한국   대만   중국   일본 
Nederlanske koloanjes en hannelsposten - Wikipedy Springe nei ynhald

Nederlanske koloanjes en hannelsposten

Ut Wikipedy
Koloanjen en hannelsposten dy't ea yn Nederlanske west hawwe

Dizze list fan Nederlanske koloanjen befettet gebieten dy't ea yn hannen west hawwe fan Nederlanske hannelsmaatskippijen sa as de Feriene Eastyndyske Kompanjy (VOC) en de Westyndyske Kompanjy (WIC), en ek koloanjen fan it Keninkryk fan de Nederlannen .

Noard-Amearika (WIC) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Noard-Amearika

Nij-Nederlan ( Latyn : Nova Belgica of Novum Belgium ), is de namme fan it eardere Nederlansk gebiet tusken de 38 en 45 graden fan de eastkust fan de Feriene Steaten fan no, sunt 1614 . Der leit no New York , eartydsk Nij-Amsterdam neamd, en stifte yn 1625 . De provinsje Nij-Nederaan waard stifte yn 1624 en opeaske as it gebiet tusken de 38e en 42e breedtegraad. By de Frede fan Westminster (1674) op 10 novimber 1674 waard it gebiet lykwols foar altyd oerdroegen oan de Ingelsen dy't it New York neamden nei de Hartoch fan York .

Midden-Amearika (WIC) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Anguilla

Yn de rin fan de tiid hawwe de eilannen ferskate kearen yn hannen west fan oare Jeropeeske mogendheden en hawwe se - yn wikseljende gearstallingen - ferskillende bestjoersfoarmen kend. Oan dy koloniale status kaam in ein doe't op 15 desimber 1954 it Statut foar it Keninkryk fan de Nederlannen nei acht jier underhanneljen undertekene waard troch Nederlan , Suriname en de Nederlanske Antillen.

* Honduras :

Sud-Amearika (WIC) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sud-Amearika
Suriname

De earste kolonisaasje barde sunt 1650 troch de Britten. Yn de Twadde Ingelske Oarloch waard Suriname yn 1667 troch Abraham Crijnssen ferovere op de Ingelsen. By de Frede fan Breda seagen de Nederlanners ynearsten of fan it weromjaan fan de troch de Britten ynnomde Nederlanske koloanje Nij-Nederlan ; op harren beurt easken de Ingelsen net fuortendaliks dat Suriname untromme wurde soe. Yn 1975 waard Suriname unofhinklik.

Guyana

Guyana is in feite underdiel fan in grutter gebiet dat Guiana neamd waard - nei it pleatslik Yndiaansk foar "lan fan in protte wetters". It Guyana fan no, bestie yn de 17e iuw en 18e ie ut de trije Nederlanske koloanjen Essequibo, Demerara en Berbice . Nei de napoleontyske krigen waarden dy koloanjen by it Kongres fan Wenen yn 1815 offisjeel oerdroegen oan it Feriene Keninkryk . Dy trije koloanjen waarden yn 1831 gearfoege ta Britsk Guyana . Guyana waard soms as ien koloanje mei Nederlansk Suriname sjoen en in skoftke as Fransk-Guyana, dat ek troch de Nederlanners ferovere waard.

Afrika (WIC) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Afrika

Senegambia [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Senegal
    • Portudal
    • Rufisque
    • Joal
    • Goree /eilan Goeree (1617-1663 / 1664-1677)

Goudkust [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

(De kust wie besiedde mei Nederlanske hannelsposten)

  • Gana : Nederlanske forten
    • Fort Amsterdam (Gana) (under Cormantin) (1665 - 1721 / 1785 - 1867 troch ferdrach mei Ingelan)
    • Fort Apollonia (16.-1768 / 1868-1872) (Kaap Apollonia (Benyin))
    • Fort Batenstein (under Butri)(1656 - 1665 / 166..-1872)
    • Cape Coast Castle
    • Cabo Corco of Oguaa (Sweedske namme: Carolusborg of Carlsborg) (16 april 1659- maaie 1659/ 22 apr. 1663 - 3 maaie 1664
    • Fort Conraadsburg, Fort de Veer (1810/1811), **Fort Naglas (1828), Fort Java (1828), Fort Scomarus (1828), Fort **Batenstein (1828). (28/9 augustus 1637 - 6 april 1872)
    • Fort Crevecoeur (Ussher Town ( Akkra )) (1649-1782/ 1786-1868)
    • Fort Elise Carthago (1650)
    • Fort Goede Hoop, (1667 of 1705/06 fort - 1782/1785 - 1867/68)
    • Fort Hollandia 1725 fort - 1814/1815 oerjun/1687* - 1698/1711 - 1712/1732 - 1804 oerjun
    • Fort by Kpone: (1697 - Apr. 1700 / 1706 - ?)
    • Fort Leydsaamneyd (of Patience, under Apam) (1697/1698 - 1782/ 1785-1868)
    • Fort Metaal Kruis, under Dixcove (1868 - 1872)
    • Fort Nassau , under Mouri (16240 (1598 of 1611 / 12 - 1664/1665 - 1782/1785 - 1867 troch ferdrach mei Ingelan)
    • Fort Oranje , under Sekondi(1640 of 1670/75 - 1872)
    • Fort Ruychaver (Jul./Aug. 1654 - 1659)
    • Fort Santo Antonio de Axim (feb. 1642 - 1664 / 1665 - 1872)
    • Fort Elmina (haadplak)
    • San Sebastian, under Shama (1637 - 1664 / 1664 - 1872)
    • Fort Singelenburgh, under Keta (? - 1737)
    • Fort Vredenburgh, under Komenda (1688 fort - 1782 / 1785 - 1872)
    • Fort Witsenn, under Takoradi
    • Sekondi (1782 - 1785)
    • Fort Komenda (1868 - 1872)
    • Cong (Cong-hichte): - 1659 oerjun
    • Anomabu (1640-1652)
    • Egya:(1647 - ? / 1663 - 1664)
    • Kumase (1837-1842 / 1848-1853 / 1859-1869)
    • Petit Popo of Popo / (Anecho of Aneho) (1731 - 1760)
Slavekust

Slavekust [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Togo :
    • Lyts-Popo (1731-1760)
  • Benyn :
    • Grut Popo (1680 - ?)
    • Ouidah (1670er jierren of 1687 / 1702 - 1724 of 1726)
    • Jaquim of Jakri (Godomey) Fort Zelandia (1726 - 1734)
    • Offra (1675 - 1691)
    • Appa of Ardra (1732 - 1736)
    • Save (1660-?.)
    • Allada (1660-?.)
  • Nigeria :
    • Benyn (1705 - 1736)
    • Badagri (1737 - 1748)
    • Epe (1732 - 1755)
Sint Helena
Loango-Angola kust

Loango-Angola kust [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Het Kongogebiet:
    • Loango (Boary) (1648 oant en mei 1686 en fan 1721 oant en mei 1726)
    • Ngoyo or G'oy
  • Angoala :
    • Sao Paulo de Luanda ( Luanda )
    • Fort Aardenburgh (26 aug. 1641- 21/24 aug. 1648) nei Portugal
    • Sao Felipe de Benguela : (sept. 1641- 1648) nei Portugal
    • Pinda of Mpinda (Soyo):(1648) nei Portugal
    • Ensandeira eilan
    • Fort Mols, Cambamba (1643-1648)
    • Malemba (Malembo) (1641-1648)
    • Cabinda (1641-1648)

Afrika (VOC) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 6 april 1652 stifte Jan fan Riebeeck fanwege de VOC in ferfarskingsstasjon by Kaap de Goede Hope . VOC-skippen underweis nei Nederlansk-Ynje koene der farsk wetter, griente en fruit ynslaan.

It fersterke stasjon groeide rillegau ut ta in Nederlanske koloanje, hoewol't de VOC it kolonisearjen fan gebieten fernean hie.

Yn Kaapsted en omkriten dogge in protte gebouwen en plaknammen oan dy tiid tinken. Yn 1806 komt de Kaapkoloanje yn Britske hannen. ( Transvaal en de Oranje Frijsteat binne letter troch de Voortrekkers, Afrikaners , Boer(s)en (neisieten fan Nederlanske kolonisten) stifte.)

Aazje (VOC) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Aazje

Midden-Easten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sud Aazje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Suratte 1616 oant en mei 1795

Europeeske posten yn Ynje (1501-1739).

Malabar : (Sudwestkust fan Ynje)

Kust fan Koromandel : (Easkust fan Ynje)

Maldiven

De Portugezen besetten it yn de 16e iuw , de Nederlanners yn 1656 . 1796 waard it ferovere troch de Britten , dy't der yn 1802 in kroankoloanje fan makken. Neiteam fan underdanen fan dy koloniale grutmachten wenje der noch en wurde Burgher neamd.

Nederlansk Seylon.
  • Banglades (de Bengalen) :
    • Pipely (1635-..)
    • Hougli/Chinsura (fanof 1635)
    • Baleshwar(Bellasoor), (fanof 1676)
    • Murshidabad
    • Dhaka
  • Birma :
    • Mrohaung, no Arakan (1625-1665)
    • Siriangh (1635-1679)
    • Ava (1635-1679)
    • Martaban (1660)
    • Pegu
    • Martavaan
    • Arakan
    • Baungdwet
  • Tailan ( Siam ):
    • Ayutthaya (1613 - 1767)
    • Patani (Pattani) (1602 - 1623)
    • Singora (Songkhla) (1607 - 1623)
    • Ligor (Ligoor- Nakhon Si Thammarat) (?-1756)
    • Oedjang Salang (Phuket)
    • Bangkok, Pakhus Amsterdam
Malakka en Singapore.
  • Maleizje :
    • Malakka (Maleisysk skiereilan)
    • (gebieten fan Borneo, der wie gjin sekuer bepaalde grins tusken it Maleizje en Yndoneezje fan no.)
  • Singapore

Nederlansk-Ynje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nederlansk-Ynje wie in Nederlanske koloanje dat it gebiet omfieme wat no Yndoneezje is. De Nederlanske besittingen stamme fan de VOC , dy't under oaren op Java en yn de Molukken in oantal eilannen, steden en gebieten besiet. Nei de opheffing fan de VOC yn 1798 giene dy besittingen oer op de doetiidske Bataafske Republyk . Nei 1800 waarden de gebieten offisjeel Nederlansk-Ynje. Dy namme waard lykwols yn de dokuminten fan de VOC ut de jierren 1620 - 1622 al tsjin as Nederlandsch-India .

Nederlansk Nij-Guinea (no: Papoea , provinsje fan Yndoneezje) wie fan 1949 oant 1962 in oerseesk gebietsdiel fan Nederlan. Foar dy tiid wie it in diel fan Nederlansk-Ynje ; by it oerdragen fan de soevereiniteit oan Yndoneezje hold Nederlan Nij-Guinea. It Nederlansk belied yn Nij Guinea waard bot bepaald troch de ferhalding mei Yndoneezje. Oan de iene kant woe men Nij Guinea bruke om ynfloed yn de regio te halden; oan de oare kant woe men Nij-Guinea ta untjouwing bringe en de Papoea -befolking emansipearje en sadwaande bwize dat Nederlan as koloniale mogenheid net faald hie.

East-Azie [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Sina :
    • Kanton
    • Xiamen
    • Hainan
    • Macau
Formosa

Oseaanje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oseaanje
  • Austraalje (Nij-Hollan) (gjin kolonisaasje) (untdekt yn 1606)

Yn Oseaanje wienen gjin wichtige koloanjes. Tasmaanje, Austraalje, Nij-Seelan en oare eilannen binne wol troch Nederlanners untdutsen en besocht.

Europa [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Europa