DreamWorks Pictures
, ek bekend as
DreamWorks SKG
,
DreamWorks Studios
of koartwei
DreamWorks
, is in
Amerikaanske
filmstudio
dy't yn
1994
oprjochte waard troch
Steven Spielberg
,
Jeffrey Katzenberg
en
David Geffen
(mei-inoar:
SKG
). Njonken it produsearjen fan films lei de studio him yn it
ferline
ek ta op 'e
distribusje fan films
, sawol fan eigen produkten as fan oare studio's. Yn
2006
ferkochten de oprjochters DreamWorks oan
Viacom
, de
memme-undernimming
fan
Paramount Pictures
, mar yn
2008
beeinigen se de gearwurking mei Paramount, en waard DreamWorks wer in selsstannich bedriuw, dat yn
2009
in oerienkomst sleat mei
Walt Disney Studios Motion Pictures
, dat de
filmdistribusje
oernaam fia
Touchstone Pictures
. Dy oerienkomst run yn
2016
of, en sunt dy tiid is de distribusje fan DreamWorks-films utbestege oan
Universal Pictures
, in studio werfan't DreamWorks ek
kantoarromte
hiert. De earste animaasje-ofdieling fan DreamWorks, dy't no bekend stiet as
DreamWorks Animation
, waard yn
2004
in selsstannich bedriuw, en is no in
dochterundernimming
fan
NBCUniversal
. DreamWorks Pictures brukt it oarspronklike DreamWorks-
logo
, der't DreamWorks Animation de
rjochten
op besit, under
lisinsje
fan Universal.
DreamWorks waard yn
1994
oprjochte nei't
Jeffrey Katzenberg
untslach
nommen hie by
The Walt Disney Company
. Hy kaam doe by
Steven Spielberg
en
David Geffen
mei it plan om in eigen
filmstudio
te foarmjen foar de produksje fan sawol
live-action
- as animaasjefilms. Soks wie yn 'e
filmyndustry
fan
Hollywood
al yn tsientallen jierren net dien en waard beskoge as in riskante undernimming. Spielberg en Geffen stimden mei it foarstel yn op trije betingsten: de nije studio soe minder as njoggen films yn 't jier meitsje, Spielberg en Geffen soene frij weze om foar oare studio's te wurkjen as se dat woene, en de
wurkdagen
soene normale tiden hawwe, sadat eltsenien op 'e tiid foar it
iten
thus wie. De trije mannen rjochten DreamWorks SKG formeel op
12 oktober
1994
op, werby't elts fan 'e trije partners
$
33 miljoen ynlei, en
Microsoft
-oprjochter
Paul Allen
nochris $500 miljoen.
DreamWorks SKG hierde
kantoarromte
yn 'e
Universal Studios
yn
Universal City
(under de reek fan
Los Angeles
), it
haadkertier
fan
Universal Pictures
. Nettsjinsteande it feit dat se der ek gebruk meitsje koene fan 'e
filmsets
en
soundstages
, joegen de
produsinten
fan DreamWorks der oer it algemien de foarkar oan om op lokaasje te wurkjen. De earste
film
fan DreamWorks wie de
aksje
skriller
The Peacemaker
, mei yn 'e
haadrollen
George Clooney
en
Nicole Kidman
.
Yn
desimber
1994
waard de
tillefyzjestudio
DreamWorks Television
(DWTV) oprjochte as
tillefyzjedifyzje
fan DreamWorks, nei't DreamWorks in sanjierrige
joint venture
ter wearde fan $200 miljoen oangien wie mei
tillefyzjenetwurk
ABC
. It earste sukses fan DWTV wie de bekende
komeedzjesearje
Spin City
, mei
Michael J. Fox
(en letter mei
Charlie Sheen
). Doe't it kontrakt mei ABC yn
2002
ofrun, waard it ferfongen troch in soartgelikense oerienkomst mei
NBC
. Yn
2013
gie DreamWorks Television op yn
Amblin Television
.
Yn
1995
joegen in stikmannich
animators
fan
hantekene animaasjefilms
fan
Amblimation
har by DreamWorks, dat tagelyk in diel fan
Pacific Data Images
oernaam, in bedriuw dat him spesjalisearre hie yn 'e produksje fan
fisuele effekten
. Yn 't earstoan waarden der twa aparte ofdielings binnen DreamWorks opset foar dizze nije oanwinsten, mar dy waarden letter gearfoege. Doe't Amblimation yn
1997
opdoekt waard, kaam ek de rest fan 'e stef oer nei
DreamWorks Animation
. De earste lange
tekenfilms
fan DreamWorks Animation wiene
Antz
en
The Prince of Egypt
, beide ut
1998
. Yn
2004
waard DreamWorks Animation organisatoarysk losmakke fan DreamWorks Pictures. It gie oer yn oare hannen en makket anno
2020
diel ut fan
NBCUniversal
.
Yn
1996
waard in eigen
platemaatskippij
fan DreamWorks oprjochte,
DreamWorks Records
. It earste
album
dat der utkaam wie
Older
fan
George Michael
. De platemaatskippij kaam lykwols nea goed fan 'e grun, en waard yn
oktober
2003
ferkocht oan 'e
Universal Music Group
, dy't it neitiid eksploitearre as
DreamWorks Nashville
. Dat label waard lykwols yn
2005
opheft nei't de wichtichste artyst,
countrysjonger
Toby Keith
, derby wei gien wie om in eigen platemaatskippij op te rjochtsjen.
DreamWorks presintearre yn
2000
in plan foar in eigen studiokompleks, kompleet mei
wenten
, in
skoalle
, in
tsjerke
en in
museum
. It projekt soe yn
2001
oplevere wurde moatte, mar waard letter skrast om't it
finansjeel
net utkoe. Yn
1999
,
2000
en
2001
wun DreamWorks trije kear efterinoar de
Oscar foar Beste Film
, foar
American Beauty
,
Gladiator
en
A Beautiful Mind
. Yn
1999
waard ek
Go Fish Pictures
oprjochte, in underdiel fan DreamWorks dat
filmhusfilms
,
unofhinklike films
en butenlanske films produsearre en/of distribuearre. Nei grutte finansjele ofdijers waard dy difyzje yn
2007
opdoekt.
Oant
oktober
2004
wie DreamWorks ek aktyf as
distributeur
fan eigen films en fan produksjes fan oare studio's. Fan
2004
oant
2006
waard de distribusje lykwols oerdroegen oan
Universal Pictures
, en ek neitiid funksjonearre DreamWorks net wer sels as distributeur. Yn 'e earste helte fan 'e
2000-er jierren
kaam DreamWorks twaris tichteby in
fallisemint
. Yn
2003
litte de studio in ferlies fan $125 miljoen oan 'e animaasjefilm
Sinbad: Legend of the Seven Seas
. En yn
2005
flopt de bigbudgetfilm
The Island
yn 'e Amerikaanske
bioskopen
, hoewol't er dat ferlies letter om utens goedmakke.
Yn
desimber
2005
waard der in kontrakt ofsletten, werby't
Viacom
, de
memme-undernimming
fan filmstudio
Paramount Pictures
, foar likernoch $1,6 miljard DreamWorks Pictures oankocht. De studio behold syn eigen namme as underdiel fan Paramount. De keap krige syn beslach op
1 febrewaris
2006
. Op
8 maaie
2006
ferkocht Viacom foar $900 miljoen in mearderheidsbelang yn 'e
funskatalogus
fan DreamWorks oan
Soros Strategic Partners
en
Dune Entertainment
. Op
8 febrewaris
2010
kocht Viacom dat belang fan Soros werom foar $400 miljoen.
Yn
2008
makke DreamWorks bekend dat it fan doel wie om syn partnerskip mei Paramount en Viacom te beeinigjen. Troch in kontrakt ter wearde fan $1,5 miljard foar de produksje fan films mei de
Yndiaaske
Reliance Anil Dhirubhai Ambani Group
slagge it DreamWorks datselde jiers noch om wer in selsstannich bedriuw te wurden. De Viacom-dochterundernimming DreamWorks libbe neitiid fuort under de namme
DW Studios
. Yn
jannewaris
2009
sleat DreamWorks in kontrakt mei Universal dat it mooglik makke om under
lisinsje
it oarspronklike DreamWorks-logo te bruken, dat eigendom is fan Universal-dochter
DreamWorks Animation
. Yn
2009
gie DreamWorks ek in distribusje-oerienkomst oan mei
Walt Disney Studios Motion Pictures
, de filmdistribusje-ofdieling fan
The Walt Disney Company
. Der waard ofsprutsen dat de produksjes fan DreamWorks tenei distribuearre wurde soene fia
Touchstone Pictures
, in
dochterundernimming
fan Disney.
De earste films fan DreamWorks nei it sluten fan 'e oerienkomst mei Disney,
I Am Number Four
,
Cowboys & Aliens
en
Fright Night
, flopten. Dertroch rekke de studio tsjin
2011
al sa yn 'e swierrichheden dat der bykommende
finansiering
fan Reliance socht waard. Reliance pompte yn
april
2012
nochris $200 miljoen yn it needlijende bedriuw, op betingst dat DreamWorks syn produksje werombrocht ta trije films yn 't jier en bykommende finansiers socht foar films mei grutte
budgetten
. Sa waard neitiid
20th Century Fox
as ko-finansier behelle yn 'e produksje fan
Lincoln
en
Bridge of Spies
.
It distribusjekontrakt mei Disney run oant
augustus
2016
. Yn
septimber
2015
makke DreamWorks bekend dat it net ferlinge wurde soe. Yn
desimber
fan dat jier gie DreamWorks mei Reliance,
Entertainment One
,
Participant Media
en Steven Spielberg syn
Amblin Entertainment
in formele partnerskip oan dy't de foarm krige fan filmstudio
Amblin Partners
. DreamWorks waard dertroch eins ien fan 'e labels fan Amblin Partners. Yn
oktober
2016
waard de distribusje fan alle films fan Amblin Partners foar fiif jier oernommen troch
Universal Pictures
. Op
15 febrewaris
2017
naam Universal in minderheidsoandiel yn Amblin Partners, mei as doel om 'e ban tusken de beide bedriuwen fuort te sterkjen.
It opfallende
logo
fan DreamWorks bestiet ut in
jonge
dy't op in
healmoanne
sit te
angelfiskjen
. It idee derfoar kaam fan
Steven Spielberg
en it waard utwurke troch
yllustrator
Robert Hunt
, dy't syn eigen
soan
as
model
brukte. It logo waard neitiid animearre troch
Wes Takahashi
fan
Industrial Light and Magic
(ILM), yn gearwurking mei
Kaleidoscope Films
,
Dave Carson
en
Clint Goldman
. It byhearrende
muzykje
waard spesjaal foar dat doel komponearre troch
John Williams
.
Hjirunder in kar ut 'e films fan DreamWorks Pictures. Foar in folsleine (en byholden) list fan alle produksjes fan dizze studio, sjoch:
dizze side
, op 'e
Ingelske Wikipedy
.
*) wun de
Oscar foar Beste Film
*) wun de
Oscar foar Beste Lange Animaasjefilm