Freed

Ut Wikipedy
Freed yn de Jeropeeske talen

Freed is neffens de Gregoriaanske kalinder de sechste dei fan de wike . De dei is ferneamd nei de Germaanske goadin Frija en folget op de Tongersdei .

Freed is de leste dei foar it wykein yn in soad gebieten mei in fiifdeiske wurkwike.

Betsjutting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dizze dei fan de wike hat foar guon kristenen in minne namme, omdat de krusiging fan Kristus op in freed barde (sjoch: Goedfreed ) . Freed de trettjinde is foar guon in ungeloksdei .

Foar de moslims is freed de wichtichste dei fan oanbidding .

De joadske sjabbat begjint by sinne-undergong op freedtejun, en haldt op by sinne-undergong op sneon .

Ferskaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]