Heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amerikaansk Heechgerjochtshof )
Heechgerjochtshof fan
de Feriene Steaten
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folut Supreme Court of
   the United States
ofkoarting SCOTUS
lan Feriene Steaten
oprjochte 1788
falt under neat (selsstannige ynstansje)
doel rjochtshanthavening
sifers
leden 9 (sunt 1869)
jierliks budget $ 94 miljoen (2017)
oar
webside www.supremecourt.gov

It Heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten ( Ingelsk : Supreme Court of the United States ), ornaris better bekend as it Amerikaansk Heechgerjochtshof , en wolris ofkoarte ta SCOTUS , is it heechste federale gerjochtshof fan 'e Feriene Steaten . It is festige yn 'e Amerikaanske haadsted Washington, D.C. , der't it syn sit hat yn it Heechgerjochtsgebou fan de Feriene Steaten . It Heechgerjochtshof is in ynstansje fan 'e Amerikaanske oerheid , mar is bestjoerlik selsstannich, sa't dat betamsum is yn in lan dat de skieding fan 'e machten earbiediget.

Algemien [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten waard yn 1789 oprjochte neffens kest III fan 'e Amerikaanske Grunwet . It is it iennichste diel fan 'e Amerikaanske rjochterlike macht dat weromgiet op 'e Grunwet; alle oare gerjochtshoven en rjochtbanken binne ynsteld troch it Amerikaanske Kongres . It Heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten is de hoeder en hanthavener fan 'e Amerikaanske Grunwet en fan 'e Amerikaanske federale wetjouwing , hoewol't de ynfloed derfan beheind is ta rjochtsaken der't it jurisdiksje oer hat. It is it ultime hof fan berop yn 'e Feriene Steaten, ferlykber mei de Ried fan Steat yn Nederlan . Sadwaande binne de utspraken fan it Heechgerjochtshof finaal, wat betsjut dat der net fierder tsjin yn heger berop gien wurde kin. It hof kin der trouwens ek foar kieze om oan te jaan dat it fynt dat it sels yn in beskate saak gjin foech hat; dermei wurdt sa'n saak weromferwiisd nei it funis fan in legere rjochtbank.

De gearstalling fan it Amerikaansk Heechge- rjochtshof fan 2010 oant febrewaris 2016 : Steand f.l.n.rj.: Sonia Sotomayor , Stephen G. Breyer , Samuel A. Alito en Elena Kagan ; sittend f.l.n.rj.: Clarence Thomas , Antonin Scalia , John Roberts , Anthony Kennedy en Ruth Bader Ginsburg .

Leden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Heechgerjochtshof bestiet sunt 1869 ut njoggen leden: de opperrjochter fan de Feriene Steaten en acht mei-rjochters fan it Heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten . Alle njoggen wurde dy't nominearre troch de sittende presidint fan de Feriene Steaten en befestige troch de Amerikaanske Senaat . Sawol de opperrjochter as de mei-rjochters wurde yn prinsipe foar it libben beneamd, of it moat weze dat se der ut eigen beweging foar kieze om unslach te nimmen of mei pinsjoen te gean, of dat se unfrijwillich ofset wurde fanwegen unbekwaamheid, hoewol't dat leste noch nea foarkommen is.

Hjoed oan 'e dei wurde de leden fan it Heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten ornaris klassifisearre as konservatyf , moderaat of progressyf (yn 'e Feriene Steaten liberal neamd) yn harren politike en maatskiplike opfettings en juridyske ynterpretaasje . By eltse rjochtsaak dy't it Heechgerjochtshof oanheart, hat elts fan 'e leden ien stim, en hoewol't in protte saken mei unanime stimmen beslist wurde, komt ut 'e wichtichste en/of kontroversjeelste saken gauris in dudlik ferskil yn ideologyske opfettings nei foarren tusken benammen de konservative en de progressive leden. Derby kin yn 'e regel de miening fan 'e konservative leden lykslein wurde mei dy fan 'e Republikeinske Partij , wylst de miening fan 'e progressive leden oerienkomt mei dy fan 'e Demokratyske Partij .

Per 1 jannewaris 2017 wie de opperrjochter John Roberts ; mei-rjochters fan it Heechgerjochtshof wiene: Samuel A. Alito , Stephen G. Breyer , Ruth Bader Ginsburg , Elena Kagan , Anthony Kennedy , Sonia Sotomayor en Clarence Thomas . De achtste mei-rjochterssit wie fakant sunt febrewaris 2016 , doe't Antonin Scalia kommen wie te ferstjerren. Neitiid joech Kennedy syn sit yn july 2018 op, wylst Ginsburg yn septimber 2020 kaam te ferstjerren . Dat stelde de Republikeinske presidint Donald Trump by steat om trije nije aartskonservative rjochters yn it Heechgerjochtshof te beneamen: Neil Gorsuch yn april 2017 , Brett Kavanaugh yn oktober 2018 en Amy Coney Barrett yn oktober 2020 . Dermei waard it polityk lykwicht fan it hof bliuwend fersteurd, mei't de konservativen der doe in mearderheid fan 6 tsjin 3 krigen. Dat hie fiergeande gefolgen, lykas it omsmiten, yn juny 2022 , fan 'e eardere utspraak fan it Heechgerjochtshof yn 'e rjochtsaak Roe v. Wade ut 1973 , wermei't it algemien rjocht op abortus yn 'e Feriene Steaten opheft waard.

Utspraken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Guon fan 'e meast ferneamde en ynfloedrike rjochtsaken dy't troch utspraken fan it Heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten besljochte waarden, wiene:

It Heechgerjochtsgebou fan 'e Feriene Steaten , oan 1st Street yn Washington, D.C.

Utspraken fan it Heechgerjochtshof fan de Feriene Steaten kinne mei opsetsin troch it Amerikaanske Kongres weromdraaid wurde troch in amendemint oan 'e grunwet ta te foegjen. Dat is yn 'e Amerikaanske skiednis fiif kear bard:

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .