한국   대만   중국   일본 
Houlik - Wikipedy Springe nei ynhald

Houlik

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Breid )
In pear trouringen .

In houlik of boask is in maatskiplik of ritueel erkende feriening fan twa minsken dy't derby unthjitte om harren fierdere libben mei-inoar te dielen. Faak is hjirby sprake fan in wetlik binend kontrakt weryn't de rjochten en plichten festlein binne fan 'e houlikspartners foarinoaroer en foar harren bern en skoanfamylje oer. De krekte definysje fan in houlik ferskilt per kultuer , mar yn prinsipe giet it hjirby om in ynterpersoanlike relaasje werby't geslachtsferkear tastien, ferwachte of sels ferplichte is. Yn guon kultueren is it houlik de iennichste tastiene kontekst foar it bedriuwen fan geslachtsferkear. It houlik foarmet yn frijwol alle kultueren de grunslach fan 'e hushaldings en dermei de hoekstien fan 'e maatskippij.

Fan alds wiene de beide houlikspartners in man , de bregeman of breugeman , en in frou , de breid , dy't teagearre it breidspear foarmen. Sunt de ynfiering fan it homohoulik yn guon lannen, oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw , kin it ek om twa manlju of twa froulju gean. It oangean fan houliken mei ferskillende houlikspartners tagelyk, oftewol polygamy (fan ien man mei mear as ien frou tagelyk), is legaal yn grutte dielen fan it Midden-Easten , Afrika , Sud-Aazje en Sudeast-Aazje . Polyandry , in houlik fan ien frou mei mear as ien man tagelyk, komt folle minder foar. Yn 'e Westerske wrald is it ferbean om mei mear as ien persoan tagelyk troud te wezen; dit wurdt bigamy neamd en wurdt beskoge as in misdriuw .

De redens dy't minsken hawwe om te trouwen, kinne fan juridysk , maatskiplik , finansjeel of religieus aard weze. Yn 'e Westerske wrald trout men tsjintwurdich meast ut leafde , mar yn 'e rest fan 'e wrald komt dat in stik minder foar. Yn guon dielen fan 'e wrald wurdt troch de aldelju bepaald wa't de houlikspartner fan harren bern wurdt. Yn dy kontekst fine faak rare utwaaksen plak, lykas bernehouliken , twongen houliken en ferkrefting binnen it houlik . Yn in grut diel fan 'e wrald is de man noch altyd de dominante partner yn in houlik, wylst de frou net folle yn te bringen hat. Sokke brike ferhaldings kinne liede ta huslik geweld , al komt dat ek yn 'e Westerske wrald noch mear as genoch foar.

Der moat underskie makke wurde tusken it tsjerklik houlik , dat sletten en erkend wurdt troch in religieuze autoriteit, en it boargerlik houlik , dat sletten en erkend wurdt troch de steat weryn't men wennet. Guon lannen, dy't gjin skieding tusken tsjerke en steat hawwe, kenne it boargerlik houlik net en erkenne utslutend religieuze houliken. Dat is bygelyks it gefal yn Israel , der't net-leauwige persoanen net trouwe kinne en tradisjoneel utwike nei Syprus . De eigentlik sluting fan in houlik (en it dermei faak mank geande feest) hjit de brulloft . Foarofgeande deroan wurdt faak in frijfeintefeest fierd foar de bregeman en/of in frijfammefeest foar de breid. Neffens it CBS waarden der yn Nederlan yn 2007 72.485 houliken sletten, werunder fan 1.371 homohouliken en 5.333 fan Nederlanners yn it butenlan.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .