Fideoteek

Ut Wikipedy
De gevel fan in fideoteek yn Austin (Teksas) .

In fideoteek (fia it Nederlanske videotheek fan it Dutske Videothek ) is in bedriuw dat mei films of (soms) tillefyzjesearjes foarbespile bylddragers ferhiert oan partikuliere klanten . Sokke bylddragers wurde hierfideo's neamd, en moatte underskaat wurde fan keapfideo's , dy't net ferhierd mar ferkocht wurde. Foarhinne gie it by hierfideo's om fideobannen , mar tsjintwurdich wurde der benammentlik dvd's ferhierd. De earste fideoteek waard yn 1975 yn Dutslan oprjochte. Yn Nederlan untstiene benammen yn 'e 1980-er jierren in soad fan sokke saken. In oansjenlik part derfan moast letter wer opdoeke omreden fan tefolle konkurrinsje . Sunt likernoch 2000 hawwe fideoteken te lijen under in krimpende ferhiermerk. Njonken fideoteken mei in algemien oanbod binne der ek guon dy't har spesjalisearre hawwe yn 'e ferhier fan bygelyks utslutend filmhusfilms of utslutend pornografyske films .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste fideoteek waard yn 'e simmer fan 1975 oprjochte troch Eckhard Baum yn it Dutske Kassel . Baum wie in sammelder fan films op Super 8 film , en doe't bliek dat freonen en kunde fan him der belangstelling foar hiene, begun er harren films ut syn kolleksje ut te lienen. Fia-fia kamen hieltyd mear lju by him oan 'e doar mei de fraach oft er harren in film utliene woe, en sadwaande krige Baum it idee om der jild foar te freegjen en sa in bedriuwke op te setten. Meitiid naam er fideobannen en dvd's yn syn assortimint op. Baum en syn fideoteek wiene it underwerp fan de dokumintere Eckis Welt , fan Olaf Saumer , ut 2006 . Yn 2015 fierde Baum it fjirtichjierrich bestean fan syn bedriuw.

De earste fideoteek yn 'e Feriene Steaten waard yn desimber 1977 oan Wilshire Boulevard yn Los Angeles iepene troch George Atkinson . Meitiid kamen yn 'e Feriene Steaten ut lytse, pleatslike fideoteken grutte bedriuwen fuort as Blockbuster Video . Yn Nederlan die it ferskynsel 'fideoteek' foar it earst syn yntree yn 'e iere 1980-er jierren , doe't in soad hushaldings in fideorecorder oanskaften. In skoft lang skeaten sokke saken by wize fan sprekken as poddestuollen ut 'e grun, oant underlinge konkurrinsje harren tsjin 'e ein fan 1980-er jierren flink begun ut te tinjen. Yn 't earstoan beaen fideoteken benammen fideobannen oan yn ferskate formaten: VHS , Betamax en Video 2000 . Tsjin it begjin fan 'e 1990-er jierren hie VHS de oare beide formaten yn de ' fideobanformaatoarloch ' ut 'e merk drukt en konsintrearren fideoteken harren sadwaande op VHS-fideobannen mei soms dernjonken muzyk - cd's . Yn 'e begjinjierren fan 'e ienentweintichste iuw kamen dvd's deryn en giene de VHS-fideobannen derut. Tsjin 'e ein fan 2000-er jierren waarden blu-ray -skiven yn it assortimint opnommen.

In fideoteek yn 'e Feriene Steaten .

Lange tiid wie it sa dat as in film utkaam, der earst in healjier utlutsen waard foar fertoaning yn 'e bioskopen . Nei likernoch seis moanne kaam er dan beskikber foar ferhier yn 'e fideoteken. Nei't der nochris in healjier oerhinne gien waard, kaam deselde film ek ut as keapfideo en koed er utstjoerd wurde op 'e tillefyzje . Tsjintwurdich wurde films lykwols faak in pear moannen of in fearnsjier nei't se foar it earst yn 'e bioskoop kommen binne, al te keap utbrocht op dvd en blu-ray. Dernjonken binne films tsjintwurdich ek foar ien besichtiging te 'keapjen' oer it ynternet by video on demand -bedriuwen, lykas Netflix . Dy untwikkelings hawwe makke dat in soad fideoteken om 2010 hinne ferdwun binne. De oerbleaune saken binne faak utgroeid ta entertainmentwinkels mei in breder assortimint.

Ferhier [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Om fideo's hiere te kinnen by in fideoteek moat men lid weze fan dy fideoteek. Dat haldt yn dat men jins namme en adres opjaan moat en jins identiteitsbewiis sjen litte moat, sadat de fideoteek wit wer't de ferhierde films bedarje. Derfoar kriget men in lidmaatskipskaart mei in streepkeskoade , dy't neitiid by eltse ferhier scand wurdt. Fideoteken ferhiere de nijste films yn 'e regel by de dei , mei in maksimum fan trije dagen. Aldere films wurde ornaris by de wike ferhierd. Meastal kin men trije films tagelyk hiere. Guon fideoteken hawwe tsjintwurdich abonneminten foar in fest bedrach yn 'e moanne, der't unbeheind films mei hierd wurde kinne. Der is dan inkeld in beheining oangeande it tal films dat tagelyk hierd wurde kin.

Auteursrjocht [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ferhier fan boeken , cd's en films is bun oan 'e wetjouwing op it med fan auteursrjocht . De auteursrjochthalders foegje warskogings ta oan ferpakking en yn it gefal fan films ek de ynhald fan produkten dy't bedoeld binne foar ferhier, om ynbrek op it auteursrjocht foar te kommen. Yn in soad gefallen binne de rjochten fan klanten yn Jeropa en Noard-Amearika lykwols eins folle rommer as dat yn sokke warskogings foarsteld wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Footnotes en Further Reading , op dizze side .