한국   대만   중국   일본 
Gladiator (film ut 2000) - Wikipedy Springe nei ynhald

Gladiator (film ut 2000)

Ut Wikipedy
Gladiator
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Ridley Scott
produsint Douglas Wick
David Franzoni
Branko Lustig
senario David Franzoni
John Logan
William Nicholson
kamerarezjy John Mathieson
muzyk Hans Zimmer
Lisa Gerrard
filmstudio Scott Free Productions
Red Wagon Entertainment
distribusje DreamWorks Pictures ( Fer. St. )
Universal Pictures (ynternasj.)
spilers
haadrollen Russell Crowe
Joaquin Phoenix
Connie Nielsen
byrollen Oliver Reed
Derek Jacobi
Djimon Hounsou
Richard Harris
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
Feriene Keninkryk
premiere 1 maaie 2000
foarm langspylfilm
sjenre sandalefilm
taal Ingelsk
spyltiid 155 minuten
budget en resultaten
budget $103 miljoen
opbringst $457,6 miljoen
prizen 5 × Oscar
Golden Globe
4 × BAFTA

Gladiator is in Amerikaansk - Britske sandalefilm ut 2000 under rezjy fan Ridley Scott , mei yn 'e haadrollen Russell Crowe , Joaquin Phoenix en Connie Nielsen . It ferhaal giet oer Maksimus Desimus Meridius, in Romeinsk generaal waans wiif en bern fermoarde wurde op befel fan keizer Kommodus . Maksimus moast ek fermoarde wurde, mar hy untkomt, wurdt ta slaaf makke en untjout him yn 'e arena ta in tige populer gladiator . Hy hat lykwols mar ien doel, en dat is wraak nimmen op Kommodus. Gladiator krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen ut ta de op ien nei meast opbringende film fan 2000 . De film wun fiif Oscars en twa Golden Globes , werunder de Oscar foar Beste Film en de Golden Globe foar Beste Film ? Drama . De karriere fan regisseur Ridley Scott waard troch Gladiator nij libben ynblaasd, wylst haadrolspiler Russell Crowe der syn reputaasje as akteur mei festige.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it jier 180 is de Romeinske generaal Maksimus Desimus Meridius fan doel om nei hus werom te kearen yn 'e Romeinske provinsje Hispanje , nei't er syn troepen nei de oerwinning op 'e Germanen laat hat by Vindabona , oan 'e noardgrins fan it ryk . Ear't dat syn beslach krije kin, ropt keizer Markus Aurelius him lykwols by him yn it legerkamp en fertelt him dat syn soan , Kommodus , ungeskikt is om nei him te regearjen . Ynstee wol er dat Maksimus him opfolget as regint , om Rome te reden fan 'e korrupsje , it keizerskip of te skaffen en de republyk wer yn te fieren . As Kommodus dat heart, fermoardet er syn heit troch him te ferstikken , foar't de keizer syn plannen bekendmeitsje kinnen hat.

Neitiid ropt Kommodus himsels ut ta de nije keizer en freget Maksimus om syn trou . De generaal wegeret lykwols, en wurdt derop finzennommen troch de Pretoriaanske Garde . Hy freget om genede foar syn frou en jonge soan , mar wurdt ferteld dat er harren wersjen sil yn it hjirneimels . Fjouwer Pretorianen nimme him mei nei in ofhandich plak yn 'e bosk , der't se him op befel fan Kommodus om hals bringe wolle. Maksimus wit lykwols ynstee de fjouwer mannen te deadzjen en te untsnappen, hoewol't er derby in djippe wune oan it skouder oprint. Mei de hynders fan 'e Pretorianen hastiget er him dwers troch it Romeinske Ryk nei hus yn Hispanje om wiif en bern te reden, mar troch bloedferlies en koartsigens ferswakke, arrivearret er te let en treft by syn filla by Trujillo de krusige en libben ferbrande stoflike omskotten fan syn frou en soan oan.

Neitiid rekket Maksimus troch de ynfeksje dy't er oan it skouder oprun hat, alhiel ut 'e tiid . As er wer bykomt, docht bliken dat er finzennommen is troch in slavekeapman . Hy wurdt fersoarge om him der wer boppe-op te helpen, mar inkeld sadat de slavekeapman oan him fertsjinje kin troch him te ferkeapjen. Maksimus bedarret yn 'e sted Zukkabar , der't er kocht wurdt troch in Proksimo, de eigner fan in gladiatorskoalle . Yn 't earstoan wegeret Maksimus as gladiator te fjochtsjen. Nei't er lykwols mei in keatling oan 'e Numidyske slaaf Djuba festklonken is, deselde dy't him fersoarge hat doe't er heal dea wie, wurdt er wol twongen om te fjochtsjen, om't in wegering betsjutte soe dat net inkeld hysels, mar ek Djuba troch harren tsjinstanners deade wurdt. Yn 'e gladiatorskoalle slut Maksimus freonskip mei Djuba en mei Hagen, in Germaan . Troch syn underfinings op it slachfjild binne de gefjochten yn 'e arena mar bernespul foar Maksimus, en troch syn suksessen wint er it respekt fan 'e oare gladiators en de bewundering fan it publyk .

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Proksimo, dy't foarhinne sels ek gladiator west hat en yn it Kolosseum yn Rome fochten hat, nimt syn gladiators mei nei Rome as Kommodus der 150 dagen fan feest en spullen organisearret om 'e Romeinske befolking foar syn regear te winnen. Maksimus, dy't hopet op in kans om wraak te nimmen en Kommodus te deadzjen, fynt yn 'e ferhuzing nei Rome in nije reden om te libjen. Mei in gesichtsbedekkende helm op nimt er diel oan in gladiatorgefjocht werby't de histoaryske oerwinning fan 'e Romeinen op 'e Kartagers yn 'e Slach by Sama neispile wurde moat. Maksimus-en-dy wurde yn 'e rol fan 'e Kartagers twongen en it is de bedoeling dat se ofslachte wurde sille. As Maksimus syn 'troepen' unferwachts nei de oerwinning liedt, komt keizer Kommodus fan syn hege sit del nei de arenaflier om him te moetsjen. Dan kin Maksimus net oars as syn identiteit bekend meitsje, en dermei ek syn lust foar wraak. Om't it publyk lykwols logjende entusjast is oer Maksimus, is Kommodus twongen om him libje te litten as er net alle goede wil dy't er mei syn feesten opboud hat, ferspylje wol.

Neitiid wurdt Maksimus yn 'e slavebarakken fan Proksimo opsocht troch prinsesse Lusilla , de suster fan Kommodus. Hja is in widdo mei in jonge soan, dy't lang lyn in relaasje mei Maksimus han hat, en se besiket syn help te winnen foar in gearspanning om har broer of te setten. Maksimus hat der lykwols gjin boadskip oan. Syn folgjende gefjocht is tsjin 'e legindaryske unfersleine (en al jierren pinsjonearre ) gladiator Tigris fan Galje , dy't troch Kommodus weromhelle is nei de arena om mei Maksimus of te weven. De keizer hat beavensearre dat under it twagefjocht in stikmannich tigers op Maksimus loslitten wurde sille, mar Maksimus wit de bisten te untwiken en wint it gefjocht. It publyk raast om 'e dea fan Tigris, en Kommodus oarderet Maksimus mei de tomme omleech om 'e eardere kampioen de genedeklap ta te bringen, mar Maksimus wegeret en rint fuort.

Kommodus soe tocht hawwe dat it publyk him dan wol tsjin Maskimus keare soe, mar neat is minder wier, en de generaal wurdt no priizge as 'Maksimus de Genedige'. Kommodus siket Maksimus jitris op 'e arenaflier op en besiket him mei manipulaasje ta in oanfal op himsels te bringen troch pynlike opmerkings oer syn frou en soan te meitsjen. Mar Maksimus wit dat er, omjun troch leden fan 'e Pretoriaanske Garde, gjin skyn fan kans hat om 'e keizer te deadzjen, en keart Kommodus de rech ta. Hy beseft dat er miskien te hastich west hat troch de foarstellen fan Lusilla of te wizen. As er fan Sisero, syn eardere oppasser ut 'e tiid doe't er noch ofsier wie, fernimt dat syn legioenen him noch altyd trou binne en fuortby Rome yn Ostia legere binne, stjoert er Sisero mei in boadskip nei Lusilla ta. Dyselde besiket Maksimus op 'e nij op, en bringt diskear senator Grachus mei, de lieder fan 'e opposysje tsjin Kommodus yn 'e Romeinske Senaat . Se prate of dat Grachus Maksimus frijkeapje sil, wernei't Maksimus ut Rome untsnappe, nei Ostia ride en syn legioenen ophelje sil om Kommodus of te setten. Dernei sil er de macht oerdrage oan 'e Senaat.

Kommodus, dy't net fan juster is, wit dat der wat geande is. Troch syn omkesizzer Lusius Fearus, de jonge soan fan Lusilla, ut te kloarkjen, bewissiget er him fan syn fermoeden dat Lusilla tsjin him gearspant. Letter kriget er Lusilla, troch Lusius te bedriigjen , safier dat se al har bunsgenoaten ferriedt . Fan no of oan, sa fertelt Kommodus oan syn suster, sil er har soan as gizelder foar har goed gedrach bruke. Ek sille se libje sa't er altyd al wollen hat, as man en frou , sadat se him in opfolger skinke kin dy't fan nommel bloed is. De Pretoriaanske Garde nimt Grachus yn 'e hechten en komt ek by de slavebarakken der't Maksimus en syn maten sliepe . Proksimo wegeret lykwols iepen te dwaan en jout syn slaven ynstee de kaaien fan it koaiwurk der't de barakken mei ofsletten binne. Wylst de oare gladiators it opnimme tsjin 'e binnenbrekkende Pretoriaanske Garde, naait Maksimus ut fia in tunnel dy't tagong jout ta de Romeinske katakomben . By it gefjocht komme Hagen en ferskate oare gladiators om. Proksimo wurdt letter yn syn keamer troch leden fan 'e Pretoriaanske Garde fermoarde. Maksimus berikt it ofsprutsen plak der't Sisero op him wachtet, mar it blykt in falstrik te wezen: Sisero wurdt deade en Maksimus wurdt finzennommen.

Kommodus sjocht no in kans om 'e goedkarring fan it miene folk te winnen troch Maksimus yn in gefjocht yn 'e arena fan it Kolosseum te ferslaan en te deadzjen. Om't er der wol wis fan weze wol dat er winne sil, stekt er de generaal foarof ferriedlik mei in dagge djip yn 'e side , sadat er stadichoan deabliedt . Nettsjinsteande syn fatale ferwunings wit Maksimus de keizer by harren swurdgefjocht lykwols te untwapenjen. Kommodus ropt derop de Pretoriaanske Garde te help, mar de kommandant , generaal Kwintus, wegeret yn te gripen. Derop hellet Kommodus deselde dagge wer foar it ljocht der't er Maksimus earder mei ferwune hat, mar as er syn fijan dermei te liif giet, driuwt Maksimus it wapen by de keizer sels yn 'e kiel en deadet him. Nei't er opdracht jun hat om Grachus en de oerlibjende gladiators fan Proksimo frij te litten en politike herfoarmings troch te fieren, beswykt Maksimus oan 'e wune dy't Kommodus him tabrocht hat. Op Lusilla har fersyk drage de gladiators, Grachus, Kwintus en Lusius Fearus syn stoflik omskot mei eare ut 'e arena wei, mar it lyk fan Kommodus litte se lizze.

Neitiid keart de befrijde Djuba nachts werom nei it Kolosseum om 'e byldsjes fan 'e frou en soan fan Maksimus, dy't underdiel utmakken fan 'e heidenske leauwenspraktyk fan 'e generaal, te begraven op it plak yn 'e arena der't er stoarn is. Hy unthjit Maksimus dat hysels him yn it hjirneimels weromsjen sil, "mar no noch net".

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Russell Crowe .
Joaquin Phoenix .
Connie Nielsen .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise             
generaal Maksimus Desimus Meridius Russell Crowe
keizer Kommodus Joaquin Phoenix
prinsesse Lusilla Connie Nielsen


byrollen
personaazje                                akteur/aktrise
Antonius Proksimo Oliver Reed
senator Grachus Derek Jacobi
Djuba Djimon Hounsou
keizer Markus Aurelius Richard Harris
Hagen Ralf Moller
Sisero Tommy Flanagan
senator Falko David Schofield
senator Gajus John Shrapnel
generaal Kwintus Tomas Arana
prins Lusius Fearus Spencer Treat Clark
Kassius David Hemmings
Tigris fan Galje Sven-Ole Thorsen
slavekeapman Omid Djalili
frou fan Maksimus Giannina Facio
soan fan Maksimus Giorgio Cantarini
feroardiele ofsier Adam Levy

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Regisseur Ridley Scott waard troch it meitsjen fan Gladiator ynspirearre troch it njoggentjinde-iuwske skilderij Pollice Verso ("Mei de Omdraaide Tomme") fan Jean-Leon Gerome . De earste ferzje fan it senario waard skreaun troch David Franzoni , dy't himsels ynspirearje liet troch de roman oer gladiators Those About to Die ut 1958 , fan Daniel P. Mannix . Neitiid waard it skript bewurke troch John Logan en William Nicholson .

De film wie in Amerikaansk - Britske ko-produksje. As produsinten hiene Douglas Wick , Branko Lustig en Franzoni sels de lieding oer it projekt, werfoar't in budget fan $ 103 miljoen beskikber wie. Se wurken yn opdracht fan 'e studio's Scott Free Productions en Red Wagon Entertainment . De kamerarezjy waard dien troch John Mathieson , wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Hans Zimmer en Lisa Gerrard .

Opnamen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnamen funen fan jannewaris oant maaie 1999 plak op lokaasje yn it Bournewald yn it Ingelske greefskip Surrey (trije wiken ), yn Ouarzazate yn Marokko (trije wiken) en yn Fort Ricasoli op Malta (njoggentjin wiken). Yn Surrey waarden de senes yn 'e bosken fan Germaanje filme. Yn Marokko waarden de earste gladiatorgefjochten fan Maksimus opnommen en Malta wie it dekor foar de senes yn it alde Rome , dy't under de postproduksje troch it gebruk fan special effects fierder oanpast waarden. Derfoar waard yn Malta in replika fan likernoch in tredepart fan it Kolosseum neiboud, mei in hichte fan 15,8  m , dy't fierhinne bestie ut gips en tripleks . De bou duorre in moanne en koste nei skatting $1 miljoen. Guon binnendoarsenes waarden opnommen yn 'e Shepperton Studios yn Surrey.

It skilderij Pollice Verso ("Mei de Omdraaide Tomme"), fan Jean-Leon Gerome ut 1872 , ynspirearre Ridley Scott ta it meitsjen fan Gladiator .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Gladiator waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch DreamWorks Pictures en derbuten troch Universal Pictures . De film gie op 1 maaie 2000 yn Los Angeles yn premiere , wernei't er op 5 maaie iepene yn 'e Amerikaanske en op 11 maaie yn 'e Britske bioskopen . Gladiator waard op 21 novimber 2000 foar it earst op dvd utbrocht en yn septimber 2009 foar it earst op blu-ray .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gladiator krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes . CNN neamde de fjildslach tsjin 'e Germanen as ien fan 'e "favorite slachsenes op it wite doek", wylst Marc Bernadin fan it tydskrift Entertainment Weekly Maksimus utrop ta syn "op fiif nei favorite aksjeheld " omreden fan " Crowe syn hurde, op it moed kommende optreden." Yn itselde bled neamde Gary Susman Gladiator syn op twa nei favorite wraakfilm . Yn desimber 2000 waard Gladiator troch de sjoggers fan 'e Britske tillefyzjefilmrubryk Film 2000 utroppen ta de beste film fan it jier (mei 40% fan 'e stimmen), en by in opinypeiling troch de Britske tillefyzjestjoerder Channel 4 , yn 2002 , kaam Gladiator ut 'e bus as de op fiif nei beste film aller tiden.

Net eltsenien wie it dermei iens. De foaroansteande Amerikaanske resinsint Roger Ebert joech Gladiator yn 'e Chicago Sun-Times mar 2 fan 4 stjerren en omskreau it oansjen fan 'e film as "troebel, dizenich en undudlik". Hy hie ek gjin goed wurd oer foar it senario, dat neffens him " depressiviteit brukt as ferfanging foar persoanlikheid, en mient dat as personaazjes mar bitter en somber genoch binne, it us net opfalle sil hoe saai oft se eins wol net binne." Camille Paglia wie it mei him iens en neamde Gladiator "saai, min yn byld brocht en grotfol sentimintele polityk korrekte flauwekul."

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hie Gladiator in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 189 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: " Ridley Scott en in treflike cast bringe mei sukses de yntinsiteit fan 'e Romeinske gladiatorgefjochten oer en teffens de politike yntriizjes dy't under it oerflak broeie." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Gladiator in goedkarringspersintaazje fan 67%, basearre op 46 resinsjes.

Historisiteit [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gladiator is hiel loskes basearre op echte foarfallen ut it Romeinske Ryk yn 'e twadde helte fan 'e twadde iuw . Regisseur Ridley Scott woe de kultuer fan 'e Romeinen sa akkuraat mooglik yn byld bringe, en sette derom ferskate histoarisy yn as adviseurs. Nettsjinsteande dat wykt de film op in hiele rige plakken of fan 'e skiednis . Dy feroarings waarden makke om it ferhaal ynteressant te halden, om 'e plot te skewielen en om praktyske of feilichheidstechnyske redens. Sa makket de Romeinske kavalery yn 'e film gebruk fan stiichbugels , dy't doe noch net utfun wiene. Yn 'e Romeinske Tiid hynsteried men mei in twahoarnich seal sunder stiichbugels, wat folle mear feardichheid en underfining fereaske as it hynsteriden fan hjoed de dei.

Scott fertelde letter yn in fraachpetear dat er guon histoaryske eleminten ut it senario skrast hie, om't dy neffens him foar it hjoeddeistige filmpublyk te unoannimlik west hawwe soene. Bioskoopgongers hawwe harren kennis oer it Romeinske Ryk, neffens him, nammentlik fral fan eardere films. Sa woe in iere ferzje fan it senario de gladiators yn 'e arena reklame meitsje litte foar produkten fan sponsors . Dat wie histoarysk akkuraat, mar Scott ornearre dat it filmpublyk it nea leaud hawwe soe en it beskoge hawwe soe as in anagronisme .

In elemint fan 'e film dat net striek mei de wurklikheid waard foarme troch de unifoarmen fan 'e Romeinske lezjoners , dy't fan likernoch it jier 75 stammen, wylst de film in iuw letter spilet. Ek drage de Germanen yn 'e film klean en wapenrissen ut 'e Stientiid , wylst se doe al yn 'e Izertiid libben. Maksimus dyn freon Djuba, dy't in Numydjer hjit te wezen, wurdt yn 'e film spile troch in negroide akteur; yn it echt wiene de Numydjers Berbers mei blanke , licht tinte Mediterrane hudskleur . Fierders waarden belegeringswapens lykas kattepulen en ballista's yn it echt nea brukt yn in iepen fjildslach , mar inkeld by belegerings . Leden fan 'e Pretoriaanske Garde wurde yn 'e film ofbylde mei poarperne unifoarmen; derfoar is gjin inkele histoaryske grunslach. Se droegen standertunifoarmen mei inkele unike dekorative eleminten. En yn 'e skyline fan Rome , dy't yn 'e film te sjen is, komme beskate gebouwen prominint yn byld dy't yn 180 noch net bestiene, lykas de Basilyk fan Maksentius en Konstantyn , dy't pas foltoge waard yn 312 .

Wat de histoaryske figueren yn 'e film oangiet, moat men Gladiator beslist net as in wier ferhaal oannimme. Keizer Markus Aurelius waard net fermoarde troch syn soan Kommodus , mar stoar yn 180 yn Vindobona (Wenen) oan 'e Antonynske pest , in goarre dy't wierskynlik in epidemy fan 'e pokken of de muzels wie. Der bestiet gjin inkele oanwizing dat Markus Aurelius fan Rome wer in republyk meitsje woe. Ynstee hearske er de leste trije jier tegearre mei Kommodus, dy't nei syn dea allinnich trochregearre.

Yn it begjin fan 'e film besljochtet Markus Aurelius (troch de ynset fan Maksimus) de Markomanne-oarloch yn it foardiel fan it Romeinske Ryk, wylst dy eins noch yn folle gong wie doe't er stoar. Nei syn dea makke Kommodus der in ein oan troch mei de Markomannen en de Kwaden in fredesferdrach te sluten. Markus Aurelius lei ek net it near op 'e gladiatorgefjochten yn Rome (sa't de film hawwe wol), mar inkeld yn Antiochie , as straf foar de stipe fan dy sted oan 'e usurpator Avidius Kassius . Wol ronsele er de gladiators fan Rome foar syn legioenen , wat resultearre yn in tekoart oan gladiators foar de gladiatorgefjochten, in untefreden befolking en in butenkans foar eigners fan gladiatorskoallen (lykas de Proksimo yn 'e film) om mei ununderfune of net bot talintearre gladiators gans jild te fertsjinjen.

It personaazje fan Maksimus is net histoarysk, mar liket eleminten te ferienjen fan ferskate histoaryske figueren:

Hoewol't keizer Kommodus wol deeglik meidie oan gefjochten yn it Kolosseum, kaam er net om yn 'e arena, mar waard er nei in reger fan tolve jier yn syn bad smoard troch de wrakselder Nasissus. Syn suster Lusilla wurdt yn 'e film ofskildere as de widdo fan Lusius Fearus mei ien soan dy't ek fan Lusius Fearus hjit. Yn it echt wie se yndie de widdo fan Lusius Fearus, mar stoar har soan jong, lang foar't Kommodus oan it bewald kaam, en ek hie se ut har houlik mei Lusius Fearus noch twa dochters , Lusilla Plautia en Aurelia Lusilla. Boppedat wie se fuort nei de dea fan earste man wertroud mei Klaudius Pompejanus . Yn 'e mande mei har twadde man en ferskate oaren waard se yn 182 skuldich befun oan in gearspanning tsjin Kommodus, wernei't se ferballe waard nei it eilan Capri . Dere waard se letter datselde jiers op syn befel fermoarde.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gladiator brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 187,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $269,9 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $457,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $103 miljoen betsjut dat in winst fan $357,3 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte.

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2001 waard Gladiator by de Oscars nominearre foar prizen yn tolve kategoryen , werunder beste regisseur ( Ridley Scott ), beste byrol fan in akteur ( Joaquin Phoenix ), beste orizjinele senario ( David Franzoni , John Logan en William Nicholson ), beste kamerarezjy ( John Mathieson ), beste origjinele filmmuzyk ( Hans Zimmer en Lisa Gerrard ), beste filmmontaazje ( Pietro Scalia ) en beste art direction ( Arthur Max en Crispian Sallis ). De film wun de Oscars foar beste film , beste akteur ( Russell Crowe ), beste kostumuntwerp ( Janty Yates ), beste lud ( Bob Beemer , Scott Millian en Ken Weston ) en beste fisuele effekten ( Tim Burke , Neil Corbould , Rob Harvey en John Nelson ).

Fierders waard Gladiator nominearre foar fiif Golden Globes , werunder de prizen foar beste regisseur, beste akteur yn in dramafilm (Crowe) en beste byrol fan in akteur (Phoenix). De film wun de Golden Globes foar beste dramafilm en beste orizjinele filmmuzyk. By de BAFTA's , de wichtichste Britske filmprizen, waard Gladiator nominearre yn fjirtjin kategoryen. Derfan wun er de BAFTA's foar beste film, beste kamerarezjy, beste produksje-untwerp (Arthur Max) en beste special effects. Gladiator waard ek nominearre foar seis Saturn Awards , mar wun net ien.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .