De
Feriene Naasjes
is in gearwurkingsferban fan 193 selsstannige steaten, dat yn
1945
oprjochte is. It is in mondiale organisaasje fan regearen, gearwurkjend op it med fan ynternasjonaal rjocht, mondiale feiligens, behald fan humaniter rjocht, untwikkeljen fan in wraldekonomy en it undersyk nei sosjaal-maatskiplike en kulturele untjouwings. De FN hie begjin
2012
193 lidsteaten.
[1]
De foarrinder fan de FN wie it
Folkebun
, oprjochte op
25 jannewaris
1919
(de 1e algemiene gearkomste wie op
10 jannewaris
1920
). Yn
1946
waard it Folkebun opheven. De oprjochting fan de Feriene Naasjes fun plak op
26 juny
1945
yn
San Fransisko
troch it undertekenjen fan it Hanfest fan de Feriene Naasjes, dat op
24 oktober
1945
fan kreft waard.
Alger Hiss
wie tydlik
Siktaris-generaal
fan de Feriene Naasjes by de oprjochting. Hy moast omtinken jaan oan it lykwicht fan de naasjes by de Konferinsje fan de Feriene Naasjes yn 1945. Fierders hie er it oanluken fan yn totaal 494 wurkkreften foar de FN yn syn portefulje. Hiss wie lykwols gjin "offisjele" siktaris-generaal, om't de organisaasje noch yn oprjochting wie. Doe't de Feriene Naasjes oan de ein fan
1945
formeel oprjochte waard, kamen syn funksjes te ferfallen en waard de
Noar
Trygve Lie
troch de
Algiemene Gearkomste
keazen as de earste offisjele siktaris-generaal. Yn jannewaris 1946 wienen de earste gearkomsten fan de Algemiene Gearkomste en de Feiligensried. By dy gearkomsten yn
Londen
wienen 51 lannen fertsjintwurdige. Yn it begjin hie de ynternasjonale organisaasje de offisjele namme
United Nations Organization
(UNO), mar al gau waard dat yn it deistich bruken fan de namme ofkoarte ta
United Nations
(UN). Dizze namme is no formeel festlein. Yn 2001 krige de FN de
Nobelpriis foar de Frede
foar harren krewearjen foar in better organisearre en freedsumere wrald.
[2]
De Feriene Naasjes hat seis bestjoersorganen.
Yn de
Algemiene Gearkomste
fan de Feriene Naasjes hawwe alle lidsteaten in sit. De Algemiene Gearkomste kin allinne polityk net-binende utspraken dwaan, soks yn tsjinstelling ta de Feiligensried dy't wol binende besluten nimme kin. Alle leden fan de FN hawwe stimrjocht yn de Algemiene Gearkomste, mar lannen mei de observaasjestatus (de Palestynske Gebieten en it
Fatikaan
) meie net stimme. De deistige saken wurde behannele troch seis kommisjes fan de Algemiene Gearkomste. De earste kommisje hat ta doel troch untwapening de ynternasjonale feiligens te fuortsterkjen. De twadde kommisje is foar ekonomyske en finansjele saken en de tredde is foar, sosjale, humanitere en kulturele saken. De fjirde kommisje haldt him dwaande mei spesjale politike stikken en dekoloanisaasje (in underwerp dat hjoed de dei net mear aktueel is). Administrative en sinteraasje saken wurde behannele yn de fyfde kommisje, en de leste (numer seis) haldt him dwaande mei (ynternasjonale) juridyske saken.
De
Feiligensried
fan 'e Feriene Naasjes is it heechste bestjoersorgaan fan de Feriene Naasjes. De feiligensried hat fiif permaninte leden, dy't in
fetorjocht
hawwe. de
Folksrepublyk Sina
(oant
1972
wie
Taiwan
as neifolger fan Nasjonalistysk Sina lid mei fetorjocht),
Feriene Steaten
,
Ruslan
(dy't yn
1991
de
Sowjetuny
neifolge),
Frankryk
en
Grut-Brittanje
. Yn de feiligensried hawwe noch tsien oare lannen in plak, dy't elts foar in perioade fan twa jier keazen wurde. Dizze net-permaninte leden hawwe gjin fetorjocht en kinne oerstimd wurde. De feiligensried beslist u.o. oer de utfiering fan fredesmissys en hawwe it foech om nije lidsteaten dy't by de Feriene Naasjes komme te betanken, troch it bruken fan it fetorjocht. De feiligensried beslist u.o. oer de fredesstriidkreften fan de organisaasje.
De
Ekonomyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes
(ofkoarte ECOSOC) hat ta doel it befoarderjen fan gearwurking op ekonomysk, sosjaal en humaniter med. De ECOSOC is net permanint operasjoneel mar komt inkeld in pear kear yn it jier gear. De ried hat 54 leden dy't foar trije jier keazen binne; alle jierren wurdt in tredde part troch de Algemiene Gearkomste fan de FN nij keazen.
It Ynternasjonaal Gerjochtshof is it wichtichste rjochterlike orgaan fan de Feriene Naasjes. It hof hat 15 rjochters, dy't keazen wurde troch de Algemiene Gearkomste en de Feiligensried. It Ynternasjonaal Gerjochtshof sit yn
De Haach
yn it
Fredespaleis
. It Fredespaleis is ek de setel fan it Permanint Hof fan Arbitraazje en it Ynternasjonaal Strafhof.
It Siktariaat fan de Feriene Naasjes is it wichtichste bestjoersorgaan fan de Feriene Naasjes. It siktariaat sit yn New York en hat butenposten yn
Geneve
,
Nairoby
en
Wenen
. De siktaris-generaal wurdt foardroegen troch de Feiligensried en keazen troch de Algemiene Gearkomste foar in tiidsrek fan fiif jier. It siktariaat jout ynformaasje, lit undersiken dwaan, en nimt de gearkomsten fan de Feriene Naasjes op syn noed. Derneist fiert it siktariaat de taken ut dy't opdroegen binne troch de Algemiene Gearkomste, de Feiligensried, as oare organen.
De siktaris-generaals fan de Feriene Naasjes:
- Trygve Lie
,
Noarwegen
(
1945
-
1953
)
- Dag Hammarskjold
,
Sweden
(
1953
-
1961
)
- U Thant
,
Birma
(
1961
-
1971
)
- Kurt Waldheim
,
Eastenryk
(
1972
-
1981
)
- Javier Perez de Cuellar
,
Peru
(
1982
-
1991
)
- Boutros Boutros-Ghali
,
Egypte
(
1992
-
1996
)
- Kofi Annan
,
Gana
(
1997
-
2006
)
- Ban Ki-moon
,
Sud-Korea
(
2007
-
2016
)
De Trustskipsried haldt tafersjoch op it bestjoer fan de gebieten dy't under it ynternasjonale trustskipsstelsel pleatst binne (de mandaatgebieten). De measte mandaatgebieten wienen koloniale gebieten fan lannen dy't yn de Twadde Wraldkriich ferslein waarden. It leste trustgebiet,
Palau
, krige syn unofhinklikens op 1 oktober 1994. Omdat der gjin mandaatgebieten mear wienen is der yn maaie 1994 besletten oom allinnich noch gear te kommen as de Presidint fan de Trustskipsried of in meardertal fan de lidsteaten dat wol. De ried bestiet sunt 1975 ut de fiif fetolannen; de
Folksrepublyk Sina
,
Frankryk
, de
Russyske Federaasje
, it
Feriene Keninkryk
en de
Feriene Steaten
.
- Ynternasjonaal Atoomenerzjy Agintskip (IAA)
- International Civil Aviation Organization
- Ynternasjonaal Funs foar Lanbou Untwikkeling
- Ynternasjonale Arbeidsorganisaasje
- Ynternasjonale Maritime Organisaasje
- International Telecommunication Union
- Food and Agricultural Organization
- United Nations Educational, Scientific and Cultural Organization
(UNESCO)
- United Nations Industrial Development Organization
- United Nations Children's Fund (UNICEF)
- Wrald Post Uny
- Wraldbank
- World Health Organisation (WHO)
- World Meteorological Organization
- World Intellectual Property Organization