한국   대만   중국   일본 
Nederlan - Wikipedy

Nederlan ( Nederland ) is in lan yn Jeropa , mei 17.850.000 ynwenners yn 2023, en mei in oerflak fan 41.543 km² (werfan 7.648 km² wetter). De haadsted is Amsterdam en de kening fan de monargy is sunt 2013 kening Willem-Alexander .

Keninkryk fan de Nederlannen
Koninkrijk der Nederlanden
Flagge fan Nederlân Wapen fan Nederlân
Biedwurd : Je maintiendrai
"Ik sil hanhave"
Folksliet : Wilhelmus
Haadsted Amsterdam
Offisjele taal Nederlansk
Offisjele minderheidstaal Frysk 1
Ingelsk 2
Papiamintsk 2
Steatsfoarm Konstitusjonele monargy
- steatshaad Kening Willem-Alexander
- regearlieder Mark Rutte
Unofhinklikheid 1581
Oerflak 41.543 km²
- lan 33.895 km²
- wetter 7.648 km²
Ynwennertal 17.850.301 [1] (maaie 2023)
Befolkingstichtens 430 ynwenners/km²
Muntienheid Euro (EUR)
Tiidsone MET ( UTC +1)
- simmertiid MEST ( UTC +2)
Nasjonale feestdei 27 april ( Keningsdei )
5 maaie ( Befrijingsdei )
Ynternetdomein .nl
Telefoan +31
ISO 3166 NL, NLD, 528 [2]
1. Yn Fryslan hat it Frysk de status fan offisjele taal, lykas it Nederlansk .
2. Op Bonere , Sint-Eustasius en Saba binne benjonken it Nederlansk ek it Papiamintsk en it Ingelsk offisjele talen.

Skiednis bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Nederlan .

Yn de prehistoarje hawwe der sunt de Iistiid al jagers libbe yn de hegere gebieten fan it lan. Yn de leste milenniums foar Kristus kaam der lanbou by. De histoarje begjint foar Nederlan mei de Romeinen dy't benammen besuden de Ryn taholden. Yn harren tiid waarden de earste steden stifte. De Romeinen rommen it om 400 hinne it fjild foar de Franken en Friezen dy't mekoar de hearskippij bestriden hawwe oer it midden fan Nederlan. Om 800 hinne behearsket Karel de Grutte mei grutte parten fan Jeropa ek hiel Nederlan. In ryk fan de Franken waard troch erfopfolging slit; ien fan de gefolgen derfan wie dat men yn Nederlan gjin ferwar hie tsjin oanfallen fan de Wytsingen .

Nei 1000 kaam in ein oan dy ynfallen, en gie it yn West-Jeropa sa best dat de lokale hearren harren gebiet begunen ut te wreidzjen. Dit late yn de 14e iuw ta de partijtiid, dy't uteinliks troch de Habsburgers einige waard. Sy makken de Nederlannen ta in ienheid, der't fan 1568 of, it noardlike part him unofhinklik fan makke. Dizze Republyk fan de San Feriene Nederlannen bestie oant de Franske tiid , doe't it lan yn fazen part fan it Franske Keizerryk waard.

Nei de Franske tiid waard yn 1814 Nederlan in keninkryk , earst mei ek de sudlike Nederlannen derby, en mei Luksemboarch yn in personele uny , mar uteinlik mei ungefear de hjoeddeiske grinzen. Yn de Earste Wraldkriich wie Nederlan neutraal, mar troch de oarloch wie de see net feilich, en de hannel en it iten runen tebek. Nei de oarloch gie it gau better, oant de Krisisjierren . Hjirnei kaam, tagelyk mei it opbetterjen, yn Jeropa it faksisme , wat late ta de Twadde Wraldkriich . Yn 1940 waard Nederlan ynnaam troch Dutslan , en earst yn 1945 wer befrijd.

Troch de Dutske ynfal yn Nederlan waard dudlik dat de Nederlanske neutraliteit by ynternasjonale konflikten net altyd feilich te stellen wie. It neutraliteitstinken ferdwun nei de Twadde Wraldkriich en Nederlan slute him oan by de NAFO . Yn 1951 rjochte Nederlan mei Dutslan, Frankryk, Belgje, Luksemboarch en Itaalje de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel op (foarrinner fan de Europeeske Uny . Yn 1944 waard de Beneluks oprjochte, dy't sunt 1960 de status fan in ekonomyske uny hat.

Maatskiplik feroare yn de sechtiger jierren gans. De ferpyldering waard fuort nei de oarloch al minder fanselssprekkend. De ledetallen en de ynfloed fan de tsjerke waarden lytser. Troch de massamedia koenen de minsken ienfaldiger te witten komme hoe't minsken yn oare pylders libben en tochten. Mei troch de massamedia en de oangeande demokratisearring waarden de minsken hieltyd selsstanniger en fielden net mear de needsaak om de foarskriften ut de eigen pylder te folgjen.

Histoaryske steatsfoarmen fan Nederlan bewurkje seksje

Geografy bewurkje seksje

 
Kaart fan Nederlan
boarne: The World Factbook CIA

Nederlan leit yn it noardwesten fan Jeropa en wurdt begrinzge troch de Noardsee yn it westen en noarden, Dutslan yn it easten, en Belgje yn it suden. De langrinzen binne yn totaal 1027 km lang, de kust hat in langte fan 451 km. Yn it Karibysk gebiet lizze noch trije eilannen dy't underdiel binne fan Nederlan.

Hichte bewurkje seksje

Nederlan is foarme as in rivierdelta , dy't it heechst is yn it sudeasten, en nei alle kanten omleech rint. It heechste punt fan de Nederlan is de Mount Scenery mei 877 meter, it heechste punt fan de 12 provinsjes is de Faalserberch mei 322 meter. It djipste punt leit yn de Sudplaspolder yn de gemeente Nijtsjerk oan de Isel , mei 6,76 meter under Amsterdamsk peil .

Grutte parten fan it lan binne ferlern oan en weromwun op de see. De helte fan it lan is dan ek net heger as in meter boppe seenivo, en in fearn fan it lan leit sels under seenivo. Dat betsjut dat sunder diken in fearn fan it lan normaal under wetter stean soe, en mear as de helte by elts heech wetter oerspield wurde soe. Ien fan de Nederlanske provinsjes, Flevolan bestiet hielendal ut polders, en leit kompleet under seenivo. Utsein Limboarch hawwe alle oare provinsjes ek lytsere as gruttere stikken lan dy't under seenivo lizze.

Eilannen bewurkje seksje

Grutte parten fan Nederlan kinne sjoen wurde as eilannen, om't rivieren en fearten der oan alle kanten omhinne rinne. Ek hawwe der tiden west der't de see fierder ynkrongen wie en der dermei ek mear eilannen yn Nederlan wienen, dy't no wer lanfest binne. Lykwols hat Nederlan ek no noch san eilannen yn see: de waadeilannen Teksel , Flylan , Skylge , It Gryn , It Amelan , Skiermuntseach en Rottum .

Yn it sudwesten fan it lan binne de measte grutte eilannen no troch damen ferbun, mar se wurde al noch as eilannen sjoen: Goeree-Oerflakkee , Skouwen-Duvelan , Noard-Bevelan , Sud-Bevelan en Walcheren . Tusken dizze grutte eilannen lizze lykwols ek noch in protte lytsere, net oandamme eilannen.

Yn de Markermar kinne de eilannen Pampus en Marken neamd wurde. Yn oare marren en op de rivieren is noch in grut tal oare eilannen te finen.

Sunt 10 oktober 2010 hat Nederlan trije bysundere gemeenten yn it Karibysk gebiet derby krigen dy't derfoar underdiel wienen fan it Keninkryk fan de Nederlannen . Dy trije gemeenten binne de eilannen Bonere , Sint Eustaasjes und Saba .

Rivieren bewurkje seksje

Trije Jeropeeske rivieren komme ut it suden nei Nederlan, en rinne der nei it westen nei de Noardsee : de Ryn , de Maas en de Skelde . Nei alle gedachten is dizze rjochtingsferoaring ta stan kaam troch it iis dat under de leste iistiid healwei oer Nederlan lei. De Ryn en de Maas hawwe de rane fan it iis bylans in mienskiplike delta foarme, mei de Waal / Merwede as de haadstream yn it midden. De Isel , in sydearm fan de Ryn dy't nei it noarden rint, is mooglik de rin fan de Ryn fan foar de iistiid.

Klimaat bewurkje seksje

Nederlan hat under ynfloed fan de Noardsee in myld seeklimaat. Yn de simmer binne de temperatueren oan 'e kust in bytsje kalder as yn it binnenlan, yn de winter lizze de temperatueren oan 'e kust justjes heger. It klimaat wurdt beynfloede troch de Midden-Europeeske westewyn.

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Koppen falt Nederlan yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat). [3]

De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 16?°C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 3?°C. De kust hat de measte sinne, mei op sommige plakken sa'n 1600 oeren per jier. De Achterhoeke hat de minste sinne, mei sa'n 1450 oeren yn 't jier. De trochsnee reinfal beslacht sa'n 832,5 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e neisimmer en it begjin fan de hjerst, yn de winter falt it minste reinwetter.

Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier
Heechste temp. ea metten °C 17,2 20,4 25,6 32,2 35,6 38,4 37,1 38,6 35,2 30,1 21,1 17,8
38,6
Maks. trochsneed temp. °C 5,6 6,4 10,0 14,0 18,0 20,4 22,8 22,6 19,1 14,6 9,6 6,1
14,1
Min. trochsneed temp. °C 0,3 0,2 2,3 4,1 7,8 10,5 12,8 12,3 9,9 6,9 3,6 1,0
6,0
Leechste temp. ea metten °C -27,4 -26,8 -20,7 -9,4 -5,4 -1,2 0,7 1,3 -3,7 -8,5 -14,4 -22,3
-27,4
Reinfal yn mm 69,9 55,8 66,8 42,3 61,9 65,6 81,1 72,9 78,1 82,8 79,8 75,8
832,5
Boarne: KNMI mjittingen yn it tiidrek 1901-2010 yn De Bilt [4]

Demografy bewurkje seksje

 
Religieuze tsjinstellings yn it jier 1849.

Nederlan hat 17.591.000 ynwenners (2022). Ferlike mei de rest fan Europa is de Nederlanske befolking de leste oardel iuw relatyf fluch groeid: 3 miljoen yn 1850, 5 miljoen yn 1900, 10 miljoen yn 1950, en 16 miljoen yn it jier 2000 . Ferliking: de Belgyske befolking groeide fan oardel kear sa grut as Nederlan (4,5 miljoen yn 1850) nei rom in tredde lytser (10 miljoen yn 2000). It Sintraal Buro foar de Statistyk ferwachte dat de befolking sil tanimme sil nei in maksimum fan 17,5 miljoen yn 2038, en dat dernei it ynwennertal lytser wurde sil.

Mei in befolkingstichtens fan 519 ynwenners/km² (lan, 2022) heart Nederlan by de 30 tichstbefolkste lannen fan de wrald. Nederlan hat gjin in sted mei mear as in miljoen ynwenners; wol binne krapoan 30 gemeenten dy't mear as 100.000 ynwenners hawwe. De fjouwer grutste steden binne Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utrecht, dy't alle fjouwer yn it westen fan it lan lizze. De stedekloft der't dy fjouwer steden underdiel fan binne wurdt de Ranested neamd, der't sa'n 40?% fan de hiele Nederlanske befolking wennet.

Sud-Hollan is mei mear as trije en in heal miljoen ynwenners de provinsje mei de measte ynwenners, dernei komme Noard-Hollan en Noard-Braban (beide mear as twa miljoen). Yn de lestneamde provinsje foarmje de fiif steden fan BrabantStad in oare belangrike stedsregio dy't goed is foar 20?% fan de yndustriele produksje fan Nederlan. Yn it easten binne Arnhim-Nymwegen en Twentestad twa lytsere agglomeraasjes, yn it sudeasten leit de stedsregio Sud-Limburch mei de steden Maastricht, Sittard, Geleen, Heerlen en Kerkrade. Derneist binne der ferskate steden dy't op regionaal nivo in wichtige funksje hawwe, lykas Grins en Ljouwert yn it noarden en Maastricht yn it suden. Yn totaal wennet 82?% fan de Nederlanners yn in stedsgebiet.

Nederlan hat troch de iuwwen hinne in aardich wat ymmigraasje han. Neffens de sifers fan it CBS fan 1 jannewaris 2005 is 80,9 fan% de befolking Nederlansk, 2,4 Yndonesysk, 2,4 Dutsk, 2,2 Turksk, 2,0 Surinaamsk, 1,9 Marokkaansk, 0,8 Antilliaansk en Arubaans en 6,0?% oars. Yn it tiidrek 1845-1860 en de earste 20 jier nei 1945 binne ek relatyf grutte oantallen Nederlanners emigrearre, benammen nei de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Sud-afrika en Nij-seelan.

Sunt 2005 binne de Friezen erkend as nasjonale minderheid under it Ramtferdrach oangeande de Beskerming fan Nasjonale Minderheden .

De offisjele lanstaal is it Nederlansk. Regionaal binne it Frysk , Ingelsk en Papiamintsk amtlike talen. It Frysk is yn de provinsje Fryslan in offisjele taal. Op it eilan Bonere is it Papiamintsk in offisjele taal, en op de eilannen Saba en Sint Eastatius is it Ingelsk in offisjele taal. De offisjele talen wurde regionaal brukt yn it iepenbier bestjoer, en as fiertaal op ferskate skoallen.

Yn it jier 2008 wie 42 persint fan de Nederlanske befolking net leauwich. Fan de minsken dy't wol leauwich binne wie 29 persint katolyk, 9 persint herfoarme, 6 persint protestantsk en 4 persint reformearre. Sa'n 4 persint fan de befolking is moslim, it boedisme wurdt troch krapoan 1 persint fan de befolking oanhongen. It hindoeisme is justsjes lytser as it boedisme, en it tal leauwigen dat under it joadendom falt is minder as in heale persint.

Grutste steden bewurkje seksje

Grutste steden fan Nederlan

 
Amsterdam
 
Rotterdam
Plak Sted Provinsje Ynwennertal
 
De Haach
 
Utert
1 Amsterdam Noard-Hollan 905.000
2 Rotterdam Sud-Hollan 652.000
3 De Haach Sud-Hollan 548.000
4 Utert Utert 359.000
5 Eindhoven Noard-Braban 236.000
7 Grins Grinslan 233.000
6 Tilburch Noard-Braban 222.000
8 Almeare Flevolan 215.000
9 Breda Noard-Braban 184.000
10 Nymwegen Gelderlan 177.000
De ynwennertallen binne oernommen fan it CBS (sifers 2021), Amsterdam april 2022

Polityk bewurkje seksje

 
It Binnenhof yn De Haach is it sintrum fan de Nederlanske polityk.
  De Wikipedy hat ek in side Polityk yn Nederlan .

It Nederlanske parlemint, de wetjouwende macht , is part oer twa keamers, de Earste Keamer (75 sitten) en de Twadde Keamer (150 sitten). De steatsfoarm is in konstitusjonele monargy mei in parlemintere demokrasy. Alhoewol't de haadsted Amsterdam is, hat De Haach de funksje fan regearingssted. De utfierende macht is yn hannen fan de kening en it kabinet (sunt 2022 it kabinet-Rutte IV ). De rjochterlike macht is yn hannen fan de rjochters en offisieren fan justysje.

Partijen yn de Twadde Keamer bewurkje seksje

De neikommende politike partijen binne sunt de ferkiezings fan 2023 yn de Twadde Keamer fertsjinwurdige:

37 25 24 20 9 7 5 5 3 3 3 3 3 2 1
PVV GL - PvdA VVD NSC D66 BBB CDA SP DENK PvdD FVD SGP CU Volt JA21

Ynternasjonale gearwurking bewurkje seksje

Nederlan is in oprjochtingslid fan de Beneluks ( 1944 ), de Feriene Naasjes ( 1945 ), de Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje ( 1949 ), de Rie fan Jeropa ( 1949 ) en de Jeropeeske Uny ( 1957 ).

Bestjoerlike yndieling bewurkje seksje

 
De tolve provinsjes

De earste laach fan bestjoer is it parlemint yn De Haach . It twadde bestjoerlike nivo leit by de provinsjes :

  De Wikipedy hat ek in side Provinsjes fan Nederlan .

De tredde bestjoerslaach is de gemeente, der binne meiinoar 342 gemeenten (2024). It tal gemeenten feroaret lykwols hurd troch gemeentlike weryndielings.

  De Wikipedy hat ek in side List fan Nederlanske gemeenten .

Militer bewurkje seksje

Struktuer

De Nederlanske definsje hat in lanmacht , loftmacht , marine en marresjausse.

Mankracht

Yn 2008 wienen der 3.950.825 Nederlanske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Derfan wienen 3.233.773 fit foar militere tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 105.735.

Budzjet

Militer budzjet $9,4 miljard (2004).
Persintaazje fan it BYP 1,6?% (2004).

Kultuer bewurkje seksje

Sport bewurkje seksje

Fuotbal is de meast populere sport yn Nederlan. De KNFB is de organisaasje dy’t yn Nederlan de fuotbalkompetysjes en -eveneminten organisearret. In oare populere sport is it reedriden mei eveneminten lykas de Alvestedetocht . De oarsprong fan it kuorbal leit yn Nederlan, krekt as de Fryske sporten fierljeppen en keatsen . Yn 1900 die Nederlan foar it earst mei oan de Olympyske Spullen .

Literatuer bewurkje seksje

De Nederlanske oersetting fan de bibel wie yn 1637 klear. Yn de tiid fan de Republyk fan de San Feriene Nederlannen wie Joost van den Vondel de meast ferneamde dichter fan de Nederlanske taal. De trije belangrykste skriuwers foar de Nederlanske literatuer yn de twadde helte fan de 20e iuw wienen Harry Mulisch , Willem Frederik Hermans und Gerard Reve .

Gysbert Japiks hat foar de Fryske renessanse tige wichtich west. Yn de 19e iuw waard de Fryske literatuer beskieden troch de bruorren Halbertsma . De Fryske bibeloersetting (alde en nije testamint) wie yn 1943 klear. Rink van der Velde is ien fan de best ferkeapjende skriuwers fan de 20e iuw.

Ekonomy & ynfrastruktuer bewurkje seksje

BYP per persoan is $ 39.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3% lanbou, 21% yndustry en 76% tsjinsten.

Transport bewurkje seksje

Wichtichste havens binne Amsterdam, IJmuiden, Rotterdam, Terneuzen, Flissingen, Harns en Delfsyl . Amsterdam (Schiphol) hat it grutste fleanfjild fan Nederlan, oare grutte fleanfjilden binne dy fan Grins (Eelde), Eindhoven, Rotterdam en Maastrich (Maastricht-Aachen Airport). De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.

Nederlan hat (2006):
134.981 km ferhurde dyk.
2.797 km spoardyk.
6.211 km farwetter.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bevolking op eerste van de maand; geslacht, leeftijd, migratieachtergrond , StatLine - CBS
  2. Online Browsing Platform - Netherlands. International Organization for Standardization . Rieplachte op 3 maart 2018.
  3. Aktuele wraldkaart neffens de klimaatklassifikaasje fan Koppen , sjoen op 3 juny 2013.
  4. waargemiddelden en ekstremen (1971-2000)

Provinsjes fan Nederlan
 
Flagge fan Nederlan
Drinte - Flevolan - Fryslan - Gelderlan - Grinslan - Limburch - Noard-Braban - Noard-Hollan - Oerisel - Seelan - Sud-Hollan - Utert
wizigje
 
Jeropeeske Uny
 
Lidsteaten : Belgje ? Bulgarije ? Denemark ? Dutslan ? Eastenryk ? Estlan ? Finlan ? Frankryk ? Grikelan ? Hongarije ? Ierlan ? Itaalje ? Kroaasje ? Letlan ? Litouwen ? Luksemboarch ? Malta ? Nederlan ? Poalen ? Portegal ? Roemeenje ? Syprus ? Sloveenje ? Slowakije ? Spanje ? Sweden ? Tsjechje
Ultraperifeare regio's : Frankryk: Fransk-Guyana ? Guadelup ? Majot ? Martinyk ? Reunion ? Sint-Marten
Portegal: Azoaren ? Madeara ? Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten : Albaanje ? Bosnje ? Georgje ? Moldaavje ? Montenegro ? Noard-Masedoanje ? Oekraine ? Servje ? Turkije