한국   대만   중국   일본 
Paramount+ - Wikipedy Springe nei ynhald

Paramount+

Ut Wikipedy
Paramount+
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor streaming media
haadkertier New York ( New York )
oprjochte 2014
eigner Paramount Global
mem Paramount Streaming
offisjele webside
www.paramountplus.com

Paramount+ ( utspr. as "Paramountplus") is in Amerikaanske streamingtsjinst foar ynteraktive tillefyzje oer it ynternet , der't jin in abonnemint foar nimme moatte om der gebruk fan te meitsjen. De tsjinst is eigendom fan Paramount Global en makket underdiel ut fan 'e difyzje Paramount Streaming . Paramount+ waard yn 2014 oprjochte as CBS All Access en krige yn 2021 syn hjoeddeistige namme.

Ynhald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ynhald fan Paramount+ komt foar it meastepart ut 'e funskatalogussen fan 'e tillefyzjestudio's CBS Media Ventures (de CBS Studios ynbegrepen) en Paramount Media Networks (foarh. Viacom Media Networks en ViacomCBS Domestic Media Networks), en ut dy fan filmstudio Paramount Pictures . Der wurdt ek orizjinele ynhald foar de streamingtsjinst produsearre, sawol tillefyzjesearjes as films . Fierders kinne beskate sporteveneminten live streamd wurde, en yn 'e Feriene Steaten jildt itselde foar pleatslike tillefyzjestjoerders dy't liearre binne oan it lanlike tillefyzjenetwurk CBS .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Paramount+ waard op 28 oktober 2014 yn 'e Feriene Steaten oprjochte under de namme CBS All Access. Yn 't earstoan wie it bedriuw benammen rjochte op it live streamen fan CBS -programmearring fan pleatslike tillefyzjestjoerders en it on-demand streamen fan materiaal ut 'e funskatalogus fan it tillefyzjenetwurk. Fan 2016 of begun de tsjinst syn ynhald ut te wreidzjen mei orizjinele searjes (d.w.s. searjes dy't noch net op 'e tillefyzje west hiene), lykas it njoggentjinde seizoen fan 'e Amerikaanske ferzje fan it realityprogramma Big Brother , mar ek nije dramasearjes , lykas The Good Fight en Star Trek: Discovery . Om dyselde snuorje hinne begun CBS All Access ek om utens troch te kringen, yn Kanada en Austraalje . Yn it leste lan waard gearwurke mei it koartby troch CBS oankochte tillefyzjenetwurk Network 10 , en kaam de streamingtsjinst sadwaande 10 All Access te hjitten.

Yn novimber 2019 fusearre CBS wer mei Viacom ta ViacomCBS (no Paramount Global ). Yn 2020 waarden plannen oankundige om ynhald ofkomstich fan Viacom Media Networks (no Paramount Media Networks ), lykas Comedy Central , MTV en Nickelodeon , en fan filmstudio Paramount Pictures te yntegrearjen yn CBS All Access. Ek waard it doel steld om dy streamingtsjinst uteinlik wraldwiid beskikber te meitsjen mei in grut oandiel foar orizjinele programmearring. Yn septimber 2020 waard buorkundich makke dat CBS All Access yn it ramt fan al dy feroarings omneamd wurde soe ta Paramount+, nei de filmstudio. Dy omneaming krige syn beslach op 4 maart 2021 .

Beskikberens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan is Paramount+ (fia SkyShowtime ) beskikber sunt 25 oktober 2022 .

Anno 2023 is Paramount+ as unofhinklike streamingtsjinst beskiber yn Austraalje , Dutslan , Eastenryk , it Feriene Keninkryk , de Feriene Steaten (mei utsundering fan Porto Riko ), Frankryk , Ierlan , Itaalje , Kanada , Switserlan en hiel Latynsk-Amearika . Fia oare oanbieders is Paramount+ ek beskikber yn Algerije , de Arabyske Golfsteaten , Egypte , Estlan , Yndia , Irak , Jemen , it Karibysk Gebiet (utsein Kuba ), Letlan , Litouwen , Marokko , Mauretaanje , Nij-Seelan , Sud-Korea en Tsjaad . Yn wer oare gebieten is Paramount+ beskikber fia SkyShowtime , in joint venture fan Paramount Global mei Comcast , sadat der ek put wurde kin ut 'e funskatalogussen fan 'e Sky Studios en fan NBCUniversal . SkyShowtime is beskikber yn Albaanje , Andorra , Bosnje , Bulgarije , Denemark , Finlan , Hongarije , Kosovo , Kroaasje , Montenegro , Nederlan , Noard-Masedoanje , Noarwegen , Poalen , Portegal , Roemeenje , Servje , Sloveenje , Slowakije , Spanje , Sweden en Tsjechje .

It is de bedoeling dat Paramount+ yn 2023 ek beskikber komme sil yn Hongkong , Israel , Taiwan , Turkije , Sudeast-Aazje en beskate lannen yn Afrika der't it no noch net is.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .