한국   대만   중국   일본 
Biltsk - Wikipedy Springe nei ynhald

Biltsk

Ut Wikipedy
Biltsk
algemien
eigen namme Bildts
lanseigen yn Nederlan
tal sprekkers 8.500 (2009)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Sudwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlansk
              ● Hollansk
                ● Hollansk-Frysk
                  ● Biltsk
dialekten Eastbiltsk , Westbiltsk
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlan :
  ● Fryslan (as streektaal)
taalkoades
ISO 639-1 ?
ISO 639-2 ?
ISO 639-3 ?

It Biltsk (Biltsk: Bildts ) is in Hollansk-Fryske mingtaal dy't sprutsen wurdt yn 'e ta de provinsje Fryslan hearrende gemeente It Bilt . It is untstien doe't Joaris mei it Burd , de soan fan Albrecht fan Saksen , yn 1505 lju ut sudlik Hollan hellen om 'e muning fan 'e eardere Middelsee druch te lizzen. De Hollanners setten har neitiid op it nije lan nei wenjen en trouden mei Friezen ut 'e omlizzende kontreien yninoar om. Mei rekke ek har Hollanske spraak fermongen mei it Frysk , en sunt hat dy in untjouwing kend dy't fierhinne parallel opgien is mei de taaluntwikkeling fan it Frysk. It doarp Minnertsgea , dat op it "alde lan" lei en pas by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by it Bilt kommen is, heart net ta it Biltske taalgebiet.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Untstean [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Om 1500 hinne bestie it Bilt ut in samling kwelders en slinken dy't earder de muning fan 'e alde Middelsee foarme hie. De earste stappen om dy krite druch te lizzen , waarden set troch Albrecht fan Saksen , dy't yn 1498 de macht yn Fryslan yn 'e hannen krige. Syn beweechredens wiene simpel: Fryslan hied er mar yn lien krigen fan 'e Dutske keizer, mar it Bilt waard him troch de keizer skonken yn erflik eigendom. Dat wie fansels moai, mar salang't it in unbewenne woastenije wie, hied er der neat oan. Hy moast sjen dat der minsken kamen te wenjen, dy't him belesting betelje koene. Troch syn hommels ferstjerren, yn 1500 , waard de yndiking lykwols ferskate jierren opholden. Yn 1505 sleaten Albrecht syn soannen en erfgenamten Hindrik en Joaris mei it Burd in ferdrach mei de bruorren Jacob, Floris en Dirk Oem van Wijngaarden en Thomas Beukelaar Simonsz. Dy mannen kamen ut 'e omkriten fan Doardt en hiene dere in protte underfining mei yndiking en ynpoldering. Se brochten in kloft folk mei ut sudlik Hollan , foar in grut part polderwurkers , mar ek boeren , en doe't dy mei de druchlizzing dien wurk makke hiene, setten se har foar it grutste part op it nije lan nei wenjen.

De lokaasje fan it Biltske taalgebiet yn 'e provinsje Fryslan .

It Biltsk giet sadwaande fierhinne werom op it Aldsudhollansk dat de polderwurkers yn 'e sechstjinde iuw meinamen ut 'e omkriten fan Doardt wei, en mear yn it miene sudlik Hollan. Mei't der fierders ek polderwurkers ut West-Fryslan oanlutsen waarden, hat ek it Westfrysk in beskate ynfloed utoefene op it iere Biltsk, wylst it doe en letter sterk beynfloede waard en him fermong mei it Frysk ut 'e oangrinzgjende kriten fan wat op it Bilt noch altyd ' t Ouwe Land neamd wurdt. Uteinlik untstie der sa in mingtaal dy't foar sawol Frysktaligen as Nederlansktaligen fierhinne nei te kommen is. Oant yn 'e tweintichste iuw bleau it Biltsk op it Bilt de dominante taal; lju ut Fryslan dy't harren troch de iuwen hinne op it Bilt nei wenjen setten (yn it Biltsk Oudlanders neamd) pasten harren oan 'e besteande taalsitewaasje oan en begunen Biltsk te praten.

It Biltsk as skriuwtaal [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De aldste oerlevere tekst yn in taalfoarm dy't net suver Biltsk is, mar der wol hiel sterk nei oerhinget, is it Aantekeningenboek van Dirck Jansz. ut omtrint 1600 . Deryn wurde foarmen brukt dy't no net mear yn it Biltsk foarkomme, lykas merdt foar de moanne "maart" (no: maart ) en it efterheaksel -schep , lykas yn blitschep , "blydskip" (no: -skap ). Fierders is opfallend dat yn it Aantekeningenboek de [u:] fan "druf", de [œ] fan "put" en de [ø:] fan "reus" skreaun (en dus blykber utsprutsen) wurde as de [i:] fan "wiid", resp. de [?] fan "pit" en de [e:] fan "leed". Dat ferskynsel wurdt yn 'e taalkunde untruning neamd, mei't fokalen dy't mei rune lippen utsprutsen wurde, ferfongen binne troch guon dy't sunder rune lippen utsprutsen wurde. Foarbylden ut it Aantekeningenboek binne deer , "doar" (no: deur ) en bijertdt , "buert" (no: buurt ). Untruning komt noch altyd foar yn beskate Westfryske dialekten ; sa sei men yn it no utstoarne Flylansk fan iis hiis foar "us hus" en yn it Egmondsk seit men derp foar "doarp". [1]

De earste literere publikaasjes yn it Biltsk wiene fan 'e han fan 'e grutte Fryske skriuwer Waling Dykstra ( 1821 - 1914 ), dy't yn Froubuorren berne wie. Syn grutte wurken skreau er lykwols yn it Frysk; sunt de tachtiger jierren fan 'e tweintichste iuw binne dy allegearre nei Biltsk ta oerset. Mar nettsjinsteande it wurk fan Dykstra en oare iere Biltske skriuwers, wie it Biltsk oant likernoch 1940 ta dochs fral in sprektaal, der't gjin feste stavering foar bestie.

In grinspeal fan it Bilt mei it "alde lan" fan Westergoa .

Tusken 1940 en 1950 lei Hotze Sytses Buwalda ( 1915 - 1994 ) ut Westhoek de basis foar it Biltsk as skriuwtaal. Sa sette er yn in artikel yn Us Wurk , it tydskrift fan it Frysk Ynstitut oan 'e Ryksuniversiteit Grins , sekuer utinoar hoe't it Biltsk stavere wurde moatte soe. Yn syn fisy wiene der derby twa grunregels: yn it foarste plak moast de Biltske stavering sa ticht mooglik by dy fan it Nederlansk bliuwe en dernjonken moast men ut it skreaune Biltsk dudlik de utspraak opmeitsje kinne. Om fral dat leste te bewurkmasterjen, stelde Buwalda de ynfiering fan in hiele rige luden mei diakrityske tekens foar (a, e, e, i, o, u, en u), om't it Biltsk no ien kear oer folle mear ferskillende luden beskikt as it Nederlansk.

Yn 1953 kaam der foar it earst in Biltsk lesboek foar de legere skoallen : Fan de Bildtse Grond . Yn 1962 waard Hoe skrive wij in 't Bildts utjun, dat in popularisearre ferzje fan Buwalda syn artikel oer de Biltske stavering wie. Yn deselde tiid wie men by de Fryske Akademy yn Ljouwert , dy't harsels beskoget as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn Fryslan, begun mei it tarieden fan in Biltsk wurdboek . Oan it haad fan dat projekt stie wer Hotze Sytses Buwalda, dy't sunt 1940 in meiwurker fan 'e Fryske Akademy wie. Doe't dyselde yn 1970 mei pinsjoen gong, bleau al it tariedende wurk foar it Biltske wurdboek foarearst lizzen, sawol om't de Fryske Akademy der gjin spesjalist mear foar hie, as om't der op dat stuit gjin jild foar wie. It duorre oant 1987 foar't de bal wer oan it roljen kaam. Tsjin dy tiid wie it Amelanske wurdboek ree en it Ljouwerter wurdboek fierhinne klear, dat dernei koe it Biltske oanpakt wurde. Yn gearwurking mei u.o. de Stichting Ons Bildt kaam it wurk dan einlings en te'n lesten of en koe yn 1996 it manske, goed achttjintuzen wurden tellende Woordeboek fan 't Bildts publisearre wurde.

Ikkers op it Bilt , mei op 'e eftergrun Nijebiltsyl .

Neitiid wurke redakteur Sytse Hotzes Buwalda (de soan fan) fyftjin jier oan in nije edysje fan it wurdboek, dat der uteinlik kaam under einredaksje fan Hindrik Sijens fan 'e Fryske Akademy. It hie oarspronklik yn 2010 ferskine moatten, mar der untstie opunthald troch unienichheid tusken Buwalda en de Stichting Ons Bildt, dy't uteinlik sels late ta in brek tusken dy beide partijen. De nije edysje kaam der wol, mar waard troch Buwalda yn eigen behear utjun, en wie doe fyftjin euro djoerder as dat hoecht hie. Likegoed fun op 15 novimber 2013 de presintaasje op swide wize plak yn 'e Groate Kerk te Sint Jabik . De nije edysje telde 22.000 lemma's, mei derunder neologismen , lykas kompjutertermen , en teffens omfieme it de staveringsgids Hoe Skrive Wy in 't Bildts? , dy't u.m. oandacht besteget oan klamtekens op 'e wurden, meartallen en ferlytsingsfoarmen.

Biltsk en Frysk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lange tiid hawwe de Bilkerts harren ofset tsjin 'e Friezen en it Frysk, wylst de Friezen delseagen op 'e Bilkerts en it Biltsk. Yn 1980 kaam dizze lytse taalstriid ta in klimaks, mei't doe it Frysk in ferplichte fak waard op 'e basisskoallen yn Fryslan . Op it Bilt wie der safolle ferset tsjin, dat de Stichting Ons Bildt oprjochte waard, om foar de belangen fan 'e Bilkerts en it Biltsk op te kommen as wjergader fan 'e Ried fan de Fryske Beweging . Nei in ferheftige kreftmjitting kaam der in kompromis: it Frysk waard in ferplichte fak op 'e skoallen, mar net-Frysktalige gemeenten koene untheffing oanfreegje en dan ynstee fan it Frysk de eigen taal underwize. Derta waard de Kemissy Bildts ("Kommisje Biltsk") oprjochte, dy't derfoar soarge moast dat der lesmateriaal foar it Biltsk kaam.

It iroanyske is, dat de Bilkerts, nei har jierrenlang tsjin it Frysk ofset te hawwen, ynseagen dat der mear te winnen wie mei gearwurking en dat de Stichting Ons Bildt, dy't oprjochte waard om it wurk fan 'e Ried fan 'e Fryske Beweging te bestriden, underwilens ien fan 'e lidorganisaasjes fan dyselde Ried wurden is. Dertroch hat de Ried him ek ta ynset foar it Biltsk ferplichte. En sa koe it dat de Ried foar de Fryske Beweging der by it Nederlanske regear op oanstien hat om it Biltsk as minderheidstaal erkend te krijen, mei in gelikense wetlike status as it Frysk , it Nedersaksysk en it Limburchsk . Spitigernoch hat dat om 'e nocht west. Sa't Henk Kas , lid fan 'e Kemissy Meertalighyd , it ferwurde: " Bildts en Frys naast nander. Metnander werke an 't behouwen fan kultuur en mimmetaal. Neffens mij kin 't niet mooier. "

It wapen fan it Bilt , op 'e gevel fan it gemeentehus te Sint Anne .

De hjoeddeistige taalsitewaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sunt de ein fan 'e 1970-er jierren hat it Biltsk tige oan status wun. Dat komt net yn it leste plak trochdat de gemeente It Bilt sunt de iere jierren tachtich stadichoan uteinset is mei it aktyf befoarderjen fan 'e eigen taal. Sa waard om 1980 hinne yn 'e Biltske gemeenterie noch utslutend Nederlansk sprutsen, wylst in goede tsien jier letter eins alle leden, ynklusyf de boargemaster , Biltsk praten, utsein fansels de Frysktalige Minnertsgeasters . Fierders binne der twa lokale partijen, de Werkgroep Het Bildt en de Frije Bilkerts , dy't opkomme foar de Biltske taal en kultuer en oare Biltske belangen.

Buten it bestjoerlike med hat de Stichting Ons Bildt, dy't subsidiearre wurdt troch sawol de gemeente as de provinsje, sunt syn oprjochting in berch wurk ferset. Sa ferskynden der allinnich al tusken 1980 en 1993 tritich Biltsktalige boeken, wat in protte is foar sa'n lyts taalgebiet. Derunder wiene romans , gedichtebondels , skiednisboeken , berneboeken , skoalboeken , fotoboeken en it folsleine oeuvre fan Waling Dykstra . Fierders waarden der winskkaarten, kalinders en tegels en boarden mei Biltske spreuken utbrocht. En boppedat jout de stifting healjierlikse kursussen Biltsk, sawol foar Biltsktaligen as net-Biltsktaligen, en teffens kursussen Biltske skiednis jun.

Komboerd fan 'e utbuorren Westhoek .

De Kemissy Bildts hat yn 1999 syn namme feroare yn Kemissy Meertalighyd ("Kommisje Meartaligens") en giet noch altyd troch mei it untwikkeljen fan lesmateriaal foar de legere skoallen yn 'e gemeente. Sa waard yn 2000 it lesboek Din Din Doasy (sis mar "Hop Hop Hynke") oan 'e skoallen oanbean, der't yn it Biltsk oersette ferhalen en rymkes foar bern yn steane, dy't Fryske skriuwers spesjaal derfoar skreaun hiene. De Kemissy Meertalighyd, dy't krekt as de Stichting Ons Bildt finansjeel stipe wurdt troch gemeente en provinsje, wurket trouwens op allerhanne meden hieltyd nauwer gear mei de Afuk , dy't foar it Frysk itselde wurk ferrjochtet. In nije opdracht foar de Kemissy is, sunt 1999 , it advisearjen fan 'e gemeente oer hoe't der yn 'e praktyk it beste omgien wurde kin mei de trijetaligens (Biltsk-Frysk-Nederlansk) op it Bilt.

Yn 2015 waard op inisjatyf fan 'e gemeente It Bilt de Stichting Bildts Aigene oprjochte, in koepelorganisaasje der't de Stichting Ons Bildt , it Bildts Dokumintasysintrum , it kultureel besikerssintrum de Aerden Plaats en de Kemissy Meertalighyd yn feriene binne.

Wat it gebruk fan it Biltsk yn 'e media oangiet, moat der feststeld wurde dat der yn 'e skreaune parse hieltyd mear Biltsk brukt wurdt, fral yn 'e pleatslike krante De Bildtse Post , dy't bestie fan 1935 of, mar der lykwols yn 2021 under strupte. Yn it plak derfan kaam neitiid in hus-oan-husbled mei deselde namme. Deryn waard ek wol Biltsk skreaun, mar net sa'n protte, noch fan itselde nivo as yn syn foargonger. Underwilens wurde Biltsktalige famyljeberjochten yn 'e regionale deibleden ( Ljouwerter Krante , Frysk Deibled ) almar gewoaner. Yn 2022 ferskynde fan 'e han fan Gerard de Jong de earste roman yn it Biltsk, under de titel Blau fan Dagen, Griis fan Onrust . [2] Fierders is der in lokaal radiostasjon , Radio Eenhoorn , dat behalven it Bilt ek de gemeente Menameradiel betsjinnet. Op dy stjoerder binne faak Biltsktalige of alteast foar in part Biltsktalige programma's te hearren. Op 'e regionale radio en tillefyzje , krekt as yn 'e rest fan Fryslan fersoarge troch Omrop Fryslan , wurdt lykwols mar komselden Biltsk praat. Wol binne der op it Bilt fiif amateurtoanielferienings , werfan't teminsten twa tsjintwurdich alle jierren in stik yn it Biltsk opfiere.

Status [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Biltsk genietet yn 'e provinsje Fryslan in beskate erkenning, sij it offisjeel net as minderheidstaal , mar as " streektaal ". Yn dy hoedanichheid wurdt it Biltsk u.m. neamd yn 'e provinsjale Noata Streektalen 2004 , as in taalfoarm werfan't it gebruk befoardere wurde moat. Yn 'e eardere gemeente It Bilt hie it Biltsk in semy-offisjele status, wat him u.m. utere yn it gebruk fan it Biltsk yn 'e gemeenteriedsgearkomsten , al kitste de ynfiering fan offisjele, Biltsktalige plaknammen yn 2013 en nochris yn 2017 of. Yn 2018 gie It Bilt by in gemeentlike weryndieling op yn 'e nije fuzjegemeente De Waadhoeke . Op nasjonaal nivo genietet it Biltsk yn Nederlan gjin inkele erkenning; it besykjen om in selde status (fan erkende minderheidstaal) foar it Biltsk te krijen der't it Frysk ek oer beskikt, hat oant no ta om 'e nocht west.

De Nijebiltdyk.

Tal sprekkers [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens ut 2009 waard it Biltsk doe op it Bilt noch sprutsen troch likernoch 3.600 minsken, [3] wat delkomt op sa'n 33% fan ynwenners fan 'e gemeente (mei derby it Frysktalige Minnertsgea meirekkene, wat it byld fansels wat fertekenet). Buten it Bilt, yn 'e rest fan Fryslan, libje nochris 3.700 [4] Biltsksprekkers, benammentlik konsintrearre yn oangrinzgjende Fryske doarpen as Stiens en Berltsum , en teffens yn Ljouwert .

De Bosatlas van Fryslan jout per Fryske gemeente de persintaazjes memmetaalsprekkers fan 'e ferskillende talen, ofrune nei folle prosinten (dus inkeld ynsafier't de persintaazjes memmetaalsprekkers 0,5% of heger binne). Derneffens is 3% fan 'e befolking fan Menameradiel Biltsktalich, 2% fan 'e befolking fan Ferwerderadiel , Frjentsjerteradiel , Ljouwert en Ljouwerteradiel , en 1% fan 'e befolking fan Boarnsterhim , Littenseradiel en Tytsjerksteradiel . Allinne al foar Ljouwert komt dit omrekkene ut op goed 1.850 Biltsksprekkers en foar Menameradiel bgl. op in 410 Biltsktaligen.

Fierders sille der om utens, ferspraat oer de rest fan Nederlan nei in behaldende skatting grif nochris 1.000 Biltsksprekkers libje. It sprekkerstal fan it Biltsk yn Nederlan leit derom op 8.300. Derby moat noch oantekene wurde dat der under de grutte stream emigranten dy't Fryslan tusken de fjirtiger en sechstiger jierren fan 'e foarrige iuw ferliet, ek grif Bilkerts west hawwe moatte, dat de taal sil ek yn lannen as Kanada , Austraalje en Nij-Seelan hjir en der noch troch ienlingen en yn famyljefermiddens sprutsen wurde. Sadwaande kin steld wurde dat it totale sprekkerstal fan it Biltsk wraldwiid om ende by de 8.500 lizze moat. Mei't in grut part fan dy sprekkers ta de aldere generaasjes hearre, sil it mei it Biltsk foarearst sunder mis efterut gean. Ek al om't it ofstjerren fan 'e alderein net it iennichste probleem fan it Biltsk is. Wurdboekgearstaller Sytse Hotzes Buwalda sei datoangeande: "'t Falt my nag met dat 't Bildts al soafeer kommen is." En: "De delgang likent him de leste jaren te stabiliseren. Doch sien ik soms nag Bildtstalige ouweloi, die't hur kines in 't Nederlans opfoede. 't Is 'n andere tijd."

Klanklear en wurdskat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De sinsbou fan it Biltsk komt benammentlik oerien mei dy fan it Frysk, dus bygelyks " sien late " ("sjen litte") yn tsjinstelling ta it Nederlanske " laten zien ". Dat nettsjinsteande dat fierwei it grutste part fan 'e wurdskat ofkomstich is ut it Aldsudhollansk. Wol binne der fansels guon lienwurden ut it Frysk, lykas " hait " ("heit"), " faint " ("feint") en " stoit " ("stuit", yn 'e betsjutting fan "momint").

De gemeente It Bilt (sunt 1984 ). It grize diel is it "alde Bilt", der't Biltsk sprutsen wurdt, mei de beide dialekten Eastbiltsk en Westbiltsk . It roze diel is it Frysktalige Minnertsgea , dat by de gemeentlike weryndieling fan 1984 oan it Bilt tafoege is.

Klanken yn wurden as blaik en steen tsjutte op it Sudhollansk komof fan alteast in diel fan 'e oarspronklike polderwurkers, mei't dy klanken oerienkomme mei it Sudhollansk fan 'e omkriten fan Doardt , wylst oare Hollanske en Fryske dialekten bleek en stien jouwe. Mar by Doardt om seine se ek fan nieuw en boter , wylst it Biltsk derfoar nij en butter hat. Derut sprekt nei alle gedachten de ynfloed fan it Eilanwestfrysk fan Wieringen . [5]

It Biltsk beskikt oer twa luden dy't net yn it Frysk foarkomme:

  • de lang oanholden nasalisearre i fan "pit", lykas yn " mins " ("minske") en " previnsy " ("provinsje")
  • de lang oanholden u fan "put", lykas yn " brug " ("brege") en " gunst " ("geunst"). Dit hat wol wat fan it Fryske twalud "eo" fan "freon"),

Spitigernoch moat feststeld wurde dat in grut part fan it Biltske taaleigen oan it ferdwinen is. Wurden lykas " bes " ("pake"), " klots " ("mutse") en " kussy " ("kokeal") wurde tsjintwurdich hast net mear brukt.

Dialekten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn earder tiid skynt de sprektaal yn 'e ferskate Biltdoarpen, Sint Jabik , Sint Anne , Froubuorren en Aldebiltsyl , nochal wat ferskild te hawwen. It measte derfan is letter weirekke; dat wol sizze dat de dialektfarianten faak noch wol besteane, mar dat net mear te efterheljen is oft se foarhinne utslutend yn ien doarp brukt waarden.

Wol bestiet der hjoed de dei in lyts, mar frij dudlik waarnimber dialektferskil tusken it Westbiltsk , dat benammen sprutsen wurdt yn 'e doarpen Westhoek en Sint Jabik , en it Eastbiltsk fan Froubuorren en Aldebiltsyl . Sint Anne en Nij-Altoena nimme derby in oergongsposysje yn. Dit ferskil komt lykwols net fuort ut 'e alde doarpsdialekten, mar ut it feit dat de ynfloed fan it Frysk yn it easten fan it Bilt iuwenlang folle sterker west hat as yn it westen. Sadwaande wurde der yn it easten dus mear Fryske foarmen brukt as yn it westen.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Jonkman, Reitze J. en Versloot, Arjen P. , Fryslan Land van Talen: Een Geschiedenis , Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werutjefte), oarspr. printinge 2013 (Afuk), ISBN 978-9 06 27 39 264 , s. 72-73.
  2. Haagsma, Jacob , Rokky en Slippy , yn: de Ljouwerter Krante , 9 desimber 2022, taheakke Freed , s. 8-9.
  3. De Bosatlas van Fryslan , side 250.
  4. De Bosatlas van Fryslan , side 228-289.
  5. Jonkman, Reitze J. en Versloot, Arjen P. , Fryslan Land van Talen: Een Geschiedenis , Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werutjefte), oarspr. printinge 2013 (Afuk), ISBN 978-9 06 27 39 264 , s. 71-72.

Boarnen

Talen en Dialekten yn Fryslan
Frysk Aastersk  ● Hylpersk  ● Klaaifrysk  ( Bjirmsk ) ● Molkwardersk †  ● Noardhoeksk  ( Eastnoardhoeksk  ? Westnoardhoeksk ) ● Skiermuntseagersk  ● Skylgersk  ● Sudwesthoeksk  ( Lemsterlansk ) ● Waldfrysk  ( Westereindersk )
Hollansk Hollansk-Frysk Amelansk  ( Eastamelansk  ? Westamelansk ) ● Biltsk  ( Eastbiltsk  ? Westbiltsk ) ● Midslansk  ● Stedsk  ( Boalsertersk  ? Dokkumersk  ? Feanstersk †  ? Frjentsjertersk  ? Harnzersk  ? Kollumersk  ? Ljouwertersk  ? Snitsersk  ? Starumersk )
Westfrysk             Flylansk †
Nedersaksysk    Kleastersk  ● Pompstersk  ● Stellingwerfsk  ( Eaststellingwerfsk  ? Haadstellingwerfsk  ? Kundersk  ? Westhoeksk ) ● Westerkertiersk  ( Kollumerlansk )