한국   대만   중국   일본 
Beha - Wikipedy Springe nei ynhald

Beha

Ut Wikipedy
De foarkant fan in beha.

In beha (fan 'e ofkoarting bh , fan bustehalder ) is in nauslutend stik klean foar froulju , dat yn earste ynstansje as doel hat om 'e boarsten te understypjen, te foarmjen en te ferbergjen. It bestiet ut in ban om it boppelichem mei twa saneamde cups , dat stevige, foarfoarme, runige stikken stof binne dy't de boarsten op har plak halde. Faak hat in beha ek skouderbantsjes ; is dat net it gefal, dan sprekt men fan in strapless beha . De sluting sit almeast op 'e rech, mar kin ek oan 'e foarkant sitte, tusken de cups yn. Guon froulju (mei grutte boarsten) drage beha's om't se net sunder de understypjende funksje kinne, mar de measte froulju drage se inkeld om't it no ienris moade is of om kulturele redens.

Beha's wurdt ta it underguod of de linzjery rekkene. Se komme foar yn in breed ferskaat oan soarten, dy't sterk utinoar rinnende doelen hawwe, fan simpelwei it understypjen fan 'e boarsten of it foarmjen fan in dekolletee , oant poer estetyske omtinkens dy't te krijen hawwe mei it skeppen fan seksuele oantrekking . It boppeste part fan in bikiny wurdt ek wol 'beha' neamd (hoewol faker 'topke'), mar it ferskil is dat in bikinytopke ta de baaiklean ynstee fan it underguod rekkene wurdt. Baaipakken , kamizoalen en rechleaze jurken hawwe gauris in ynboude beha mei understypjende cups.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It dragen fan in stik klean om 'e boarsten te understypjen giet teminsten tebek oant it Alde Grikelan en wierskynlik noch folle fierder. Yn 'e Grykske Aldheid droegen froulju in apodesmos , en letter in st?thodesm? , in mastodesmos en in mastodeton , werfan't de nammen allegear oerset wurde kinne as "boarstban". Sokke stikken klean bestiene ut in ban fan wol of linnense stof dy't om 'e boarsten hinne wuolle wie en werfan't de uteinen op 'e rech festset waarden mei in simpele knoop of mei in spjelde . Ek yn 'e Romeinske Tiid droegen froulju sokke boarstbannen, benammen as se dielnamen oan sport . Der bestiet in ferneamd mozayk ut 'e fjirde iuw yn 'e Romeinske Villa Romana del Casale op Sisylje , der't sportende froulju mei sokke boarstbannen op te sjen binne. It mozayk hjit eins De Kroaning fan 'e Winneresse , mar is bekender as it "Bikinymozayk".

It saneamde 'Bikinymozayk' yn 'e Romeinske Villa Romana del Casale op Sisylje , datearjend ut 'e 4e iuw .

De earste moderne beha datearret, ynsafier bekend, ut 'e fyftjinde iuw . Der binne nammentlik ut 'e snuorje tusken 1440 en 1485 tekstylfragminten bewarre bleaun fan wat wierskynlik beha's wiene yn East-Tiroal , yn wat no Eastenryk is. Twa fan dy klaaiingsstikken hiene cups makke fan twa stikken linnen, en ien hie twa skouderbantsjes en wie yn it dekolletee fersierd mei kant .

Fan 'e sechstjinde iuw of waard yn Jeropa de linzjery fan froulju ut rikere fermiddens dominearre troch it kesjet , dat de boarsten omheech drukte en der't in beha of in beha-eftich stik stof oan befestige wie. Geandewei de njoggentjinde iuw begunen moadeuntwerpers te eksperimintearjen mei alternativen, werby't se it kesjet yn twa losse underdielen opspjalten: in gurdle -eftich stik om 'e legere romp yn te snuorjen, en in beha dy't de boarsten omheech hold troch bantsjes om 'e skouders te befestigjen. Op 'e earste echte beha yn 'e moderne sin fan it wurd waard yn 1899 oktroai oanfrege yn Dutslan , troch in Christine Hardt ut Dresden . Sigmund Lindauer ut Stuttgart untwikkele yn 1912 de earste beha dy't gaadlik wie foar massaproduksje . Yn 'e Feriene Steaten untfong Mary Phelps Jacob yn 1914 in oktroai foar in beha-untwerp dat beskoge wurdt as de basis foar de beha's fan hjoed de dei.

Troch massaproduksje kamen beha's yn it earste fearn fan 'e tweintichste iuw yn Noard-Amearika , Jeropa en Australaazje runom beskikber foar froulju ut hast alle lagen fan 'e befolking . It stik klean waard al rillegau underdiel fan 'e moade . Tekoarten oan metaal , feroarsake troch de Earste Wraldoarloch , makke dat de undergong fan it kesjet noch flugger gie as dat it oars gien hie. De term 'cup' waard pas yn 1916 yntrodusearre, en fabrikanten makken yn 't earstoan gebruk fan cups fan rekbere stof om boarsten fan ferskillende grutten te akkomodearjen. Letter kamen ferskate maten cups op 'e merk, mar pas yn oktober 1932 korrelearre it bedriuw S.H. Camp & Co. dy cupmaten oan 'e letters A oant en mei D. Tsjin 'e ein fan 'e 1930-er jierren wie dat systeem algemien ynboargere rekke, en yn deselde tiid waard ek de ferstelbere skouderban yntrodusearre. Tsjin 'e ein fan 'e Twadde Wraldoarloch droegen hast alle froulju yn Noard-Amearika , Jeropa , Australaazje en guon lannen yn Sud-Amearika (lykas Argentynje en Sily ) in beha, wylst froulju yn Aazje , de rest fan Latynsk-Amearika en dielen fan Afrika der doe ek mei begunen.

Troch de jierren hinne wiene ferskate types beha yn 'e moade . Sa wie it yn 'e 1920-er jierren yn 'e Feriene Steaten wizansje om 'e boarsten sa plat mooglik te drukken mei de saneamde flapper . Yn 'e twadde helte fan 'e 1940-er jierren en yn 'e 1950-er jierren droegen modieuze froulju de saneamde puntbeha of bullet bra , dy't kegelfoarmige cups hie en derom sterk nei foarren ta utstiek. Yn 'e iere 1960-er jierren wiene lytse boarsten yn 'e moade, wat op 'e nij late ta beha's dy't de boarsten platdrukten. Yn 'e 1970-er jierren begunen fabrikanten foar it earst beha's sa noflik en natuerlik mooglik te meitsjen. Yn 'e 1990-er jierren wiene grutte boarsten modieuzer, mei as gefolch dat de push-upbeha untwikkele waard, dy't de boarsten opheech drukt sadat se grutter lykje as dat se eins binne.

sjongster Patti Page mei in bullet bra mei kegelfoarmige cups.

Noflikens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Beha's binne yngewikkelde stikken klean dy't besteane ut in soad ferskillende dielen dy't oaninoar naaid wurde moatte. Om massaproduksje mooglik te meitsjen, geane fabrikanten ornaris ut fan idealisearre boarstfoarmen en mjitten dy't foar de measte froulju te grut of te lyts binne. Boppedat wurde froulju troch reklame en de jildende moade beynfloede om beha's te keapjen dy't de yndruk wekje dat se lytsere of gruttere boarsten hawwe as dat se eins hawwe. Deropta is it ek nochris sa dat der gjin ynternasjonale standerts binne foar de fabrikaazje fan beha's, sadat mjitmetoaden tusken underskate lannen sterk ferskille kinne.

Fanwegen boppeneamde sitewaasje is it foar in protte froulju dreech en fyn in goed passende beha. En as se dan alris in behatype untdekke dat noflik sit, hawwe se faak de niging om dyselde behamjitte te dragen ek al komme se oan of slankje se of, wat fansels ynfloed op 'e grutte en foarm fan harren boarsten hat. Al dy faktoaren meitsje dat wol oant 85% fan alle froulju yn 'e wrald beha's drage dy't harren eins net goed passe. De mearderheid fan 'e froulju underfynt sadwaande geregeldwei ungemak of sels pine fan it dragen fan in beha.

Soarten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Der binne in protte ferskillende soarten beha's, dy't nei styl, funksje en materialen underskaat wurde kinne. De meast foarkommende binne:

  • klassike beha: in beha mei in trijehoekich basismodel, mooglik fuortsterke mei bleinen of bugels, benammen oan 'e underkant.
    • beha mei eftersluting
    • beha mei foarsluting
  • push-upbeha : in beha dy't de boarsten omheech triuwt, sadat se grutter lykje en der in oantreklik dekolletee untstiet.
  • minimiser : in beha dy't de boarsten plat tsjin it lichem oan triuwt, sadat se lytser lykje.
  • balconette (letterlik: "balkontsje"): in beha dy't sels sa leech utsnien is dat er net te sjen is under boppeklean mei in leech utsniene hals De cups hawwe in lizzende healmoannefoarm, mei de rjochte line boppelans. It plak der't de skouderbantsjes festsitte wurdt mear nei de butenkant ta ferskood.
  • sportbeha : in beha makke fan stevige elastyske stoffen, mei as doel om 'e boarsten by it sporten sa unbeweechlik mooglik te halden. Sportbeha's hawwe gjin bleinen of bugels en ynstee derfan hawwe de cups faak mear stof as by in oar model yn deselde mjitte.
  • boarstfiedingsbeha : in beha dy't untwurpen is om boarstfieding jaan te kinnen oan jins poppe sunder de beha ut te dwaan. De cup hat derta yn 'e midden in gat of kin der iepenmakke wurde.

It berekkenjen fan cupmaten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Men kin jins eigen cupmjitte (of dy fan in oar) berekkenje troch in mjitlint te bruken. Earst mjit men de omfang fan it boppelichem fuort under de boarsten op, de saneamde underbustewiidte of koartwei underwiidte. Dernei leit men it mjitlint boppe op 'e boarsten en mjit men sa op 'e nij de omfang fan it boppelichem, de saneamde boppebustewiidte of boppewiidte. It ferskil yn sintimeters is dan de cupmaat.

ferskil yn sm tusken
boppe- en underwiidte
cupmaat
10-12 sm AA-cup
12-14 sm A-cup
14-16 sm B-cup
16-18 sm C-cup
18-20 sm D-cup
20-22 sm DD-cup
22-24 sm E-cup
24-26 sm F-cup

Beha's troch de jierren hinne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .