한국   대만   중국   일본 
Peloponnesos - Wikipedy Springe nei ynhald

Peloponnesos

Ut Wikipedy
Peloponnesos
De Peloponnesos (blau) yn Grikelân.
De Peloponnesos (blau) yn Grikelan .
polityk
soarte gebiet skiereilan
lan Grikelan
haadplak Patras
grutste plak Patras
sifers
ynwennertal 1.100.000 (2011)
oerflak 21.549,6 km²
befolkingstichtens 51,0 / km²
oar
tiidsone UTC +1
simmertiid UTC +2

De Peloponnesos ( Gryksk : Πελοπ?ννησο?, Peloponn?sos of Peloponn?sos ) is in grut skiereilan en in tradisjonele regio yn it suden fan Grikelan . Dit gebiet sit inkeld troch de smelle Laningte fan Korinte , yn it noardeasten , fest oan 'e rest fan it Grykske festelan , en wurdt der fierders fan skaat troch de Golf fan Korinte . Under de Osmaanske hearskippij stie it skiereilan fan 'e Midsiuwen of bekend as de Morea (Gryksk: Μωρ?α?, Moreas ), in namme dy't it yn it aldendeiske spraakgebruk yn Grikelan noch altyd wjerklang hat ( Nijgryksk : Μωρι??, Morias ). Yn 2011 hie de Peloponnesos in befolking fan 1,1 miljoen ynwenners. De de facto haadsted en teffens de grutste sted is Patras , oan 'e noardkust .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Peloponnesos is in skiereilan dat in oerflak fan 21.549,6 km² beslacht en it sudlikste diel fan it festelan fan Grikelan foarmet. It wurdt oan hast alle kanten omjun troch see : yn it westen troch de Ioanyske See , yn it sudwesten en suden troch de iepen Middellanske See , yn it sudeasten troch de Kretinzyske See , yn it easten troch de Egeyske See en yn it noardeasten troch de Saroanyske Golf . Yn it noarden wurdt it fan 'e rest fan it Grykske festelan skaat troch de langwerpige en smelle Golf fan Korinte , dy't fan 'e Ioanyske See ut djip yn 'e westkust fan Grikelan weisnijt. Yn it uterste noardeasten foarmet de Laningte fan Korinte in smelle lanbrege mei de rest fan it festelan. Sunt der yn 1893 it Kanaal fan Korinte trochhinne groeven is, kin de Peloponnesos yn prinsipe as in eilan beskoge wurde, al wurdt dat frijwol nea dien. Yn 2004 waard by Patras , oan 'e westlike utein fan 'e Golf fan Korinte, de Rio-Antirriobrege iepene, dy't Rio , in foarsted fan Patras, ferbynt mei it plak Antirrio , oan 'e noardkust fan 'e Golf fan Korinte.

De kusten fan 'e Peloponnesos binne ynsnien troch ferskate baaien , mei as gefolch dat it grutte skiereilan oan 'e sudkant trije lytsere, rjocht omleech stykjende skiereilannen hat, fan west nei east it Messeensk Skiereilan , Many en Kaap Malea (of Epidauros Limera). Yn it noardeasten hat de Peloponnesos noch in fjirde, nei it sudeasten ta utstykjend skiereilan, it Argolidysk Skiereilan . It Messeensk Skiereilan wurdt fan Many skaat troch de Messeenske Golf , en tusken Many en Kaap Malea leit de Lakoanyske Golf . It Argolidysk Skiereilan wurdt fan 'e eastkust fan 'e Peloponnesos skaat troch de Argolidyske Golf . Fierders leit oan 'e noardkust, by Patras de Golf fan Patras , dy't underdiel utmakket fan 'e gruttere Golf fan Korinte, wylst yn 'e westkust fan 'e Peloponnesos in manske healrune duk sit dy't de Golf fan Kiparissia hjit.

It lanskip fan Arkaadje , yn it sintrale part fan 'e Peloponnesos.

Der lizze ferskate eilannen foar de kust fan 'e Peloponnesos: de Argo-Saroanyske Eilannen yn it easten en noardeasten, en de Ioanyske Eilannen yn it westen en noardwesten. It grutte eilan Kythira leit yn it sudeasten under it Kaap Malea-skiereilan, der't it fan skaat wurdt troch de smelle Strjitte fan Elafonisos . Dy seestrjitte is ferneamd nei it eilantsje Elafonisos , dat noch tichter under de kust fan Kaap Malea leit. Oarspronklik makke dat diel ut fan it festelan fan 'e Peloponnesos, oant it der by in grutte ierdbeving yn 365 fan losbriek.

It binnenlan fan 'e Peloponnesos is bercheftich en op plakken tige ruch en unherberchsum. De Taygetus , yn it Taygetusberchtme yn it sudlike part fan it skiereilan, is mei 2.407  m de heechste berch fan 'e Peloponnesos. Oare hege bergen binne de Kyllini (2.376 m) yn it noardeasten, de Aroania (2.355 m) yn it noarden en de Erymanthos (2.224 m) en de Panachaikon (1.926 m) yn it noardeasten. It hiele skiereilan leit op in tektoanyske brekline en is kwetsber foar ierdbevings . De langste rivier is de Alfeios , dy't yn it westlike part fan 'e Peloponnesos streamt.

De Rio-Antirriobrege ferbynt de Peloponnesos mei Grikelan benoarden de Golf fan Korinte .

Al sunt de Aldheid bestiet de Peloponnesos ut san lanstreken : Achaia yn it noarden, Korintia yn it noardeasten, Argolis yn it easten, Arkaadje yn 'e midden, Lakoanje yn it sudeasten, Messeenje yn it sudwesten en Elis yn it westen. De grutste sted en de facto de haadsted fan it skiereilan, mei 215.000 ynwenners yn 2011 , is Patras , dat yn it noarden oan 'e Golf fan Korinte leit. De op ien nei grutste sted, mei 85.000 ynwenners, is Kalamata , dat yn it suden oan 'e kust fan 'e Messeenske Golf leit. De bekendste sted op it hiele skiereilan is sunder mis Sparta (23.000 ynwenners), dat yn 'e Aldheid sa'n wichtige rol spile. Bestjoerlik falt de Peloponnesos tsjintwurdich foar it grutste part under trije ferskillende regio's fan Grikelan . It meastepart foarmet de Peloponnesos (regio) , mar ferskate dielen hearre ta de regio's West-Grikelan en Attika .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Aldheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Peloponnesos wurdt al sunt oeralde tiden bewenne. De namme tanket it skiereilan oan in folksferhaal ut 'e Grykske mytology oer de held Pelops , dy't it hiele gebiet ferovere hawwe soe. 'Peloponnesos' betsjut nammentlik: "Eilan fan Pelops". Yn 'e Brunstiid waard de Peloponnesos dominearre troch de Myseenske beskaving , de earste grutte kultuer fan it Grykske festelan. It sintrum fan dy beskaving wie de sted Mysene , yn it noardeasten fan it skiereilan. Oan 'e ein fan it twadde milennium f.Kr. stoarte de Myseenske kultuer lykwols hommels yn. De folgjende snuorje, dy't bekendstiet under de namme fan 'e Tsjustere Iuwen of de Grykske Midsiuwen, wurdt karakterisearre troch in untbrekken fan skreaune boarnen.

De Liuwepoarte fan Mysene .

Yn 776 f.Kr. waarden de Olympyske Spullen foar it earst holden yn Olympia , yn 'e westlike Peloponnesos. Dat markearre it begjin fan 'e klassike perioade fan 'e Grykske Aldheid . Yn dy tiid wie de Peloponnesos it hert fan it alde Grikelan, der't wichtige stedsteaten festige wiene, lykas Sparta , Korinte , Argos en Megalopolis . Ek wie it it thuslan fan 'e Peloponnezysk Bun . Troepen dy't ofkomstich wiene fan it skiereilan fochten yn 'e Perzyske Oarloggen , lykas yn 'e ferneamde Slach by Thermopylae yn 480 f.Kr. Boppedat waard yn it gebiet tusken 431 en 404 f.Kr. de Peloponnezyske Oarloch utfochten tusken Sparta en Atene om 'e hegemony under de Grykske stedsteaten.

Yn 'e fjirde iuw f.Kr. joech de hiele Peloponnesos, utsein Sparta, him by de fjildtocht fan Aleksander de Grutte tsjin it Perzyske Ryk . Yn 146 f.Kr. waard it gebiet under de foet run troch de Romeinen . Derby waard Korinte ferwuostge en de befolking fan dy sted ofslachte. Neitiid kaam de Peloponnesos as underdiel fan 'e provinsje Achaia earst by de Romeinske Republyk en letter by it Romeinske Ryk te hearren. It skiereilan behold yn dy tiid syn wolfeart , mar ferlear syn foaroansteande status en sakke of ta in unbetsjuttende uthoeke.

De Timpel fan Heara yn Olympia .

Midsiuwen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de opdieling fan it Romeinske Ryk yn 395 kaam de Peloponnesos by it Eastromeinske of Byzantynske Ryk te hearren. De ferwuostging dy't de Goaten under Alarik yn 396 en 397 op it skiereilan oanrjochten, late ta de bou fan 'e Hexamilion of Seismylsmuorre, dwers oer de Laningte fan Korinte . Yn 'e sechsde iuw rekke de ekonomy fan 'e Peloponnesos yn 'e nederklits troch in kombinaasje fan utbraken fan 'e pest , it foarkommen fan ferskate ierdbevings , ynfallen fan 'e Slaven en it ynstoarten fan hannel mei oare regio's.

Yn 'e sande en achtste iuw besetten de Slaven it meastepart fan it skiereilan, en fun der frijwat kolonisaasje plak, hoewol net sa grutskalich as foarhinne tocht waard. Oan beskate dielen fan it skiereilan, yn 't bysunder Many yn it suden en Tsakoanje oan 'e eastkust, gie de Slavyske ynvaazje alhiel foarby. Al dy Slaven op 'e Peloponnesos waarden nei ferrin fan tiid assimilearre troch de etnysk Grykske befolking, en tsjin 'e njoggende iuw wie it hiele skiereilan kultureel wer Gryksk. Los fan 'e Slavyske ynfallen hiene de kustgebieten fan 'e Peloponnesos yn dyselde snuorje hiel wat te stellen mei oanfallen fan Arabyske seerovers , benammen nei't dy yn 'e 820 -er jierren in eigen emiraat op Kreta stifte hiene. Doe't dat eilan yn 961 troch it Byzantynske Ryk werovere waard, untstie op 'e Peloponnesos in nije snuorje fan woltier.

It amfiteater fan Epidauros .

Nei't de Fjirde Krustocht him yn 1204 tsjin it Byzantynske Ryk keard hie en Konstantinopel yn 1205 troch de krusfarders plondere wie, marsjearren Willem fan Champlitte en Godfryd I fan Villehardouin mei har mannen nei it suden ta en feroveren de Peloponnesos, der't se it Prinsdom Achaia stiften, yn namme in fazalsteat fan it Latynske Ryk fan Konstantinopel. Underwilens besette de Republyk Feneesje in stikmannich strategyske havensteden op 'e Peloponnesos, werunder Pylos ( Italjaansk : Navarino ) en Koroni ( Coron ), dy't se neitiid wisten te behalden oant yn 'e fyftjinde iuw .

De hegemony fan 'e 'Franken', sa't de krusfarders yn 'e Oriint neamd waarden, krige in flinke knoei doe't Willem II fan Villehardouin yn 1259 yn 'e Slach by Pelagonia ferslein waard troch it weroprjochte Byzantynske Ryk. Dernei waard de Peloponnesos stapke foar stapke troch de Byzantinen bemastere, oant de werovering omtrint 1430 kompleet wie. Underwilens wie yn 1349 op it skiereilan it Despotaat fan de Morea stifte, dat in semy- autonoom diel fan it Byzantynske Ryk wie. Yn dyselde snuorje fun ek de festiging fan 'e Arvaniten , in Albaneeske folksgroep, yn sintraal Grikelan en op 'e Peloponnesos plak. De Arvaniten lieten har net sa maklik assimilearje as de Slaven, en binne foar in diel hjoed de dei noch te underskieden as in aparte etnyske groep .

Utsjoch oer Patras , de grutste sted fan 'e Peloponnesos, fanut de sitadel .

Yn 1358 begunen de Osmaanske Turken foar it earst oanfallen op 'e Peloponnesos ut te fieren. Yn 1387 makke de krigele Evrenos Bey fan 'e tsjinstellings tusken de Franken en de Byzantinen gebruk om in plondertocht dwers oer it skiereilan te halden. Neitiid twong er sawol de Byzantynske despoaten as de oerbleaune Frankyske hearskers om skatting te beteljen en de Osmaanske soevereiniteit te erkennen. Dy sitewaasje duorre oant de nederlaach fan 'e Osmanen yn 'e Slach by Ankara , yn 1402 , wernei't de Osmaanske ynfloed foarearst belune.

Fan 1423 of funen der op 'e nij Osmaanske ynfallen op 'e Peloponnesos plak, diskear under lieding fan Turahan Bey . Yn 1446 wisten Osmanen under sultan Moerad II op de Laningte fan Korinte troch de weropboude Hexamilion te brekken, wernei't de despoaten fan 'e Morea fannijs de Osmaanske soevereiniteit erkenne moasten. Nei harren besetting fan it Hartochdom Atene ( 1456 ) krigen de Osmanen de Peloponnesos yn 1458 foar in tredepart yn 'e hannen, en yn 1460 dweilde sultan Mehmed II de leste restanten fan it Despotaat fan 'e Morea op. It leste Byzantynske bolwurk, it Kastiel fan Salmeniko , hold it under Graitzas Palaiologos ut oan july 1461 .

It paleis fan 'e despoaten fan de Morea yn Mystras , dat no op 'e Wralderfgoedlist fan 'e UNESCO stiet.

Osmaanske en Fenesiaanske oerhearsking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dernei untkamen inkeld noch de Fenesiaanske festings Methoni ( Modon ), Koroni ( Coron ), Pylos ( Navarino ), Monemvasia , Argos en Nafplion oan 'e Osmaanske oerhearsking. Mar dy waarden letter ferovere yn in rige Osmaansk-Fenesiaanske Oarloggen . Yn 'e Earste Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch ( 1463 - 1479 ) gie Pylos foar Feneesje ferlern, wylst Methoni en Koroni yn under de Twadde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch ( 1499 - 1503 ) yn Osmaanske hannen foelen. Yn 1532 waarden Koroni en Patras ferovere troch in krustocht under lieding fan 'e Genueeske admiraal Andrea Doria , mar dat lokke de Tredde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch ( 1537 - 1540 ), weryn't ek de leste Fenesiaanske besittings op 'e Peloponnezyske kust ferlern giene.

Nei de ferovering waard it skiereilan in provinsje ( sancak ) fan it Osmaanske Ryk . It haadplak wie earst Korinte ( Turksk : Gordes ), dernei Leontari ( Londari ), doe Mystras ( Misistire ) en uteinlik Nafplion ( Anaboli ). Mids santjinde iuw waard de Peloponnesos it sintrum fan in aparte eyalet , mei as haadsted Patras ( Ballibadra ). Oant de twadde helte fan 'e sechstjinde iuw wisten de kristenen op 'e Peloponnesos harren rjochten te behalden, en gie de islamisearring stadich, mei fral under de Arvaniten frijwat bekearlingen. Ek neitiid ferlearen kristlike delsettings nea alhiel har selsbestjoer, mar it hiele Osmaanske tiidrek waard karakterisearre troch de stadige, mar oanhaldende flecht fan 'e kristlike befolking nei it bercheftige binnenlan. Dat makke de opkomst mooglik fan 'e saneamde klefts , wapene banditen of rebellen dy't fan 'e bergen ut operearren. As reaksje derop begunen de Osmaanske autoriteiten har eigen bindes te bewapenjen, de saneamde armatoloi .

Grykske rebellen nei it Belis fan Tripolitsa .

Under de Moreaanske Oarloch of de Sechsde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch ( 1684 - 1699 ) besetten de Fenesianen yn 1687 it hiele skiereilan, in sitewaasje dy't se yn 1699 by de Frede fan Karlowitz wisten te konsolidearjen. Se rjochten op 'e Peloponnesos it Keninkryk fan de Morea op, dat in autonoom diel fan 'e Republyk Feneesje wie. It roomske Fenesiaanske bewald wie under de Eastersk-otterdokse Grykske befolking lykwols sa ympopuler, dat de Turkske werovering fan 'e Peloponnesos yn 1715 under de Sande Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch of de Twadde Moreaanske Oarloch ( 1714 - 1718 ) troch de measte ynwenners as in befrijing underfun waard. By de Frede fan Passarowitz , fan 1718 , joech Feneesje foargoed syn besittings op it Grykske festelan op.

Moderne tiid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei 1715 waard de Peloponnesos de kearn fan 'e nije Eyalet Morea . Yn 1770 stiene de Peloponnezyske kristenen tsjin 'e Osmanen op by de saneamde Orlov-opstan , dy't stipe waard troch it Keizerryk Ruslan , mar dy rebulje waard mei in protte bloedferjitten troch de Osmanen de kop yndrukt. Oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw untstie de Moderne Grykske Ferljochting troch de ynfloed fan 'e idealen fan 'e Franske Revolusje . Dermei waard de grunslach lein foar de Grykske Unofhinklikheidsoarloch , dy't op 23 maart 1821 utbriek doe't Grykske rebellen de sted Kalamata , yn it suden fan 'e Peloponnesos, besetten. Binnen in pear moannen wisten de rebellen it grutste diel fan it skiereilan te befrijen, utsein in pear festings oan 'e kust en it Osmaanske garnizoensplak Tripolitsa . De striid wie ferheftich en gie mank mei oarlochsmisdieden oan beide kanten. Uteinlik waard de hiele islamityske befolking utmoarde of fan it skiereilan ferjage.

De Slach by Navarino wie yn 'e praktyk de ein fan it Osmaanske bewald oer de Peloponnesos.

De Fal fan Tripolitsa , yn septimber 1821 , wie lykwols in kearpunt. Underlinge skelen mank de opstannelingen boazen yn 1824 oan ta in iepen boargeroarloch , dy't Ibrahim Pasja , de Osmaanske underkening fan Egypte , yn 1825 de kans joech om syn troepen op 'e Peloponnezyske kust lanje te litten. Yn 'e fuleindige striid tusken de Griken en de Egyptners waard in grut diel fan it skiereilan ferwuostge. Foar in diel fanwegen de slachtingen dy't Ibrahim Pasja under de kristlike boargerbefolking oanrjochte, besleaten it Feriene Keninkryk , Frankryk en Ruslan oan 'e kant fan 'e Griken yn it konflikt te ynterveniearjen. Yn 1827 waard sadwaande de Osmaansk-Egyptyske float yn 'e Slach by Navarino , foar de kust fan 'e sted Pylos , ferslein troch de alliearde Britske, Franske en Russyske marine . Doe't dernei by de Morea-ekspedysje fan 1828 de Osmaanske en Egyptyske troepen fan 'e Peloponnesos ferdreaun waarden troch in Fransk ekspedysjeleger, waard Nafplion, op it Argolidysk Skiereilan, de earste haadsted fan it unofhinklike Grikelan .

Yn 'e njoggentjinde en tweintichste iuw rekke de Peloponnesos sterk ferearmoede en ekonomysk isolearre. In oansjenlik diel fan 'e befolking ferfear nei de steden yn oare dielen fan Grikelan, yn 't bysunder nei Atene . Dernjonken wie der fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw oant de midden fan 'e tweintichste iuw ek in grutte emigraasjeweach nei de Feriene Steaten en Austraalje . It skiereilan wie op 'e nij in slachfjild under de Twadde Wraldoarloch ( 1941 - 1945 ) en de Grykske Boargeroarloch ( 1946 - 1949 ), en yn dy konflikten funen der guon fan 'e slimste oarlochsmisdieden plak ut 'e skiednis fan Grikelan. De libbensomstannichheden op 'e Peloponnesos waarden dramatysk ferbettere nei't Grikelan yn 1981 lid wurden wie fan 'e Jeropeeske Mienskip . Ein augustus 2007 waarden grutte dielen fan 'e Peloponnesos troffen troch boskbrannen , dy't slimme skea oanrjochten en 77 deaden easken.

Utsjoch op Nafplion , de earste haadsted fan it moderne Grikelan.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens ut 2011 hie de Peloponnesos doe in befolking fan 1.100.071 minsken . De befolkingstichtens bedroech dermei 51 minsken de km² . Etnysk sjoen bestiet de mearderheid fan 'e Peloponnezyske befolking ut Griken , mei in oansjenlike minderheid fan Arvaniten ( Albanezen ). De measte ynwenners sprekke Gryksk , mar de Arvaniten hawwe alteast foar in diel harren eigen taal , it Arvanitysk (in foarm fan Albaneesk ) bewarre. Oan 'e eastkust wurdt noch troch in pear hundert minsken Tsakoanysk sprutsen, in oan it Gryksk besibbe taal dy't troch de Grykske oerheid as in dialekt beskoge wurdt.

It plattelan fan 'e Peloponnesos stiet bekend as ien fan 'e meast tradisjonalistyske en konservative kriten fan Grikelan. Mar nettsjinsteande de relative earmoede fan 'e regio hawwe ynwenners fan 'e Peloponnesos sunt de Grykske Unofhinkliheidsoarloch fan 'e 1820 -er jierren altyd fierhinne de Grykske polityk behearske. Sa wie de grutte mearderheid fan 'e premiers fan Grikelan ofkomstich fan it skiereilan, krekt as de machtige famyljes Zaimis, Mavromichalis, Varvitsiotis, Stefanopoulos en Papandreou. Ek de sake-elite fan Grikelan komt foar in grut part fan 'e Peloponnesos, wylst de Manioaten (fan it Many-skiereilan yn it suden fan 'e Peloponnesos) tradisjoneel de Grykske Striidkreften dominearje. Lju fan 'e Peloponnesos hawwe sadwaande yn Grikelan in reputaasje fan sluchslimmens en politike konneksjes.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en Further reading , op dizze side .