Algerije

Ut Wikipedy
al-djoemhoeriyya al-djaza'iriyya al-dimoeqratiyya al-sa'biyya
??????? ????????? ????????? ?????????
Flagge fan Algerije
Flagge
Lokaasje fan Algerije
Offisjele taal Arabysk , Berbersk
Haadsted Algiers
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
2.381.740 km²
-­%
Ynwenners ( 2005 ) 32,8 miljoen
Munt Algerijnske dinar (DZD)
Tiidsone UTC +1
Nasjonale feestdei 1 novimber ( 1954 ) dei fan de revolusje
Lankoade DZA
Ynternet .dz
Tillefoan 213

Algerije ( Arabysk : ???????; Berbersk : Lz?ayer ), folut de Demokratyske Folksrepublyk Algerije , is in lan yn it noarden fan it wralddiel Afrika .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Lizzing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It lan wurdt begrinzge troch:

Lanskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Ahaggar-berchtme yn Sud-Algerije.

Algerije bestiet foar 85% ut woastyn -gebieten, de Sahara en foar it oare part ut in fruchtbere kustflakte efter de 1300 km lange Middellanske Seekust . Bylans de kust wenne ek de measte Algerijnen.

Yn it kustgebiet hearsket in Mediteraansk klimaat yn de woastyngebieten in woastynklimaat.


Bestjoerlike yndieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Algerije is diele yn 48 provinsjes. In oersjoch fan bestjoerlike yndieling nei provinsjes:

Kaart mei provinsjes fan Algerije
Kaart mei provinsjes fan Algerije

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mei de komst fan Islam kamen yn 'e 8e iuw in protte feroaringen yn it lan. Arabysk waard de nije taal en de Islam it nije leauwen, der wienen doe al in grut tal minsken dy Kristlik of Berberleauwen bleaun oanhingjen. Oant 777 wie Algerije in part fan it Arabyske Ryk under de Omajjaden. Nei 777 krige it mear unofhinklikens under de Rustamiden dynasty . Letter wienen de Fatimiden, de Almoraviden en de Almohaden oerhearskjend.

Yn 1516 ferovere it Ottomaanske Ryk Algerije, dat bleau sa oant healwei de 19e iuw . De Fransen oermasteren Algerije healwei de 19e iuw en festige hjir in Franske koloanje.

unofhinklikens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Novimber 1954 ferklearre it Front de Liberation Nationale (FLN) de kriich oan de Fransen. Mei in unofhinklikenskriich mei folle blud wie Algerije yn 1962 unofhinklik.

Tsjin de winsk fan 'e Fransen yn Algerije, ferklearre Presidint Charles de Gaulle Algerije op 3 july 1962 unofhinklik. Op 25 septimber 1962 waard offisjeel de nije republyk stift.

Ahmed Ben Bella, stifter fan it FLN, waard premier en in jier letter waard hy presidint fan Algerije.

Op 19 juny 1965 besocht kolonel Houari Boumedienne de macht oer te nimmen en ynstee fan in demokrasy in militere diktatuer yn te fieren. Hawar, nei tsien jier regearen oer Algerije ferklearre Boumedienne dat it tiid wie foar ferkiezings. De nije grunwet waard by referindum oannaam yn novimber 1976 . Meidat allinnich FLN-leden it rjocht hiene op 'e ferkiezings list te stean, waard Boumedienne op 'e nij as presidint keazen.

De ferkiezings fan desimber 1991 binne wun troch it Islamityske Front Islamique du Salut' . De oerwinning fan it Islamityske FIS kaam hurd oan yn Frankryk . It leger besocht de macht oer te nimme, tenei it FIS ferbean waard en presidint Bendjedid, dy herfoarmings tasein hat, waard ofset. Syn plakferfanger waard de stive Liamine Zeroual, dy stipe hie fan it Franske regear. Yn tsjinstelling oant wat folle minsken yn harren tinzen hienen. Kaam der dochs yn guerilja kriich en waard mei in terroristyske kriich tsjin de steat utein set. Likernoch 100.000 minsken binne yn de boargerkriich ferstoarn.

Yn 2003 waard it noarden troch in swiere ierdskodding troffen.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Befolking [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De haadsted en grutste sted fan it lan is Algiers . De measte minsken, 70%, wenje yn de brede, bercheftige kuststreek, part fan de Magrib . It grutste part fan it lan, besuden it Atlasberchtme , is part fan de noardlike Sahara . Hjir wenje de minsken meast by oazen , al is der ek noch hieltyd in part nomaden yn it lan. De ynwenners fan Algerije binne yn it noarden lykwols allegear Arabieren . Fierder nei it suden wenje de Berbers mei harren Berbertaal. Njonken it Arabysk en it Berbersk is it Fransk de sprektaal mar hat gjin offisjele status.

Religy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oerhearskjende godstsjinst is de Islam , en der bestiet gjin frijheid fan godstsjinst. Sa hawwe hja bygelyks straffen foar it bekearen nei in oar leauwen. Foar 1962 wennen yn Algerije hundert tuzenen Katoliken , yn 2006 wienen der noch mar 11.000 fan oer.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

BYP per persoan is $ 6,700 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 8,2% lanbou, 61,5% yndustry en 30,3% tsjinsten. Yn 2007 wie de Feriene Steaten de wichtichste eksportpartner en Frankryk de wichtichste ymportpartner. Algerije hat de acht-grutste gas reserve fan de wrald en is de fjird-grutste gas eksporteur (2007).