Film

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer film (sinematografy) . Foar oare betsjuttings, sjoch: film (betsjuttingsside) .
It filmke Sallie Gardner at a Gallop , makke yn 1878 troch de Britske filmpionier Eadweard Muybridge , wurdt gauris beskoge as de earste echte film.

In film , ek wol in rolprint of in fideo neamd, is in rige stilsteande bylden, dy't, as se tige fluch efterinoar op in byldskerm sjen litten wurde, de ylluzje fan beweging wekket. Troch de faasje wermei't de bylden inoar opfolgje en de neiwurking fan elts byld op it netflues fan it each , liket it dan wol as foarmje de bylden ien floeiende en trochgeande beweging. Faak is der ek lud by de bylden tafoege, wat dy ylluzje noch fierder fuortsterket. Films binne der yn alle mjitten en foarmen , fan koarte stikjes fan in pear sekonden om ien inkeld barren fest te lizzen, oant ferslaggen fan eveneminten as de Alvestedetocht , dy't wol tolve oeren duorje kinne. Langere films besteane almeast ut trije dielen: de begjintitels , de eigentlike film en de oftiteling of eintitels.

Der besteane ferskate hjoeddeistige en aldere techniken foar it dragen fan sokke bylden ; tsjintwurdich giet it ornaris om in kompjuterbestan . Fertoaning fan films bart bygelyks op in elektroanysk skerm of troch projeksje op lykfol hokker wite eftergrun, it saneamde " wite doek " (in oantsjutting dy't ek wol foar it hiele begryp 'film' brukt wurdt). Oarspronklik wie de fertoaning sa omslachtich dat dy inkeld yn bioskopen plakfun, mar hjoed oan 'e dei kin men films gewoan thus sjen, op 'e tillefyzje , op dvd of fia it ynternet op kompjuter of smartphone . De ynhald fan in film is faak in ferhaal of in oare foarm fan fiksje , mar kin ek non-fiksje weze; yn dat leste gefal wurdt de film in dokumintere neamd. Film wurdt ek as in keunstfoarm beskoge, dy't filmkeunst of sinematografy (faak ferkoarte ta sinema ) hjit.

Etymology en betsjutting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It wurd 'film' ferwiist nei de lange, tinne celluloidstripe der't films yn earder tiden op festlein waarden, itselde materiaal dat ek bekend is fan 'e negativen fan foto's . By films bestie dat ut in rige opinoarfolgjende bylden dy't kilometers lang weze koe (likernoch 1.600  m foar in oere film). De stripe waard oprole oanlevere en by fertoaning foar de filmprojektor lans ofrole en dan daliks wer oprole (derfandinne de beneaming 'rolprint'). It wurd 'film' is ofkomstich fan it Aldingelske filmen ( Midingelsk : filme ), dat " membraan " of " foarhud " betsjutte.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Iere untwikkelings [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De skiednis fan 'e film giet werom nei de midden fan 'e njoggentjinde iuw , doe't de Franske utfiner Andrien Tournachon yn 1858 in trijediminsjonaal selsportret makke dat bestie ut ferskate fotografyske bylden dy't fan him makke wiene troch it fototastel om him hinne draaie te litten, wylst er sels folslein stilstean bleau. Neitiid makke de Ingelsman Eadweard Muybridge yn 1878 wat faak beskoge wurdt as de earste echte film, troch in rige bylden efterinoar te pleatsen dy't er sketten hie mei in stik as wat fototastellen dy't yn lineere rjochting opsteld wiene. Sa slagge it him om yn it filmke dat er de titel Sallie Gardner at a Gallop joech, de bewegings fan in fjouwerjend hynder mei ruter fest te lizzen.

Wat tsjintwurdich ferstien wurdt under de term 'film', kaam lykwols pas yn 1895 ta stan troch it wurk fan 'e Franske bruorren Lumiere . Dy beide mannen untwikkelen nammentlik de sinematograaf , in kamera fan mar 5  kg , dy't bylden festlei op in trochsichtige negatyffilmban. Neitiid koene dy bylden dan yn it tsjuster tsjin in ljochte eftergrun projektearre wurde, sadat se foar in grutter publyk te besjen wiene. Op 22 maart 1895 fertoanden Auguste en Louis Lumiere yn Parys harren earste film, La Sortie de l'usine Lumiere a Lyon . Op 28 desimber fan dat jier lieten se tsjin betelling yn 'e Salon indien du Grand Cafe , ek yn Parys, in rige fan tsien koarte films sjen. Dat wie de earste kommersjele filmfertoaning ut 'e skiednis. Dernei gie de untwikkeling razendfluch. Al yn 1896 waarden yn steden as Londen , New York en Brussel teaters iepene dy't spesjaal bedoeld wiene foar de fertoaning fan films. Dat soarte gelegenheden krige de namme bioskoop . Yn Nederlan waard yn maart 1896 foar it earst in film fertoand. By gebrek oan bioskopen waarden iere films ek faak yn omreizgjende sirkustinten draaid.

Selsportret yn 3D fan Adrien Tournachon , ut 1858 .

De ierste films bestiene ienfaldichwei ut ien statysk shot dat in foarfal of aksje sjen liet sunder dat der lykfol hokker foarm fan montaazje of oare sinematografyske techniken tapast wiene. Omtrint it begjin fan 'e tweintichste iuw begunen filmmakkers ferskate los faninoar opnommen stikjes, dy't senes neamd waarden, as kralen oan in snoer oaninoar te riuwen om sa it ferhaal te fertellen dat se dermei fertelle woene. Noch wer letter waarden ofsunderlike senes ferdield yn ferskate shots, dy't opnommen waarden ut ferskillende gesichtshoeken. Ek oare techniken, lykas it bewegen fan 'e kamera , waarden yn dyselde snuorje untwikkele as effektive manearen om it fertellen fan in ferhaal mei film te understypjen. Dertroch waard it mooglik om langspylfilms te meitsjen, werfan't de earste, de Australyske film The Story of the Kelly Gang , yn 1906 ferskynde. De earste tekenfilm wie Fantasmagorie , ut 1908 , fan 'e Franske filmmakker Emile Cohl . Yn deselde snuorje untjoech him ek de ierste filmkrityk .

It tiidrek fan 'e stomme film [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oarspronklik wie it net mooglik om lud op te nimmen, en de earste 35 jier fan 'e filmskiednis besloech sadwaande it tiidrek fan 'e stomme film , der't net yn praat waard. Dat manko besocht men gauris te underfangen troch hjir en der plaatsjes mei tekst tusken de bylden yn te pleatsen. Fierders kaam it benammen op it utbyldingsfermogen fan 'e akteurs oan. Om it publyk net yn stilte yn it tsjuster sitte te litten mei inkeld it gerattel fan 'e projektor op 'e eftergrun, waard yn 'e bioskoop live- muzyk tafoege troch in spesjaal foar dat doel ynhierde pianist of oargelist . Grutte stedsbioskopen stelden soms sels in hiel orkest op, dat muzyk spile dy't de foarfallen yn 'e film understipe. Tsjin 'e 1920-er jierren waarden de measte films oan bioskopen oanlevere mei byhearrende bledmuzyk . Derut soe letter de hjoeddeistige filmmuzyk fuortkomme.

Yn Jeropa waard de opkomst fan 'e film fersteurd troch de utbraak fan 'e Earste Wraldoarloch yn 1914 , wernei't yn grutte, toanoanjaande lannen as Frankryk , Dutslan , it Feriene Keninkryk , Itaalje , Eastenryk-Hongarije en Ruslan de untwikkeling oant 1919 frijwol stil kaam te lizzen. Yn 'e Feriene Steaten , lykwols, koe de untjouwing sunder underbrekking fuortset wurde, mei as gefolch dat it swiertepunt fan 'e mondiale sinematografy yn dat lan kaam te lizzen. Yn 'e 1910-er jierren rekke de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre yn Hollywood , yn sudlik Kalifornje , dat der fanwegen syn klimaat en (doe noch) goedkeape grun tige gaadlik foar wie. De opkomst fan Hollywood waard karakterisearre troch it ynnovative wurk fan regisseur D.W. Griffith , benammen yn films as The Birth of a Nation ( 1915 ) en Intolerance ( 1916 ). Hoewol't Jeropeeske filmmakkers as Sergej Eisenstein , F.W. Murnau en Fritz Lang , mei it wurk fan Griffith as ynpiraasjeboarne , yn 'e 1920-er jierren harren efterstan gau fuortwurken, kaam de posysje fan Hollywood as filmhaadsted fan 'e wrald nea wer yn gefaar.

Yn 'e 1920-er jierren berikte it tiidrek fan 'e stomme film syn hichtepunt mei akteurs as Buster Keaton , Charlie Chaplin en Laurel en Hardy . Tsjin 'e ein fan dat desennium makke de untwikkeling fan elektroanyske ludsopnametechnology it mooglik om in soundtrack fan spraak , muzyk en ludseffekten , dy't syngroan run mei de fisuele aksje, yn in film te ynkorporearjen. Dat resultearre yn it untstean fan 'e earste ludsfilms , dy't yn 't earstoan noch talkies neamd waarden om harren te underskieden fan 'e stomme films. De nije techniken soargen lykwols foar in revolusje dy't net tsjin te kearen wie, en tsjin 1930 wie de stomme film yn 'e Feriene Steaten frijwol utstoarn. De rest fan 'e wrald kaam in skoftke efteroan, mar ek der ferdwun de stomme film yn 'e earste helte fan 'e 1930-er jierren .

De Bruorren Lumiere , dy't de earste film makken.

De ynfiering fan kleur [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oare grutte technologyske untwikkeling ut dyselde snuorje wie de yntroduksje fan 'e kleurefilm . Earder waarden alle films opnommen yn swart-wyt , wernei't guon op tiidrovjende en djoere wize mei de han ynkleure waarden mei techniken dy't ek nochris gjin 'natuerlike' kleuren opsmieten. De trije-stripsferzje fan Technicolor makke dat lykwols oerstallich en levere ek noch folle moaiere, natuerliker kleuren. Lykwols, hoewol't de stomme film der binnen de koartste kearen under strupt wie nei't de ludsfilm untwikkele waard, duorre it oftankjen fan swart-wytfilms yn it foardiel fan kleurefilms folle langer. De earste kleurefilms wiene in stikmannich koarte tekenfilms ut 1932 . Dernei krong kleur ek troch yn koarte live-actionfilms , en doe yn in pear isolearre senes yn guon langspylfilms . Yn 1935 waard foar it earst in hiele langspylfilm yn kleur makke, Becky Sharp , mar ek dernei noch waarden oant yn 'e 1950-er jierren in soad swart-wytfilms produsearre. De reden derfoar wie dat kleurefilms rottekruddjoer wiene, sadat de filmmakkers der tsjinoan skytskoarren. Wat uteinlik de trochslach joech, wie dat kleurefilms yn 'e bioskopen folle mear publyk loeken as swart-wytfilms.

En der hiene de filmmakkers ferlet fan, want fan 'e iere 1950-er jierren of belune it bioskoopbesyk sterk fanwegen de tanimmende beskikberheid fan (swart-wyt) tillefyzje . Behalven troch mear kleurefilms te leverjen, besochten filmmakkers en bioskooputbaters it publyk ek werom te heljen troch gruttere byldskermen te ynstallearjen en films yn widescreenformat , polarisearre 3D-projeksje en mei stereofoanysk lud te meitsjen. Guon wichtige Hollywoodfilms waarden tsjin 'e midden fan 'e 1960-er jierren noch yn swart-wyt makke, mar dy markearren de wiere ein fan it swart-wyttiidrek. Tsjin dy tiid wie nammentlik ek tillefyzje yn kleur te untfangen, en it Amerikaanske publyk wegere langer noch foar swart-wytfilms te beteljen. Dat twong alle filmstudio's om oer te gean op it meitsjen fan kleurefilms. Sunt wurde inkeld noch films yn swart-wyt makke as der in sinematografyske reden foar is, lykas by Steven Spielberg syn oarlochsdrama Schindler's List it gefal is.

Diversifikaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oarspronklik wiene der acht grutte filmstudio's dy't yn Hollywood de tsjinst utmakken. Dat wiene de Grutte 5: 20th Century Fox , RKO Pictures , Paramount Pictures , Warner Bros. en Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Deropta wiene der de Lytse 3: Columbia Pictures , United Artists en Universal Pictures . United Artists koe trouwens de titel fan 'grutte' filmstudio faak mar kwealk behalde, en operearre yn haadsaak as stiper en distributeur fan films dy't troch unofhinklike filmprodusinten makke wiene. Nei de 1960-er jierren rekke dit saneamde studiostelsel yn it neigean. Mei trochdat filmtechniken minder djoer waarden, kamen der mear kansen foar lytsere studio's en foar makkers fan unofhinklike films . Dertroch untstiene feroarings yn 'e produksje en styl fan 'e films dy't makke waarden. Boppedat untstiene ek buten Hollywood grutte regionale filmyndustryen , lykas Bollywood yn Yndia en Nollywood yn Nigearia . Yn 'e 1990-er en 2000-er jierren waard digitale technology de driuwende kreft efter fierdere fernijings, lykas digitale 3D-projeksje en kompjutertekenfilms .

In opwynbere 16-mm - kamera Bolex H16 . Dit is in kamera dy't faak brukt wurdt troch begjinnende studinten oan in film oplieding .

It meitsjen fan in film [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Materiaal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Behalven in kamera moat men foar it opnimmen fan in film fansels ek in bylddrager hawwe. Derfoar binne ferskate standertmjitten :

  • 70 mm-film of Todd-AO : Fiif perforaasjes oan 'e ranen fan 'e filmstripe per byld. Foarhinne selden brukt, mar tsjintwurdich hieltyd populerder fanwegen de opmars fan IMAX .
  • 35 mm-film : Fjouwer perforaasjes per byld. It measte brukt foar bioskoopfilms. Dit is deselde soarte film dy't ek foar lytsbyldkamera's brukt wurdt.
  • 16 mm-film : ien perforaasje per byld. Brukt troch amateurfilmers, mar letter ferkrongen troch 8 mm. Ek brukt foar filmfertoanings yn huslik fermidden en op skoallen en sa, mar letter ferfongen troch fideo en dernei troch dvd . Fierders wol brukt foar dokuminteres .
  • 9½ mm-film : ien perforaasje, mar tusken de bylden yn. Yntrodusearre troch Pathe Freres yn 1922 . Hold de midden tusken 8 mm (goedkeaper) en 16 mm (better byldoerflak). Waard brukt troch amateurs, letter frijwol hielendal ferkrongen troch 8 mm en 16 mm.
  • 8 mm-film : ien perforaasje per byld, en de film is mar oan ien kant perforearre. Populer by amateur-filmmakkers. By opname wurdt soms in 16 mm-film brukt mei it dubele tal perforaasjes; de film moat dan twaris beljochte en dernei yn 'e lingte trochsnien wurde.

Technyk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e sinematografy giet it om bylden dy't festlein wurde troch de ynwurking fan ljocht op in ljochtgefoelige laach op in lange filmstripe dy't under it opnimmen troch de filmkamera rolet. Derby waard foarhinne ek gebruk makke fan optyske ludsopnames op 'e filmstripe. Yn it hjoeddeistige sinematografyske proses wurdt it lud lykwols hast utslutend noch digitaal opnommen, utsein inkele eksperimintele films of low-budgetproduksjes dy't gebruk meitsje fan feraldere apparatuer om 'e kosten te drukken. Ek digitale byldopnamen komme almar mear foar; dy wurde yn 'e regel ek gewoan oantsjut as 'film', hoewol't der dus yn 'e praktyk eins gjin filmmateriaal mear oan te pas komt.

In ikoantsje fan in projektorrole mei in celluloidfilmstripe .

Filmproduksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

As men it oer 'in film' hat, bedoelt men almeast in langspylfilm , dy't makke wurdt om yn bioskoop of filmhus fertoand te wurden oan in beteljend publyk . Sokke films wurde makke troch in regisseur , wylst de omballingen regele wurde troch in filmprodusint . De produksje bestiet ut trije fazen: de preproduksje (of tarieding), de opnamen (of eigentlike produksje) en de postproduksje (of ofwurking). By grutte filmstudio's is it tafersjoch op 'e produksje yn 'e hannen fan in utfierend produsint , dy't foar syn wurk net op set oanwezich hoecht te wezen, mar fan in ofstan in stjoerende wurking hat en benammen oer it jild giet. Regisseur en produsint wurde ornaris bystien troch in team assistinten, hoewol't it by low-budgetproduksjes ek mooglik is dat beide funksjes troch ien en deselde persoan ferfolle wurde en dat de hiele produksje fan 'e film dus in ienmansprojekt is. Neffens de klassike metoade, by in middelgrutte of gruttere filmstudio , giet de produksje fan in film lykwols lykas hjirunder beskreaun.

Preproduksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De preproduksje is it stadium dat foarofgiet oan it eigentlike opnimmen fan 'e film. Yn dat stadium wurdt bepaald hokfoar soarte film oft men meitsje wol, al besteane der yn 'e regel dan al beskate ideeen oer. Dy ideeen wurde yn 'e preproduksje utwurke en der wurdt in synopsis skreaun, in gearfetting fan 'e filmplot . Dernei wurdt de synopsis utwurke ta in langere gearfetting, dy't de step outline of koartwei outline hjit. Eltse sene fan 'e film wurdt deryn koart beskreaun, sadat men in byld krije kin fan hoe't de film der uteinlik ut komme sil te sjen. De step outline is inkeld bedoeld foar de makkers sels en komt butensteanders mar selden under eagen.

Nei it opstellen fan 'e step outline wurdt de saneamde treatment skreaun, weryn't oanjun wurdt wat der yn alle senes persiis yn byld brocht wurde sil. De treatment giet poer oer de fisuele kant fan 'e film; oer de op te nimmen dialooch stiet der neat yn. Underwilens wurde los fan 'e treatment de saneamde karakterdossiers opsteld, dy't eftergrunynformaasje oer de personaazjes jouwe en dermei oanwizings hoe't de personaazjes har yn beskate sitewaasjes halde en drage moatte. Ek wurde de dialogen (of monologen ) utwurke. Neitiid wurde treatment, karakterdossiers en dialogen gearfoege ta in senario of filmskript. Sa'n senario soe omskreaun wurde kinne as in utwurke fariant fan 'e treatment. It is gebruklik om te begjinnen mei in kladferzje fan in senario, dy't dan troch de senarioskriuwer yn oerlis mei de regisseur en mooglik ek mei de produsint ferskate kearen byskaafd en oanskerpe wurdt, oant der in definitive ferzje untstiet dy't it shooting script neamd wurdt. Deryn stiet oant yn it lytste detail beskreaun wat der barre moat en bygelyks ek hokker luden oft der te hearren weze sille of hokker sfear oft in beskate sene oproppe moat. Yn it shooting script is fierders eltse sene numere fan it begjin fan 'e film of.

De folgjende stap is it meitsjen fan in draaiboek . Yn it draaiboek is utwurke wannear't de opnamen fan hokker senes plakfine sille. Senes fan films wurde nammentlik net opnommen neffens harren folchoarder yn 'e film. As bygelyks sene 1, 3 en 8 yn deselde keamer spylje, dan is it logistyk folle handiger om dy trije senes efterinoar oan op te nimmen, op deselde opnamedei as dat mooglik is, en dernei fierder te gean mei bygelyks sene 2. Soms wurdt tagelyk mei it draaiboek ek in storyboard makke. Dat is in samling numere sketsen en foto's , dy't elts ien shot fertsjintwurdigje. Ofbylding 4.3 is dan it trede shot fan sene 4.

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opnammen , oftewol de eigentlike produksje fan in film, begjinne op 'e earste opnamedei. Fan dat stuit of wurdt per shot wurke. Men nimt lytse stikjes film op en faak wurdt tagelyk it lud ek opnommen. As alle shots filme binne, kinne de opnamen beeinige wurde. It komt lykwols foar dat de regisseur letter ta it besef komt dat er noch wat fergetten is, of dat it shooting script troch unfoarsjoene foarfallen (lykas it ferstjerren fan ien fan 'e akteurs under de opnamen) noch feroare wurde moat. Dan kin it weze dat de (oare) akteurs letter weromroppen wurde om noch ien of in pear ekstra shots of senes op te nimmen.

Postproduksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de produksje folget de postproduksje , dy't begjint mei de montaazje fan 'e opnommen shots. Derby wurde de filmbylden yn 'e juste folchoarder efterinoar plakt en wurdt oerstallich materiaal fuortknipt. De montaazje fan in film is in langduorjende proseduere, werby't men fan alles besiket mei it opnommen materiaal om ta de beste ferzje fan 'e film te kommen. Yn dit stadium wurde ek de eventuele special effects tafoege. As uteinlik besletten is ta in definitive ferzje, sprekt men fan in picture lock .

In tekenfilmke fan in hynder , dat gebruk makket fan acht tekene plaatsjes.

Dernei kin de ludsneibewurking begjinne. Der wurdt in komponist ynhierd om filmmuzyk te meitsjen, dy't mei de opnommen en neibewurke dialooch en de tafoege ludseffekten (bgl. it slaan fan in doar of it sjongen fan fugels) gearfoege wurdt ta de saneamde einmiks yn in proses dat de miksaazje hjit. It einresultaat fan 'e ludsneibewurking is de soundtrack fan 'e film, dy't ek wol it sound design of ludsuntwerp neamd wurdt.

Ta einbeslut binne der dan noch in tal technyske bewurkings dy't oan 'e film ferrjochte wurde moatte, lykas it kleurkorrizjearjen en it meitsjen fan 'e prints. Pas dernei is de film ree om yn 'e bioskoop fertoand te wurden. De neamde aktiviteiten hoege net beslist yn 'e hjirboppe oanholden folchoarder dien te wurden. Ofhinklik fan 'e foarkar fan 'e regisseur kin it ek oars om en ta gean, en sa't earder al oanjun is, hawwe low-budgetproduksjes de finansjele middels net om op dizze wize te wurk te gean.

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't in film ienris syn definitive foarm berikt hat, folget noch it proses fan filmdistribusje . Films wurde faak earst utbrocht yn 'e bioskopen , der't se tradisjoneel fertoand wurde mei behelp fan in filmprojektor yn in romte fuort efter de filmseal , dy't de bylden projektearret op it grutte wite skerm foaryn de seal. Almar mear wurdt tsjintwurdich lykwols digitale projeksje brukt, en men is fan tinken dat dy uteinlik de klassike filmprojeksje folslein ferfange sil. De earste fertoaning fan in film yn in bioskoop is de premiere . Faak wurdt der in feestlike gelegenheid fan makke, mei reade loper en galakledaazje , werfoar't sawol de cast (spilers), crew (makkers) as de media utnuge binne. Want om oan in film fertsjinje te kinnen, wat ommers ornaris de bedoeling is, moat der ek reklame foar makke wurde. Derta wurde faak foarofgeande oan 'e premiere al trailers (koarte reklamefilmkes) publisearre om it publyk alfest waarm te meitsjen. Ek wurde by bioskoopfertoanings foarofgeande oan 'e haadfilm foarfilms tafoege dy't reklame meitsje foar films dy't mei koarten yn deselde bioskoop te sjen weze sille.

Foarhinne wie it sa dat film likernoch in healjier nei't se yn 'e bioskoop yn premiere gien wiene, utkamen yn 'e fideoteek , der't se op VHS - fideobannen ferhierd waarden. Wer likernoch in healjier letter ferskynden se dan as keapfideo . Tsjintwurdich wurde films faak in pear moannen of in fearnsjier nei't se foar it earst yn 'e bioskoop kommen binne al te keap utbrocht op dvd en blu-ray . Op 'e tillefyzje wurde se pas foar it earst utstjoerd likernoch in jier nei de premiere yn 'e bioskoop. Dernjonken binne films tsjintwurdich ek foar ien besichtiging te 'keapjen' oer it ynternet by video on demand -bedriuwen, lykas Netflix .

As in film yn it lan fan produksje net genoch jild opbrocht hat yn 'e bioskoop, wurdt by ferkeap oan oare lannen de bioskoop dere gauris oerslein. De film wurdt yn it butenlan dan daliks utbrocht op dvd. Soks bart ek wol yn it lan fan produksje sels, as de filmstudio nei it ofrunjen fan 'e produksje ta de konkluzje komt dat de film net goed genoch is foar de bioskopen, of as de bioskopen der gjin brea yn sjogge. Sokke films wurde oantsjut as direct-to-video . Der binne ek films dy't net foar de bioskoop bedoeld binne, mar spesjaal foar op 'e tillefyzje makke wurde; dat binne tillefyzjefilms , dy't faak earder by tillefyzjeprogramma's kategorisearre wurde as by 'echte' films. Oan 'e oare kant komt it ek wolris foar dat in tillefyzjefilm sa populer blykt te wezen dat er letter of yn in beskaat lan dochs yn 'e bioskoop fertoand wurdt.

De opkomst fan it ynternet hat derta laat dat mannich begjinnend filmmakker syn eigen wurken no oan in grut publyk toane kin troch syn films ienfaldichwei op websiden as YouTube of Vimeo te setten. Dat is in grutte feroaring, dy't begjinnende filmmakkers folle unofhinkliker makket fan filmstudio's en bioskopen . Fia u.m. de sosjale media kinne films boppedat maklik en relatyf goedkeap by minsken under de oandacht brocht wurde.

Soarten en sjenres [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Films binne der yn alderhanne ferskillende soarten. Yn it foarste plak ferskille se op it med fan harren format. Sa hat men stomme films en ludsfilms , lange films en koarte films , films der't inkeld yn aktearre wurdt en films mei sang en duns (saneamde musicalfilms ), en live-actionfilms , tekenfilms en oarsoartige animaasjefilms (lykas stop-motionanimaasjefilms ). Dokuminteres binne films dy't net bedoeld binne om te fermeitsjen , mar om ynformaasje oer te dragen; sokke films binne dan ek gjin fiksje , mar non-fiksje .

Fierders komme films ek foar yn in grut tal sjenres en subsjenres fan fiksje:


Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes , References en Further reading , op dizze side .