Polder

Ut Wikipedy
Polder
Poldermole , tink om it ferskil yn wetterhichte foar en efter de mune
Noardeastpolder , ynpoldere tusken 1936 en 1942, underdiel fan de suderseewurken

In polder is in gebiet dat leger leit as it omlizzende wetter en werfan de wetterhichte keunstmjittich regele wurde kin. Polders wurde oer it generaal trochkruse mei wettergongen . Foar de wetterhushalding is it needsaaklik dat de sleattten goed trochstreame kinne. Om hjir wis fan te wezen wurde de sleatten twarris yn it jier skoge: der wurdt kontrolearre oft it wetter djip gwenoch is en oft der gjin wetterplanten yn it wetter stean. Eigeners fan lan oan de sleatten binne ferplichte om harren sleatten te skogjen.

In polder is in wettersteatkundige ienheid, dat wol sizze dfat it gjin ferbining hat mei it butenwetter utsein middels keunstwurken . In poldermole of gemaal (bytiden mear as ien) regelt it polderpeil ; troch ynlitten kin (farsk) wetter binne litten wurde. In polder is omjun troch in wetterkearing .

Yn dielen fan in polder kin in heger peil hantearre wurde. Dit wurdt rigele troch keardamen .

Nederlan hat ungefear 3000 polders. Der bestean ferskate foarmen. De trije wichtichste binne de druchmakkerij , de yndiking en de untginning . In druchmakkerij is in ynpoldering fan iepen wetter, bygelyks in mar of plasse, dy't letterlik druchmakke is. In yndiking is in ynpoldering fan tijgebiet oan de kust of in rivier . Hjirby giet it om in gebiet dat al periodyk druchfoel en troch yndiking definityf druch bliuwt en yn kultuer brocht wurde kin. Oan de kust giet it meastentiids om kwelders , oan de rivier om eardere uterwaarden . In untginning is yn kultuer brochte woaste grun , bygelyks in eardere sompe-, fean-, heide- of dungebiet. Dat hoecht gjin polder te wezen: hjir is allinnich sprake fan as it gebiet permanint bemeald wurde moat.

Yn Flaanderen wurdt de term polder ek brukt om it iepenbier bestjoersorgaan oan te tsjutten, dat beleste is mei de wetterhushalding yn in poldergebiet. Dit is fergelykber mei in wetterskip yn Nederlan. De streek De Polders strekt him yn West-Flaanderen oer it efterlan fan de Belgyske kust ut fan Noard-Frankryk oant Siuwsk-Flaanderen , en oer it noarden fan de provinsje East-Flaanderen .