Kanaryske Eilannen

Ut Wikipedy
Kanaryske Eilannen
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadsted (de eilannegroep hat gjin haadsted)
Oerflakte 7.447
Befolking 1.968.280
Befolkingstichtens 264,30
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes Las Palmas en Santa Cruz
Kaart fan de Kanaryske Eilannen
De fulkaan Teide op Teneryf is de heechste berch fan Spanje
De berch Hacha Grande yn it suden fan Lanzarote
Panoramysk utsicht oer Gran Canaria

De Kanaryske Eilannen ( Spaansk : Las Islas Canarias ) binne in kloft eilannen yn de Atlantyske Oseaan , dy by Spanje hearre, mar foar de kust fan de Westlike Sahara en Marokko lizze.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne san grutte eilannen, alde fulkanen dy't ut it wetter fan de Atlantyske Oseaan stekke:

De eilannen binne opdield yn twa provinsjes. De eastlike eilannen foarmje de Provinsje fan Las Palmas , mei as haadsted Las Palmas op Gran Kanaria. De westlike eilannen foarmje de Provinsje fan Santa Cruz fan Teneryf , mei Santa Cruz as haadsted.

De eilannen binne polityk en ekonomysk part fan Spanje, mar geologysk binne se part fan Afrika . De koarste ofstan tusken de eilannen en de feste wal is 108 km. It foar in part subtropyske klimaat makket de eilannen in populer fakansjeplak foar likernoch tsien miljoen minsken jiers.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Griken hienen ferhalen oer de Loksillige Eilannen fier yn it westen, mar it is net wis of dat de Kanaryske Eilannen wienen. De namme Kanaryske eilannen komt fan de Romeinen , mar de oarsprong derfan is ek net wis. Ien ferklearring is dat in ekspedysje fan Juba fan Mauritaanje 40 f.Kr. op de eilannen gjin minsken fun, mar allinnich in lytse ruine en op ien eilan wylde hunen. ( Canis is Latyn foar hun .) In oare utlis is dat oan de Atlantyske kust fan Noard-Afrika in folk wenne dat de Romeinen Canarii neamden, om't de minsken fan dat folk harren iten dielden mei harren hunen.

Der binne tige alde ruines op de eilannen, dy't skynber gjin ferban halde mei de Guanches . Hoenear't de Guanches op de eilannen kaam binne is ek net wis, mar nei alle gedachten binne se fan Berbersk komof, en dan soenen se ut it noardwesten fan Afrika komme. Harren kultuer hie gjin oanwiisbere Arabyske ynfloeden, dat de Guanches soenen nei de eilannen kaam weze moatte eart de Arabieren Noard-Afrika ynnamen.

Yn 999 untdutsen de Arabieren de eilannen, en in de 14e iuw dienen de Jeropeanen itselde. Yn 1385 begun it oernimmen fan de eilannen troch Kastylje , mei it untromjen fan hiel Lanzarote. De earste festiging fan op de eilannen wie yn 1402 , mar om't Spanje kolonisaasje net organisearre, en troch it ferset fan guon fan de Guanges, duorre it oant 1495 eart alle eilannen ynnaam wienen.

Foar safier de Guanches net dea wienen, of as slaaf weifierd waarden, rekken se fermingd mei de nije Spaanske ynwenners, oant der net langer in aparte Guanche-befolking op de eilannen wie. De eilannen waarden ta it leste oanlisplak foar Spaanske skippen dy't nij de Nije Wrald gongen. De mooglikheden lutsen keaplju oan, en de eilannen waarden ryk. Mar de eilannen waarden ek ta doelwyt fan bygelyks de Ingelske float.

Mei't de ferhaldings tusken koloanjes en memmelannen feroaren, feroare ek de posysje fan de eilannen. Yn de 18e en 19e iuw feroare de woltier fan de eilannen mei ynhoefier't de Spaanske wetten de hannel fan de eilannen beheinden. Yn it begjin fan de 20e iuw wie der in protte emigraasje nei Kuba en letter nei Fenezuela , mar yn de twadde helte fand e 20e iuw waarden de wetten liberaler, en waard it toerisme hieltyd wichtiger foar de eilannen.

Kultuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De befolking fan de Kanaryske eilannen is bot hechte oan har djip ynfretten tradysjes en keunstniverheid. De ambachten omfetsje borduerwurk, keramyk, kantklossen, houtsnijwurk ensafuorthinne. Alle eilannen hawwe in eigen spesjaliteit, sa stiet La Gomera bekend om syn flochten kuorren en is Tenerife it sintrum foar tradisjonele potten yn Guanche-styl. Op El Hierro wurde weven tapiten makke en tassen en yn de sted Ingenio op Gran Canaria binne borduerwurk fan de eilannen te finen. Dizze ambachten komme fuort ut ynfloeden fan ferskillende kultueren, der't Guanche-untwerpen it meast autintyk fan binne. Dizze binne neimakke fan archeologyske fynsten en wurde tradisjoneel utfierd. It giet derby fral om ierdewurk ynspirearre troch de Moarske Azulejos styl.

Ek karnaval spilet in grutte rol op de Kanaryske eilannen. It karnafal yn Santa Cruz op Tenerife wurdt wol fergelike mei it karnaval spektakel fan Rio de Janeiro en New Orleans . It wurdt alle jierren halden de 10-14 dagen foar Jiskewoansdei .

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De bananen dy't op sawat alle eilannen boud wurdt, is in wichtich eksportprodukt nei it heitelan Spanje.

 
autonome mienskippen fan Spanje
Flagge fan Spanje
Andalusje ? Aragon ? Astuerje ? Balearen ? Baskelan ? Ekstremadoera ? Falinsia ? Galysje ? Kanaryske Eilannen ? Kantaabrje ? Kastylje en Leon ? Kastylje-La Mansja ? Kataloanje ? Madrid ? Moersia ? Navarra ? La Riocha
 
autonome steden fan Spanje
Ceuta ? Melilla
 
Jeropeeske Uny
Flagge fan de Jeropeeske Uny
Lidsteaten : Belgje ? Bulgarije ? Denemark ? Dutslan ? Eastenryk ? Estlan ? Finlan ? Frankryk ? Grikelan ? Hongarije ? Ierlan ? Itaalje ? Kroaasje ? Letlan ? Litouwen ? Luksemboarch ? Malta ? Nederlan ? Poalen ? Portegal ? Roemeenje ? Syprus ? Sloveenje ? Slowakije ? Spanje ? Sweden ? Tsjechje
Ultraperifeare regio's : Frankryk: Fransk-Guyana ? Guadelup ? Majot ? Martinyk ? Reunion ? Sint-Marten
Portegal: Azoaren ? Madeara ? Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten : Albaanje ? Bosnje ? Georgje ? Moldaavje ? Montenegro ? Noard-Masedoanje ? Oekraine ? Servje ? Turkije