Jesse Jackson

Ut Wikipedy
Jesse Jackson
politikus
echte namme Jesse Louis Jackson sr.
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 8 oktober 1941
berteplak Greenville ( Sud-Karolina )
etnisiteit Afro-Amerikaansk
partij Demokratyske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 2000
Skaadsenator fan it Distrikt Kolumbia
amtsperioade 1991 ? 1997
foargonger nimmen (amt bestie net)
opfolger Paul Strauss

Jesse Jackson (folut: Jesse Louis Jackson sr. ; Greenville ( Sud-Karolina ), 8 oktober 1941 ), is in Amerikaansk boargerrjochte-aktivist , baptistysk predikant , politikus , publisist en presintator fan Afro-Amerikaansk etnysk komof. Hy is benammen bekend wurden as ien fan 'e meast promininte wurdfierders en foaroanlju fan de Afro-Amerikaanske mienskip yn de Feriene Steaten . Yn it ferlingde derfan stelde er him yn 1984 en 1988 kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip. Letter wied er fan 1991 oant 1997 skaadsenator foar it Distrikt Kolumbia . Fan 1992 oant 2000 hied er fierders in eigen praatprogramma op CNN .

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jackson waard yn 1941 berne yn Greenville , yn de steat Sud-Karolina , as Jesse Louis Burns . Hy wie de soan fan Helen Burns, in 16-jierrige learlinge op de middelbere skoalle , en har 33-jierrige troude buorman Noah Louis Robinson, in earder profesjoneel bokser en wurknimmer by in tekstylhannel . In jier nei syn berte troude syn mem mei Charles Henry Jackson, in underhaldsman op it postkantoar , dy't him as soan oannaam, sadat er de efternamme Jackson krige. Jackson hold lykwols ek kontakt mei Robinson, en beskoge beide manlju as syn heit.

Yn syn jonkheid waard Jackson in protte narre troch leeftydsgenoaten, om't er in oerwinneling wie. Letter seid er dat dy underfining him motivearre hie om te slagjen yn it libben. Jackson groeide op yn it Suden fan 'e Feriene Steaten , der't yn syn jonkheid noch in strikte rasseskieding gou. Nei't er yn 1959 syn middelbere-skoaldiploma helle hie, learde er fierder oan 'e Universiteit fan Illinois te Urbana-Champaign , mar nei twa semesters liet er him oerpleatse nei de Agraryske en Technyske Steatsuniversiteit fan Noard-Karolina (ornaris ofkoarte ta A&T), in swarte universiteit yn Greensboro . Neffens eigen sizzen wie de reden derfoar dat er yn Illinoais net yn 'e posysje fan quarterback spylje koe yn it Amerikaansk footballtiim fan de universiteit, mar oaren hawwe suggerearre dat Jackson yn Illinois bleatstie oan diskriminaasje en te krijen hie mei in kultuerskok doe't er him foar it earst yn syn libben oan 'e blanke kultuer oanpasse moast.

Jackson (mei afrokapsel) by in demonstraasje yn 1975 .

Under syn studzje oan A&T wie Jackson quarterback yn it universiteitstiim, en teffens waard er keazen ta foarsitter fan de studinterie. It wie yn dy tiid dat er foar it earste belutsen rekke by de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging , fia protestaksjes tsjin rasseskieding yn iepenbiere biblioteken en yn teaters en restaurants . Yn 1964 studearre er of mei in bachelorstitel yn sosjology , wernei't er mei in studzjebeurs fierder learde oan it Teologysk Seminaarje fan Chicago . Yn 1966 briek er syn studzje der of (hoewol't er noch mar foar trije kolleezjes hoegde te slagjen om syn masterstitel te heljen), om't er him folslein talizze woe op 'e boargerrjochtestriid. Yn 1968 waard er ta predikant wijd en yn 2000 waard him syn masterstitel dochs noch ferliend, op grun fan 'e kolleezjes der't er al foar slagge wie mei deropta syn libbensunderfining en alle lettere wurk.

Boargerrjochte-aktivisme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 1964 of waard Jackson in nau meiwurker fan de grutte swarte boargerrjochte-aktivist Martin Luther King . Yn 1965 died er mei oan 'e Mars fan Selma nei Montgomery , yn it sudlike Alabama . King, dy't under de yndruk wie fan Jackson syn organisatoarysk talint, joech him in rol yn 'e Sudlike Kristlike Liederskipskonferinsje (SCLC), in organisaasje dy't in protte fan 'e boargerrochteprotesten beavensearre. Sa krige Jackson yn 1965 de opdracht om in SCLC-kantoar yn Chicago te iepenjen, en yn 1967 waard er promovearre ta nasjonaal direkteur fan Operation Breadbasket ("Operaasje Bolekoer"), de ekonomyske ofdieling fan 'e SCLC. Yn dy funksje lei er him ta op it organisearjen fan algemiene boykots troch swarten en har blanke meistanners fan bedriuwen dy't yn it Suden de rasseskieding hantearren, wylst er de lju ynstee nei bedriuwen ta besocht te stjoeren dy't yn eigendom wiene fan 'e swarte undernimmers.

Doe't Martin Luther King op 4 april 1968 op it balkon fan 'e earste ferdjipping fan in motel yn Memfis delsketten waard, befun Jackson him op it parkearplak fan dat motel. Hy fertelde de gearstreamde parse letter dat er de leste persoan wie dy't noch mei King praat hie en dat de man yn syn earms stoarn wie, mar dat ferhaal waard troch ferskate oare assistinten fan King untstriden. Nei de moard naam Jackson de organisaasje fan 'e Earmeljuskrustocht yn 'e Amerikaanske haadsted Washington, D.C. op him, mar al rillegau kaam er yn botsing mei Ralph Abernathy , dy't King opfolge wie as foarsitter fan 'e SCLC. Hja wiene it op ferskillende punten uniens. Sa pleite Jackson foar in fermoedsoening mei de blanken en it ferskowen fan in grut diel fan 'e politike aginda fan 'e Boargerrjochtebeweging fan in rassestriid nei in klassestriid , wylst Abernathy in folle militantere posysje ynnaam.

Jesse Jackson yn 1983 .

Yn it foarjier fan 1971 oardere Abernathy Jackson om it nasjonaal haadkantoar fan Operation Breadbasket te ferpleatsen fan Chicago nei Atlanta , mei as doel om dan in oar yn Jackson syn posysje fan direkteur te beneamen. Jackson wegere lykwols, en organisearre ynstee yn it neijier fan 1971 yn Chicago it saneamde Black Expo , in fiif dagen duorjende fakbeurs der't swarte sakelju ut 40 Amerikaanske steaten gearkamen om underling nije konneksjes te lizzen. Yn desimber rekken Jackson en Abernathy iepentlik deilis doe't Abernathy Jackson beskuldige fan ungerjochtichheden by de finansjes fan it Black Expo en him doe skorste as direkteur fan Operation Breadbasket . Jackson, de hiele stef fan Operation Breadbasket en 30 fan 'e 35 leden fan it bestjoer fan 'e SCLC stapten doe ut protest op en rjochten har eigen organisaasje op, People United to Save Humanity , oftewol Operation PUSH .

Fan it begjin of oan besocht Jackson Operation PUSH in mear politike lading te jaan as de alde SCLC. Ynstee fan sels alles dwaan te wollen, besocht er om blanke politisy sasear under druk te setten dat dy ree waarden om har foar de Afro-Amerikanen en oare earmen yn te setten. Yn 1984 rjochte Jackson de Rainbow Coalition op, in koepelorganisaasje der't Operation PUSH en ferskate lyksinnige organisaasjes yn gearwurken. Datselde jiers joech er syn posysje fan foarsitter fan Operation PUSH op om yn 'e polityk te gean.

Politike karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 3 novimber 1983 stelde Jackson him as lid fan de Demokratyske Partij yn alle fyftich Amerikaanske steaten ferkiesber foar it amt fan presidint fan 'e Feriene Steaten, wermei't er de twadde Afro-Amerikaan ut 'e Amerikaanske skiednis wie dy't dat die, nei Shirley Chisholm . Hy hie gjin realistyske mooglikheid om 'e Demokratyske foarferkiezings te winnen, mar inkeld al troch it synjaal of te jaan dat in swarte man de ambysje hawwe koe en wurdt presidint, wie syn kampanje in sukses. Jackson krige 18,1% fan 'e Demokratyske kiezers efter him, en moast dermei Walter Mondale en Gary Hart foargean litte. Fjouwer jier letter, yn 1988 , wie Jackson op 'e nij fan 'e partij. Dy twadde kears died er it noch better, en in skoft lang liek it as soed er de Demokratyske nominaasje winne. Mar uteinlik bleau er op 29,1% fan 'e stimmen stykjen, en moast er it oflizze tsjin Michael Dukakis , dy't 42,5% helle.

It nasjonale haadkertier fan 'e Rainbow Coalition , yn Chicago .

Yn beide ferkiezings hie Jackson in programma dat foar Amerikaanske begripen tige "liberaal" (yn Amearika bedoelt men dermei: links) wie. Sa woed er de utjeften oan Definsje mei 15% tebekbringe; in universeel syktekostefersekeringsstelsel ynfiere; de belestingkoarting fan de superriken weromdraaie om mei it ekstra belestingjild projekten foar de earmen te bekostjen; in amendemint oan 'e Amerikaanske Grunwet tafoegje weryn't festlein waard dat froulju rjocht hiene op in gelikense behanneling as manlju; en de saneamde Oarloch tsjin Drugs omdraaie sadat net de drugsferslaafden oanpakt waarden, mar de bankiers dy't oan it wytwaskjen fan drugsjild fertsjinnen. Op butenlansk med woed er underhannelings begjinne mei de Sovjet-Uny , om in ein te meitsjen oan 'e Kalde Oarloch ; in algemiene boykot tsjin Sud-Afrika ynstelle oant dat lan de apartheid ofskafte; en de foarming fan in Palestynske steat stypje.

Fral dat leste punt brocht Jackson yn oanfarring mei de machtige Israelyske lobby yn 'e Feriene Steaten. Dat makke er noch minder troch ferskate denigrearjende utlittings te dwaan oer joaden . Sa neamde er New York ris Hymietown ( hymie is in Amerikaansk-Ingelsk skelwurd foar "joad"), doe't er miende mei in sjoernalist frijut prate te kinnen om't it petear off the record wie (wat it mei sjoernalisten nea is). Ek seid er ris dat er "kotsmislik wie om altyd en ivich oer de Holokaust te hearren," en dat der "frijwol gjin Joadske sjoernalisten binne dy't by steat binne om objektyf nei Arabyske saken te sjen."

Jackson mei de Kanadeeske skriuwster Maude Barlow .

Yn 1991 stelde Jackson him ferkiesber foar it doe krekt kreearre amt fan " skaadsenator " foar it Distrikt Kolumbia . Mei't it federale distrikt yn it Amerikaanske Kongres net fertsjintwurdige is, wie dy (unbetelle) post benammen bedoeld om te lobbyen foar mear foech of sels de status fan Amerikaanske steat foar it distrikt. Jackson ferfolle dy funksje oant 1997 , doe't er him net wer ferkiesber stelde. Yn dyselde snuorje hie Jackson fan 1992 oant 2000 in eigen praatprogramma , Both Sides with Jesse Jackson , op 'e nijsstjoerder CNN .

Ynternasjonale belutsenens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Meitiid bejoech Jackson him ek wat langer wat mear op it ynternasjonale toaniel. Sa reizge er yn 1983 nei de Syryske haadsted Damaskus , der't er nei in dramatyske oprop oan diktator Hafez Al-Assad de Amerikaanske piloat Robert Goodman frijkrige, dy't yn Syrje finzen holden waard nei't er boppe Libanon delsketten wie by in Amerikaansk bombardemint fan Syryske militere posysjes yn dat lan. It jiers derop underhannele Jackson mei sukses mei Fidel Castro om 22 Amerikanen frij te krijen dy't op Kuba festholden waarden.

Yn 1991 gied er nei Bagdad om der by Saddam Hussein op oan te stean en lit de butenlanske gizelders frij dy't der festsieten en as minsklik skyld brukt waarden oan 'e foarjun fan de Earste Golfoarloch . En yn maaie 1999 sette Jackson nei de Joegoslavyske haadsted Belgrado ta om der by presidint Slobodan Milo?evi? te pleitsjen foar it frijlitten fan trije Amerikaanske soldaten dy't troch de Joegoslaven kriichfinzen makke wiene under de Kosovo-oarloch . Hoewol't er net ut namme fan 'e regearing- Clinton spriek en folslein op eigen manneboet hannele, rede er it ek diskear op en bring de soldaten thus.

Jackson by in anty-oarlochsdemon-straasje yn 2007 .

Lettere jierren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de iuwwiksel wie Jackson u.m. belutsen by de protesten tsjin 'e ynfaazje fan Irak , yn 2003 , en brocht er yn 2005 in besyk oan de Fenezolaanske presidint Hugo Chavez , doe't yn de Feriene Steaten troch tillefyzjedumny Pat Robertson oproppen waard om dyselde ut 'e wei te romjen. By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2004 hold Jackson him op 'e flakte, mar nei ofrin fan de ferkiezings levere er skerpe krityk op 'e unregelmjittichheden dy't har fral yn 'e steat Ohio foardien hiene, der't guon Afro-Amerikaanske kiezers bgl. mear as seis oeren yn 'e rein stien hiene te wachtsjen oant se har stim utbringe koene.

Yn maart 2006 stie Jackson in jonge Afro-Amerikaanske frou by dy't uthold dat se troch trije blanke leden fan it manljus lacrossetiim fan 'e Duke Universiteit fan Noard-Karolina ferkrefte wie, mar de rjochtsaak tsjin 'e sporters waard neitiid fanwegen gebrek oan bewiis ununtfanklik ferklearre. Letter dat jier wie it Jackson, as fertsjintwurdiger fan 'e swarte minderheid yn 'e Feriene Steaten, oan wa't de blanke akteur Michael Richards syn ekskuzes oanbea nei't er it wurd nigger brukt hie en dermei de hiele Afro-Amerikaanske mienskip tsjin him yn it harnas jage hie. Yn juny 2007 waard Jackson arrestearre by in protestaksje dy't er organisearre hie by in wapenhannel yn Riverdale , in earme foarsted fan Chicago , om't de utbater fan de winkel mienens en wittens fjoerwapens oan bindeleden ferkocht hawwe soe, en dertroch neffens Jackson yndirekt ferantwurdlik wie foar in weach fan dea en ferdjer yn de pleatslike mienskip.

Jackson yn 2009 .

By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008 spriek Jackson syn stipe ut foar Barack Obama , mar de beide mannen hawwe in drege relaasje, mei't Jackson neitiid ferskate kearen skerpe krityk op 'e presidint utoefene hat om't dy "docht as wied er blank." Jackson syn unfrede oer Obama gie safier dat er yn de simmer fan 2008 oan in meistanner tafertroude: "Ik wol him de kloaten ofsnije. " Doe't dat flustere petear opfongen waard troch in iepensteande mikrofoan wiene de poppen oan it dunsjen, en wie Jackson twongen om untskuldigings te meitsjen. Njonken gelikense rjochten foar Afro-Amerikanen en oare etnyske groepen hat Jackson him ek altyd ynset foar frouljusrjochten en homorjochten . Sunt 2005 hat er ferskate kearen de striid fan homo's foar it rjocht om te trouwen ferlike mei de striid foar de ofskaffing fan 'e slavernij en it rjocht om ynterrasiale houliken te sluten.

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jackson troude op 31 desimber 1962 mei Jacqueline Lavinia Brown ( 1944 ), en krige mei har fiif bern: Santita ( 1963 ), Jesse jr. ( 1965 ), Jonathan Luther ( 1966 ), Yusef DuBois ( 1970 ) en Jacqueline Lavinia ( 1975 ). Santita is in sjongster en polityk kommentatrise, Jesse jr. is in politikus en ald-lid fan it Amerikaanske Hus fan Offurdigen , en Jonathan is in bekend aktivist. Jackson is in frijmitselder by de grutlozje fan Illinois , en waard yn 1987 ferheft ta "mastermitselder". Yn augustus 2000 waard oan him troch Bill Clinton de Presidinsjele Frijheidsmedalje utrikt, de heechste Amerikaanske underskieding foar boargers. Yn 2001 kaam oan it ljocht dat Jackson in affere han hie mei Karin Stanford, in meiwurkster fan Rainbow Coalition , en dat ut dy relaasje yn 1999 in dochter berne wie, Ashley Laverne.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Bibliography , op dizze side .