한국   대만   중국   일본 
Alan Stivell - Wikipedy Springe nei ynhald

Alan Stivell

Ut Wikipedy
Alan Stivell
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysunderheden
echte namme Alan Cochevelou
nasjonaliteit Fransk
berne 6 jannewaris 1944
berteplak Riom ( Auvernje )
etnisiteit Bretonsk
Joadsk
wurkpaad
sjenre Keltyske muzyk
sjongtaal Bretonsk , Fransk , Ingelsk
ynstrumint harp , doedelsek , bombard
jierren aktyf 1955 ? no
offisjele webside
alanstivell.bzh

Alan Stivell ( utspr. : [a?lon stiː?v?lː], likernoch: "ah- lan stii- vel le"; echte namme : Alan Cochevelou ; Riom , 6 jannewaris 1944 ) is in Fransk sjonger en muzikant . Syn sjenre is de Keltyske muzyk en hy sjongt almeast yn it Bretonsk . Stivell bespilet u.m. de Keltyske harpe , de doedelsek en de bombard . Hy stiet bekend as in modernisator fan 'e folksmuzyk fan Bretanje en is in stanhefte ferdigener fan 'e Bretonske kultuer .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alan Stivell waard yn 1944 berne as Alan Cochevelou yn Riom , yn 'e regio Auvernje fan sudlik sintraal Frankryk. Syn heit , Georges Cochevelou (of Jord Cochevelou yn it Bretonsk ) wie in amtner fan etnysk Bretonsk komof dy't ek grut muzikaal talint hie en de Keltyske harpe , werfan't it bouproses ferlern gien wie, wist te rekonstruearjen. Syn mem Fanny-Julienne Dobroushkess wie in Joadinne wa har famylje ut Litouwen kaam. Hoewol't Stivell opgroeide yn Parys , rekke er besleifere fan 'e Bretonske folksmuzyk en de Keltyske kultuer , en fan syn teenagejierren of wied er gauris yn Bretanje te finen.

Alan Stivell bespilet de doedelsek .

Stivell begun yn 1953 , doe't er njoggen jier wie, de Keltyske harpe te bespyljen under tafersjoch fan syn heit en fan 'e konsertharpiste Denise Megevand . Syn heit brocht him ek de Bretonske taal by, Keltyske mytology , keunst en skiednis , Bretonske dunsen en it bespyljen fan 'e doedelsek en de bombard . (Dat leste is in tradisjoneel Bretonsk muzykynstrumint dat besibbe is oan 'e hobo .) Al mei alve jier begun Stivell konserten te jaan. Hy bestudearre tradisjonele Bretonske, Ingelske , Ierske , Skotske en Welske folksmuzyk en learde ek de tromme , de Ierske fluit en de tinfluit te bespyljen. As lid fan 'e Bleimor Fluitband died er mei oan en wun er ferskate kompetysjes yn Bretonske folksmuzyk.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De earste muzykopname fan Stivell waard yn 1959 festlein, doe't er as solo-harpist en as backing-harpist te hearren wie op 'e platen Breiz Ma Bro ("Bretanje Myn Lan") en Mouez Breiz ("Stim fan Bretanje"). Yn 1960 ferskynde syn earste solowurk: Musique gaelique , dat as single utbrocht waard. Om dy tiid hinne betocht er ek syn artystenamme "Stivell", dat " fontein " betsjut yn it Bretonsk. Dermei woed er sawol ferwize nei de oplibbing fan 'e Bretonske kultuer as nei syn echte famyljenamme , "Cochevelou", dy't in Fransktalige ferbastering is fan it Bretonske kozh stivellou , "de alde fonteinen". Yn 1964 publisearre er syn earste LP , mei as titel Telenn Geltiek . Fan 1966 of trede er op as sjonger en muzikant . Yn 1968 krige er foar it earst bekendheid buten Frankryk, doe't er yn Londen optrede mei de Moody Blues .

Alan Stivell by it duet Brian Boru , dat er op 16 febrewaris 2012 by in konsert yn Parys song mei Nolwenn Leroy .

Stivell wie in foarrinder fan 'e modernisearring fan 'e Bretonske en Keltyske folksmuzyk dy't bekend stiet as Keltyske rock . Yn 1970 hied er mei it liet Broceliande en it album Reflets syn earste echte hits . Hy rekke nau ferbun mei de oplibbing fan 'e Bretonske kultuer dy't him ek yn dy jierren foardie, benammen nei't er yn 1971 it folslein ynstrumintale album Renaissance de la Harpe celtique utbrocht. Dermei wun er de prestizjeuze priis fan 'e Academie Charles Cros . Stivell syn eklektyske omgong mei muzyk wie doedestiden wat nijs en waard as riskant sjoen, mar hy waard al rillegau tige populer . Fan 'e live-registraasje A l'Olympia , fan syn optreden yn 'e konserthal Olympia yn Parys op 28 febrewaris 1972 , giene mear as 1,5 miljoen eksimplaren oer de toanbank. Behalven yn Frankryk waard er ek populer yn Kebek .

Yn 1976 publisearre Stivell it album Trema'n Inis: Vers l'ile , in yntime oade oan syn koartby ferstoarne heit, dy't er opdroech oan alle Bretonske dichters fan 'e tweintichste iuw . Op syn album Symphonie Celtique: Tir Na N-Og , ut 1979 , fermong er foar it earst Bretonske folksmuzyk mei eleminten fan rockmuzyk , orkestrale symfonyen en wraldmuzyk lykas de sang fan 'e Berberske sjonger Djourha en it spyljen fan 'e Yndiaaske sitarist Narendra Bataju . Yn 'e 1980-er jierren sakke de oplibbing fan Keltyske folksmuzyk wat wei, en Stivell syn stjer ferbleekte navenant. Nettsjinsteande dat wied er tsjin dy tiid in festige namme mei in trouwe skare fans . Hy gie op in ynternasjonaal toernee en wurke gear mei ferneamde popartysten , lykas Kate Bush .

Yn 'e 1990-er jierren gie Stivell fierder op it ynsleine paad. Foar syn album Again naam er muzyk op mei de Franske sjonger Laurent Voulzy , de Ierske artyst Shane MacGowan en de Senegaleeske muzikant Doudou N'Diaye Rose . Again waard tige populer yn Frankryk en stie der oan 'e widze fan in nije oplibbing fan 'e Keltyske folksmuzyk. Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren fermong Stivell mear rockeleminten troch syn muzyk. Yn dy snuorje wurke er foar syn album 1 Douar / 1 Earth gear mei u.o. Paddy Moloney fan The Chieftains , Jim Kerr fan 'e Simple Minds en fierders mei Khaled en Youssou N'Dour .

Yn 1998 hie it raptrio Manau mei La Tribu de Dana ien fan 'e bestferkeapjende Franske hits aller tiden. Derfoar brukten se muzyk dy't tige liek op Stivell syn Tri Martolod . Hy klage Manau oan foar plagiaat . It trio hold ut dat der genoch ferskil wie, mar de rjochter gie der net yn mei en Stivell stiet no te boek as skriuwer fan in diel fan La Tribu de Dana . Yn 2004 skreau Stivell y.g.m. Jean-Noel Verdier it boek Telenn, la Harpe bretonne ("Telenn, de Bretonske Harp"), ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan it Bretonske harprevival. Yn 2006 fermong er de Bretonske folksmuzyk foar it album Explore mei elektrorock , raga , hiphop en oare urban -muzykstilen. De lieten op dat album wiene skreaun yn in mingsel fan Bretonsk, Fransk en Ingelsk . Yn 2015 brocht Stivell syn 20e studio-album ut, mei as titel AMzer: Seasons .

Alan Stivell bespilet de bombard .

Diskografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Studio-albums [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1964 ? Telenn Geltiek / Harpe celtique
  • 1970 ? Reflets / Reflections
  • 1971 ? Renaissance de la Harpe celtique
  • 1973 ? Chemins de Terre
  • 1974 ? E Langonned
  • 1976 ? Trema'n inis: Vers l'Ile
  • 1977 ? Raok Dilestra: Avant d'accoster
  • 1978 ? Un dewezh 'barzh 'ger: Journee a la maison
  • 1979 ? Symphonie Celtique: Tir Na N-Og
  • 1981 ? Terre des vivants: Bed an dud vew
  • 1983 ? Legend / Legende / Mojenn
  • 1985 ? Harps of the New Age / Harpes du Nouvel Age / Telenn a' Skuilh-dour
  • 1991 ? The Mist of Avalon
  • 1993 ? Again
  • 1995 ? Brian Boru
  • 1998 ? 1 Douar / 1 Earth
  • 1999 ? Back to Breizh
  • 2002 ? Au-dela des mots / En tu-hont d'ar c'homzou / Beyond Words
  • 2006 ? Explore
  • 2009 ? Emerald
  • 2015 ? AMzer: Seasons

Live-albums [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1972 ? A l'Olympia
  • 1975 ? E Dulenn / A Dublin
  • 1979 ? International Tour: Tro ar Bed

N.B.: Hoewol't A l'Olympia en E Dulenn live-registraasjes fan konserten binne, besteane dy albums hielendal ut nije, nea earder utbrochte numers.

Kompilaasje-albums [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1975 ? Grand Succes d'Alan Stivell
  • 1997 ? 70/95 Zoom
  • 1997 ? Routes
  • 1999 ? Vers l'ile
  • 2012 ? Ar Pep Gwellan
  • 2013 ? 40th Anniversary Olympia 2012

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .