Jon Bernthal
(folut:
Jonathan Edward Bernthal
;
Washington, D.C.
,
20 septimber
1976
) is in
Amerikaansk
toaniel
-,
tillefyzje
- en
filmakteur
, dy't syn
karriere
yn 'e
1990-er jierren
uteinsette mei lytse
roltsjes
yn
toanielstikken
. Fan
2002
of wied er ek op 'e
tillefyzje
en it
wite doek
te sjen. Bernthal briek yn
2010
troch mei syn rol as Shane Walsh yn 'e
sombysearje
The Walking Dead
. Neitiid spile er yn
films
as
The Wolf of Wall Street
,
Fury
,
Sicario
,
The Accountant
,
Wind River
en
Widows
. Yn
2015
waard Bernthal
cast
yn 'e rol fan 'e
superheld
The Punisher, dy't er spile yn 'e tillefyzjesearjes
Daredevil
en
The Punisher
.
Bernthal waard yn
1976
berne
yn 'e
Amerikaanske
haadsted
Washington, D.C.
, as de
soan
fan Eric Lawrence "Rick" Bernthal, in
abbekaat
en
foarsitter
fan
The Humane Society of the United States
(de Amerikaanske bistebeskerming), en dy syn
frou
Joan Lurie Marx. Hy is sawol fan
heite
- as fan
memmekant
fan
etnysk
Joadsk
komof
. Syn
pake
oan heitekant wie
musikus
en
heechlearaar
Murray Bernthal
. Jon Bernthal hat twa
bruorren
, Nicholas, in
ortopedist
en heechlearaar oan 'e
Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles
(UCLA), en Thomas, in
tillefyzjeprodusint
dy't foarhinne foar it
nijsprogramma
fan 'e
stjoerder
NBC
wurke.
Adam Schlesinger
,
lietsjeskriuwer
en
basgitarist
fan 'e
band
Fountains of Wayne
, is in
folle neef
fan Bernthal.
Jon Bernthal
groeide op
yn it plak
Cabin John
, yn
Marylan
, in
foarsted
fan Washington, D.C. Hy folge der
middelber underwiis
oan 'e Sidwell Friends School, der't er nei eigen sizzen bekend stie as unreststoker. Nei't er yn
1995
foar syn
eineksamens
slagge wie, learde Bernthal troch oan it
Skidmore Kolleezje
yn
Saratoga Springs
, yn 'e steat
New York
. Syn
oplieding
dere makke er lykwols net of. Op advys fan Alma Becker, syn
dosinte
aktearjen
op Skidmore, skreau Bernthal him ynstee yn oan it
Teater foar de Keunsten
yn 'e
Russyske
haadsted
Moskou
. Under syn ferbliuw yn Ruslan spile er profesjoneel
honkbal
. Yn Ruslan waard Bernthal untdutsen troch de utfierend
direkteur
fan it
Ynstitut foar Foardere Teatertraining
fan 'e
Universiteit fan Harvard
. Dy helle him werom nei de Feriene Steaten, der't er in nije oplieding begun oan it
Amerikaansk Rippertwaarteater
yn
Cambridge
yn
Massachusetts
. Bernthal studearre der of yn
2002
, wernei't er nei
New York-Sted
ferfear
om in
karriere
op te bouwen.
Bernthal hie syn earste beteljende
roltsje
as
akteur
yn
1994
yn it
toanielstik
Scenes from the New World
. Neitiid fertolke er rollen yn ferskate toanielstikken, werunder dy fan
Moliere
yn
Cher Moliere
(
1999
), dy fan Sancho Panza yn
Man of La Mancha
(
2000
), en dy fan Lodovico yn
Shakespeare
syn
Otello
(
2001
). Nei
2002
soed er noch yn mear as tritich oare toanielstikken spylje, sawol ferspraat troch de Feriene Steaten ("regionaal", yn it Amerikaanske teater
jargon
) as
off-Broadway
.
Nei't er him yn
2002
yn
New York
festige hie, makke Bernthal datselde jiers noch syn
debut
op it
wite doek
mei in lyts roltsje yn
Mary/Mary
. Syn oare iere filmrollen, yn
Tony n' Tina's Wedding
(
2004
) en
Revenge of the Middle-Aged Woman
(
2004
), hiene ek net folle om 'e hakken. Yn deselde tiid wie Bernthal ek yn in stikmannich
gastrollen
yn
tillefyzjesearjes
te sjen, te begjinnen mei in
oflevering
ut
2002
fan 'e
plysjesearje
Law & Order: Criminal Intent
. Ek spile er yn ofleverings fan u.m. de plysjesearjes
Without a Trace
,
CSI: Miami
en
Law & Order: Special Victims Unit
, it
rjochtbankdrama
Boston Legal
en de
komeedzjesearje
How I Met Your Mother
.
Bernthal
ferfear
yn
2006
nei
Los Angeles
. Der bemachtige er syn earste
feste rol
yn in tillefyzjesearje, nammentlik dy fan Duncan Carmello yn 'e rige
The Class
, dy't lykwols yn
2007
stopset waard. In oare feste rol hie Bernthal fan
2009
oant
2010
as Raymond Gardener yn 'e searje
Eastwick
. Ek spile er yn deselde snuorje yn in gastrol yn 'e searjes
Numb3rs
en
The Pacific
. Fierders wied er te sjen yn films as
World Trade Center
(
2006
) fan
regisseur
Oliver Stone
,
Day Zero
(
2007
), en as
maffiabaas
Al Capone
yn 'e
komeedzjefilm
Night at the Museum: Battle of the Smithsonian
(
2009
).
De trochbraak kaam foar Bernthal yn
2010
, doe't er
cast
waard yn 'e rol fan Shane Walsh, yn 'e
sombysearje
The Walking Dead
, dy't basearre wie op 'e
striprige
mei
deselde namme
. Hy fertolke dy rol oant er de searje yn
2012
ferliet, hoewol't er yn
2018
nochris weromkearde. Bernthal waard foar de rol fan Shane Walsh nominearre foar in
Scream Award
yn 'e kategory 'trochbraakoptreden fan in akteur'. Neitiid hied er in
gastrol
yn
Harry's Law
en wied er as
stimakteur
belutsen by de produksje fan twa ofleverings fan 'e animaasjesearje
Robot Chicken
. Yn
2013
hie Bernthal de
haadrol
fan Joe Teague yn
Mob City
, in plysjesearje oer in
resjersjeur
yn it
korrupte
Los Angeles
fan 'e
1940-er jierren
, mar dy rige waard nei ien
seizoen
al stopsetten.
Op it wite doek wie Bernthal yn
2010
te sjen yn 'e
skriller
The Ghost Writer
, fan regisseur
Roman Polanski
. Yn
2011
hie Bernthal in rol yn 'e toaniel
premiere
fan 'e
swarte komeedzje
Small Engine Repair
, der't er fan alle kanten lof foar taswaaid krige en ek foar nominearre waard foar in
Ovation Award
. Doe't it toanielstik nei de premiere fierder gie yn it
off-Broadway
MCC Theater
yn New York, moast Bernthal fanwegen filmferplichtings ferstek gean litte, en waard er ferfongen troch
James Badge Dale
. Bernthal spile neitiid yn 'e films
Rampart
(
2011
), mei
Woody Harrelson
, it
misdiedrame
Snitch
(
2013
), mei
Dwayne Johnson
(The Rock) en
Susan Sarandon
, en de
sportkomeedzje
Grudge Match
(
2013
), mei
Robert De Niro
,
Sylvester Stallone
en
Kim Basinger
. Ek yn
2013
wie Bernthal yn 'e rol fan Brad Bodnick te sjen yn 'e mannichfald bekroande film
The Wolf of Wall Street
, fan regisseur
Martin Scorsese
, mei
Leonardo DiCaprio
,
Margot Robbie
en
Matthew McConaughey
. Hy en de rest fan 'e akteurs waarden nominearre foar ferskate
prizen
yn 'e kategory beste cast.
Yn
2014
spile Bernthal de
Suderling
Grady "Coon-Ass" Travis yn
Fury
, in
oarlochsfilm
oer in Amerikaanske
tankbemanning
yn 'e
Twadde Wraldoarloch
, mei
Brad Pitt
en
Shia Labeouf
. Dat jiers wurke Bernthal as
stimakteur
ek mei oan it
fideospultsje
Call of Duty: Advanced Warfare
. Yn
2015
wied er te sjen yn it
aksjedrama
Sicario
, fan regisseur
Denis Villeneuve
, nei in
senario
fan
Taylor Sheridan
. Dy film waard troch de
filmkritisy
loovjend untfongen en wun ferskate prizen. Fierders spile Bernthal dat jiers ek yn
We Are Your Friends
en
Me and Earl and the Dying Girl
, in film dy't de sjuerypriis foar beste
dramafilm
wun op it
Sundance Filmfestival
.
Op 'e tillefyzje wie Bernthal yn
2015
te sjen yn 'e
minysearje
Show Me a Hero
, as
NAACP
-
abbekaat
Michael H. Sussman. Yn
2015
waard er cast yn 'e rol fan 'e
superheld
Frank Castle oftewol The Punisher yn
seizoen
2 fan 'e
Netflix
-rige
Daredevil
. De kritisy wiene tige loovjend oer syn werjefte fan 'e rol. Fan
2017
oant en mei
2019
spile Bernthal sadwaande de haadrol yn syn eigen
spin-offsearje
, mei de
titel
The Punisher
. Foar dy rol waard er twaris (yn
2018
en
2019
) nominearre foar in
Saturn Award
. Fierders hie Bernthal yn
2018
en
2019
ek in gastrol yn 'e
websearje
Unbreakable Kimmy Schmidt
.
Underwilens wie Bernthal yn
2016
op it wite doek te sjen yn 'e skriller
The Accountant
, mei
Ben Affleck
en
John Lithgow
. Yn
2017
hied er in
byrol
as de
fermoarde
freon
fan in
ferkrefte
en fermoarde jonge
Yndiaanske
frou
(spile troch
Kelsey Chow
) yn 'e
neo-western
Wind River
, regissearre troch
Taylor Sheridan
. Datselde jiers spile Bernthal ek yn 'e
misdiekomeedzje
Baby Driver
en it
finzenisdrama
Shot Caller
. Deropta wied er dat jiers te sjen as in
dofstomme man
yn 'e
aksjeskriller
Pilgrimage
, dy't spilet yn it
trettjinde-iuwske
Ierlan
. Om't Bernthal in
metoade-akteur
is dy't op 'e
filmset
ek buten de opnamen om it leafst
in character
bliuwt, resultearre dat deryn dat er de earste pear wiken fan it
opnameproses
net mei de
cast
en
crew
prate woe. It smiet lykwols in aktearprestaasje op der't de filmkritisy allinne mar lof foar hiene.
Yn 'e film
Sweet Virginia
, ek ut
2017
, spile Bernthal in hiel oare rol, fan in seftmoedige
moteleigner
dy't oanhelle is mei de
sykte fan Parkinson
, mar op 'e nij krige er foar syn aktearjen fan alle kanten lof taswaaid. Hy hie ek yn 'e
biografyske film
First Man
spylje sillen, mar dat moast er ofsizze doe't syn
dochter
yn it
sikehus
rekke. Yn
2018
wied er te sjen yn 'e
heistfilm
Widows
, fan
Steve McQueen
. Fierders spile Bernthal yn
2019
mei yn 'e
unofhinklike
aventoerefilm
The Peanut Butter Falcon
en hied er de rol fan
autofabrikant
Lee Iacocca
yn 'e film
Ford v Ferrari
. Fierders liende er dat jiers syn
stim
oan en spile er mei
motion capturetechnyk
de rol fan
majoar
Cole D. Walker yn 'e
fideospultsjes
Tom Clancy's Ghost Recon Wildlands
en
Tom Clancy's Ghost Recon Breakpoint
. De film
The Many Saints of Newark
, in
prequelfilm
fan 'e
misdiesearje
The Sopranos
, weryn't Bernthal de rol fan Johnny Soprano spilet, is ein
2019
yn 'e
postproduksjefaze
en sil yn 'e rin fan
2020
utkomme.
Bernthal
troude
op
25 septimber
2010
yn
Potomac
, yn 'e Amerikaanske steat
Marylan
, mei Erin Angle, in
polyklinysk
ferpleechkundige
spesjalisearre yn 'e behanneling fan slimme
ferwunings
. Hja is de
omkesizzer
fan
showwrakselder
Kurt Angle
. Alma Becker, Bernthal syn alde akteardosinte, wie dejinge dy't him en syn frou troude. De Bernthals wenje (anno
2018
) yn it
Kalifornyske
Ojai
. Se hawwe trije
bern
: Henry (
2011
), Billy (
2013
) en Adeline (
2015
).
Yn 'e mande mei syn
broer
Nicholas fiert Bernthal it behear oer de
non-profitorganisaasje
Drops Fill Buckets, der't se
goede doelen
mei understypje. Fierders set er him o sa yn foar de akseptaasje fan
pitbullterriers
en is er
wurdfierder
foar de Animal Farm Foundation, in
organisaasje
dy't sokke
hunen
redt en de gelikense behanneling fan pitbullterriers oanfiterje wol. Bernthal hat sels trije pitbullterriers, dy't him gauris beselskipje nei de
filmset
. Twa fan syn hunen, Boss en Venice, hiene lytse roltsjes yn 'e film
Rampart
, ut
2012
.
Filmografy
as akteur
|
jier
|
titel
|
rol
of
funksje
|
opmerkings
|
tillefyzje
|
2002
|
Law & Order: Criminal Intent
|
Lane Ruddock
|
gastrol
; ofl.
Malignant
|
2004
|
Without a Trace
|
Alex Genya
|
gastrol; ofl.
Bait
|
2004
|
Dr. Vegas
|
Greg
|
gastrol; ofl.
Dead Man, Live Bet
|
2004
|
Boston Legal
|
Michael Shea
|
gastrol; ofl.
Questionable Characters
|
2005
|
Jonny Zero
|
Brett Parish
|
gastrol; ofl.
I Did It All for the Nooky
|
2005
|
CSI: Miami
|
Harry Klugman
|
weromkearende rol
; 2 ofl.
|
2005
|
Law & Order: Special Victims Unit
|
Sherm Hempell
|
gastrol; ofl.
Goliath
|
2005
|
How I Met Your Mother
|
Carlos
|
gastrol; ofl.
Purple Giraffe
|
2006?2007
|
The Class
|
Duncan Carmello
|
feste rol
; 19 ofl.
|
2009?2010
|
Eastwick
|
Raymond Gardener
|
feste rol; 12 ofl.
|
2010
|
Numb3rs
|
Mike Nash
|
gastrol; ofl.
Growin' Up
|
2010
|
The Pacific
|
Manuel Rodriguez
|
gastrol; 2 ofl.
|
2010?2012 & 2018
|
The Walking Dead
|
Shane Walsh
|
feste rol; 20 ofl.
nom.
Scream Award
foar beste manlike trochbraakoptreden
|
2012
|
Harry's Law
|
Lucas Trassino
|
gastrol; ofl.
The Whole Truth
|
2012
|
Robot Chicken
|
Hawkeye
|
as
stimakteur
; gastrol; 1 ofl.
|
2013
|
Mob City
|
resjersjeur
Joe Teague
|
weromkearende rol; 6 ofl.
|
2015
|
Show Me a Hero
|
Michael H. Sussman
|
weromkearende rol; 4 ofl.
|
2015 & 2018
|
SuperMansion
|
Rat-A-Pult
|
as stimakteur; weromkearende rol; 4 ofl.
|
2016
|
Daredevil
|
Punisher
(Frank Castle)
|
weromkearende rol; 12 ofl.
|
2017
|
Robot Chicken
|
Shane Walsh
|
as stimakteur; gastrol; 1 ofl.
|
2017?2019
|
The Punisher
|
Punisher (Frank Castle)
|
haadrol
; 26 ofl.
nom.
Saturn Award
foar beste akteur op 'e
tillefyzje
nom.
Saturn Award
foar beste akteur yn
streaming media
|
2018?2019
|
Unbreakable Kimmy Schmidt
|
Ilan
|
weromkearende rol; 2 ofl.
|
20??
|
We Own This City
|
Wayne Jenkins
|
feste rol
|
films
|
2002
|
Mary/Mary
|
Manny
|
|
2004
|
Tony n' Tina's Wedding
|
Dominic Fabrizzi
|
|
2004
|
Revenge of the Middle-Aged Woman
|
man yn
kantoar
|
|
2006
|
World Trade Center
|
Christopher Amoroso
|
|
2007
|
The Air I Breathe
|
ynterviewer
|
|
2007
|
Day Zero
|
James Dixon
|
|
2008
|
Bar Starz
|
Donnie Pitron
|
|
2008
|
A Line in the Sand
|
Banzai
|
|
2009
|
Night at the Museum: Battle of the Smithsonian
|
Al Capone
|
|
2010
|
The Ghost Writer
|
Rick Ricardelli
|
|
2010
|
Date Night
|
jongeman
|
|
2011
|
Rampart
|
Dan Morone
|
|
2013
|
Snitch
|
Daniel James
|
|
2013
|
Grudge Match
|
B.J. Rose
|
|
2013
|
The Wolf of Wall Street
|
Brad Bodnick
|
nom.
Critics' Choice Movie Award
foar beste
cast
|
2014
|
Fury
|
soldaat
Grady "Coon-Ass" Travis
|
|
2015
|
Me and Earl and the Dying Girl
|
McCarthy
|
|
2015
|
Sicario
|
Ted
|
|
2015
|
We Are Your Friends
|
Paige Morrell
|
|
2016
|
Justice League vs. Teen Titans
|
Trigon
|
as
stimakteur
|
2016
|
The Accountant
|
Braxton Wolff
|
|
2016
|
The Escape
|
Holt
|
koarte film
|
2017
|
Wind River
|
Matt Rayburn
|
|
2017
|
Baby Driver
|
Griff
|
|
2017
|
Sweet Virginia
|
Sam
|
|
2017
|
Pilgrimage
|
de
Dofstomme
|
|
2017
|
Shot Caller
|
Frank
|
|
2018
|
Widows
|
Florek Gunner
|
|
2019
|
The Peanut Butter Falcon
|
Mark
|
|
2019
|
Ford v Ferrari
|
Lee Iacocca
|
|
2020
|
Viena and the Fantomes
|
Monroe
|
|
2021
|
Those Who Wish Me Dead
|
sheriff
Ethan Sawyer
|
|
2021
|
The Many Saints of Newark
|
Johnny Soprano
|
|
2021
|
King Richard
|
Rick Macci
|
|
20??
|
Sharp Stick
|
?
|
ek
utfierend produsint
|
20??
|
Small Engine Repair
|
Terrance Swaino
|
ek
filmprodusint
|
fideospultsjes
|
2003
|
Manhunt
|
Cerberus
|
neimakke likenis
|
2014
|
Call of Duty: Advanced Warfare
|
korporaal
Jim Decker
|
as
stimakteur
; spylber personaazje yn modus
Exo Zombies
|
2017
|
Tom Clancy's Ghost Recon Wildlands
|
majoar
Cole D. Walker
|
as stimakteur; ek
motion-capture
|
2019
|
Tom Clancy's Ghost Recon Breakpoint
|
luitenant-kolonel
Cole D. Walker
|
as stimakteur; ek motion-capture
|