Java (eilan)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Java )
Java

Java is in eilan yn de Republyk Yndoneezje . It eilan is 132.000 km² grut en hat mear as 114 miljoen ynwenners. Dermei is it meast tichtbefolke eilan fan Yndoneezje mei trochstrings 864 minsken de fjouwerkante kilometer.

De haadsted en tagelyk residinsje fan it lan, Jakarta , leit oan de noard-westkust fan Java. Jakarta mei de foarsteden wurdt meastentiids de Jabotabek neamd, in gearfoeging fan Jakarta - Bogor - Tangerang - Bekasi. Yn dy stedekloft wenje ungefear 20 miljoen minsken. De sted Jakarta sels hat in ynwennertal fan 10 miljoen.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Java is part fan de 6000 kilometer lange Soendaboge , in eilanrige dy't fan de Andamanen of oant de Molukken rint.

Sumatra leit noardwestlike fan it eilan, en Baly leit eastlik derfan. Yn it noard-noardeasten leit Borneo , noardeastlik Selebes . Yn it suden lizze Krysteilan en de Kokoseilannen dy't by Austraalje hearre. Oan de noardkant fan Java leit de Javasee , oan de sudkant de Yndyske Oseaan .

Bestjoerlike yndieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Java bestiet ut fjouwer provinsjes :

Fierders is er in spesjaal gebiet; Jogjakarta (dat de status fan provinsje hat) en in spesjaal haadsteedlik gebiet; Jakarta , dat allyksa de status fan provinsje hat. Der bestean plannen foar de oprjochting fan noch twa nije provinsjes; Sirebon en Surakarta .

Talen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Taalkundige kaart fan Java

Op Java wurde in oantal talen sprutsen, Javaansk , Maleisysk , Soendaneesk , Madoereesk en Balysk (sjoch kaart), troch respektivelik Javanen , Orang Betawy , Soendanezen , Madoerezen en Balinezen .

Nijsgjirrich op Java [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]