Afrikaanske Uny

Ut Wikipedy
Flagge fan de Afrikaanske Uny

De Afrikaanske Uny (koartsein AU ) is in ynternasjonale organisaasje besteande ut fjouwer-en-fyftich Afrikaanske lidsteaten. Stifte yn Durban yn july 2002 , de AU wie in ferfanger foar de organisaasjes African Unity en de African Economic Community .

De AU hat ta doel, ien jildienheid yn te fieren en utein te setten mei in yntegrearre armee, lykas oare ynstitusjes dy't in steat hat, ynklusyf in kabinet foar it AU Siktaris-Generaal . Dit hat ta doel it ferbetterjen fan feiligens foar de demokrasy op it kontinint, minskenrjochten, en waaksen fan de Afrikaanske ekonomy, troch it einigjen fan konflikten tusken beskate Afrikaanske lannen.

Lidsteaten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Alle Afrikaanske landen binne lid fan de Afrikaanske Uny

Talen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens de grunwet fan de Afrikaanske Uny, binne de wurktalen Arabysk , Ingelsk , Fransk , Portegeesk en "as it heal kin" wurde oare Afrikaanske talen ek brukt. [1] In wetsfoarstel ta feroaring fan de grunwet dy't noch net brukt wurdt (yn 2007) wie yn 2003 oannaam en makket it mooglik om Spaansk , Swahily en "oare Afrikaanske talen" as "offisjele taal" te bruken (ynstee fan "wurktaal"). [2] Dochs duorret it oersetten fan dokuminten fan de AU lang en komme bytiden te let, dat sels it bruken fan de fjouwer wurktalen makket it dreech om it deistige wurk op 'e tiid dien te meitsjen.

De Afrikaanske Taal Akademy, stifte yn 2001, stimulearret it bruken en libben halden fan de Afrikaanske talen by it Afrikaanske folk.

Ferwizing nei boarne [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  1. Kest 25, Grunwet fan de Afrikaanske Uny.
  2. Kest 11, Protokol ta feroaring fan de grunwet fan de Afrikaanske Uny

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]