngewikkelde skriuwwize fan 'e Sineeske karakters te ferienfaldigjen. Ien fan 'e earste taalkundigen dy't derta it foartou naam, wie Lufei Kui , dy't yn 1909 bepleite om ferienfaldige karakters yn te fieren foar gebruk yn it underwiis . Yn 'e snuorje nei de Fjouwer-Maaiebeweging fan 1919 waard op alderhanne manearen besocht om Sina te modernisearjen. Yn 'e 1930-er jierren en de 1940-er jierren waard binnen it Guomintang - regear fan 'e Republyk Sina oanhaldend diskusjearre oer karakterferienfaldiging as metoade om analfabetisme yn Sina te bestriden. Nei't de kommunisten yn 1949 de Sineeske Boargeroarloch wun en de Folksrepublyk Sina oprjochte hiene, liet it regear fan dy nije steat yn twa weagen, yn 1956 en yn 1964 , in karakterferienfaldiging trochfiere, dy't basearre wie op trije feroarings:

  • fermindering fan it tal streekjes yn ien karakter;
  • ferwidering fan in tal oerstallige karakters ut 'e skriuwtaal;
  • ferfanging fan ferskate besibbe yngewikkelde karakters troch ien ienfaldich karakter.

Troch dizze karakterferienfaldiging untstiene twa stelsels fan Sineeske karakters njonkeninoar: tradisjoneel Sineesk en ferienfaldige Sineesk . In diel fan 'e karakters fan dy beide systemen is itselde, mei't it lang net yn alle gefallen nedich achte waard om oer te gean ta ferienfaldiging. Hjoed de dei wurdt ferienfaldige Sineesk brukt yn 'e Folksrepublyk Sina , Singapoer en Maleizje , wylst tradisjoneel Sineesk noch altyd yn eare holden wurdt yn Taiwan , Hongkong en Makau , yn beheinde mjitte yn Sud-Korea , en mank de Sineeske mienskippen om utens (utsein dy yn Singapoer en Maleizje).

Fersprieding nei oare lannen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Sineeske karakters ferspraten harren tagelyk mei it boedisme nei Korea , yn 'e perioade fan 'e twadde iuw f.Kr. oant de fyfde iuw (n.Kr.). De oanpaste foarm fan 'e Sineeske karakters dy't foarhinne yn Korea yn gebruk wiene en ut en troch noch brukt wurde, hjitte hanja . Fan 'e fyfde iuw of waarden Sineeske karakters ek oanpast foar it skriuwen fan Japansk en de Rjukjuaanske talen fan 'e Rjukju-eilannen , yn in skriftfoarm dy't kanji hjit. En fan 111 f.Kr. of waarden Sineeske karakters under in milennium fan Sineeske oerhearsking ek ynfierd yn Fjetnam . Sa untstie der omtrint de trettjinde iuw in oanpaste skriftfoarm dy't ch? nom hjit. Tsjintwurdich is behalven Sina en Taiwan Japan it iennichste lan der't Sineeske karakters noch yn algemien gebruk binne, mei't ch? nom yn Fjetnam under de koloniale Franske oerhearsking yn 'e iere tweintichste iuw ferfongen is troch in oanpaste foarm fan it Latynske alfabet , wylst yn Korea it hanja , ek yn 'e tweintichste iuw , ferfongen is troch in lanseigen skriftfoarm, it hangul . Troch ferienfaldigings yn 'e skriuwwize fan 'e karakters dy't trochfierd binne yn sawol Sina as Japan, wike de moderne Japanske kanji -karakters faak of fan 'e karakters dy't no yn Sina brukt wurde.

Eigenskippen fan Sineeske karakters [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan oarsprong foarmje Sineeske karakters in byldskrift of logografysk skrift, hoewol't dat foar de moderne karakters net mear hielendal opgiet. In goed foarbyld fan in suver byldskrift wurdt foarme troch de Egyptyske hieroglifen . Sa'n soarte skrift, dat gebruk makket fan piktogrammen , ideogrammen en logogrammen , neamt men ek wol in proto-skrift . Yn syn suvere foarm untbrekt by sa'n skrift noch it fermogen om 'e tinzen en ideeen efter spraak en taal folslein yn skriftlike foarm wer te jaan.

It foardiel fan in byldskrift is dat elts logogram in hiel wurd omfiemet, mei as gefolch dat de skriuwwize los stiet fan 'e utspraak , sadat deselde karakters brukt wurde kinne foar deselde wurden yn lykfol hokker taal. Yn Sina wurde ferskate taalfarianten sprutsen dy't ornaris foar ' dialekten ' fan it Sineesk trochgeane (lykas it Mandarynsk en it Kantoneesk ), mar dy't underling folslein unfersteanber binne en har foarinoer ferhalde lykas it Nederlansk en it Dutsk of it Italjaansk en it Spaansk . Dochs kinne se itselde skrift bruke, mei't de betsjutting fan 'e karakters neat mei de utspraak fan dy betsjutting te krijen hat. Itselde jildt foar it gebruk fan Sineeske karakters yn talen as it Japansk en it Koreaansk , der't de karakters soms foar lienwurden ut it Sineesk mei in ornaris ferbastere utspraak steane, mar likegoed lanseigen wurden yn dy talen fertsjintwurdigje kinne mei in folslein oare utspraak.

Om it oars ut te lizzen: men kin ek stelle dat Sineeske karakters fan alfabetyske skriften ferskille trochdat de karakters gjin letters binne en gjin yntrinsike fonetyske wearde hawwe. Elts Sineesk karakter stiet yn prinsipe foar in beskaat wurdlid dat ek in morfeem is. Op dy regel binne in pear utsunderlings, lykas twa wurdliddige morfemen (skreaun mei twa karakters), bimorfemyske wurdlidden (skreaun mei twa karakters) en seldsume gefallen der't ien inkeld karakter foar in mearwurdliddich wurd stiet. Yn it Aldsineesk , der't ek it Klassyk Sineesk ta rekkene wurdt, bestiene de measte wurden ut mar ien wurdlid, dat skreaun waard mei ien karakter. Yn modern Sineesk bestiet it meastepart fan 'e wurden lykwols ut twa of mear wurdlidden, dy't dus skreaun wurde mei twa of mear karakters. Yn it moderne Sineesk komme in protte homofoanen foar, werby't in wurdlid dat itselde klinkt ofhinklik fan 'e betsjutting skreaun wurdt mei in oar karakter. Ien inkeld karakter kin ek ferskate betsjuttings en dus utspraken hawwe.

Sineeske karakters wurde ornaris yndield yn 5 underskate kategoryen :

  • ideogrammen , dy't in idee werjouwe, lykas 下 ("under") en 上 ("boppe");
  • piktogrammen , dy't in byld werjouwe, lykas 月 ("moanne", d.w.s. byplaneet fan 'e Ierde) en 日 ("sinne");
  • gearstalde piktogrammen, lykas 日+月 = 明 ("helder");
  • fonogrammen , dy't in betsjutting werjouwe troch de kombinaasje fan in beskate radikaal (in grunelemint) en in fonetysk diel , lykas 女 (de radikaal "frou") + ? (fonetysk elemint ma , dat eins "hynder" betsjut) = ? ("mem"); de radikaal jout de betsjutting wer, yn dit gefal "frou", en it fonetysk elemint jout de utspraak wer, yn dit gefal "ma", en dat smyt in frou mei de utspraak "ma" op = "mem";
  • lienkarakters: foar abstraksjes nimt men in al besteand karakter mei byhearrende utspraak oer, dy't (poer tafallich) ek de utspraak is fan it oangeande abstrakte begryp, lykas 象 ("oaljefant"), dat ek brukt wurdt foar de betsjutting "lykje op".

It grutste part fan 'e gongbere Sineeske karakters, sa'n 90%, bestiet ut fonogrammen.

Der binne likernoch 106.000 underskate Sineeske karakters, hoewol't de grutste helte derfan bestiet ut farianten dy't krekt justjes oars skreaun wurde en dy't men inkeld tsjinkomt yn histoaryske teksten . Yn 'e Folksrepublyk Sina wiene yn 2006 55.000 ferskillende karakters yn gebruk, werfan't dat jiers mar 32.232 sa gongber wiene dat se ek oer in digitale foarm beskikten sadat se brukt wurde koene yn tekstferwurkingsprogramma's op 'e kompjuter . In goed oplate, belezen Sinees ken trochinoar 7.000 ferskillende karakters ut 'e holle. Studzjes yn Sina hawwe oantoand dat foar in funksjonele geletterdheid (d.w.s. dat men jin yn 'e moderne maatskippij rede kin mei lezen en skriuwen ) in wurdskat fan tusken de 3.000 en 4.000 karakters nedich is. Mei in fokabulere fan sa'n 1.500 karakters kin men jin behelpe om in ferhaal oer te bringen dat de lezer noch begripe kin, hoewol't it der dan beslist net moai ut komt te sjen. Yn Japan wurde 2.136 kanji -karakters leard oan learlingen fan it fuortset underwiis , wylst noch ferskate hunderten oaren ek aldendeisk brukt wurde. Mar yn Japan wurde de fan oarsprong Sineeske karakters fan kanji kombinearre mei twa lanseigen skriften ( hiragana en katakana ) en soms ek mei it Latynske alfabet.

Sinezen leare harren skrift fan alds troch elts nij karakter hundert kear te skriuwen . Ek dan is it lykwols faak dreech om it te unthalden. In soad Sinezen sille bygelyks it wurd foar "proeste" (打??; pinyin : d?p?nti ) net skriuwe kinne, om't dat in wurd is dat yn 'e skriuwtaal amper foarkomt. Der komt noch by dat ? ( p?n ) 12 streekjes telt en ? ( ti ) mar leafst 17, en dat ? ( ti ), de dreechste fan 'e beide, no krekt inkeld foarkomt yn ferban mei proesten, in underwerp der't net folle dokumintaasje oer foarhans is. It is trouwens net genoch om 'e betsjutting fan elts karakter op himsels te witten, want yn kombinaasje betsjutte se gauris wat oars. Sa is ? "boek" en ? "helpe", mar de kombinaasje ?? betsjut net "helpboek", sa't men ferwachtsje kinne soe, mar "ekonomy". De kompleksiteit fan 'e Sineeske karakters soarget derfoar dat in soad minsken yn Sina en Taiwan en mank de Sineeske mienskippen om utens harren eigen taal skriftlik net goed behearskje. Yn 'e Folksrepublyk Sina leit it persintaasje analfabeten op 14% fan 'e befolking .

Transliteraasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sineeske karakters kinne omstavere wurde sadat se lesber binne foar lju dy't neat fan it Sineeske skrift ofwitte. Dat omstaverjen hjit transliteraasje , en der besteane ferskate transliteraasjesystemen dy't spesifyk untwurpen binne foar it omsetten fan Sineeske karakters nei de Westerske letters fan it Latynske alfabet . Foarhinne waard derfoar benammen it Wade-Giles -systeem brukt, dat no inkeld noch ynformeel yn Taiwan yn gebruk is. Hjoed de dei brukt men foar it transliterearjen fan Sineeske karakters pinyin , dat yn 1958 yn 'e Folksrepublyk Sina as standertsysteem foar transliteraasje ynfierd waard en yn 1982 troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) feststeld as de ynternasjonale standert foar de transliteraasje fan Sineeske karakters nei it Latynske alfabet. Sunt 1986 is pinyin teffens it offisjele transliteraasjesysteem fan 'e Feriene Naasjes , en yn 2009 waard it einlings ek as sadanich ynfierd yn Taiwan .

Pinyin is in staveringssysteem dat eigen fonetyske wearden jout oan 'e underskate letters fan it Latynske alfabet, krekt sa't talen dat dogge dy't allinnich mar yn dat alfabet skreaun wurde. De letter z stiet bygelyks yn it Frysk , Nederlansk en Ingelsk foar it foneem [z] (de z fan "raze"), mar yn it Dutsk en Italjaansk foar it foneem [?] (de ts fan "tsiis"). En de letter j stiet yn it Frysk, Nederlansk en Dutsk foar it foneem [j] (j fan "jas"), mar yn it Ingelsk foar it foneem [?] (dzj fan "siedzje") en yn it Fransk foar it foneem [?] (zj fan "bagaazje"). Krektsa hawwe yn pinyin ek guon letters in oare fonetyske wearde as dat sprekkers fan it Frysk wend binne. De letter x moet bygelyks beslist net utsprutsen wurde as [ks] ("ks" fan "ksylofoan"), sa't men yn it Frysk en Nederlansk wend is, en likemin stiet de letter q yn pinyin ea foar de klank [k?] (kw fan "kwab"). Ynstee stiet de x foar in sj-klank en de q foar in tsj-klank. De wichtichste ferskillen yn utspraak tusken pinyin en it Frysk binne:

  • konsonanten :
    • b , d en g wurde utsprutsen as p, t en k
    • p , t en k wurde utsprutsen as p, t en k mei aspiraasje , d.w.s. folge troch in h, lykas by de t's yn 'e bekende Grinslanske utspraak fan " Marthinithoren "
    • h wurdt utsprutsen as ch (fan "leech")
    • j en zh wurde beide likernoch utsprutsen as tsj (fan "tsjerke"); der bestiet ferskil yn utspraak tusken j en zh, mar dat is foar de trochsneed Fries net waarnimber
    • q en ch binne de aspirearre foarmen fan j en zh, dus mei likernoch de utspraak fan tsj (fan "tsjerke"), mar folge troch in h; der bestiet ferskil yn utspraak tusken q en ch, mar dat is foar de trochsneed Fries net waarnimber
    • r wurdt utsprutsen as in Ingelske r , mar dan mei de tonge werombugd yn 'e rjochting fan 'e kiel
    • sh en x wurde beide likernoch utsprutsen as sj (fan "sjippe"); der bestiet ferskil yn utspraak tusken sh en x, mar dat is foar de trochsneed Fries net waarnimber
    • z wurdt utsprutsen as ts (fan "tsiis")
    • c wurdt utsprutsen as ts (fan "tsiis") mei aspiraasje , d.w.s. folge troch in h
    • w wurdt altyd utsprutsen as de w fan "skowe", oftewol de Ingelske w
    • y wurdt utsprutsen as j (fan "jas") en is soms stom (lykas yn it wurd pinyin , dat yn it Sineesk utsprutsen wurdt as "pyn-yn")
  • fokalen :
    • ao wurdt utsprutsen as au
    • e wurdt utsprutsen as de e fan "de"
    • e wurdt utsprutsen as de e fan "lek" (komt inkeld foar as ynterjeksje )
    • ei en ui wurdt utsprutsen as ee (fan "reek")
    • i wurdt altyd utsprutsen as y (fan "dyk"), ek yn wurdlidden as ping en ying (dy rime dus net op "ring" of "ding")
    • iao wurdt utsprutsen as jou (fan "ik jou")
    • ie wurdt utsprutsen as jee (fan "Jeen van den Berg")
    • io wurdt utsprutsen as de jo fan 'e namme "Job" (komt inkeld foar as ynterjeksje)
    • o wurdt utsprutsen as de o fan "hok" (komt inkeld foar as ynterjeksje)
    • on en ong wurde utsprutsen as un en ung
    • ou wurdt utsprutsen as oo (fan "rook")
    • u wurdt utsprutsen as u (fan "tuk"), mar nei j, q en x as u (fan "tut")
    • u wurdt utsprutsen as u (fan "tut")
    • ua wurdt utsprutsen as wa (fan "kwab")
    • uai wurdt utsprutsen as it Ingelske why

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes , References en Further reading , op dizze side .