한국   대만   중국   일본 
Gregoriaanske kalinder - Wikipedy Springe nei ynhald

Gregoriaanske kalinder

Ut Wikipedy
Paus Gregorius XIII

De Gregoriaanske kalinder is de kalinder dy't op it stuit brukt wurdt yn de westerske wrald.

Oanpassing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Gregoriaanske kalinder is in oanpassing fan de Juliaanske kalinder , om't dy oer de rin fan in milennium sa'n 7,8 dagen te lang duorre. De ferbettering fan paus Gregorius XIII , op rie fan Lilio en oaren, wie dat in iuw-jier gjin skrikkeljier is, utsein as it dield wurde kin troch 400. Dit is noch net perfekt, en men hat dan ek alris utsteld om elts jier dat troch 4000 dield wurde kin ek gjin skrikkeljier te meitsjen, mar eins is it sa dat men der net wis fan is dat oer sa'n lange tiid it sinnejier altyd likelang bliuwe sil.

Ynfiering [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tinkstien tachtigjierrige oarloch, Jakobinertsjerke Ljouwert

De Gregoriaanske kalinder is 24 febrewaris 1582 , mei de bul Inter gravissimas , troch Gregorius XIII ynsteld. Dat woe net sizze dat dizze tiidrekkening ek oeral daalks ynfierd waard. Ien fan de problemen wie dat by it ynfieren ek de ofwiking oant dan ta wer goedmakke wurde moast. Mar by de oanpassings hat wis ek it ferskil tusken Katoliken en de Protestanten meispile. Sa wurdt yn it beslut fan de Steaten fan Fryslan ek net sprutsen fan it ynfieren fan de "Gregoriaanske kalinder", mar fan it ynfieren fan de "ferbettere Juliaanske kalinder".

De measte katolike lannen hawwe de kalinder daalk ynfierd, werby op tongersdei 4 oktober 1582 freed 15 oktober 1582 folge. Mar oare lannen hawwe langer wachte om't se eins net oan dy nuvere oergong yn de kalinder woenen. De sudlike en westlike Nederlannen wienen der fluch by; in part die it al yn 1582, en de rest, lykas West-Fryslan , gong fan 1 jannewaris 1583 nei 11 jannewaris 1583. Mar de noard-eastlike, werunder Fryslan , binne pas fan 31 desimber 1700 op 12 jannewaris 1701 oergongen, utsein de Grinzer Ommelannen dy't pas yn 1711 oergongen binne. Dizze oergong fan alve dagen hat de oarsaak west fan it untstean fan dagen as Alde Maaie en Ald Alderheljen .

Mar yn de Sowjetuny hat de oergong noch yngripender west. De Sovjetuny gong yn 1918 oer, koart nei de Russyske revolusje . Doe wie it ferskil fansels noch grutter wurden. Nei 31 jannewaris 1918 kaam derom 14 febrewaris , sa't 13 dagen ynhelle wienen. Om't de revolusje op 25 oktober 1917 wie, skode de jierdei derfan ek troch. Sa komt it dat de Oktober-revolusje yn novimber fierd waard.

It leste lan dat de Gregoriaanske kalinder ynfierde wie Grikelan , yn 1924 . Mar yn in part fan de Otterdokse tsjerken wurdt foar de tsjerke-kalinder hieltyd noch mei de Juliaanske kalinder rekkene.

Alde en nije styl [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tusken 1583 en 1700 brukten Fryslan en Hollan ferskillende kalinders. De Fryske steedhalder Willem Freark , dy't ek geregeldwei nei De Haach moast, hold yn syn deiboeken beide datums oan, bygelyks yn 1643: Den 23 april/3 maij ginck ick uyt Vrieslandt oover Bolswert, Worckum ende quam dien avont tegens wint noch tot Enckhuysen om half achten ende nam strackx een waghen ende voer nae Alckmaer …… [1] Fiif jier letter einige de Tachtichjierrige oarloch . De Steaten fan Fryslan lieten in tinkstien foar de frede fan Munster meitsje, mei de wichtichste datums der op, yn alde en nije styl. Oer de tekst fan it fredesferdrach wie yn jannewaris 1648 oerienstimming berikt. Yn Fryslan stie de kalinder op 20 jannewaris, yn Hollan op 30 jannewaris. Itselde ferskil wie der by de datums fan it offisjeel goedkarren fan it ferdrach en fan de spektakulere feesterijen . De Steaten pleatsten de tinkstien tsjin de gevel fan har gearkomsteplak, it Lanskipshus yn Ljouwert . (Tsjintwurdich sit de stien yn it koar fan de Grutte of Jakobinertsjerke .)

Ungelok prins Maurits, Frjentsjer 1665 nije styl

Wa't gjin dubele boekhalding fiere woe moast mei klam neame hokker datum hy brukte: alde of nije styl. In foarbyld derfan stiet op de gevelstien yn de muorre fan it eardere Blau Weeshus yn de Dykstrjitte yn Frjentsjer . Op 6 jannewaris 1665 sakke prins Jehan Maurits fan Nassau-Siegen mei in diel fan syn gefolch troch de houten brege yn de Dykstrjitte. Hy wie in neef fan de Fryske steedhalder Willem Frederik, dy't op 31 oktober 1664 ferstoarn wie. Johan Maurits hie de bysetting fan de steedhalder yn de Jacobinertsjerke op 25 desimber 1664 bywenne. De trije hjir neamde datums binne nije styl. De bysetting fan de steedhalder wie dus foar de Friezen net op earste krystdei, want foar harren wie it pas 15 desimber alde styl. Jehan Maurits bleau dernei noch yn Ljouwert om der de Fryske krystdagen mei te meitsjen, want dy wiene yn Hollan al foarby. [2]

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gloria Parendi. Dagboeken van Willem Frederik, stadhouder van Friesland, Groningen en Drenthe, Dagboek 1943 p. 43
  2. Hofstede de Groot, C., De schilder Frans Carree en zijne teekeningen voor de Lijkstatie van Vorst Willem Frederik van Nassau, De Vrije Fries 1918 pp. 12-36; http://www.mpaginae.nl/At/WF.htm : begrafenis Willem Frederik 1664; W. Bergsma, Enege Gedenckwerdege geschiedenissen, Kroniek van de Friese militair Poppo van Burmania uit de Tachtigjarige oorlog (Hilversum 2012) pp. 160-163